donderdag 19 april 2012

Grytsje Kingma - Doarp fan doe



De molkboer dy't altyd fluite, wie in omke fan my, Freark de Vries (1930-2006). Syn heit, dus myn pake, ha ik oer skreaun yn 'It oerset'. Dat fluitsjen, dat komt by him wei...

De teloargong fan de pleats Nijenhuis tusken Feinsum en Alde Leie



Foto's út 2009, noch makke mei myn âlde Canon 300D (it filmke komt fia skriuwster Hilda Talsma, waans pake en beppe noch op it pleatske wenne ha):



Foto's eksposysje Rânelân te keap!

Fansels binne de foto’s dy’t diel útmeitsje fan de eksposysje Rânelân yn Tresoar (noch oant 28 juny) ek te keap! De grutte formaten jilde 150,- euro, de lytse 80,- euro (prizen sûnder list). Te bestellen mei fermelding fan fototitel by Abe de Vries, Ds. Marinus Mooijstrjitte 24, 9078 VX, Aldsyl. Nei’t it bedrach oermakke is op rekken 2890194 mei fermelding fan adres wurdt de foto tastjoerd.

En ik sil sjen oft ik net in bettere fotosite meitsje kin.. Foarearst binne de measte foto’s ek te sjen op www.flickr.com/photos/abedevries.


dinsdag 17 april 2012

Nij útjou-inisjatyf HotSum foar essees en twatalige poëzij

HotSum is in nij útjou-inisjatyf fan Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum wol reagearje op ferletten yn de praktyk fan it Frysk skriuwen en útjaan. It útjaan fan poëzij hinget der sa njonkelytsen in bytsje by. Leaver net as al, is it sinjaal fan útjouwers. Ek is in tal útjouwers wilens ferdwûn. HotSum wol hjir in nij perspektyf biede.

Dêrom begjint HotSum yn ’e mande mei de Nederlânse útjouwerij de Contrabas yn Utert de earste twatalige, Frysk-Nederlânse poëzijrige yn de Fryske literatuerskiednis. De kommende jierren sille elk jier maksimaal twa fan sokke poëzijbondels by HotSum/de Contrabas ferskine kinne.

De gearwurking mei de Contrabas smyt in struktureel nasjonaal poadium op foar Fryske poëzij. Sa’n ferbreedzjen fan de hoarizon is nedich. HotSum rêdt mei de akwisysje, redaksje en foarmjouwing, de produksje en distribúsje nimt de Contrabas op him. Op de drokbesochte webside fan de Contrabas (www.decontrabas.com) sille de nije útjeften folop omtinken krije.

Dêrneist set HotSum ek út ein, yn ’e mande mei it Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar yn Ljouwert en de al earder neamde Contrabas, mei in rige esseebondels. Essees oer Fryske literatuer wurde der in bytsje skreaun, wylst der wol ferlet fan is: refleksje op de Fryske literatuer ferdjippet en fersteviget it literêr klimaat. Yn dizze (Frysktalige) bondels bûge skriuwers har oer in tema. Se ferskine neffens plan yn 2013, 2014 en 2015.

*

Mear ynformaasje:
Abe de Vries, mobyl 06-29393440. Email: hotsum@hotmail.com;
Chrétien Breukers, mobyl 06-15103593. Email: chretien.breukers@lombok.nl