donderdag 17 september 2026

Fryske literatuer: eksit keunstner, wolkom copywriter?


Mei Fryske literêre prizen, skriuwopdrachten en beurzen is wat opfallends oan 'e hân. Sûnder dat dêr oer praat, lit stean diskusjearre wurdt. Slûpendewei wurdt besocht om de Fryske skriuwer om te foarmjen fan frije geast ta beliedsynstrumint. Ta copywriter yn tsjinst fan politike doelen.

Wat wol it gefal? Te uzes wurde de belangrykste literêre prizen beskikber steld troch de provinsje (Gysbert Japicx-, Obe Postma-, -Tiny Mulderpriis). Dy grutte oerheidsprizen stelle gjin tematyske easken oan literêr wurk. Dêrneist wurde prizen útloofd troch partikuliere ynstellingen (Simke Kloosterman-, D.A. Tamminga-, Rink van der Velde-, Rely Jorritsma-, Tony Feitsmapriis). Ek dy prizen tsjûgje allesbehalve fan disrepekt foar skriuwers. Se twinge skriuwers gjin ûnderwerp op.

Yn it each rint lykwols dat minder belangrike pryskes – en te pitchen plannen – just grossiearje yn ynhâldlike ferplichtingen. Se jouwe foarskriften dy’t sizze wêr’t it te bekroanen of te beleanjen wurk of de oanbeane bûtenkâns oer gean moat, oan reitsje moat, op wize moat. De skries. De seehûn. De Waadsee. De Alvestêdetocht. In breder publyk. In jonger publyk. As se dan passe en mjitte, kinne skriuwers 500 euro winne, en optredens, en multymediaproduksjes en wat net.

Wêr komt dy bemuoisucht wei? By oerheden. De iene inisjator fan tematyske twang is de provinsje. De Gjalp, bygelyks, is in pofke provinsjaal jild dat de literêre blêden ensafh en De Moanne en dichterskollektyf Rixt op fersyk fan de provinsje beheare en besteegje oan literatuer dy’t doelen fan oerheidsbelied tsjinnet. Tusken heaken: wa’t foar dat kollektyf praat, is dat geheim? Wêrom is wat Rixt krekt te krijen hat mei De Gjalp net op rixt.frl te finen?

De provinsje wurket ek fia Tresoar, de provinsjale bibleteek dy’t fan ’t simmer de Gielegou-rige lansearre. Dat is in searje nije boeken dy’t planmjittich bestsellers wurde moatte, en dêr’t skriuwers plannen foar yntsjinje koene. Beurzen en begelieding ynbegrepen. Ynhâldlike foarwearde: ‘het project richt zich deels maar niet uitsluitend op young adult literatuur’ (website Tresoar).

De oare inisjator is de troch de Europeeske Uny bestuivere semy-oerheidsklup City of Literature. De foarbylden binne bekend, de oproppen om ferhalen te skriuwen oer ‘útsteld gelok’ (2022) en ‘lyts gelok (2025). Merk foaral op dat semy-oerheidsstifting Planbureau Fryslân yn 2020 in rapport skreau oer alle gelok yn ús provinsje, fansels tanksij ‘de mienskip’, allinnich mar om yn 2024 alaarm slaan te kinnen oer datselde, mar no ferminderjende gelok.

En fan ’t jier miende ek provinsje-ynstitút Afûk oan dyselde trui fierder breidzje te moatten. It tema fan it boekewikegeskink op kommendewei wie ynearsten ‘libje fanút gelok’ (sic). Mar dat sjocht men de lêste tiid net mear foarbykommen. De meartalige samling ferhalen hat úteinlik de likegoed programmatyske titel Seis ses zesse ses meikrigen. Mei oare wurden: de provinsje hat syn eigen segenrike meartalichheid ta tema makke.

Ut al dy foarbylden wurdt dúdlik dat de provinsje Fryslân en syn subsidiïnten drok dwaande binne om de oait ferbrutsen ferbining te werstellen. Unearbiedich sein: mei spegeltsjes en kralen moat de Fryske skriuwer yn ’e ferlieding brocht wurde om syn kreätiviteit tsjinstber te meitsjen oan tafallich populêr polityk belied. Hy wurdt wurdearre, net om syn keunst, syn literatuer, mar om syn maatskiplike ‘goede bedoelingen’ en syn ‘goed boadskip’. De provinsjaal-amtlike organisaasje kolonisearret de Fryske literatuer.

Slach acht: dêrmei is net sein dat dy bedoelingen net goed, of dy boadskippen ferkeard binne. It punt is, op it foarste plak, dat literatuer net giet oer goede bedoelingen, en folle mear is as in program. It punt is ek dat der in hieleboel goede bedoelingen binne: in kar foar de iene betsjut gauris in kar tsjin de oare. Dy ôfwagingen te meitsjen, dat is it domyn fan de polityk. De manoeuvres fan de provinsje yn it literêre fjild hawwe as effekt om Fryske literatuer ûnderhearrich te meitsjen oan ideology.

Dat is net in sitewaasje dêr’t ik my lekker by fiel, mar belangriker is dat de literatuer der mislik fan wurdt. Dat oerheden en semy-oerheden prizen beskikber stelle foar Frysktalich literêr wurk, is fantastysk. Gjin misferstân. It is belangryk. It moediget oan. It is wurdearring. Mar de resinte oan prizebelied keppele tematwang, dêr kinne wy hiel goed sûnder.

.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten