maandag 21 september 2026

Fryske keunst foar elkenien fergees


Om't it Dingtiid-tiid is, it folgjende. It giet oer subsydzjes, in bytsje banaal miskien mar yn septimber skine je der net oan ûntkomme te kinnen. Dit is de kwestje: ik wit net hoefolle belêstingjild oan ensafh op ynternet bestege wurdt, ik wit net hoefolle euro’s in bydrage oan ensafh op ynternet opsmyt foar de skribint, mar op beide fragen kin men feilich en yn alle earlikheid antwurdzje: tefolle. Hoewol, ik soe just sizze: fierstente min. 

Tajûn: de ynternetferskining fan ensafh is frijwat bleek om 'e kop. Hoe’t it in redaksje mei mear leden as in fuotbaltiim slagget om sa'n bysûnder ûnopfallende ynternetpresintaasje del te setten, dêr bliuw ik mar bûten. By einsluten bin ik in bûtensteander en boppedat wurd ik net troch de provinsje betelle om disfunksjonearjende literêre periodiken by de wâl op te helpen.

Watfoar teksten publisearret ensafh dan op ynternet? It blêd wol neffens eigen sizzen in ‘digitaal literatuerplein’ wêze dêr’t de lêzer ‘gedichten, ferhalen, kollums, literêre besprekken, essees en mieningsfoarming’ oantreft. Alle trije dagen fytst in frisse tekst it plein op, behalve yn it simmerskoft, dan is leau ’k ien fytser yn ’e wike of de fjirtjin dagen tastien, dêr wol ik ôfwêze.

Om in idee te krijen hoe't dat ‘literatuerplein’ derút sjocht, folstiet it leau ’k wol om de bydragen fan it ôfrûne healjier yn kaart te bringen. Begjin ik dus op 21 maart en tel ik oantemei 21 septimber. Dat smyt op: 2 ferhalen, 15 fersen (ynkl. 5 oersettingen), 15 kollums, 5 filmkes, 7 besprekken, 1 skôging en 1 opinystikje.

Ferhalen, skôgingen en opinystikken hawwe net de grutste belangstelling fan de redaksje. Je kinne dan sizze: sokke stikken wurde net folle skreaun. Of: se wurde net folle oanbean. Je kinne ek sizze: der is ûnfoldwaande omtinken en belied en stimulâns om sokke stikken wol te produsearjen en binnen te heljen.

Lit ik my fierder konsintrearje op de grutste kategoryen, dus op fersen, kollums en besprekken. Earst de fersen. Fan de 15 fersen binne 8 skreaun troch redaksjeleden, en fan dy 8 binne 5 fan de hân fan redaksjelid Edwin de Groot. Oft de gedichten al of net de muoite wurdich of deplorabel binne, lit ús sizze: dat is subjektyf.

Dan de kollums. Hjir, opfallend, gjin bydragen fan redaksjeleden. Wat ek opfalt, is dat it faak gjin werklike kollums binne, earder koarte proazastikjes oer wat de kollumskriuwers allegear wol net meimakke hawwe yn har deistige libben. Meastentiids sûnder niteljende miening of – in oare eask dy’t gewoanlik oan kollums steld wurdt – útdaagjend boadskip. En fan opmerklike stylistyk kin leau ’k ek net praat wurde.

Dêrby binne de kollumskriuwers ek tige op jierren. Henk van der Veer is fan 1954, Henk Nijp fan 1954, Jemke Visser fan 1943 en Giny Bastiaans fan 1945. It binne dus santigers en tachtigers. Allinnich Dirkje Brouwer, midden fjirtich, is in stik jonger. Fansels merk ik dit inkeld mar op om’t Dingtiid yn syn resinte trochljochting fan it subsydzjebelied fan de provinsje sa oantrúnt op ‘ferjonging’ – iksels (begjinsechstiger) fal leaver om as dat ik my skuldich meitsje moat oan leeftiidsdiskriminaasje.

By de besprekken is der fan ’t jier mooglik praat fan in lichte statistyske fertekening, want fan juny oantemei septimber stie ‘de literêre besprekking (sic) sintraal’. Gewoanlik stiet yn ensafh it besprek dus minder sintraal. De redaksje miende no dat ‘it tiid waard en set besprekkers en harren wurk yn it sintsje’. Nee, sorry, nou ja, okee. Ik begryp de bedoeling. It giet hjirom: ‘besprekken roppe op ta diskusje, biede nije lêsmooglikheden en hâlde de literatuer libben’.

Twa fan de sân besprekken binne filmkes fan Geart Tigchelaar, dy’t net folstiet mei entûsjasmearjende foarljochting mar yn it bestek fan krapoan sân minuten ek wolris krityk jout.  Dat moat dan wol faak by stellingen bliuwe, dy’t net de lúkse hawwe om ûnderboud te wurden. Promoasje is it haaddoel: ‘(..) sadat jo nei de boekwinkel kinne foar de nije Paul van Dijk.’

Ek twa fan de sân besprekken binne teksten oer gelegenheidsbondels: in earebondel foar Jelle Krol en de Fier dyn taalbundel fan Frysk en Frij. It is in riedsel wêrom’t dy bondels samar it digitale literatuerplein opfytsen komme. Dat net keazen is foar literêr wurk mei mear ambysje hat miskien te krijen mei persoanlike relaasjes ferpakt yn, alwer, boekpromoasje.

Bliuwe oer trije besprekken dy’t djipper besykje te dollen: fan Jan Kooistra oer myn Njoggen dagen yn it gers, fan Teake Oppewal oer Libbe fan Marga Claus, en fan Lubbert Jan de Vries oer Grûnwetter fan Remco Kuiper. Ik soe sizze: respektivelik in nayf, in analysearjend en in ynfielend besprek. Wêrby’t dat fan Oppewal my fierwei it bêst foldocht. Ek hjir binne de bydragers op jierren: Jan Kooistra is fan 1959, Teake Oppewal fan 1952 en Lubbert Jan de Vries fan 1963.

Ferjit ik hjir hast noch twa oare boustiennen fan ensafh op ynternet, te witten trije grappich bedoelde húsflytfilmkes fan Duo von Däniken (en twa Gjalp-filmkes), en de beruchte linkrubryk nei eksterne literatuer en literêre boarnen. Dy lêste rubryk stiet ûnder it eksklusive bewâld fan de helte fan it Duo, Cornelis van der Wal (1956), dy’t lykas de oare helte fan it Duo, Anne Feddema (1961), ek redaksjelid fan ensafh is.

Hoe moat no, it hear oersjend, de ynternetbydrage fan ensafh oan de Fryske literatuer wurdearre wurde?

Je hawwe dan twa mooglikheden: je soene oardielje kinne út in literêr-kwalitatyf stânpunt wei, of út in bewegersstânpunt wei. Ik wol net sizze dat mingfoarmen net mooglik binne, mar foar de dúdlikheid. Beide kearen sjoch ik net hiel folle om oer nei hûs te skriuwen. De pear filmkes binne jong, mar hast alle skriuwers binne âlde minsken. De kollums misse ynhâld en foarm, de gedichten gauris talint en de besprekken binne te tafallich en te minmachtich om in werklik pluspunt op te smiten. Mei dizze opset en de hjoeddeiske redaksjonele mooglikheden wol it net goed slagje en hâldt in relevant Frysk-literêr ynternettydskrift boppe wetter. 

Mar dat komt net om’t der gjin goede teksten en goede skriuwers beskikber binne; it komt om’t in grut part fan har produksje troch ensafh inkeld op papier publisearre wurdt, yn it papieren tydskrift. De tsjin better witten yn folhâlden – en subsydzjetechnysk troch de provinsje foarskreaune – dominânsje fan papier boppe digitaal is de grutte kweadogger.

En sorry to say, mar Kistwurk en Farsk hawwe lang lyn al sjen litten dat it oarsom moat. En letter Fers2 ek. Digital first, fier foar’t dat yn de útjouwerswrâld in striidrop waard. Farsk hie alle literatuer op ynternet, út en troch in beheinde papieren tema-útjefte en oan ’e ein fan it jier in jierboek. Doe’t Farsk en Hjir yn 2009 de lapen gearsmieten, hie ynternetpresintaasje fan Fryske literatuer sintraal stean komme te moatten. Dêr hat de nije redaksje ûnder lieding fan Hjir-baas Piter Boersma doe net foar keazen, en mei dy brokken sitte wy dus al 17 jier.

Watfoar wervjende wurking giet der fan dit ensafh op ynternet út op jongere skriuwers? Treffe dy dêr in yntellektueel stimulearjende omjouwing oan, it leafst ek mei nijsgjirrige leeftydsgenoaten dy’t de wrâld op deselde manier belibje?

It kin wol oars. De Fryske literatuer kin de produksje-, administraasje- en distribúsjekosten fan âld papier misse as in etterjende kies. Dat jild kin ferfolgens stutsen wurde yn ferjonging en kwaliteitsferheging en diskusjes oer wêrom en hoesa en hoe dan. Wêrom stekt de provinsje syn jild yn in weislitend abonneebestân, en boykot er Fryske keunst foar elkenien fergees?

.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten