donderdag 13 februari 2014

Sneon yn it Friesch Dagblad: PC kin dit jier de nap ferbiede

Sneon yn it Friesch Dagblad in paginagrut opinystik oer it keatsen en de ellinde mei de keurderij fan de nap. Lykas yn 1853 mei de oprjochting kin de PC it keatsen rêde, no dus foar de twadde kear. 

"Wat in drama is dat keatsen fan tsjintwurdich. Stean der ris even by stil. Dat de direkteur fan de KNKB in publike oprop dwaan moat: minsken, meld jim asjebleaft oan as karmaster fan wanten. Want wy kinne net ien mear fine dy’t it dwaan wol. Ik sis, as de keatswrâld tusken no en it begjin fan it keatsseizoen der net yn slagget om yn ienriedigens in nije want te ûntwikkeljen, dy’t oan heldere easken foldocht, en der net yn slagget om dy want yn gebrûk te krijen, en der net yn slagget om in dúdlik en earlik systeem fan kontrole yn te fieren, dan is der noch mar ien rêding fan it keatsen mooglik. 

Dan moat de Permanente Commissie ôfkundigje dat de PC fan 2014 ferkeatst wurde sil sûnder wanten mei in nap."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten