vrijdag 21 februari 2014

Hoe't de partijsiktaris fan de Feriening Frysk Underwiis yn it spier is foar it Sovjetfrysk

Sytze T. Hiemstra, ItNijs.nl, 20 febrewaris 2014 15:09 

De Feriening Frysk Underwiis is saakkundich genôch om it grutte belang yn te sjen fan in fierdergeande standerdisearring fan it Frysk en hat fertrouwen yn de Akademy-meiwurkers. Hindrik Sijens en syn kollega’s hawwe dus ús stipe. In Grien Boekje sil aanst grif fan betsjutting wêze foar de learmiddelproduksje en der (hooplik) ta bydrage dat der regaad makke wurdt yn de besteande tizeboel op dat mêd (ûnnedich dialektysk ferskaat en net needsaaklike ynslûpsels yn lesmateriaal en toetsen). Dy wyldgroei makket in taal slim ûnderwiisber en makket learlingen ûnwis. In Grien Boekje (foar taal en teken) is needsaaklik foar de fierdere ûntjouwing fan it Frysk as kultuertaal/standerttaal yn ûnderskate maatskiplike domeinen en wurket boppedat statusbefoarderjend. Om dat te betinken hoecht men gjin grut ljocht te wêzen. (..) 

Abe de Vries, seedyksterfeartfisk, 20 febrewaris (link op ItNijs.nl) 

(..) Ik nim oan dat Sytze T. Hiemstra yn syn reaksje (..) alle beswieren en arguminten efkes bydel rint dy’t benammen Henk Wolf en Pieter Breuker ferline jier én dit jier ynbrocht hawwe tsjin de troch de Fryske Akademy útstelde staveringsferoaringen, en tsjin it folslein bjusterbaarlik fan de wrâld losse útstel fan deselde Akademy om de Fryske taal koart te knippen mei in ferplichtsjende ‘standertwurdlist’, en ik nim oan dat Sytze T. Hiemstra út namme fan de Feriening Frysk Underwiis yn itselde stikje efkes protest hearre litte woe tsjin de wize sa’t de Fryske Akademy en in pear amtners op it Provinsjehûs, dy’t inoar goed of yn alle gefallen better as sljochtweihinne kenne, in amtlik útstel yninoar draaid hawwe dêr’t de hûnen gjin bôle fan luste – leste, sil Hiemstra wol tinke – mar dat – dat útstel dus – likegoed yn earste oanlis troch Provinsjale Steaten oannaam waard… Spitich dus dat dy reaksje no net te lêzen is. Wat no wol te lêzen is… dat is ûndersteand fraai bewyske Sovjetfrysk fan in yn de tritiger jierren al wegens oerstallich opheven Tytsjerksteradeelster politburo: “De Feriening Frysk Underwiis is saakkundich genôch om it grutte belang yn te sjen fan in (..)” 

Sytze T. Hiemstra, ItNijs.nl, 20 febrewaris 2014 23:54 

Wat hat dizze wrantelige en noartlige ‘hear’ De Vries tsjin tige bekwame Akademy-meiwurkers en rjochtskepen provinsjale amtners? Giet it faaks djipper as in saaklik ferskil fan ynsjoch? Foer foar psychologen. De man makket him mei syn ûnberoaide taalgebrûk en wrâldfrjemde ferlikings (‘Sovjetfrysk’!) folslein bespotlik en sil der grutte wjersin mei oproppe by dyjingen dy’t er fan syn ‘opfettings’ oertsjûgje wol. En dêr de kolommen fan it Frysk Deiblêd ek noch ta misbrûkt. Wat besielet dizze man? Net tige produktyf en konstruktyf. En tige skealik foar de takomst fan it Frysk, al wit er dat sels blykber noch net. It sil as in boemerang wurkje tsjin him en syn anty-standertmaten. (..) 

Abe de Vries, ItNijs.nl, 21 febrewaris 2014 00:35 

Sov’jetfrysk, s. it – Soart kleur- en smakeleas ‘Standertfrysk’, dat yn 2013 en 2014 yn syn twingend foarskreaune wurdfarianten “wol even” fan boppe-ôf oplein wurde soe troch har drok meitsjende ûnderwiismantsjes, harsels gearbringende yn in “Feriening Frysk Underwiis”, dy’t slimslûch misbrûk meitsje woe fan de “kennisachterstân” en de “belangstellingslijte” op it mêd fan de Fryske taal by leden fan Provinsjale Steaten; ûnderwiismantsjes, boppedat, dy’t yn har ûnwil om yn diskusje te gean mei kritisy mei werklik ferstân fan saken hieltyd mar wer de yndruk wekke dat se mar al te graach de politike stratezjyen neifolgje dy’t yn de perioade fóar de Fal fan de Muorre en de korrespondearjende ferdriuwing út it autokratyske Frysktalige paradys min ofte mear súksesfol tapast waarden yn Moskva. 

Sytze T. Hiemstra, ItNijs.nl, 21 febrewaris 2014 10:08 

Wy sille fierdersoan gjin wurden mear smoarch meitsje oan dat leechlizzende, lêbjende en lekskoaiende hearskip De Vries. Hy hat himsels al foldwaande diskwalifisearre (sjoch boppe). Dêr hoecht men net nochris oerhinne. De man wit fan de gekkichheid net wat er allegearre útkreammerje en de wrâld yn slingjerje moat. En tinkt ek noch dat soks serieus nommen wurdt (op ien of twa nei dan, dy’t ek net wizer binne). Selden sa meimakke. Benaud dat Provinsjale Steaten him aanst nei Sibearje of De Kalkman ferbalje sille? Hy moat harren mar net op in idee bringe. Yndied ja, de man is foer foar psychologen.




Lês ek: Abe de Vries, 'Provinsje kin net oars as taalplannen ynlûke', Friesch Dagblad, 1 febrewaris 2014

.

2 opmerkingen:

  1. Skelle op minsken mei in oare meining hat neat mei diskusje út te stean, as jo dizze foarm kieze meitsje je de ferkearde kar en helje jo je sels nei ûnder!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Skelle skelle docht net sear, in klap foar de kop dat helpt wat mear, seine wy earttiids. Yndied, skelle hat gjin doel.
    'Foer foar psychologen', seit Hiemstra, en dêrmei hellet er immen yn de diskusje (Harry Mulisch) dy't as Abe de Vries literator is (wie). Hy wie fûl tsjin feroaring fan de stavering. Syn boekje 'Soep lepelen met een vork' is noch goed lêsber.
    De Vries sinjalearret partijdissipline lykas eartiids yn de Sovjet Uny. Noch in stap fierder en we hawwe sinsuer - guon wurden wurde net mear opnommen yn it Fryske Griene Boekje, want se doge net neffens de skiedsrjochters op de Akademy en/of de FFU fan Hiemstra.

    It offisjele Groene Boekje fan de Nederlandse Taalunie (fan Nederlân en België) kent utsûnderingswurden. Soms wurde jo konfrontearre mei sa'n gefal as je in wurd opsykje.
    Jo hawwe skriftlike taal en mûnlinge taal. Hiemstra hat yn Rie sitten as it my net mist, en letter yn Drachten. Hy moat de ferskillen sjoen en heard hawwe fan de klaaifriezen en de wâldfriezen.
    Ik nim oan dat Hielstra ek wol ris wat lêzen hat en dat er yn de literatuer ferskillen tsjin kommen is tusken skriuwers, tusken taalgebrûkers. Dy skriuwers hawwe in fyn gehoar foar ferskillen, en brûke dy fakentiids om nuânses oan te jaan. Libbene taal te skeppen. In taal soe net ûnderut helle wurde moatte troch rigide linguisten en oare unifoarmjeiers. Dat bedoelt Abe de Vries. Literatuer is gjin taalkunde, en stiet faak tichter by 'it folk' as taalbeskriuwers.

    Yn literatuer lêze jo de delslach fan in taalwrâld, fan in libbenswrâld, ek hoe't lju yn ûndersklate dielen fan Fryslân har uterje. Eventueel skelle. Dat moat mar moai sa bliuwe. Ienheid mei ferskillen. Dat is gjin tizeboel, dat is rykdom. Dy rykdom leare lju dy't de taal leare.

    Hiemstra, as Abe nei de psycholooch moat, dan moatte jo op syn minst nei in taalfysioterapeut. Jo taalspieren binne wat ferrustke.
    Dit is in metafoar, en gjin geskel!

    BeantwoordenVerwijderen