woensdag 12 februari 2014

Fierder op de regionaal-sjoernalistike lijenswei

Digitale deelprodukten binne de takomst, mar dan moatte de kranten earst nóch lytser wurde

Noch even, en de âlde media binne útpraat. Net dat se neat mear te sizzen hawwe, wolnee. Mar der harkje neffens ekonomyske wetten te min minsken nei. Nim de kranten yn Noard-Nederlân: dy geane net te kearen nei de kelder.

Noch even, en it ‘konsept krante’ kin net mear út. Papierkosten, printkosten, besoarchkosten, skriuwkosten, húsfêstingskosten: hieltyd minder lêzers wolle dêr foar betelje. Goed, dat is in wilens bekend probleem. Wat dogge wy der oan? Neat fan betsjutting, oan no ta. De oplages krimpe, it tal wurknimmers krimpt mei. Oant der aansen ien of oare ekonomyske ûndergrins berikt wurdt. Dan giet it krantefabryk gewoan ticht. 

It is in ûntjouwing dy’t al jierren bekend is. Jo hoege gjin mediagûrû te wêzen om sjen te kinnen dat de ein fan de tradisjonele, printe media deroan komt. In útwei foar de krante as totaalmedium is net samar te finen. Ynternetedysjes, app’s dy’t de hele krante op de mobyl toverje, kranten op e-readers: oan no ta kinne de fertsjinsten net op tsjin de ferliezen op de printe oplage. 

De iennichste oplossing is miskien wol it loslitten fan it totaalkonsept. Foar de regionale deiblêden yn Fryslân betsjut soks: bied produkten oan foar doelgroepen. In digitaal portal foar sjoernalistyk oer regionale polityk. In digitaal portal foar sjoernalistyk oer keunst en religy. In digitaal portal foar sjoernalistyk oer lânbou en plattelân. In digitaal portal foar sjoernalistyk oer natuer, lânskip en romtlike oardering. 

Oan no ta wurdt hjir noch net serieus oer praat, en wurde sokke inisjativen dus net nommen, fanwege twa redenen. Oan de iene kant is der benaudens foar it kannibalisearjen fan de besteande produkten (benammen de papieren totaalkrante). Oan de oare kant kostet it ûntwikkeljen en yn de merk setten fan digitale deelprodukten lykas hjirboppe bedoeld in protte jild. Dat jild kinne de hjoeddeiske mediabedriuwen net mear ophoastje. As hjir wat barre sil, dan moatte provinsje en grutte regionale fûnsen op grutte skaal meibetelje, oars komt der neat fan de grûn. 

De iennichste oare begeanbere wei is it bekostigjen fan sokke inisjativen op basis fan crowdfunding yn de styl fan De Correspondent. Kom mei in produkt dêr’t it publyk yn ynvestearje wol, of oandeelhâlder fan wurde wol. 

Der binne mei oare wurden wól reële mooglikheden foar goede regionale sjoernalistyk yn de takomst. Absolút. Allinnich, de ‘powers that be’ hawwe der no noch net genôch belang by. Der moatte blykber earst noch sa’n tweintich-, tritich-, fjirtichtûzen lêzers by de noardlike kranten fuortrinne, sil der beweging komme. 

Wy moatte noch in jier as fiif fierder op de regionaal-sjoernalistike lijenswei.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten