dinsdag 18 februari 2014

Van Sinderens 1: Myn sneu yn de steek litten Hendrikje

“Anne, - Your Worship does know what kind a man he is. He put out his daughter to contract at a sewing-school and he will have to pay fifty guilders for that in the next two years. The other three children of his, Ulbe, Sipke and Hotse, are at the house of the deceased. [Then follow some erasures, in which we can read:] --- he himself went off, do not know where, and --- he took away everything ---- so made everything to --- and nobody did notice --- so far about Anne and his children.”
 

It boppesteande skreau Hotse Ulbes van Sinderen, master-sulversmid te Dokkum, yn in bewarre bleaune brief dd. 28 juny 1753 oan syn jongere broer Ulbe (Ulpianus) Hotses van Sinderen (foto), in dûmny dy’t seis jier earder nei Amearika fertrokken wie en dêr’t letter de Van Sinderen Avenue yn Brooklyn, New York nei neamd is. Yn de brief bringt Hotse syn broer op ’e hichte fan it ferstjerren fan harren heit, dûmny Ulbe Hotses van Sinderen (1672, Dokkum – 1753, Beetstersweach). Ek rint er it wol en wee fan de famylje efkes bylâns. 

De ‘Anne’ dêr’t praat fan is, en dêr’t net folle goeds oer sein wurdt, wie de skipper Anne Freerks (1709-1759), de man dy’t troud wie mei in jongere suster fan Hotse Ulbes en Ulbe Hotses, Hendrikje van Sinderen (1712-1767). Yn 1748 hie Anne Freerks syn húshâlding yn Beetstersweach mei op dat stuit fjouwer bern ferlitten. Hy waard socht troch de plysje – hy wie ‘fugitief’ – en ferbleau nei alle gedachten bûten de provinsje. Blykber hie er ek alle jild meinaam, “he took away everything”, skriuwt Hotse yn syn brief. By de folkstelling foar de belêstingheffing yn 1749 wie de achterbleaune Hendrikje “beladen met vier kinderen, en heel suinig in staat, niet aangeslagen”. 

Wolkom, achte lêzer, by de net al te noflike berte fan it Noard-Fryske Van Sinderen-laach. De bern fan Hendrikje en Anne Freerks, te witten Hiltje (1738), Ulbe (1742), Hotse (1744), Hendrikje (1746) en Sipke (1749), krigen de achternamme ‘Van Sinderen’, sadwaande koene sy rekkene wurde as offisjele bernsbern fan dûmny Van Sinderen en syn frou Hendrikje Halbetsma. It laach fan jongste soan Sipke bleau yn ’e rin fan de skiednis foar it meastepart wenjen en wurkjen yn it noarden fan Fryslân. Yn grutte halen wol ik fan dy Fryske Van Sinderens wat wederwaardichheden rekonstruearje, om’t ik no ienris sawol fysyk as imazjinêr mei harren ferbûn bin troch Klaske van Sinderen (1903-1995, foto), myn beppe fan heitekant. Hjoed deel 1.


Hûspedagooch fan de elite 

Earst wat oer de stamheit en –mem, dûmny Ulbe Hotses van Sinderen en frou, de âlden fan ‘myn’ sa sneu yn de steek litten Hendrikje. 

Dûmny syn heit wie Hotse Everts van Senderen (1638-1715), berne yn Snits en stoarn yn Dokkum. Hy wie yn Dokkum ‘executeur’, dat is doarwarder. Yn dy funksje hie er te krijen mei de ‘fiscaal’ (belêstingynspekteur) fan Dokkum, en de procureur en substituut-secretaris fan Westdongeradeel, Sipke (Scipio) Hiddes Halbetsma (1647, Kollum – 1700, Ternaard). Dy hie rjochten yn Frjentsjer studearre en wie abbekaat oan it Hôf fan Fryslân. Halbetsma syn dochter Hendrikje like in goede partij foar Van Sinderen syn soan Ulbe, dy’t yn Frjentsjer foar dûmny leard hie. It stel troude op 14 april 1700 yn de tsjerke fan Aalsum. 

In jongere broer fan Hendrikje, Hidde Halbetsma (1685, Dokkum – 1713, Vledder), is de oerpake fan de 19de-ieuske Fryske skriuwers Joast en Eeltsje Halbertsma. 

Dûmny Van Sinderen is yn 1715 beroppen yn de tsjerklike gemeente Beets/Beetstersweach/Olterterp op oanskriuwen fan Deputearre Steaten fan Fryslân; de grytman fan Opsterlân, Augustinus Lycklama à Nijeholt (1670-1744) hie dat dwaan moatten mar “bleef in gebreke”; wêrom is ûnbekend. It wie in lytse gemeente, der wiene yn 1752 mar 173 lidmaten. Van Sinderen hie earst fyftjin jier lang hûspedagooch west foar de, úteinlik, njoggen bern fan de grytman en syn twadde frou Detcke van Andringa (1677-1719). De húshâlding wenne fan 1718 ôf – doe’t Augustinus as grytman plakmakke hie foar syn âldste soan Livius Suffridus - op in ‘bûten’ yn Beets. Augustinus Lycklama à Nijeholt is benammen yn it omtinken bleaun om’t er yn 1704 it inisjatyf naam hat ta it graven van de Opsterlandsche Compagonsfeart. Syn pakesizzer mei deselde foar- en achternamme (1742-1789) wie mei 2177 hektare de grutste grûnbesitter fan Fryslân. 



By Augustinus syn dea yn 1744 wiene trije fan syn soannen grytman, ien wie gritenijsiktaris en ien wie raad-ordinaris by it Hôf fan Fryslân, in dochter wie troud mei in grytman en in dochter wie de widdofrou fan de raad-fiscaal fan de Fryske admiraliteit yn Harns. Alsa kin men stelle dat dûmny Ulbe Hotses van Sinderen mei-opfieder west hat fan in aardich part fan de 18de-ieuske Fryke elite. 

Ut de toan? 

Hy sil mei dêrom ‘not amused’ west hawwe doe’t syn dochter Hendrikien sirka 1737 troude mei in gewoane skipper, Anne Freerks. Opfallend is dat Hendrikien ek net by namme neamd wurdt yn de brief nei Amearika. Har houlik foel wat stân oanbelange miskien wol wat út de toan, ek as men it ôfset tsjin de sosjale posysje fan de oare bern. Gean mar nei: âldste soan Hotse (1702 – f.1773) wie master-sulversmid yn Dokkum, troud mei de dochter fan syn learmaster (ûnderskate wurkstikken - sjoch foto - fan syn hân binne bewarre bleaun); soan Ulbe (1708-1796) wie dûmny yn New York, foarhinne Nieuw-Amsterdam; soan Sipke (1715-1789) - hy is like fleurich as syn bijen, skreau Hotse oan Ulbe – wie master-skuonmakker en imker. 



Dochter Janke (1710-1739) hie ‘meester kuiper’ Rinnert Jacobs oan de heak slein (harren neikommelingen skriuwe har letter as Van Zinderen, mei in –Z). 

Dêr komt noch by dat briefskriuwer en master-sulversmid Hotse syn eigen âldste soan, dy’t Ulbe (1733-1772) hjitte, ek dûmny wurde soe. Hy waard as predikant beroppen yn 1758 op Ternate, in by de Molukken hearrend eilân yn East-Ynje. In fermaaklik ferslach fan dûmnys “kerk- en schoolvisite op onderhoorige rijkjes” yn 1761 waard yn 1902 publisearre troch Het Nieuws van den Dag voor Nederlandsch-Indië en is hjir te lêzen. My is oer it fierdere lot fan dizze wrâldreizgjende Van Sinderen neat bekend, útsein dan dat er stoar te Banda. 

In oare dûmny yn de famylje wie ds. Scipio Halbetsma (1709-1780), dy’t yn 1733 predikant wie te Arum en yn 1740 beroppen waard yn Holwert. Dizze Halbetsma wie in neef fan de Hendrikje dy’t sa’n skande oandien waard troch de skipper. Wumkes, Stads- en dorpskroniek van Friesland, meldt dat ds. Halbetsma op 25 oktober 1778 de werboude tsjerke fan Holwert wijde mei in ferwizing nei Haggaï 2 : 10: “De hearlikheid fan dit lêste hûs sil grutter wêze as dy fan it earste, seit de Heare der hearskaren; en op dit stee sil Ik frede jaan, sprekt de Heare der hearskaren”. 

[Moarn deel 2]


.

6 opmerkingen:

  1. hoi Abe,
    wy binne dus famylje. De oerbeppe fan myn mem wie Klaaske Sijes van Sinderen, sy wie in dochter fan Sije Hendriks van Sinderen en Aaltje stevens Wierstra. Klaaske Sijes wie in suster fan dyn pake.
    (en lit myn twadde namme no ek noch Klaaske wêze.)

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ha Geertje! Nee, krekt oars: Klaaske Sijes wie in suster fan de pake fan myn beppe Klaske. Ik mail dy de stambeam efkes.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Ik kom ze ook tegen in mijn stamboom, wat leuk om nu dit te lezen! Bij toeval via google gevonden.
    Zoveel nakomelingen :D

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Ik kom ze ook tegen in mijn stamboom, wat leuk om nu dit te lezen! Bij toeval via google gevonden.
    Zoveel nakomelingen :D

    BeantwoordenVerwijderen
  5. Ik kom ze ook tegen in mijn stamboom, wat leuk om nu dit te lezen! Bij toeval via google gevonden.
    Zoveel nakomelingen :D

    BeantwoordenVerwijderen
  6. Waarom is er niks bekend over de familie van Anne freerk want daar stam ik van af...Ik heet wel van Sinderen...naar een voormoeder die met Anne Freerks later is getrouwd..zou hier meer van willen weten...mvg janet van Sinderen rotterdam

    BeantwoordenVerwijderen