maandag 23 april 2012

Luuk yn panel oer nútsjesmoar: 'Dit kan echt niet. Dit is geen pindakaas'

Luuk siet ferline wike yn in ekspertepanel fan it Noordhollands Dagblad (21 april) om ferskate merken nútsjesmoar te priuwen.

Yn ‘e race: Horizon (priis 2,59 euro), Vita D’or (1,49), Calvé Creamy (1,95), Albert Heijn (1,21), 1 De Beste (1,12), Calvé (1,67) en Albert Heijn biologisch (2,19).

Earst tinkt er dat Calvé wol de lekkerste wêze moat. Mar sitaat: “Luuk stuit in zijn zoektocht naar Calvé zelfs op een pindakaas die hij nog lekkerder vindt. ‘Ik ga mijn moeder vragen of ze deze wil kopen’.”

Oer de Horizon wie er net te sprekken. “Dit kan echt niet. Dit is geen pindakaas. Wordt dit echt ergens verkocht?” Mar de Vita D’or “is eigenlijk precies goed”. De Albert Heijn is “niet te zout en ook niet te zoet”.

Fan 1 De Beste tinkt er dat it in oar merk is. “Dit is volgens mij Calvé.” Mar by it priuwen fan de echte Calvé: “Ik denk bij nader inzien toch dat dit Calvé is. Ik herken de smaak, maar of ik hem ook beter vind dan de vorige, dat weet ik niet.”

Yn alle gefallen kin it neat wurde mei de Albert Heijn biologisch: “Ik heb nog nooit pindakaas gezien die er zo uitziet. Van mij krijgt hij echt niet meer dan een 5. Een onvoldoende.”

Dan de einsifers fan it ekspertepanel: 1 De Beste 8,8, Vita D’or 8,5, Albert Heijn 7,5, Calvé Creamy 6,4 en de beide biologyske nútsjesmoaren Horizon en Albert Heijn biologisch einigje yn ‘e sturt mei elk in 4,5.

No sa.

2 opmerkingen:

  1. Ride ferliden jier op de Dútse autobahn en lústere nei in diskusje op de Deutsche Rundfunk ôf je no wol of net bûter smarre moatte op in stik bôle dêr't je ek pindakaas op dogge. It die bliken dat yn Dútslân in lytse mearderheid wol bûter brûkt op bôle mei pindakaas. Hoe soe soks yn Nederlân wêze? En soe der ek ferskil wêze tusken de ferskate bevolkingroepen? Tusken mannen/vrouwen, tusken skriuwers en útjouwers, tusken wa al net. Sa lang we oer soks noch eamelje kinne, hat it libben sin!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. It wurdt tiid foar in nútsjesmoar-ombudsman, Theo!

    BeantwoordenVerwijderen