woensdag 4 april 2012

KOLLUM (33): Stappeplan foar de programmamakker

Stel, do bist programmamakker of sjoernalist of hoe hjit soks by de regionale omrop. Do hast 2 minuten en 2 sekonden stjoertiid beskikber foar in tillevyzjeberjocht oer de earste plannen fan Leeuwarden/Ljouwert 2018. Dy wurde op in parsekonferinsje bekenmakke.

Dy earste plannen, dêr hasto al moannenlang op wachte. En do hast al mear as ien kear der op om sangere datst dat hiele 2018 eins mar twa kear neat fynst. Wat dochst dan mei dyn 2 minuten en 2 sekonden?

Trendsettende binnenkommer fan ferslachjouwer Henk te Biesebeek: “Nei in oanrinperioade fan hast twa jier kinne de gemeente Ljouwert en de Stifting Kulturele Haadstêd lang om let har projektplan foar 2018 presinteare.”

Stap 1: do sjitst dyn earste pylk ôf op de lange perioade dat der saneamd neat dien is. “In oanrinperioade fan hast twa jier.” “Lang om let.”

Stap 2: do lulst der mar wat hinne. Want der is nét hast twa jier wachte op dat presintearre projektplan. Dat projektplan fan juster is net mear as in priuwke fan en in foarskotsje op de earste fersy fan it bidbook, dy’t pas yn oktober klear hoecht te wêzen.

Okee, do bist ek de beroerdste net, do litst efkes de KH-foarsitter oan it wurd en do nimst krekt de tiid om ien (1) idee út it projektplan te neamen yn in tuskensin, nammentlik it grutte festival dat takom jier plakfine moat. In festival yn gearwurking mei Tryater en Oerol wêrmei’t Ljouwert himsels as Kulturele Haadstêd op de kaart sette wol.

Stap 3: do begjinst sa gau mooglik, dus dalik, oer jild. De ferslachjouwer: “Oan dit festival hinget in priiskaartsje fan 1 miljoen euro, wat ek wer foar it grutste part mei mienskipsjild betelle wurde moat.”

“Wat ek wer mei mienskipsjild betelle wurde moat”? Fan jild of bedragen wie noch gjin sprake yn dyn útstjoering. Mar handich hast op dizze wize efkes oanknope by besteande foaroardielen, dy’t mei troch dysels de wrâld ynholpen binne. Dat it dochs allegear jildfergriemerij is fan bobo’s dy’t der goed fan ite.

Hokker priiskaartsje soe der eins oan Te Biesebeek hingje, kwa skaal 12 bedoel ik? Dat is pas weismiten mienskipsjild. Mar dat tusken twa heaken.

Hast it bedrach dat it feest kostet noch amper útsprutsen, of do setst mei faasje dyn stratezjy fierder fuort. Do konstatearrest dat “de polityk noch net sa fier is”.

Stap 4: do joust bûter by de fisk, dus do sleepst in bekende tsjinstanner fan KH 2018 foar de kamera. Wurket altyd goed. VVD-fraksjefoarsitter yn Provinsjale Steaten Aukje de Vries. Soundbites: dit is in grut fraachteken, it sil in hele dobber wurde, safolle jild yn dizze tiid, it sil hiel swier kealje.

Tankewol Aukje, dat wie krekt wat noadich wie. En do, tink derom: net fermelde dat de achtenearre sprekster hielendal gjin bliksem te fertellen hat en allinnich mar foar har eigen bankjes praat, want dat har partij net ienris diel útmakket fan Deputearre Steaten.

Fansels stapst dêrnei de strjitte op. Gjin nijs-item sûnder de strjitte. It gesundes Volksempfinden moat syn gerak ha, sa wol it dei yn dei út praktisearre omropklisjee hawwe.

Stap 5: do fregest dus ‘gewoane’ minsken wat se der fan fine. Wêr presys fan fine? Dat flikkert neat. As se mar wat fine.

Earste reaksje: “Dat wurdt niks! Dêr is Ljouwert net geskikt foar.” Hoesa dan net, wêrom dan net? Dat fregest fansels net. Bist net wiis, dit is de Omrop, it moat popy-jopy bliuwe. Twadde reaksje, foar it lykwicht, want oars soe dyn ynkleurjend stappeplan wat al te trochsichtich wurde: “Nou, dat is hartstikke moai. Ik bin der foar.”

Hmmm. Gau de boel wer efkes op skerp sette. Doch sa as Te Biesebeek, jou dyn slachtoffer nûmer 3 mar efkes in foarsetsje: “It feestje moat 65 miljoen euro kostje!”

It útlokke antwurd: “Skandalich.”

Dramatyske stilte. Ja, dêr komt er al, de genedeslach: “Kenst beter in gedeelte derfan an de foedselbank geve.”

Sjoch: mei sa’n reaksje kinne jo as programmamakker 2.0 foar de kreamen komme. No mei nûmer 2 ek noch wol efkes werom yn byld. Hjir kin ommers net ien mear tsjinoan. “Mar der komt oek feel foor terug.” Ein.

No kin ik my fersinne, mar wiene it net ék benammen omropmeiwurkers dy't konkrete plannen hearre woene? En wêr gie dizze útstjoering oer?

Goeie God, it is hast Peaske. Lit dan asJebleaft dizze omrop ek opstean út de dea. Of ferlos him oars mar út syn lijen, as mooglikheid 1 ûnmooglik is.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten