maandag 16 september 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Lânsdiel past net troch de achterdoar

De Skroeier yn it Friesch Dagblad fan takom woansdei giet oer Noordervisie 2040, in amtlik plan om ta fierregeande gearwurking te kommen tusken de trije provinsjes yn Noard-Nederlân. De Steaten sille har dêr dizze wike oer útsprekke:

"Nuvergenôch (of krekt net?) ûntbrekt yn it foarlizzend stik elk idee oer de politike foarmjouwing en ynbêding fan it útstelde, ûnomkearbere proses. De Steaten wurdt mei oare wurden frege in beslút te nimmen oer in saak dy't se net oersjen kinne. Steateleden wurde blykber beskôge as net al te tûke fiskjes dy't de fûke ynswimme sille. Dogge se dat, dan is der gjin paad werom. Men mei jin ôffreegje oft ditsoarte fan amtlik-politike mislieding en yntimidaasje de nije bestjoersstyl op it Provinsjehûs wurdt."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten