woensdag 18 september 2013

De trage moard op de Friese Pers Boekerij

It is NDC mediagroep – it gearwurkingsbedriuw fan Leeuwarder Courant en Dagblad van het Noorden – nei jierren einlings slagge en reitsje syn boeke-útjouwerij kwyt. Gjin reden foar in feestje, mar foar treurnis.

It opslach- en ferstjoerbedriuw Krijgsman yn Tiel nimt in lyts part fan de boekefoarried oer, twa fan de trije wurknimmers en set FPB/Noordboek fierder ûnder deselde namme yn in noch te finen kantoargebou yn Ljouwert.

Krijgsman is in bedriuw dat kistjes wyn en Dirty Harry-dvd pakketten ferstjoert op bestelling fia bonnen yn kranten. It draait de hân net om foar it nei de post bringen fan ek sa út en troch wat boeken.

De trage moard op de Friese Pers Boekerij sette in pear moanne nei’t ik dêr útjouwer waard al út ein: de hannel waard per 1 jannewaris 2007 troch de Friese Pers BV ferkocht oan Kok ten Have. In útjouwerij fan regionale boeken waard alsa oerdien oan in lanlike útjouwerij fan stichtlike lektuer. Risseltaat : ellinde.

Ferfolgens rekke it konsern dêr’t beide útjouwerijen by hearden – NDC/VBK – yn swier waar, sadat de FPB achter de skermen te keap set waard. Wy skriuwe dan hjerst 2010. Petearen mei Bornmeer, de Afûk en oaren rûnen op neat út, want net ien woe in grutte partij boeken ynklusyf – doe noch – fjouwer wurknimmers oernimme.

De FPB mocht hast neat mear útjaan, dat wie wilens ál dúdlik. Yn de perioade 2006-2010 joech de útjouwerij sa’n 80 titels jiers út, dêrnei net mear as, ik doch in goai, 10. De FPB wie mei oare wurden in ‘firtuele útjouwerij’ wurden: op papier noch in folweardige útjouwer, mar yn feite oars net as in ferlingstik fan de Dirty Harry-promoasje yn de beide noardlike kranten.

Mar ek yn dy minimale foarm woe NDC mediagroep noch fan syn iennichste boeke-útjouwer ôf, sa die bliken. Leafst trije jier hat de útjouwerij, dy’t desennia lang de rêchbonke west hat fan it Frysk lêzen, foar in appel en in aai te keap stien. De FPB moast en soe de doar út. Syn âlde beskermhear, de stichting Je Maintiendrai, wie ommers ek langer de baas net mear by NDC mediagroep, dat wie de ING Bank wurden. En dy is oranje, net read-wyt-blau.

Blykber hat NDC mediagroep no in deal sletten mei syn Dirty Harry-ferstjoerder: jim, Krijgsman, meie ús hanneltsjes op ‘e post dwaan, mar dat moatte jim ús al efkes helpe op it stik fan saken fan de FPB. Krijgsman hat ommers hielendal neat mei it útjaan fan boeken. Krijgsman is in ferstjoerder fan boeken en fierder fan allerhanne replik guod. Dat sa'n bedriuw de FPB no fierder fuortsette sil, yn in eigen pân yn Ljouwert noch wol, ropt fragen op.

Bygelyks: soe Krijgsman it wol de muoite wurdich fine en gean fierder mei it dúdlik Fryske profyl fan de FPB? It leit yn de rede fan net. De redakteur fan Frysktalige útjeften, Jelma Knol, moat ommers it fjild romje. Grutte kâns dat de FPB yn de takomst in útjouwer wurdt fan net-Frysktalige, Nederlânsktalige, kommersjele publyksboeken mei in protte plaatsjes, boeken dy’t it yn krante-advertinsjes goed dwaan sille. Oars falt der ommers ek neat te ferstjoeren...

Dat soe min nijs wêze foar de Fryske literatuer, it Frysk lêzen en de Fryske taal. De plegers fan de trage moard op de Friese Pers Boekerij sille har dêr it measte net fan oanlûke. Se sille wol sizze: wy ha wol wat oars oan de holle, ja, ek yn de Moanne fan it Fryske Boek.


*

Geen opmerkingen:

Een reactie posten