woensdag 11 september 2013

Sneon yn it Friesch Dagblad: Ynternasjonale keunstbrigade moat Fryslân rêde

Sneon yn de bylage fan it Friesch Dagblad in grut stik oer Lwd2018, oer de driigjende ferskowing fan fan ûnderop en fan binnenút nei fan boppe-ôf en fan bûten wei. En oer de winsklikheid om de kommende tiid mear 'eigen' keunstners te belûken by de moaie en nijsgjirrige projekten yn it bidbook :

"It aventoer dat no yn gong set wurdt, moat net in antwurd wêze wolle op in ferkearde fraach. Ik hoopje dat der de kommende tiid romte wêze sil om de plannen by te stjoeren. Sadanich dat der ek útsjoch komt op de ‘selsfernijing’ dy’t yn it begjin fan it proses noch sintraal stie. Want dat is wat Fryslân noadich hat. Méar tinken ‘út eigen krêft wei’. Dêrby leit in gruttere rol fan de Frysk-kulturele mienskip yn Lwd2018 foar de hân."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten