zondag 28 juni 2020

De Smelle Net-Maatskiplike Gjin-Diskusje oer it Frysk

In lyts espeltsje troch de stichting BMD (Brede Maatskiplike Diskusje) útsochte lju tusken de 18 en 30 jier sil frege wurde wat har tinken is oer it Frysk en it plak fan it Frysk yn Fryslân en yn it ûnderwiis. 

Takom maityd earst yn ien doarpke, en as de útkomst 'Nederlânsk' genôch is yn mear. 

Wy hawwe dus aansen te krijen net mei in Brede mar mei in 'Smelle Maatskiplike Diskusje' oer it Frysk. Hoewol, 'maatskiplik'? Sels wat minsken útsykje dy't wierskynlik net folle mei it Frysk hawwe - op kosten fan de provinsje Fryslân? 

De trochsichtige opset makket sok praten al dalik oerstallich. Elk wit dat 'âldere' minsken mear hawwe mei it Frysk as 'jongere' minsken, dy't ommers al opsnúfd hawwe fan ús falend ûnderwiissysteem dat it Frysk der ab-so-lút net ta docht.

Ek de opmerkingen fan Rimmer Mulder yn it Friesch Dagblad hjoed oer dat it Fryske taalbelied safolle kostet en neffens him neat opsmyt, en dat Ljouwert 'geen Friestalige stad' wêze soe (sa'n 30 persint fan de Ljouwerters praat Frysk) jouwe it ramt oan fan it ûndernimmen. 

Dat - as jo aansen net meiprate meie yn de Smelle Net-Maatskiplike Gjin-Diskusje oer it Frysk, net útsocht binne troch Mulder en Willem Verf, dan is dat mei in doel. Jo betelje wol belêsting, jo meie stimme foar it wetterskip. Mar de Partij bepaalt de takomst fan jo kultuer.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten