woensdag 18 juli 2012

Hjoed yn it Friesch Dagblad: Skreau fan in provinsje

Hjoed yn it Friesch Dagblad in Skroeier nei oanlieding fan de Fryske edysje fan it Living Planet Report, juster presintearre op it provinsjehûs:

"De lêste jierren wurdt hieltyd dúdliker dat der wat mist yn it tradisjonele beslútfoarmingsproses op provinsjaal nivo. Wat ûntbrekt, is in fisy foar de langere termyn. Wêr wolle wy hinne mei ús romte, natoer, ekonomy, kultuer? It debat oer sokke fragen beheint him ta de achterkeammerkes fan politike partijen (dy’t hieltyd minder leden krije), amtlike ôfdielingen (dy’t it drok genôch hawwe mei de waan fan de dei) en de ynstjoerde brieverubriken fan kranten (dy’t hieltyd minder lêzen wurde)."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten