zondag 15 juli 2012

Aprilia Mojito Habana Custom


Dizze dus. In Aprilia Mojito Habana Custom út 2009, mei mar 1400 km op 'e teller. Komme noch in wynskerm en in 50 liter achteropkoffer by. En in lange learen jas.

De Mojito Habana Custom kombinearret it design fan de Vespa classic scooters (Aprilia en Vespa binne beide merken fan Piaggio) mei de customlooks fan de Harley Davidson Lowrider; it ûntwerp is ek ynspirearre troch Amerikaanske auto's út de jierren '50.

In 'mojito' is in cocktail fan rum, limoensap, reidsûker, wetter, munt en in protte iis. Ernest Hemingway wie sljocht op dat drankje. "My mojito in La Bodeguita, my daiquiri in El Floridita", skreau er op de muorre fan de Kubaanske kroech La Bodeguita.

Dit "stijlicoon op wielen" is net fan my, mar wurdt my troch in opdrachtjouwer t.b. steld.

2 opmerkingen:

  1. Blits ding! Súpt-y ok 'n soad? Soa'n lekkere cocktail à la Hemmingway sil hij wel niet luste...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ien op 20, 25 wol ik leauwe, falt genôch ta. Kin ik ris wat faker nei Ljouwert.

    BeantwoordenVerwijderen