vrijdag 1 september 2017

Tip foar de Afûk: freegje Eeltsje Hettinga ris foar in sjuery

Dat sjuerys fan Fryske literêre prizen en wedstriden net yn mearderheid bestean kinne út minsken dy’t gjin ûnderfining hawwe mei Fryske literatuer, itsij as skriuwer of dichter, itsij as kritikus en essayïst, moat de Afûk dúdlik makke wurde. Wat wol it gefal? Foar de Dichter fan Fryslân-wedstryd hat de Afûk advisearre om toanielspylster en teatermakster Tamara Schoppert, Nederlânsktalich dichter Obe Alkema en Nederlânsktalich dichter Peter van Lier te freegjen en de provinsje is dêryn meigien. Dy trije binne dus de sjueryleden fan de Dichter fan Fryslân-wedstryd. 

My tinkt dat soks ûnakseptabel is. Net allinnich dat de Afûk ek in útjouwerij is, dy’t dus nét de earst oanwiisde ynstânsje is om sjueryleden foar literêre prizen en wedstriden te freegjen, dat sljochtsje ik no mar efkes oer, al stiet it as in peal boppe wetter. Belangriker noch: net ien fan dy trije, fierder fansels hiel kundige minsken op har eigen terrein, hat in bewiisde affiniteit mei, kennis fan en bestjoer oer it fjild fan de Fryske literatuer en poëzij. Dat wol net sizze dat se dy kwaliteiten net hawwe kinne soene; it wol al sizze dat dizze minsken yn har libben faaks in protte by de serieuze ein hân hawwe, mar Fryske literatuer heart dêr yn alle gefallen net by.

Soe it sa wêze dat der yn Fryslân gjin kundige minsken mei in bewiisde kennis fan Fryske literatuer en bestjoer oer keunst omstapten, dan wie sa’n kar noch wat. Mar dat is fansels net sa. Dêrmei wurdt dus de yndruk wekt dat der mei opset sin foar ‘bûtensteanders’ keazen is. Mar dat witte wy ek wer net, want de Afûk ferantwurdet neat. Wis is wol dat ik – as Frysk dichter en skriuwer – my net serieus nommen fiel, en belangriker noch, ik fiel it sa oan dat de hiele Fryske literatuer by de noas nommen wurdt mei de kar foar dizze trije sjueryleden. Is it net suver as hat de provinsje in koloniaal bestjoer oer syn ‘eigen’ literatuer oansteld? Wurdt dêr net yn feite mei sein: bêste Frysktalige keunstners, jimme binne sa’n eksoatysk folkje, dat in grutte mûle hat mar net wit wat goed en minder goed is, dat wy hawwe mar help fan bûten ynroppen om ien fan jim ynboarlingen op it hynder te hisen? 

By de belangrykste prizen yn de Nederlânske literatuer – de P.C. Hooftpriis en de Prijs der Nederlandse Letteren – is der gjin tinken oan dat der ‘minsken fan bûten’ yn sa’n sjuery set wurde. Dat binne allegear spesjalisten, Nederlânsktalige auteurs of literatuerwittenskippers dy’t al hiel wat oer Nederlânske literatuer publisearre hawwe. 

P.C. Hooftprijs 2017 (Bas Heijne): Jacqueline Bel, literatuerwittenskipper oan de VU; Kees ’t Hart, Nederlânsktalich auteur, Kristien Hemmerechts, Nederlânsktalich auteur, David van Reybrouck, Nederlânsktalich auteur, Dirk van Weelden, Nederlânsktalich auteur. 

P.C. Hooftprijs 2016 (Astrid Roemer): Karin Amatmoekrim, Nederlânsktalich auteur, Sander Bax, literatuerwittenskipper yn Tilboarch, Toef Jaeger, redakteur NRC Handelsblad, Edzard Mik, Nederlânsktalich auteur, Pauline Slot, Nederlânsktalich auteur. 

Prijs der Nederlandse Letteren 2015 (Remco Campert): Bert Bultinck, adjunkt-haadredakteur De Standaard; Kris Humbeeck (foarsitter), gewoan heechlearaar Moderne Nederlandse literatuur & Algemene literatuurwetenschap Universiteit Antwerpen; Irina Michajlova, heechlearaar Neerlandistyk Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburg, literêr oersettter; Alida Neslo, teatermakker; Aleid Truijens, Nederlânsktalich auteur, kollumnist, biograaf (F.B. Hotz, Hella S. Haasse); Maria Vlaar, literêr sjoernalist, resinsint, redakteur; Theo Witte, fakdidaktikus Nederlânsk, Rijksuniversiteit Groningen, haadredakteur ‘Lezen voor de Lijst’. 

Dat, leave meiwurkers fan de Afûk, soene jim tenei elke neokoloniale oanstriid ferpresse kinne, en gewoan Eppie Dam freegje bygelyks, of Goffe Jensma, of Henk Wolf, of Eeltsje Hettinga, of neam se mar op. 

No ja, goed, dêr sitte in pear by, dy publisearje by de Afûk, noch in reden om de Afûk gjin sjueryleden sykje te litten... 

Mar yn prinsipe is der (gelokkich noch) gjin ein oan de nammen dy’t foar de hân lein hiene en oanwiisd wiene. Dan hoege wy fan de tsjinpartij tenei net wer yn ’e pinne te klimmen om in deputearre mei in nederich asjebleaft te freegjen om rjocht te dwaan oan de Fryske Literatuer en de ear oan in groep fan 24 Frysktalige dichters te jaan. Tankewol.


.

donderdag 31 augustus 2017

Meeliegen? Jawis!

'Verwarring over 2018', kopt in krante. Verwarring MY ASS. Wêr binne de fjouwer miljoen besikers dy't LF2018 produsearje soe? Kear 20 euro, sa't LF2018 noch yn 2016 rapportearre (lês dy oare krante). Wêrom treedt hjir net ien om ôf? Wêrom wurdt hjir net ien om ûntslein? 

Om't alles en (hast) elkenien meiferantwurdlik is foar it projekt én de leagen: provinsje, gemeente, ynstituten, media, de kulturele ynteelt, allegear. 'Mienskip', ommers. Dus is der mar ien útwei. Neam it 'verwarring'. Rêd LF2018. Lieven Bertels hat al in oare sûkeromke fûn. Hoe sit it mei de okkerdeis noch om 'krityske sjoernalistyk' freegjende Oeds Westerhof?

woensdag 16 augustus 2017

Dichter fan Fryslân 2.0: oars, mar net better

De provinsje hat syn wervende tekst op de site fan Dichter fan Fryslân oanpast. Dat wol sizze, de opdrachtformulearring. 

Earst waard fan de Dichter frege: ‘om yn dichtfoarm te reagearjen op wat der hjoed-de-dei yn Fryslân en syn bewenners om giet. Wêr wurde wy stil fan? Wat lit ús hert bûnzje, of wêr wurde wy stomwei dûm fan?’ Dy nuvere easken, dêr’t gjin dichter oan foldwaan kin, binne ferdwûn. Hoera, en in tankewoltsje is yndie net noadich. 

Mar is it no better ferwurde? Nee. Yn de nije tekst ‘draacht [de dichter] op in moderne en útnûgjende wize soarch foar de poëtyske presintaasje fan Fryslân’, en ‘leafst ynspirearre op aktuele foarfallen of opfallende en bysûndere mominten dy’t plakfine yn ús provinsje of dêrta yn relaasje stean’. Hy of sy ‘wit op in eigentiidske en tagonklike wize aktualiteit en sosjaal-maatskiplike tema’s te fangen yn poëzij’. 

Ik bin benijd hoe’t in dichter soargje kin foar ‘de poëtyske presintaasje fan Fryslân’. Ek as ‘in’ presintaasje bedoeld is, soe ik net witte wat it betsjut. Hoe moat in dichter Fryslân ‘presintearje’? En stel dat in dichter witte soe hoe’t soks moat: wêrom soe in dichter ‘Fryslân’ presintearje moatte? 

Fierder nim ik oan dat de dichter aansen efkes in seintsje út it provinsjehûs krijt as har ‘opfallende en bysûndere mominten’ yn ’e provinsje foardogge. Want blykber moatte de gedichten dêr nei ferwize. It soe dochs sneu wêze as sa’n dichter oan ’e gong giet en letter blykt, it wiene hielendal gjin ‘opfallende en bysûndere mominten’ dêr’t er by oanheakje woe. 

Ek moat hy of sy no ‘sosjaal-maatskiplike tema’s’ fange yn poëzij. Gjin ekonomyske tema’s, gjin politike, gjin massapsychologyske, nee: sosjaal-maatskiplike. Wêr’t dy beheining no wer weikomt, slach my mar dea. 

Gjin ferbettering dus, de nije opdrachtformulearring. Sin- en ynhâldsleaze bepalingen as ‘modern ferslach dwaan’ en ‘breed publyk’ binne bleaun en de fersen moatte no ek noch ‘tagonklik’ wêze. Ek hjir fynt de dichter gjin hâldfêst. As men freget wat soks krekt betsjut dan is de deputearre krekt op fakânsje of dwaande de Gysbert Japicxpriis te rêden út de rikjende púnheapen fan har eigen kultureel populisme.


.

vrijdag 11 augustus 2017

Iepen brief oan de deputearre fan Kultuer fan de Provinsje Fryslân

Bêste Sietske Poepjes, 

Lâns dizze my ûnsympatike wei wol ik jo freegje om myn bondel Brek dyn klank fan de list mei nominearre bondels foar de Gysbert Japicxpriis 2017 ôf te heljen. 

Ik wol langer net yn ’e beneaming komme foar in provinsjale literêre priis salang’t it kolleezje fan Deputearre Steaten, mear yn it bysûnder jo persoan, mient dat dichters yn tsjinst fan de provinsje binne – sa’t bliken docht út jo belied en jo publike útspraken. De konsekwinsje is ek dat ik, mocht jo advyskommisje de priis oan my taskikke wolle ynstee fan oan Eppie Dam, de priis wegerje sil. 

It is yn ien wurd ferskriklik dat jo literêr belied en provinsjereklame net útinoar hâlde kinne en/of wolle. Ik haw respekt foar myn kollega-dichters Eppie Dam, Elske Kampen, Albertina Soepboer en Wilco Berga, dy’t de moed hienen jo witte te litten dat jo plannen mei de útrikkingsjûn de priis skea dogge. Dat is no in moanne lyn en noch hawwe jo neat fan jo hearre litten. 

Ik haw likefolle respekt foar myn kollega-dichters en –Gysbert-laureaten Jacobus Smink en Anne Feddema, en foar myn kollega-dichters Edwin de Groot en Syds Wiersma, dy’t witte litten hawwe dat sy, lykas ik, net meidwaan sille oan jo sneue Poesyalbumdichter fan Fryslân-plannen. 

Folle minder begryp haw ik foar dy kollega-dichters dy’t alles wol goed is en dy’t net in wurd fan krityk hearre litte. Sy helpe, as ik myn sin sis, mei oan it definitive demaskee fan de pretinsje dat der noch sokssawat as in ‘Fryske literatuer’ bestean soe. 

Jo sille wol begripe dat ik tidigje op in deputearre fan Kultuer mei folle, folle mear leafde foar (Fryske) literatuer as dêr’t jo en jo belied fan tsjûgje. 

Abe de Vries 
11 augustus 2017

woensdag 9 augustus 2017

Prizen, sjueryleden en Fryske literatuer

Yn sjuerys fan literêre prizen en wedstriden hearre gjin redaksjeleden te sitten fan literêre tydskriften. Ek gjin meiwurkers yn tsjinst fan útjouwerijen. It soe de redaksjes fan ensafh en de Moanne - dy't blykber net op 'e hichte binne fan dizze âlde hûsregel of it dêr ynwindich net alhiel mei iens binne - siere om tenei wat te dwaan oan opinyfoarming oer dit belangrike ûnderwerp yn harren blêd. Dan hoecht de sjuerysykjende ynstânsje, yn dit gefal Tresoar, ek net mear ferbaasd te reagearjen op krityk en mei de hannen yn it hier derop te wizen dat der gjin ,,poadium" mear is dêr't ,,it fjild" mei-inoar de priishygiëne yn stân hâldt. Goed idee, Jacobus Smink, André Looijenga, Geart Tigchelaarr, Karen Bies, Theo Kuipers?

zaterdag 29 juli 2017

Provinsjebestjoer set DINGtiid yn syn himd

Yn septimber 2015 brocht it offisjele advysorgaan foar it Frysk, DINGtiid, yn syn advys ‘Feroaring en ferbettering’ it boadskip dat der in ‘taalskipper’ komme moast om de útfiering fan de Taalwet te koördinearjen, sis mar om te soargjen dat der werklik wat dien wurdt oan de ferhûddûke posysje fan it Frysk. Hast twa jier fierder blykt út it jierferslach fan DINGtiid oer 2015 en 2016 dat dêr noch hielendal neat fan op ‘e hispel kaam is: ‘Op papier doge de ôfspraken oer it Frysk, yn ‘e praktyk hâldt gjinien him der lykwols oan.’ 

Sterker noch: der is sels hielendal gjin ‘bestjoerlike reaksje’ kaam op dat advys. 

De oast sit hjir dus by it provinsjebestjoer sels. Dat gniist DINGtiid gewoan achter syn rêch út, soe men fan tinken wol hawwe kinne. Deputearre fan Kultuer Sietske Poepjes (CDA) waard yn novimber 2016 yn bywêzigens fan minister Plasterk oanwiisd as de ‘taalskipper’. No – july 2017 – skriuwt DINGtiid: ‘DINGtiid soe graach sjen dat provinsje Fryslân no mear foarm en ynhâld oan dy rol jout.’ Boppe it begeliedende parseberjocht by it jierferslach stiet sels de kop: ‘Poepjes, pak no de swipe foar it Frysk!’ 

Wat in skipper mei in swipe moat, is de lêzer miskien net dalik dúdlik en my ek net, mar it boadskip is dat wer wol: Poepjes moat no einlings dy rol fan ‘taalskipper’ opkrije en wat dwaan. 

De deputearre is oars sels fan miening dat DINGtiid net op ’e hichte is fan wat se allegear wol net út’e wei set dêr op it provinsjehûs, blykt út har reaksje fan hjoed yn de LC. Se hat nammentlik tegearre mei cdK Brok it Wetterskip Fryslân en in tal gemeenten op besite hân om harren help oan te bieden op it mêd fan Frysk taalbelied. En, skriuwt de krante, se hat ‘tips [jûn] om het Fries onder de mensen te krijgen’. Poepjes: ,,Mei in vlog yn it Frysk bygelyks.” As oare Poepjes-inisjativen kinne hjir ek neamd wurde – mar dat docht de krante net – it idee foar in Poesyalbumdichter fan Fryslân en in showsirkus te meitsjen fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis. 

Op it stik fan it ûnderwiis – DINGtiid wol graach in langetermynfisy fan de provinsje – dûkt Poepjes fuort: ,,We kinne fêstlizze hoefolle meartalige skoallen wy ha wolle, mar fierder wolle wy mei namme (sic) fasilitearjend wêze.” Likegoed wol Poepjes wol sjen nei sa’n langetermynfisy: ,,It is foar de goede saak. Dat hja gas derby wolle, is allinnich mar goed.” 

Gjin taalskipper dus en gjin langetermynfisy (foarearst). Dêrmei set Poepjes DINGtiid yn syn himd. Dat orgaan hat yn ’e lêste twa jier wol sa’n 150.000 euro koste. Ja, dat ,,is foar de goede saak” fansels, mar wat smyt it eins op? It jierferslach sels komt ek net sa hiel fier. Minsken byinoar brocht, lêst men. Sjen litten hoe’t jildstreamen rinne. Generaasjes mei inoar ferbûn. ,,Sjen litten datst troch mei in frisse blik te sjen in oare fyzje op de takomst fan it Frysk ha kinst.” En, dizze is wol hiel bot yn striid mei it ferslach sels: ,,(..) soarge foar in gefoel fan urginsje by oerheden om it Frysk heger op de prioriteitelist te setten en ek werklik aksje te ûndernimmen”. 

Fierder wurdt it foar elk no wol dúdlike tekoart oan effekt wat ferburgen troch yn it jierferslach te struien mei aardige siferkes oer it Frysk – siferkes dy’t foarútgong suggerearje moatte. Yn giele kaderkes lêze wy oer in pear mear twatalige pjutteboartersplakken, in pear mear Tryater-foarstellingen, in pear mear meartalige basisskoallen, wy lêze wat oer it tal dielnimmers oan it Frysk Diktee, wy fernimme dat der op in pear plakken meartalich fuortset ûnderwiis bestiet, dat der noch altyd learlingen binne dy’t eineksamen Frysk dogge of oan in pabo besykje it foech Frysk te heljen. En fansels wat oer de groei yn ’e iepenloftspullen. Oer de posysje fan it Frysk seit dat allegear neat, mar it jout de lêzer wol wer wat in rêstiger gefoel. In rapport as prozac.

Al mei al is der net folle reden om deryn te leauwen dat dizze CDA-deputearre werklik wat foar it Frysk út ’e wei sette sil. Skea docht se yn alle gefallen wol. Oan de Fryske literatuer bygelyks: de basis fan de taal. Ik ha ek in advys. Miskien moat DINGtiid sels wat minder leave rapporten skriuwe. 

Hoe kin it dat ik yn it jierferslach deasmiten wurd mei giele opstekkerkes mar gjin wurd tsjinkom oer de ûntheffingen dy’t troch Poepjes sûnt 2016 massaal ferliend wurde oan basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis wat it Frysk skriuw- en lêsûnderwiis oanbelanget? In hiele generaasje Fryske bern wurdt fan syn eigen taal weihâlden. It ferswijen fan dy rampsillige ûntjouwing is ûnbegryplik en eins in deasûnde foar in advysorgaan dat ûnôfhinklik beweart te wêzen. 

Hoe kin it dat ik allegear leauwe lês yn meartalich ûnderwiis, mar gjin wurd oer wat dat meartalich ûnderwiis dan krekt foar it Frysk betsjutte sil? Wurdt dêr dan Frysk lêzen en skriuwen leard? Op watfoar nivo? Meartalich ûnderwiis kin fan alles betsjutte. As it hoe en wat der net by sein wurdt, betsjut de meartalige kretology minder as neat. Wis is wól dat it besteande Frysk ûnderwiis ûnder tafersjoch fan Poepjes delhelle wurdt en ferdwynt. Mar wat krije wy krekt werom? Gjin wurd hjiroer by DINGtiid.

En noch in fraach: wêrom dit jierferslach publisearre yn fakânsjetiid? 


.