donderdag 30 oktober 2014
David Eugene Edwards - The Preacher (Full Documentary, VPRO)
De doku út 2002. David Eugene Edwards spilet op 29 novimber op Explore The North. Yn it kommende nûmer fan De Moanne fan my fjouwer siden plus foto's.
dinsdag 28 oktober 2014
Ferrassingspoëzij fan Tet
Fragmint út 'De wurden en de kleuren 2', út de bondel Brek dyn klank dy't takom jier by de Gerben Rypma Stifting ferskynt.
zondag 26 oktober 2014
Tip fan de Goedhillichman: Sprankeskyn no yn 'e oanbieding foar 5,- euro!
Yn de webwinkel fan de Afûk te bestellen!
Oaren oer Sprankeskyn (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2010):
,,Als lezer hoef je niet alle lagen en beweegredenen van de auteur te doorgronden om onder de indruk te raken van het fantastische, associatieve, beeldenrijke taalgebruik van de dichter. Sprankeskyn is de titel, met het Friese woord spranken in de dubbele betekenis van sterren en vonken. Het dekt de lading in ruime mate, want de woorden spatten als vonken van het papier."
Rynk Bosma yn Wijd en Zijd
,,De foto's daarentegen bij de cyclus 'De timpel' zijn werkelijk adembenemend, net als de gedichten trouwens."
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
,,Sprankeskyn is skitterjend foarmjûn."
Cornelis van der Wal yn it Friesch Dagblad
,,De Vries docht it faker yn syn bondel: twa wrâlden ferbine, twa helten optille. Alderearst binne dêr de keunstfoto’s fan eigen hân, no en dan oan de fersen taheakke, of oarsom. Tekst en byld slute net altyd ien op ien oan, en krekt troch dy spanning wurde beide nei in oare diminsje tild. By de rige ‘Sân sakraminten’ sjogge we in pear kear in neaken model yn it sakrale, en ferkalke, ynterieur fan in tsjerke. It bleate liif fan in frou yn it hûs fan God, ieuwen dominearre troch fergeastlike en dogmatyske mannen."
Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant
zaterdag 25 oktober 2014
donderdag 23 oktober 2014
maandag 20 oktober 2014
Abonneren op:
Posts (Atom)



