zondag 26 augustus 2012

donderdag 23 augustus 2012

Deep Purple - When A Blind Man Cries

Skriuwerskalinder 2013


Der is wer in skriuwerskalinder foar 2013!

De Skriuwerskalinder is dit jier wer opstarten op inisjatyf fan It Skriuwersboun, yn de mande mei Tresoar. Der steane 41 literêre bydragen yn en 12 hiel ferskillende, mar allegearre tige goed passende ôfbyldings fan ferskillende keunstners: foto's, skilderijen, en grafysk wurk.

Op it omslach in stedslânskip fan skriuwer/fotograaf Abe de Vries. 

Los jildt de skriuwerskalinder € 7,50, mar yn de Moanne fan it Fryske Boek by oankeap fan € 10,00 oan Fryske boeken is de ferkeappriis € 5,00.

[Boarne: It Skriuwersboun]