(Oan J.A. Dèr Mouw en G. Achterberg opdroegen)
As middeis let wekkerslûget
út ’e wintersliep ús mantsje,
allinnich dwerslizzend yn syn
lytsbernich ledikantsje,
tinkt er: In binde! Wat is der
no de deale oan ’t hantsje!
Ik bin ’n grut dichter, mar wêr
is myn ôfwaskhelp Jantsje?
Gaueftich rûke oan ’t âldmannich
stjonkend waskhantsje,
dan fluks in yn ’e kadokrigen
magnetron opwaarme pantsje
bamy ite en online Snits troch stowe
op ’e fyts mei it lekke bantsje,
strûze as in wyld nei it hûs fan
Jantsje, om leave in wantsje
op ’e lea! Want mâl en dwers-
trochalleshinne is ús mantsje!
Sa behyplike lyts, te lyts foar syn
mystyk is ’t keale Fryslantsje
dêr’t opdrachtjouwers him útgnize
en noait net beklantsje,
mar riinsk betelle opdrachten
by betûfte kollega's plantsje.
It belije moat it ûnskuldich
stofsûchfamke Jantsje,
fynt ús beursdichtsjende
(mei ik fange!) ûnferstantsje:
it mantsje!
.
dinsdag 31 januari 2012
maandag 30 januari 2012
Bilkerts
Hendrik Elings en Hein Jaap Hilarides. Promofoto foar cd-presintaasje.
www.flickr.com/photos/abedevries
Hein Jaap Hilarides, tsjerke Sint Jabik. Promofoto foar cd-presintaasje.
www.flickr.com/photos/abedevries
Eksit Friese Pers Boekerij?
As de foartekens klopje, is it meikoarten dien mei de Friese Pers Boekerij anneks Uitgeverij Noordboek, de boekútjouwer fan it kranteconcern NDC mediagroep. As útjouwer bin ik dêr yn maaie 2011 fuortreorganisearre, en it is goed mooglik dat myn trije oerbleaune kollega’s dit jier itselde te wachtsjen stiet.
FPB/Nb hat sûnt maaie presys fjouwer (4) titels útjûn dy’t ik noch net koe, titels dy’t dus net al op kommendewei wiene doe’t ik fuortgie. Trije boeken yn it Drints en ien yn it Frysk: gjin titels om de oarloch mei te winnen. It listje besteande projekten wurdt ôfwurke, de besteande foarried wurdt ferkocht en fierder bart der net safolle.
Fryske literatuer? De iennichste foar my nije titel dy’t FPB/Nb yn in perioade fan hast in jier op ’e merk brocht hat, wie Lúshâlding fan skriuwer, dichter en ensafh-redaksjelid Geart Tigchelaar. Opfallend is ek dat FPB/Nb noch altyd ûnsichtber is op social media as FaceBook en Twitter en dat der oan de webside al in jier neat feroare is.
Sûnt ferline jier heart FPB/Nb net langer by de útjouwerspoat fan it concern NDC/VBK, mar falt streekrjocht ûnder de direksje fan NDC mediagroep. Yn in parseberjocht liet de kommersjeel direkteur fan NDC mediagroep fan doe, Cees Anceaux, witte dat der neat feroarje soe. "Het is puur een organisatorische kwestie."
De eardere switch, ein 2006, fan de Friese Pers bv nei Kok ten Have yn Kampen (ûnderdiel fan VBK, tsjintwurdich yn Utert) hat desastreus útpakt foar FPB/Nb. It hat der no alles fan wei dat ek de direksje fan NDC mediagroep, nettsjinsteande syn eigen eardere berjochten, net fan doel is om FPB/Nb as folweardige útjouwerij fuort te setten.
Tawurke wurdt nei alle gedachten nei in ‘eigen’ boekepoat fan de Leeuwarder Courant, dy’t ommers al inkelde jierren dwaande is om mei syn eigen boeken en boeke-advertinsjes FPB/Nb om sjippe te helpen. Yn sa’n konstellaasje sil der foar Fryske literatuer yn ’e takomst al hielendal gjin plak mear wêze - wat dyselde Leeuwarder Courant fierder woarst wêze sil.

zondag 29 januari 2012
Op Hatsum
Noait mear ieltsjes ite by Dronryp,
dêr’t de trein stoppet foar fisk
en ik my yn ’e fette hannen knyp
dat it libben sa ferrukkeluk is.
Op Hatsum noait mear skar sline!
De sinne sakket achter Frjentsjer
en de katten by de bakken fine
in fiskje lekkerder as in hintsje.
Noait dronkener fan flessen griener
as de grutte eagen fan myn leaf,
sjoch ik no: gjin Gewürztraminer
en gjin Riesling mear te keap
om de dei mei fuort te spielen.
Ik mep in mich op ’e ananas dea.
My heakket in bonkje yn ’e kiel en
de trein riidt wer fierder troch it gea.
(www.denachtrider.blogspot.com)

zaterdag 28 januari 2012
KOLLUM (26): Skyndebat ûnder de klokslach fan 2018
‘Een onverholen propagandaoffensief voor het project Culturele Hoofdstad 2018’, sa neamt Jan Folkerts de publikaasje fan it earste stik yn de LC yn twa jier dat posityf wie oer KH 2018.
Folkerts, histoarikus, no noch gemeentesiktaris fan Littenseradiel, yn in earder libben direkteur fan it HCL, soe syn wurden wat minder op effekt foar kar nimme moatte. Is it net earder sa dat de LC oant desimber ferline jier een ‘onverholen propagandaoffensief’ tsjín KH 2018 fierd hat?
Mar goed, elk hat it rjocht om te oerdriuwen en te ferdraaien en dy’t slûget moat him stilhâlde. Stroffelstien foar Folkerts is it stik ‘Friesland op naar Europese toekomst’ fan Bert Looper (LC, 17 desimber 2011). Yn de nije ôflevering fan de Moanne stiet Folkerts syn tsjinstik ‘Valse historische argumenten helpen het project Culturele Hoofdstad 2018 niet’. Histoarikus Folkerts wol gehak meitsje fan histoarikus Looper (direkteur Tresoar). Slagget him dat?
Looper hat in krantestik skreaun oer perioades yn de skiednis fan Fryslân dy’t fan belang wiene foar de identiteitsfoarming fan de Friezen. Hy hat dy perioades keppele oan politike feroarings dy’t yn deselde tiid plakfûnen. It aardige fan syn bydrage wie de draai nei it hjoed ta; op ’e nij, seit Looper, sitte wy yn sa’n identiteitsfoarmjende perioade, yn gong setten troch it Europeeske ienwurdingsproses. Yn dat ramt sjocht er kânsen om fan KH 2018 in súkses te meitsjen.
Folkerts set dêr foaroer it feit dat net allinnich politike faktoaren by sokke streamfersnellingen in rol spilen en dat it belang fan ekonomyske en sosjaal-kulturele ynfloeden net útpoetst wurde moat. It argumint is falide mar hat wat fan in iepen doar. De politike skiedskriuwer fersus de histoarysk-materialist? Dat debat is al lang oereide; om raak te sjitten hie Folkerts oannimlik meitsje moatten dat dy útsûnderlike perioades yn de skiednis fan de Fryske identiteitsfoarming hielendal net bestien hawwe. Of, as der al soks oan de hân wie, dan mei in folslein oare tiidyndieling as dy’t Looper hantearret.
Mar Folkerts kiest foar de oanfal en nuvere kaprioalen. Sa soe de Romantyk as polityk-kulturele streaming yn de 19e-ieu yn alle lannen fan Europa deselde, unifoarme útwurking hân hawwe. Hoe oars is it te begripen dat er foarby giet oan it feit dat sokke prosessen behalve in universele ek in lokale en regionale ynfolling krigen? Dat oeral yn Europa yn de earste helte fan de 19e-ieu oer identiteit neitocht waard, betsjut net dat it tinken oeral itselde wie.
Achter de teoretisearderij hâldt him in ferskil skûl, suggerearret Folkerts, yn wurdearring foar ‘Europa’. Looper sjocht in histoaryske trend, dy’t hjoeddedei plakfynt: ‘In mentale toekomstoriëntatie vindt deze eeuw een duidelijke verschuiving plaats,’ skriuwt er. ‘Friesland wil zich niet meer alleen een plaats geven in de Nederlandse, maar duidelijk ook in de Europese toekomst. Het accent verschuift van nationale staten naar het Europa van de economische en culturele regio’s.’
Folkerts fynt dy trend mar neat, ûnkent foar it gemak it bestean derfan en makket fan Looper in orakel. Tankewol foar it boadskip, mar wêr kin ik no lêze dat dy Europeeske ferskowing nét plakfynt?
Soe Folkerts net nei it sjoernaal sjen? Jawol, mar as er dat tajout kin er net mear út de heup wei sjitte op syn werklike doelwyt, KH 2018 en in kultureel feroaringsproses dêr’t er de measte affiniteit net mei hat.

Abonneren op:
Posts (Atom)