dinsdag 7 september 2021

In mistaast, of 'The Hill We Fall Off'


 

Hjoed yn in primeur fan it Friesch Dagblad is te lêzen dat deputearre Sietske Poepjes fan Kultuer akkoart gien is mei it etnysk sensurearjen, troch in saneamde ‘sensitivity reader’, fan in oersetting dy’t troch de Provinsje Fryslân betelle wurde sil. Of al is.

Us Amanda, wa ken har net? De jonge frou ‘fan kleur’, dy’t sa wolsprekkend diskriminaasje oankleide en oprôp ta de striid tsjin ûnderdrukking. Se spruts op de ynauguraasje fan deselde Amerikaanske president dy’t efkes letter in pear miljoen Afghaanske, dus net-swarte, froulju oan de taliban útleverje soe, mar dat mei hinnebruie.

No hat de blanke Fryske deputearre opdracht jûn om ‘The Hill We Climb’ oer te setten yn it Frysk. Wêrom? Elkenien is bliid mei in sigentsje sympatyk kosmopolitysk libben yn de âlde Fryske folkstaal. Mar in oersetting regelje is, oars as je tinke soene, net altyd in kwestje fan lange halen, gau thús. Al hielendal net as wat Amerikaansks oerset wurde moat.

It rjochthawwende buro yn de States hat nammentlik easke dat earst in respektabel Minske Fan Kleur nei de Fryske berchbeklimming sjen moast. Om der wis fan te wêzen dat de oersetter gjin wa wit watfoar ûngelokkige stereotypearjende flaters op swart-wyt, kleure- of oar minderheidsmêd begean soe.

En dêr is Poepjes mei akkoart gien. ‘The Hill We Fall Off.’

Hoe’t útjouwerij Meulenhoff oersetster Marieke Lucas Rijneveld oer de râne treaun hat, koe fansels net, wie dat dan net dúdlik? Literatuer, keunst, kin net bestean as allerhanne befolkings- en belangegroepen harren gefoelige, sensurearjende en ferbiedende hannen net thúshâlde kinne, en bedriuwen, media en sels oerheden jouwe ta oan sokke manipulative praktiken.

Meulenhoff is in bedriuw, ha wy net folle oer te sizzen. Mar dat de Provinsje Fryslân, dat binne jo en ik, dat is de hiele buorren, aktyf oan it opmarsjearjen fan dit aaklike fenomeen meiwurket? Dat ús provinsjale oerheid literêre publikaasjes stipet op betingst fan grien ljocht fan ien of oare sensor fan ien of oare kulturele mear- of minderheid, of wa’t mar moard en brân begjinne te roppen?

It makket net út dat yn dit gefal de sensor gjin net-korrekt ûnrant oantroffen hat yn de tekst. In troch de provinsje ynskeakele freonlike sjongeres mei Kongoleeske achtergrûn – sûnder in protte ûnderfining mei skriftlik Frysk, mar dat tusken heaken, want dêr gie it net om – hat net it geringste plakje, misserke, útgliderke oantroffen, neffens de krante. Hoe soe it ek oars.

Wat útmakket, is dat se der nei sjen mócht.


.

zaterdag 28 augustus 2021

Arcadia, waar is ons Fries gebleven?


In Fryslân wordt weer een enorm cultureel ‘feest’ opgetuigd. Arcadia zal volgend jaar honderd dagen duren. Net als in 2018 is het Fries in het programma nergens te bekennen. Laten Provinciale Staten dat gebeuren?

Abe de Vries

Jongstleden geschiedde mij iets eigenaardigs: ik werd per mail uitgenodigd, zonder verder commentaar, voor een overleg tussen Keunstwurk en Arcadia. Met geen van beide organisaties stond ik in contact, dus was ik een beetje verbaasd. Keunstwurk is de provinciale kunstbevorderingsclub en Arcadia is de naam van een groot cultureel festijn dat volgend jaar in Fryslân voor het eerst zal worden gehouden. Het zal maar liefst honderd dagen duren.

Ik was al in de auto op weg naar Leeuwarden, toen ik een belletje kreeg waaruit bleek dat er een vergissing in het spel was. Blijkbaar dragen meer mensen in de provincie mijn voornaam. Hindert niet, kan gebeuren. 

Een geluk bij een ongeluk was wel dat ik nu eens het programma van Arcadia, zoals vermeld op haar internetsite arcadia.frl, had doorgenomen. Daar was mij iets aan opgevallen. Iets waarover ik mij niet zozeer verbaasde – want ja, ervaring – als wel aan stoorde. Ik zal het uitleggen.

Paradijs

Arcadia, door de provincie en de gemeente Leeuwarden bestuiverd, presenteert zich aan ons als een hip verbeter-de-wereld-met-kunst project. ‘Wat is jouw paradijs? Jouw gedroomde samenleving?’ wordt de digitale lezer gevraagd. En: ‘Hoe geven we een beter Friesland en Europa door aan de generaties na ons?’

(Internationale) ‘kunstmakers’ mogen in 2022 honderd dagen lang zwaargesubsideerd op zoek gaan naar de antwoorden. Ze zullen hun bevindingen presenteren in installaties, exposities en voorstellingen. ‘Ze leggen oude tradities en nieuwe toekomstbeelden bloot’, zo wordt beloofd.

Dat blootleggen willen die kunstmakers graag doen in samenwerking met, ik citeer, ‘de mienskip’. Daartoe zijn voorlopig al drie grote projecten bedacht, die dragen trots de reclamefriese namen Bosk, Paradys en Iis. Het eerste brengt een langzaam door Leeuwarden ‘wandelend’ bos, het tweede onderzoekt het ontstaan van het Parklandschap Oranjewoud, en het derde gaat over ijs als ‘verbinder van de mienskip’, verderop zelfs van ‘us mienskip’ (evenwel zonder accent op de -u).

Daarnaast zijn er diverse kleinere programma’s rondom thema’s als eenzaamheid, duurzaamheid, geschiedenis en maatschappij. Tryater doet iets met ijsbanen, Orkater belicht de landschapspijn die wordt veroorzaakt door de Zuiderzeewerken, jongeren bemoeien zich met de zuivelindustrie, City of Literature brengt verhalen in alle talen, en dan is er nog iets over de sociale samenhang in het Leeuwarder stadscentrum.

Kortom, de plannen van Arcadia lezen als een bijlage bij het partijprogramma van GroenLinks.

Geen vergezicht voor het Fries

Grote, heel grote afwezige in dit als cultureel feestje verpakt politiek propaganda-instrument is het Fries. Dat was bij LF2018 niet anders. Deze keer is zelfs geen Friestalige versie beschikbaar van de internetsite, die alleen in het Nederlands of Engels wordt aangeboden. Wel is er het bekende ‘geveltsjefrysk’ (mienskip, Bosk, Paradys, Iis), maar inhoudelijk heeft Arcadia het Fries, de Friese taal, geen enkel vergezicht te bieden.

Geen wonder: de organisatie heeft meer dan twintig vol- en deeltijders in dienst, echter niemand – niemand – met specifieke betrokkenheid bij de taal. En nogmaals geen wonder: de club laat de marketing & communicatie over aan de al evenzeer provinciaal betaalde Frieshaters van MerkFryslân.

Provincie en Leeuwarden spenderen dus vele tonnen, op den duur denkelijk miljoenen (want het feest moet eens per zoveel jaar terugkeren) aan belastinggeld aan een cultureel politburo dat ideologisch en programmatisch het Fries buiten de deur houdt. Dat zal wel even slikken zijn geweest voor de FNP. Of niet?

‘Arcadia zet zich in voor erfgoed, landschap en maatschappij. Voor dat wat ons verbindt’, zo lezen we. Daar ligt natuurlijk de moeilijkheid, althans, volgens de potsenmakers en hun mecenassen: het Fries ‘verbindt’ niet. Tenminste, niet met dat deel van het Friese mensdom dat het Fries niet wenst te verstaan en te lezen.

Dat in deze provincie meer dan de helft van de bevolking Fries spreekt, het Fries als moedertaal heeft, is voor Arcadia geen maatschappelijk gegeven van belang. Cultuur in die taal hoeft door Arcadia niet te worden aangemoedigd. Het Fries moet beperkt blijven tot de tussenkoppen van een anderstalig reclamepraatje.

Andere realiteiten

Andere maatschappelijke realiteiten, bijvoorbeeld op het gebied van geloof en kerkgang, behoren ook niet tot het ‘gesprek’ dat Arcadia zegt ‘op gang te willen houden’. Dat zal even slikken zijn geweest voor het CDA en de ChristenUnie. Armoede aan de ondergrens, enorme inkomensverschillen, wanbeleid door overheden, jacht op uitkeringsgerechtigden, daar wil Arcadia het allemaal ook niet over hebben. PvdA, SP akkoord?

Het is tijd – het was al lang tijd – voor discussie over de criteria voor overheidssubsidies aan de culturele sector. LF2018 en nu weer Arcadia produceren kunst en cultuur op grond van politiek geladen beleidsnotities, echter zonder dat een openbare discussie heeft plaatsgevonden over juist het verlies aan kunst en cultuur door dergelijk provinciaal aandoend geknevel.

Gelukkig heeft men nog wel even de tijd om toch nog een tikje arcadischer te worden. Ik kan me in ieder geval niet goed voorstellen dat zo’n 350.000 Friessprekenden in de provincie zich zomaar uit het volmaakte land Arcadia – uit hun eigen toekomstige ‘mienskip’, eigenlijk – zullen laten heenzenden. Met een kluitje in het wandelend bos, zeg maar. 


Friesch Dagblad, 28 augustus 2021

woensdag 28 juli 2021

Dit is de dei en de dei is fan uzes mei elkoar



Soe de PC yn Frjentsjer net ris in reinbôgeflagge ophingje kinne op de Grutte Dei fan it Fryske keatsen? Dy fraach stelde sjoernalist, eks-Tûmba-direkteur en bekend keatsleafhawwer Ate de Jong yn juny oan de foarsitter fan de PC, Ids Hellinga. Yn de FryslânDOK-ôflevering ‘Groeten uit Friesland’ fan 26 juny makke er syn idee buorkundich. Reaksjes op de Facebook-post fan dy dei fan Omrop Fryslân, in seleksje:

It wurdt tiid foar in hetero flagge, stadig oan!

Hoe linkser hoe gekker, de reinbôge is it teken fan Gods trou oan de wrâld!

Ophâlde mei dy flauwekul.

Ut giet oar ut keatsen toch flauwekul die flagge

Hollânders wolle dat ek altyd, ergens wat yn feroarje wat goed wie.

De PC skytskoarre der wat tsjinoan, sa liket it. Yn alle gefallen skreau De Jong in moanne letter der noch mar ris in stikje oer, Facebook 23 july, pleatst as ynstjoerd brief yn it Friesch Dagblad, 26 july. Wer in seleksje út de reaksjes op sosjale media:

gedram om by elke gelegenheid it ûnder de oandacht te bringen

Ferskrikkelik sokke flaggen.

Wurdt tiid dast út e kast komste Ate,

Meitsje dy in kear drok om dingen dy’t er ta doche,

Dyselde deis waard bekend dat de PC in nije flagge ophongen hie: in kombinaasje fan de Fryske flagge en de reinbôgeflagge. Op dy kombinaasjeflagge kamen ek wer in hiel protte negative reaksjes op sosjale media. In lytse blomlêzing:

Ja ik fient flokken

de flag versmargje is dit as net!

Belediging voor deze prachtige vlag

Werom matte wy meidwan mei dy randstad-bombarie?

Poppe-kast!

In strii minne flagge dit bedjert úse identitijt sa heart 't net allinnich mar FRYSLÂN BOPPE!!!!!!!!!!

Fjirders,fan de FRIESE FLAGGE AU BLIOUWE

De keatswrâld sels hold him sa’t it liket fierhinne stil. Opfallende útsûndering wie ûnder mear eks-Bûnsfoarsitter Frans Dijkstra, dy’t te witten die dat in reinbôgeflagge ophingje wat him oanbelange ‘net nedich wie’. En eks-topkeatser Johannes Brandsma liet ek fan him hearre:

Helemaal de weg kwijt.

Onzinnig gedoe.

Vlaggen kunnen branden.

Ze hebben echt zo’n vlag opgehangen. Dan verlang je weer terug naar de tijd van Hannema.

Neffens my hawwe Ids Hellinga en syn kommisje de opgoaier/stekker/skroeier/tuskenynse fan Ate de Jong boppe slein. De Jong is ‘net kapot’ fan de kombinaasjeflagge, ‘mar it is in begjin’, liet er witte, derfan útgeand dat dizze hybride flagge inkeld fan ’t jier tsjinst dwaan sil, en dat de PC yn de takomst njonken de eigen flagge, de Fryske flagge en de Nederlânske flagge ek de échte reinbôgeflagge op it Sjûkelân wapperje litte sil. En de Europeeske, wêrom net?

Oant it safier is, beheint de PC him mei it ophingjen fan de kombinaasjeflagge ta ,,in hiel lyts statement”, sei Hellinga foar de Omrop (27 july). ‘Dit is de dei en de dei is uzes mei elkoar’, dat biedwurd is ál op de site fan de PC oan te treffen. ‘De dei is uzes’, is it tradisjonele sizzen fan de PC-foarsitter as er de wedstriid iepenet. Dat de dei yndie fan ‘uzes mei elkoar’ is, hat de PC diskear dus ek mei in flagge beklamje wollen.

Ut boppesteande reaksjes op sosjale media docht bliken dat in protte minsken sokke sinjalen, hoe beheind en lyts dy ek binne, mar min sette kinne – en dat allinnich al jout oan dat der ek yn Fryslân in merk is foar sok sindingswurk. ‘It bêste lân fan ierde’ is wat dat oanbelanget miskien wol in better lân as oare lannen, mar goed genôch is it noch net. Dy’t in idee krije wol fan de diskriminaasje fan minderheden yn Nederlân, moat it nijste rapport fan de ryksoerheid der mar op neislaan.

In oare fraach is: wêrom net gewoan de bekende reinbôgeflagge ophongen? Wêrom de Fryske flagge en de reinbôgeflagge yninoar oerrinne litte? 

Skriuwer Ferdinand de Jong makke dêr okkerdeis op syn weblog beswier tsjin: hy hat it oer ‘disrespekt’ foar ‘ús flagge’ en hy lit witte ‘grutsk’ te wêzen op ‘de Skeane Banen’. Linkse types as De Jong en myn persoan krije grif ‘jokte’ fan syn miening, mient er: ‘Neffens my fine de beide hearen dat hast alles mei yn dit lân (..).’

Ik kin Ferdinand gerêststelle: fan my mei er him sa populistysk útlitte as er mar wol. En yndie liket it my net in goed idee om de kombinaasjeflagge in langer libben te jaan as de kommende wike, mar om in oare reden as de achte weblogskriuwer. Diskriminaasje op grûn fan kleur, gender of seksuele identiteit hat yn myn tinken neat te krijen mei provinsjes – it protest dêr tsjin kin him dus ek net hâlde oan geografyske of nasjonale grinzen. Krekt de universele reinbôgeflagge hie dêrom de bêste kar west. Ik nim oan dat de PC dat takom jier ek útdrage wol.

Likegoed is de ‘diskusje’ oer de kombinaasjeflagge op ferskate flakken winst. Dêrom hie ik it hjirboppe oer in boppeslach. It docht pynlik dúdlik bliken dat ek yn Fryslân noch genôch minsken oantroffen wurde kinne dy’t byles fanneden binne as it oer ferdraachsumens giet. De ‘grutskens’ op ‘ús flagge’ kin noch by de rûs oanfolle wurde mei soargen oer tige konkrete misstannen dy’t minsken tige konkreet de fernieling yn helpe.

En dan noch wat: kinne al dy lju dy’t op sosjale media sa swetse oer har respekt foar de Fryske flagge net ris leare om teminsten in bytsje akseptabel Frysk, de taal dêr't se wierskynlik ek al sa grutsk op binne, te skriuwen? 

zaterdag 10 juli 2021

Bestjoer skatryk Skriuwersboun wol 'frijwilligersfergoeding' foar bestjoersleden en ferheget yllegaal de kontribúsje mei 60 prosint


It Skriuwersboun, it ‘fakbûn’ foar Fryske skriuwers, hat fan ’t maitiid besletten dat de bestjoersleden in saneamde ‘frijwilligersfergoeding’ fan 1600,- euro jiers de man/frou/oars takomt (Leeuwarder Courant, 19 april). Op útstel fan it bestjoer hat it bûn, dat 20.000,- euro yn kas hat, de kontribúsje foar de leden ferhege fan 25,- nei 40,- euro it jier.

Ek wol it bûn de Provinsje Fryslân om hast trije kear safolle subsydzje freegje, fan 3.738,- euro (2019) nei 10.000,- euro it jier.

Dizze besluten foelen op de algemiene ledegearkomste (online, sneon 17 april). Mar op de wurklist foar dy gearkomste stienen dizze foarnimmens net eksplisyt fermeld. Boppedat waard de wurklist de leden krekt trijenheale dei fantefoarren tastjoerd. Soks komt del op ûnbehoarlik bestjoer, sa’t elk wit dy’t wolris in bestjoersfunksje yn it ferieningslibben hân hat.

Mei yngong fan april bestiet it bestjoer út Willem Verf (foarsitter), André Looijenga (ponghâlder), Trevor Scarse (skriuwer), Ammerins Bos-de Boer (algemien lid) en Pier Boorsma (algemien lid). ‘As wy de Provinsje net bewege kinne ta sa’n ferheging [fan de subsydzje], dan moatte wy ús earnstich beriede hoe fierder’, driget it bestjoer yn in taljochting oan de leden.

It ynstellen fan in ‘frijwilligersfergoeding’ foar it bestjoerswurk ferantwurdet it bestjoer sa:

It giet om pittich frijwilligerswurk yn in krityske omjouwing. De eksterne kontakten (Provinsje, Ynstituten, Utjouwers, Parse, Fakblêden) ferwachtsje meitinken en tsjinspul op nivo. Moatte hja ek krije, wol it bestjoerswurk rendearje. De kontakten mei de eigen leden kinne stypjend en tige noflik wêze, mar krityk, betiden pittich, is gjin útsûndering. In bestjoer moat belied meitsje kinne, him ferantwurdzje doare, risiko nimme. En boppedat kreatyf wêze, mei ideeën komme. En heul praktysk: it nimt tiid en men hat as bestjoerslid fan alles oan ’e kop en by d’ ein, wat op kosten gean kin fan it eigen kreative skriuwwurk.

De needsaak fan mear jild fan de Provinsje besiket it bestjoer dúdlik te meitsjen troch te skermjen mei posten en bedraggen oan de útjeftekant fan totaal 11.500,- euro. Op in nei de leden stjoerde ‘Aktualisearre begrutting Skriuwersboun 2021’ stiet in bedrach fan 1000,- euro foar ‘aktualisearring lede-administraasje’ (ferstoarne leden moatte fan de list ôf), 1200,- euro foar ‘ledegearkomsten’ (de twa online gearkomsten yn 2021 kostje gjin jild), 1250,- euro foar in nije webside (de âlde sjocht der oars prima út), 350,- euro foar in ‘wurkgroep oersetters’ (blykber gearkomstekosten), 1000,- euro foar ‘Transpoesie’ (net ien wit wêr’t dat jild hinne moat), en mar leafst 2500,- euro foar in byinoar fantasearre ‘projekt stimulearring promoasje Fryske literatuer’. Oer dy lêste post - gjin taak foar in fakbûn; promoasje fan Fryske literatuer hat de Provinsje oan de Afûk tadield - skriuwt it bestjoer yn in taljochting:

Sintraal yn dit projekt: it lobbyen ûnder, it stimulearjen fan en it beynfloedzjen fan ferskate aktoaren dy’t te krijen hawwe mei it ûnder de oandacht bringen fan Fryske boeken. Dit lobbywurk is rjochte op it ta stân kommen fan in nije, tige aktive en solide struktuer ta befoardering fan de ferkeap, de produksje en it lêzen fan Frysktalige boeken, mei ekstra omtinken foar nij oarspronklik wurk. (..) Op dit ûnderwerp sil gearwurking socht wurde mei de Afûk/BfF, Tresoar, de Provinsje, it Ryk (ynlânske saken), útjouwers, Ried Fryske Beweging, de Omrop, de kranten en tiidskriften, de Biblioteken en de boekhannel.

Dat, dêr giet it ek al om gearkomstekosten – deselde kosten dy’t it bestjoer ek brûkt om de ‘frijwilligersfergoeding’ mei te motivearjen.

Ien en oar liket foaral ôfkomstich te wêzen út de hege hoed fan de nije foarsitter, Willem Verf, dy’t op 17 april it plak ynnommen hat fan ynterim-foarsitter Geart Tigchelaar. Verf hat gjin nocht oan frijwilligerswurk en mient dat in bestjoersfunksje by It Skriuwersboun folle mear wurk ynhâldt as by it gongbere Fryske ferieningslibben dat draait op de belangeleaze ynset fan lju dy’t idealen heger hawwe as fertsjinsten.

Om dy ynstek oan de leden te ‘ferkeapjen’, hat it bestjoer de iene nei de oare kostepost plus byhearrend bedrach út de loft plôke of út de tûme sûgd, sa’t hjirboppe bliken docht. Dat de leden – noch in stik as hûndert, neffens it bestjoer – dizze gong fan saken, sis mar dit wanbestjoer, akseptearre hawwe is in gotspe.