It Skriuwersboun, it ‘fakbûn’ foar Fryske skriuwers, hat fan ’t maitiid besletten dat de bestjoersleden in saneamde ‘frijwilligersfergoeding’ fan 1600,- euro jiers de man/frou/oars takomt (Leeuwarder Courant, 19 april). Op útstel fan it bestjoer hat it bûn, dat 20.000,- euro yn kas hat, de kontribúsje foar de leden ferhege fan 25,- nei 40,- euro it jier.
Ek wol it bûn de Provinsje Fryslân om hast trije kear safolle subsydzje freegje, fan 3.738,- euro (2019) nei 10.000,- euro it jier.
Dizze besluten foelen op de algemiene ledegearkomste (online, sneon 17 april). Mar op de wurklist foar dy gearkomste stienen dizze foarnimmens net eksplisyt fermeld. Boppedat waard de wurklist de leden krekt trijenheale dei fantefoarren tastjoerd. Soks komt del op ûnbehoarlik bestjoer, sa’t elk wit dy’t wolris in bestjoersfunksje yn it ferieningslibben hân hat.
Mei yngong fan april bestiet it bestjoer út Willem Verf (foarsitter), André Looijenga (ponghâlder), Trevor Scarse (skriuwer), Ammerins Bos-de Boer (algemien lid) en Pier Boorsma (algemien lid). ‘As wy de Provinsje net bewege kinne ta sa’n ferheging [fan de subsydzje], dan moatte wy ús earnstich beriede hoe fierder’, driget it bestjoer yn in taljochting oan de leden.
It ynstellen fan in ‘frijwilligersfergoeding’ foar it bestjoerswurk ferantwurdet it bestjoer sa:
It giet om pittich frijwilligerswurk yn in krityske omjouwing. De eksterne kontakten (Provinsje, Ynstituten, Utjouwers, Parse, Fakblêden) ferwachtsje meitinken en tsjinspul op nivo. Moatte hja ek krije, wol it bestjoerswurk rendearje. De kontakten mei de eigen leden kinne stypjend en tige noflik wêze, mar krityk, betiden pittich, is gjin útsûndering. In bestjoer moat belied meitsje kinne, him ferantwurdzje doare, risiko nimme. En boppedat kreatyf wêze, mei ideeën komme. En heul praktysk: it nimt tiid en men hat as bestjoerslid fan alles oan ’e kop en by d’ ein, wat op kosten gean kin fan it eigen kreative skriuwwurk.
De needsaak fan mear jild fan de Provinsje besiket it bestjoer dúdlik te meitsjen troch te skermjen mei posten en bedraggen oan de útjeftekant fan totaal 11.500,- euro. Op in nei de leden stjoerde ‘Aktualisearre begrutting Skriuwersboun 2021’ stiet in bedrach fan 1000,- euro foar ‘aktualisearring lede-administraasje’ (ferstoarne leden moatte fan de list ôf), 1200,- euro foar ‘ledegearkomsten’ (de twa online gearkomsten yn 2021 kostje gjin jild), 1250,- euro foar in nije webside (de âlde sjocht der oars prima út), 350,- euro foar in ‘wurkgroep oersetters’ (blykber gearkomstekosten), 1000,- euro foar ‘Transpoesie’ (net ien wit wêr’t dat jild hinne moat), en mar leafst 2500,- euro foar in byinoar fantasearre ‘projekt stimulearring promoasje Fryske literatuer’. Oer dy lêste post - gjin taak foar in fakbûn; promoasje fan Fryske literatuer hat de Provinsje oan de Afûk tadield - skriuwt it bestjoer yn in taljochting:
Sintraal yn dit projekt: it lobbyen ûnder, it stimulearjen fan en it beynfloedzjen fan ferskate aktoaren dy’t te krijen hawwe mei it ûnder de oandacht bringen fan Fryske boeken. Dit lobbywurk is rjochte op it ta stân kommen fan in nije, tige aktive en solide struktuer ta befoardering fan de ferkeap, de produksje en it lêzen fan Frysktalige boeken, mei ekstra omtinken foar nij oarspronklik wurk. (..) Op dit ûnderwerp sil gearwurking socht wurde mei de Afûk/BfF, Tresoar, de Provinsje, it Ryk (ynlânske saken), útjouwers, Ried Fryske Beweging, de Omrop, de kranten en tiidskriften, de Biblioteken en de boekhannel.
Dat, dêr giet it ek al om gearkomstekosten – deselde kosten dy’t it bestjoer ek brûkt om de ‘frijwilligersfergoeding’ mei te motivearjen.
Ien en oar liket foaral ôfkomstich te wêzen út de hege hoed fan de nije foarsitter, Willem Verf, dy’t op 17 april it plak ynnommen hat fan ynterim-foarsitter Geart Tigchelaar. Verf hat gjin nocht oan frijwilligerswurk en mient dat in bestjoersfunksje by It Skriuwersboun folle mear wurk ynhâldt as by it gongbere Fryske ferieningslibben dat draait op de belangeleaze ynset fan lju dy’t idealen heger hawwe as fertsjinsten.
Om dy ynstek oan de leden te ‘ferkeapjen’, hat it bestjoer de iene nei de oare kostepost plus byhearrend bedrach út de loft plôke of út de tûme sûgd, sa’t hjirboppe bliken docht. Dat de leden – noch in stik as hûndert, neffens it bestjoer – dizze gong fan saken, sis mar dit wanbestjoer, akseptearre hawwe is in gotspe.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten