‘With millions of people told to stay at home, we’d love to know: What’s been on your pandemic reading list?’ De New York Times Books frege it okkerdeis op Twitter. Literatuer yn tiden fan koroana. Ik ha wat antwurde oer blommen en tútsjes en kuchjes en hamsterjen en – dat tel ik ek mar mei – Treast Telefyzje fan Tresoar, earste ôflevering oer Gysbert Japiks.
Wy, dy’t mei alle dagen mear ferbazing en konsternaasje it nijs folgje oer dizze histoaryske krisis: watfoar gedichten, ferhalen en romans skriuwe wy? As der net oare prioriteiten wienen, soenen je der dalik ûndersyk nei dwaan wolle, mar in yndruk is likegoed no al wol te jaan. Wy skriuwe teksten dy’t oan in sa grut mooglik publyk treast en bemoediging kommunisearje. Dy’t ‘mienskip’ en mei-minsklikens propagearje en dy’t winsklik en net-winsklik hâlden en dragen formulearje en repetearje.
Is dêr wat mis mei? In protte minsken wolle graach ta stipe wêze fan ‘ús allegear’. Hannelje op in wize dy’t safolle mooglik oare minsken neifolgje en wurdearje kinne. Dêr is neat mis mei. Fan sa’n hâlding is altyd grut ferlet – dêrom skaait it ek al gau út nei populisme: it útsuteljen fan de maklikste oplossingen. Mar de trien fan it sigeunerjonkje is hjir it punt net. It punt is dat minsken yn har kapasiteit as literêre skriuwers net presys deselde stipe-ambysjes hawwe kinne. Sa’n skriuwer wol op it foarste plak tsjinstber wêze oan de literatuer. Tsjinstber oan syn tekst as tekst, sawol yn ferhâlding ta oare teksten as ta de konteksten dêr’t se yn funksjonearje – earder as oan bygelyks it RIVM, de ‘mienskip’, de bûsdoek, konkrete ideeën oer it algemien belang, of watfoar driuwende polemyk ek mar fierd wurdt.
Tsjinstber wêze oan de keunst.
Mar kin in skriuwer dan net op it twadde, tredde of fjirde plak wat dwaan wolle foar ‘de minsken’? Jawis wol – en hy hoecht syn sosjaal engaazjemint en maatskipijkrityske ympulsen en alle oare oanstriden net by de dyk te setten – leaver net! Mar de literêre keunstner ûnderskiedt him fan de sneinsdichter meidat er minder faak út it each ferliest wat syn earste, belangrykste opdracht ek alwer wie. Op it foarste plak wol er in nijsgjirrige tekst meitsje. Dat soks lang net altyd slagget, is wat oars. It is syn stribjen net en reitsje safolle mooglik snaren of fluitsje in aardich deuntsje, mar meitsje goede muzyk. Sykje it krekte ritme, speur nei in idee dat hout snijt, hein it byld dat bybliuwt. Meitsje keunst. Besykje it yn alle gefallen.
Hjir rint wat freeslik mis yn ús dagen, sa liket it. Dy keunst, Keunst, spilet ommers gjin rol fan betsjutting yn koroanatiden – Frysk-literêre keunst is suver folslein ûnsichtber wurden. Dat is in tryste konstatearring. In ûnderskied tusken literatuer en lektuer wurdt net mear makke. De maatskiplike marzjinalisearring fan Fryske literatuer is in ûntjouwing fan de lêste tritich jier – mar is dit it einstasjon? Is dit ús kultuerpopulistyske Fryslân, ús eigentiidske ferskining fan in oarde dêr’t de keunst wol faker smoard is troch sawol taalbeweging as kommersy, syn kontoeren útwiske seach, syn krityk fersmiten? In plak dêr’t tanksij koroana werklik elk yn- en opstjoerd produkt, hoe bryk en machteleas formulearre ek, krante en blêd hellet, plus sosjale media, in skala oan websites, radio en tillevyzje?
'Lieve dichters, houd uw coronakunst voor uzelf!', wie in pear wike lyn al de hertekreet fan dichter Delphine Lecompte yn NRC.
It is in kwestje fan fraach en oanbod. It probleem betreft net allinnich redaksjes dy’t tsjin keunst kieze – of eins: dy’t hielendal net kieze – of eins: dy't net stilstean by har kar - mar ek de skriuwers sels, dy’t hieltyd minder de literatuer en hieltyd mear de merk fan de maklike empaty betsjinje. In multymediale merk, dêr’t in tekst efkes opflikkeret, projektearre op in gebou, ôfprinte yn in krante, delkwakt op in byldskerm. Teksten dy’t net sûnder har makker kinne, net sûnder in moai boadskip, kwalik sûnder plaatsjes. Sokke skriuwers krije it hieltyd dreger mei har earste opdracht en ferhúzje fan de literatuer nei de lektuer.
Asjebleaft, neam sokke teksten dan tenei gjin keunst mear. Meitsje ûnderskied. Kies foar keunst. Dy’t yn dizze drege tiden wat foar de Fryske literatuer dwaan wol, moat soargje dat tekst wer op it foarste plak as tekst wurdearre wurdt. En dêrnei krekt, miskien, as goede bedoeling of as treast.
.
dinsdag 21 april 2020
woensdag 15 april 2020
In aai oer de bol of in skop ûnder de kont?
Ensafh-sjef en literêr feteraan Piter Boersma hat yn de twadde papieren ensafh fan dit jier in nijsgjirrich ‘redaksjoneel’ skreaun wêryn’t er in tal opmerkingen makket oer de stân fan saken yn de Fryske literatuer. ‘It ûntbrekt de Fryske literatuer op it stuit oan oanwaaks en nije skriuwers dy’t har oppenearje binne meast âlderen’, wol er hawwe. ‘(..) de jongerein lit it ôfwitte (..) jonge oanwaaks is der minder as earder en dat is foaral sa om’t it ûntbrekt oan jonge trochsetters’.
‘Der bart fan alles. Mar tagelyk is der te min sprake fan in útgean fan eigen krêft, is der sprake fan ferwettering, wurde de skouders fierste min mei oertsjûging ûnder de Fryske literatuer set.’
Wiist de sprekker ek oarsaken oan? Ja, hy neamt de oanlûkingskrêft fan de dominante Nederlânske taal (dy’t tanksij ús ûnderwiissysteem makliker skriftlik yn ’e macht te krijen is – mar dat neamt er dan wer net) en it twatalich publisearjen. Hy set fraachtekens achter it provinsjale en ynstitúsjonele belied: ‘Kin men stelle dat de Fryske literatuer wat hat oan bygelyks inisjativen as Explore the North en Ljouwert City of Literature (..)?’ It stiet der net letterlik, mar hy tinkt fan net. Boersma slút ôf mei in apokalyptyske útsmiter:
‘Wat ûntbrekt is de ambysje, de ynspanning en ek de finansjele ynjeksje om foar mear ynterne krêft yn de Fryske literatuer, it Frysk literêre libben te soargjen en de mooglikheden foar de Fryske literatuer te fergrutsjen. It liket earder dat der krêften dwaande binne om de Fryske literatuer fersûpe te litten.’
Wat dy ‘krêften’ oanbelanget, dat wit ik net. Mar de útsmiter slacht de spiker op ’e kop. Wat dy ûntbrekkende ambysje en dy ûntbrekkende ynspanning oanbelanget, mei Boersma dêrby ek nei syn eigen blêd sjen, dat as in skipke sûnder seil mar wat omdangelet op de literêre see. It grutste manko fan ensafh is syn populisme en syn folslein ûntbrekken fan in kritysk perspektyf. By ensafh hearsket it anything goes en krijt elkenien syn fiif minuten yn ’e sinne, syn aai oer de bol, syn finest hour.
De redaksje fynt it grif net aardich dat ik dit skriuw. Mar ferlykje de bydragen ris mei de ynhouten en de krityske ynstek fan dat oare literêre blêd, Fers2 fan Friduwih Riemersma. Dat oars as ensafh net in sint subsydzje ferbaarnt, mar ynhâldlik benammen op it mêd fan de poëzij en de literêre krityk sûnt 2015 fier útstekt boppe alles – en ik sis dat mei net in spoar fan oerdriuwen – wat Fryslân earder sjoen hat oan literêre blêden. (Dochs is de namme fan de haadredakteur net te finen yn it rychje skriuwersbiografyen op sirkwy -hoe kin dat?)
Kwaliteit – in grut tekoart deroan – is de belangrykste faktor yn it delgean fan de Fryske literatuer dy’t net neamd wurdt. Literêre kwaliteit bewurkmasterje is in konstant gefjocht: mei skriuwers, mei jo mei-redaksjeleden, mei te min tiid, mei de Fryske beweging, mei de polityk en syn ivige befoardielen fan it populisme en it ‘maklike plaatsje’. Mar by ensafh kin alles. Dêr is gjin gefjocht. Dêr binne wy allegear ‘foar it Frysk’ en allegear sympatyk oan ’e gong. Dêr ûntstiet dus neat fan werklike wearde. Of te min.
Wêrom bin ik oait út ein set mei Frysk dichtsjen? Om’t de Spiegel van de Friese poëzie my sjen litten hie watfoar geweldige gedichten guon Fryske dichters skreaun hienen. Wêrom binne de kritiken fan Anne Wadman, Lolle Nauta, Trinus Riemersma, Tjitte Piebenga en al dy oaren út de sechstiger jierren noch altyd fan belang en in genot om te lêzen? Om’t dy lju net meidobberen op ’e stream, net bûgden foar de grutte kliber, mar helder foar eagen hienen hoe’t it oars en better moast en neat en nimmen sparren om it safier te krijen – ek al hawwe ek sy harren mislearringen kend en harren nederlagen akseptearje moatten. Ja, Paulus Akkerman waard no ienris mear lêzen. Wa’t syn eigentiidske ferskiningen binne, mei men sels ynfolje.
De Fryske skriuwerij is hjoeddedei yn de hobbyfase bedarre. Guon lju fiskje, oaren dogge oan talige ekspresje. Driuw? Needsaak? Wanhope? Wolnee. Minsken mei werklik skriuwtalint, echte skriuwers en dichters, lju dy’t op papier wat te sizzen hawwe, wêrom soenen dy tsjintwurdich Frysk skriuwe, as se dat al kinne soenen? Om’t se yn fjoer en flamme reitsje fan Rixt-baas Syds Wiersma syn tútsjes, Dichter fan Fryslân Nyk de Vries syn kuchjes of acht gedichtjes fan de soan fan de haadredakteur yn ensafh 12-2 (2020)?
Boersma wiist terjuchte op in te min oan ‘ambysje’ en ‘ynspanning’, mar hy is dêr sels mei debet oan. Syn kollumskriuwer Riemersma hat er yn 2014 fuortjeid en ferfongen troch noflike ferhaaltsjefertellers. Dat is mar ien foarbyld. Ensafh hat in wearzge fan literêre en politike krityk en konfrontaasje en wol it spul graach breed hâlde. Dat mei fansels. En as de redaksje it dêr mei iens bliuwt, sil dat wol net feroarje. Mar klei dan net oer te min ambysje en ynspanning.
As it fjild der sa hinne leit, wat soe dan in ‘finansjele ynjeksje (..) foar mear krêft yn de Fryske literatuer’ úthelje? In dûbeltsjûke kritykleaze ensafh? Noch mear ynstitúsjonele ûnsin yn de Moanne? De Fryske skriuwerij moat sa gau mooglik sa fier mooglik fuortflechtsje fan de hobbyfase. Dat is in needsaaklike foarwearde foar it fuortbestean derfan as nijsgjirrige literêre aktiviteit. It is lykwols gjin foldwaande foarwearde: yn it ûnderwiis sil der hiel gau hiel wat feroarje moatte, wol aansen überhaupt noch immen Frysk skriuwe kinne.
In inisjatyf dat mooglik in bytsje tsjingas jaan kinne soe, is in ynternasjonaal literatuerfestival yn Fryslân. Dêr wurdt op it stuit oer neitocht. Serieus oer neitocht. As der finansjele ynjeksjes noadich binne, dan foar dát inisjatyf. Ek kin folle mear ynset wurde op masterclasses en kursussen. As blêden as ensafh en de Moanne dan tagelyk net langer alles mar ôfprintsje wat se oanbean krije - ja, dan soe soks fertuten dwaan kinne.
Ferfang de beweger mei syn aai oer de bol troch de kritikus mei syn skop ûnder de kont.

dinsdag 7 april 2020
Mienskip of minsken
Lêstlyn ha ’k it hân oer it moadeferskynsel ‘ferbining’. Like slim yn ’e moade is it ferskynsel ‘mienskip’. Sûnt it bidbook fan LF2018 is it opmarsjearjen fan dat wurd yn kranten, blêden, op tillevyzje en op ynternet net te kearen, ik hoech gjin war te dwaan om dat oan te toanen. Wêr komt it wei en wêrom is it in wurd dat no hast wolris ta kin mei in ûnske minder?
It Frysk brûkt ‘mienskip’ tradisjoneel eins inkeld as part fan it wurd ‘doarpsmienskip’, of as oantsjutting fan ien of oar organisatoarysk ferbân, in klup, in feriening (Jongfryske Mienskip). Yn beide gefallen suggerearret it in foarm fan ienheid: wat ferbynt – dêr hast ’m wer – is belangriker as wat skiedt.
Gjin wûnder dat in kommersjeel barren as LF2018 der swier op ynset hat. Wa wol no net wat út ’e wei sette foar ‘ús allegear’? Wa weaget it om krityk te hawwen op wat optúgd wurdt foar ‘ús allegear’? En de kassa’s rinkelen.
Taalgebrûk kin ferrifeljend wêze. Yndrukken ûntstean litte sûnder dat jo dat dalik yn ’e rekken hawwe. ‘Mienskip’ ferberget it deasimpele feit dat it neat konkreets en oanwiisbers betsjut, sadree’t it feralgemienisearre wurdt. Yn dat gefal wurdt ‘mienskip’ gau in machtswurd, in manipulaasjewurd – ast it net iens bist mei de wurdbrûker, setst dysels bûten it imazjinêre mar dêrom net minder machtige kollektyf-dêr’t-wy-dochs-allegear-ta-hearre. De doelen-dêr’t-wy-allegear-nei-stribje komme dan automatysk op spande foet te stean mei dyn doelen. En do komst bûtenspul te stean.
‘Mienskip’, sa’t it de lêste jierren ynset en brûkt wurdt, is krekt as de freonskip út it bekende liet fan Het Goede Doel út de tachtiger jierren in yllúzje – mar wol in skealike.
Gewoan, natuerlik, net-oerspand, net-ideologysk, net-kultuerkommersjeel fersmoarge taalgebrûk hat it oer ‘de minsken’. ‘De minsken wolle ornaris wêze dêr’t se net binne’, stiet op in plakette op it stasjon yn Ljouwert. Net: de mienskip nimt hjir de trein. Jo begjinne jo taspraak of iepeningswurdsje net mei: ‘Bêste mienskip’. Jo sizze: ‘Bêste minsken’. De iennichste kollektive eigenskip dêr’t dan nei ferwiisd wurdt, neist de bêstens, is it minsk-wêzen fan lêzer, sjugger of taharker. Dy’t dermei bedoeld wurde, kinne wol tafallich allegear Friezen wêze, of allegear lid fan de geitefok, mar dêr seit de oansprekfoarm neat oer.
‘De minsken’ lit my en myn selsbyld yn har wearde – besiket net om my in beskaat ‘ik’ oan te praten en op te kringen wêryn’t ik noch op oare manieren itselde wêze (moatte) soe as oaren. Folle better! Of net?
Partij politisy, organisaasjes, media, stiftingen, ferieningen – der komt gjin ein oan – tinke fan net. Dy hawwe nammentlik net my op it each. Se sprekke my net oan as yndividu, mei syn eigen eigenaardichheden en mieningen en healwize bûtenslaggen. Nee, dy klups wolle in lyts stikje fan my misbrûke – amputearje - foar har eigen foardiel. Om der goede sier mei te meitsjen, om mear subsydzjejild los te krijen, om oarstinkenden de bek te binen. Myn Frysk wêzen, dêr giet it dan meastal om. Of ek wol: myn ynwenner-wêzen fan de Provinsje Fryslân. Myn ‘foar ús allegear’ wêzen, sis mar – mar dan wol sa’t sy it hawwe wolle.
‘Ik wol wat foar de mienskip betsjutte’, hearde ik okkerdeis in kollega sizzen. Foar dy kollega skriuw ik dit stikje. Ik ha net frege wat oft de kollega mei ‘de mienskip’ krekt bedoelde, mar dat sil wol sokssawat as ‘elkenien’ west hawwe. Sis dan tenei gewoan: ik wol wat foar de minsken betsjutte.

Stoer, mar ek in bytsje bang
Ik swalkje wol gauris om lytse dingen oan ’e kust,
in stik tou, in ein hout, in blik sardyntsjes.
De see soe it libben bringe boppe mjitte,
mar asfaltfolling blokkearret de basaltblokken,
konteners slaan iepen, plestik sinkt,
de petten fan de kapteins fisket it jonkje op.
Ik rin o sa faak de dyk te uzes by op en by del,
myn lân slopseurt dêr mei syn kontinint.
Mar de dei komt – sa knap betocht is dat net –
om it fierôf kleien fan ’e oseanen te ferstean.
Dêrom haw ik it oer lytse dingen oan ’e kust,
in lústere wurd, in antyfirus yn in fleske alfêst.
In poppehûs, in faaie rigel yn in frjemde taal.
Oer in skulp, mar sûnder slak en sûnder see,
in kondoom of in ferruoske Deenske bierdop.
As ik lykas Jellema in babykrabbe yn ’e hân hâld,
dy’t ferweecht tusken myn libbenslinen,
oan ’e fierste râne fierder krûpt, en falt
in foar him ûneinich djippe ôfgrûn yn,
de stripe skaad fan Skylge foarbij,
en dy't foarbij it ljocht fan de Brandaris
himsels miskien as fait accompli weromfynt
op in last minute nei it fiere Reykjavik,
of yn in bouillabaisse yn Esbjerg –
dan hat ús moeting mear as skjirreknippen west
fan myn kant. Hy lit mij de raffels yn it seesicht sjen –
in perpetuum mobilee fan skomkoppen,
it oppenearjen fan mooglikheid nei mooglikheid.
Oant myn jongste soan mei in deade ein oansetten komt,
stoer, mar ek in bytsje bang.
(Leeuwarder Courant, 7 april 2020. s. 22)

maandag 24 februari 2020
Hannen ôf fan de Dichter fan Fryslân
Dat sá komme de proefballontsjes yn 'e wrâld. Meitsje in dokumintêre oer Fryske poëzij en lit dêr ien of oar kopstik yn sizze dat er werklik hopet dat de folgjende Dichter fan Fryslân gjin Frysktalige gedichten skriuwt. Mar Hollânsktalige, tinkt de sjugger/harker dêr fansels dalik achteroan. En hy tinkt dêrnei: do ek, Brutus?
Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, it kopstik yn kwestje, besleat nei in pear Frysktalige eigen dichtbondels en in moaie twatalige blomlêzing út de Frysktalige poëzij fan min ofte mear syn generaasjegenoaten (Droom in blauwe regenjas) it kantoarke fan syn bedriuwke nei Amsterdam te ferpleatsen en him fierder foaral ta te lizzen op Hollânsktalige kut- en lulgedichten (Kutgedichten, Klotengedichten).
Sûnt hat de Hollânsktalige tak fan syn bedriuwke aardich súkses yn it rûnreizgjend performance-sirkwy, wylst de Frysktalige tak dêrneffens wat achterbliuwt. Logysk, want fan dat Frysk kinne jo net ite en slacht de sintrale ferwaarming net ienris oan, lit stean jins libido. Bruinja, in baas netwurker, hie wol safolle súkses dat er net inkeld yn 2017 beneamd waard ta 'Dongeradichter' fan de gemeente Dongeradeel mar yn 2019 sels ta 'Dichter des Vaderlands'.
Dat wûnderaardige súkses misgunt him fansels net ien. Bruinja is oeral, docht alles, leit kontakten, befoarderet eigen en oarmans belangen en hy is wat dat oanbelanget it net mis te rinnen oaljemantsje fan it Nederlânske poëzijsirkuske. Dy't it no opportún achtet om it Frysk as kultuertaal mar ris efkes in reis te ferkeapjen. Wylst de Frysktalige literatuer - en yndie, de Fryske taal - alle stipe brûke kin dy't mar te krijen is, wylst it provinsjale taal- en kultuerbelied foar in grut part rjuchte is op it ûnderstypjen, mei ús belêstingsinten, fan dyselde Frysktalige literatuer en dyselde Fryske taal, ropt Bruinja wat oars.
Hy hopet dat de folgjende Dichter fan Fryslân gjin Frysktalige gedichten skriuwt. Want, neffens him: 'in Fryslân moet het altijd in het Fries'. Is it net ferskriklik, en dat yn in meartalige provinsje lykas uzes?
Mar it is Bruinja dy't ûnsin ferkeapet. Hy docht dat grif as 'His Master's Voice' fan ús provinsjale kultuerynstellingen dy't, mind you, al folle langer dwaande binne om it Frysk út it sintrum fan de subsydzjestreamen wei te pesten. 'In Fryslân moet het altijd in het Fries' is domwei in leagen. Wolris it tydskrift De Moanne lêzen, Bruinja? It lot fan Trotwaer neirûn, dat tydskrift dêr't ik dyn jiergongen fan krige om'tsto der gjin belang mear by hiest, tank nochrisom? Of de programmearring fan Explore the North besjoen? Of de stroffelstiennepoëzij fan Ljouwert? Noait wat aparts opmurken oan de taligens fan it topsegmint fan LF2018?
Wa't blyn wêze wol, moat foaral de eagen ta dwaan. Nee, yn Fryslân moat net alles altyd yn it Frysk. Hoe soe dat ek? De helte fan de Fryske befolking praat wat oars: Hollâns, stedsk, mar ek Bilts, Stellingwerfs, Turks, Marokkaans, Surinaams, sis it mar. Gjin ein oan de talen en dialekten yn Fryslân. Ien fan dy talen, de grutste, is it Frysk, in taal dy't troch mear as de helte fan de befolking yn de provinsje praat wurdt en dêr't ús demokrasy oant yn Europeeske ferdraggen ta fan bepaald hat dat dy taal bedrige wurdt, achterút kachelet, en út it eachweid wei fan minskerjuchten en diversiteit rjucht hat om mei in taal- en kultuerbelied stipe te wurden yn in bysûndere ynspanning fan ryks-, provinsjale en gemeentlike oerheden.
Tsead Bruinja kin syn optinksels yn Nederlân - en Fryslân - rûnom publisearje, der binne tydskriften, kranten en multymediaprogramma's sûnder tal dêr't er syn Hollânsktalich wurk oan slite kin. En dat jildt fansels foar elkenien dy't graach Hollânsk skriuwe wol en in bytsje oanlis foar taal hat. Publyk foar soks is der ek by 't soad te finen en it kultuerkommersjele 'kom, we doen er een gedichtje bij' wrâldsje skinkt him in ûngelok oan goedkeape wyn fan de Lidl.
Hoe oars is de wrâld dêr't de Frysktalige dichter en skriuwer yn libje. Talint genôch, mar hast gjin publyk, hast gjin oanmoediging, hast gjin kollega's, hast gjin publikaasjemooglikheden, hast gjin wurdearring, hast gjin literêre krityk, en hast gjin jild. Bruinja wol dat no om him movearjende reden efkes net sjen, mar hy wit bliksemse goed it ferskil. En hy wit bliksemse goed dat krekt dêrom ús provinsje in taal- en kultuerbelied hat dêr't sûnt in tal jierren de Dichter fan Fryslân in net ûnbelangryk part fan útmakket.
Dy Dichter bringt Fryske poëzij nei it publyk op in wize dy't net mooglik west hie as dat amt net ynsteld wie. Dy Dichter sit yn in unike posysje om Frysktalige keunst fia publikaasjes yn kranten en op de Omrop yn it each rinne te litten; om de 'sichtberens' derfan te fergrutsjen. Dy Dichter is net yn it libben roppen om de projektromte fan ynstituten te fergrutsjen, mar om de befolking breder as oars kinnen hie kennismeitsje te litten mei de krêft en de skientme fan it bedrige Frysk as literêre taal. Sûnder dat soks op kosten giet fan Hollânsktalige lêzers of Hollânsktalige skriuwers. Kin 't noch moaier?
Hannen ôf fan de Frysktalige Dichter fan Fryslân, Tsead. En oaren.

zaterdag 4 januari 2020
KPN ferbynt minsken
Op âldjiersdei hie Hans den Hartog Jager in skôging - 'leestijd: 6 minuten' - oer byldzjende keunst yn NRC. It gie oer it opfallende bytsje omtinken fan 'de Nederlandse kunstwereld' foar 'Nederlandse kunst'. Oarsaken: te min selsbewustwêzen; 'een zacht zeurende zelfhaat'; de ivige klam op it 'kale, lelieblanke Hollandse modernisme'; pleiten foar Nederlânske keunst wurde al gau oansjoen foar nasjonalisme.
Nijsgjirrige byldzjende keunst is neffens Den Hartog Jager in 'cultureel fenomeen', dat men net misse kin as men 'midden in de maatschappij' stean wol. In goed foarbyld, neffens him, wie in tentoanstelling út 2018 yn it Stedelijk: '[Spirits of the Soil] bracht een heel stelsel van onderhuids sluimerende ideeën en emoties naar boven waarvan veel traditionele blanke kunstkijkers al wel beseften dat die in de samenleving aanwezig waren, dat die belangrijk waren, maar waar ze in het museum zelf nog maar zelden getuige van waren geweest.'
Bygelyks it slomjende idee dat it tiid wurdt om yn Nederlân ris in net-blanke keunstner op it skyld te hisen. Want dat soe 'nieuw bloed, nieuwe impulsen' betsjutte, en 'nieuwe, zwarte verhalen'. Dy binne noadich om 'de plank van de tijdgeest' net mis mar raak te slaan. Dy binne noadich om't allinnich dán 'de Nederlandse kunst' de rol spylje kin dêr't er sa goed yn wêze soe: 'die van aanjager, van breekijzer, van culturele verbinder'.
Goede keunstners, mient de skribint, soargje foar 'discussie en verbinding' en kommunisearje net inkeld mar mei harsels. 'Die verbinding, mag die alsjeblieft terug?' Musea moatte dan ek in 'verbindend beleid' tusken 'wij en de wereld' der op nei hâlde. En dat kinne se dwaan troch in 'prikkelende, confronterende, verbindende mix' te beiden fan keunst 'uit alle continenten én uit Nederland'. Sadat 'Nederlandse kunst, onze kunst (..) een stimulerende, verbindende kracht in de samenleving kan vertegenwoordigen'.
Ferbine. Wy wisten it fansels al sûnt it kulturele rampjier 2018: 'Culturele hoofdstad Europa 2018 verbindt Leeuwarden met Terschelling' (Sense of Place). 'We verbeelden onze droom van iepen mienskip. (..) Want als er iets is dat mensen verbindt en leert naar elkaar te luisteren, dan is het muziek' (Ira Judjovskaya). 'Samen laten de verhalen zien hoe verschillend we allemaal zijn, maar toch ook zo met elkaar verbonden. Ze verbinden verleden, heden en toekomst' (Promotekst Openingsweekend LF2018). 'Tegelijk verbinden we bezoekers en bewoners (nog meer) aan de omgeving' (Royal HaskoningDHV oer 11Fountains).
Yn Ljouwert bestiet in stifting Cultuur Verbindt. In útstjoerburo yn de bou hjit Verbindt.
In peptalkburo yn 'het Noorden' hjit HetVerbindt.
In útstjoerburo yn it easten fan it lân hjit DusVerbindt.
It buro fan in 'natuurcoach' earne yn Súd-Hollân wurket mei it biedwurd 'natuur verbindt'. Der is ek in buro dat, ferrassend, úthâldt dat 'taal verbindt'.
'AmsterdamVerbindt stimuleert iedereen om iets te betekenen voor een ander.'
'Delft Verbindt koppelt de drie grootste jaarlijkse ondernemersbijeenkomsten van Delft aan elkaar.'
'Voedsel Verbindt is een activerend platform dat een overzicht biedt van relevante Agri & Food initiatieven.'
'Onder het motto Overbetuwe Verbindt brengt gemeente Overbetuwe mooie en inspirerende initiatieven van inwoners in beeld.'
'Onder de noemer Coevorden Verbindt is het college deze bestuursperiode gestart met een overtuiging.'
Ensafierderhinne. 'Ferbine' is gemaksuchtige amtlike moadieuze fantasyleaze newspeak sûnder betsjutting, bedoeld om subsydzjestreamen los te meitsjen by politisy en amtners mei in wearzge fan keunst, foar projekten dy't neat mei keunst te krijen hawwe. En om lêzer en taharker sân yn eagen en earen te struien, sadat se minder gau troch hawwe wat der werklik te rêden is. Nammentlik reklame, kultuerkommersy, nostalgy, en wat fierder mar liedt ta weisjen fan werklike neden en echte skientme.
KPN ferbynt minsken.

Kear de pest dy't gebeure hjit
Kop op de ynternetside fan de Omrop: 'Kontenerramp kin sa wer gebeure, neffens boargemaster Wassink fan Skylge'.
Gebeure? Hoe krijt de Omrop it yn 'e plasse om myn Fryske taal op skrift sa te mishanneljen? Doch it dan mar gewoan yn it Hollânsk, dat lûdet better as sok ik-lul-mar-wat-want-ik-wit-wol-better-mar-ik-ferrek-it dialekt.
Om mar net yn allerhanne ôfmêdzjende diskusjes te bedarjen: der is gjin ein oan it ,,oanpassen" fan de taal oan wat tafallich yn 'e moade is (hollânismen). Ja, ik bin ek net konsekwint. Ja, ik brûk ek wolris wurden dêr't in better Frysk wurd foar oerlevere is. Ja, ik wit ek wol dat guon wurden dy't wy as hollânisme sjugge, eartiids ,,gewoan" ek troch Fryske taaltsjoenders brûkt waarden. Ja, elke Frysk-skriuwer moat syn eigen paad troch de wyldernis sjen te finen. Mar it is hjoed wol 2020 en dat bringt syn eigen sitewaasje mei him mei. As Omrop Fryslân in kaai-tiidwurd as barre mar farre lit, helpt er aktyf mei oan it ferdwinen fan de taal. En neffens my krijt er dêr gjin subsydzje foar.
As de Omrop dêr mei begjint, is dat net út âldergewoante wei. It is in mei opset sin besykjen om net inkeld popyjopy te praten, mar ek noch sa te skriuwen. Yn 't praat brûk ik barre ek net. Ik praat sa't wy thús praten. Mar yn 't skriuwen brûk ik it wol. Mei opset sin. Dat is ek wat estetysks. Boppedat, de measte ,,Fryske" tiidwurden dy't mei ge- begjinne, dêr is wat mis mei. Minsken dy't ,,gebeure" brûke yn 't skriuwen, moatte har ôffreegje wêrom't se by de rûs wol oare, yn it praat yn ûnbrûk rekke wurden en begripen brûke. Dat dogge se net, want se witte dat der dan fan har Frysk gjin splinter mear oerbliuwt.
As einredakteur by it Friesch Dagblad kom ik it allegear tsjin. Ruurdsje de Haan joech okkerdeis yn in diskusje op Facebook deselde foarbylden. Lytsbern foar bernsbern. Wie foar wa. Ungeluk foar ûngemak. Sleutel foar kaai. Ensafuorthinne. Der is yndie suver gjin ein oan de korreksjes dy't ik oanbring. No hoecht it allegear net sa eptich lykas it op ItNijs wol formulearre wurdt, mar ik moat al in grins lûke. Dêr wurd ik op it foarste plak foar betelle en op it twadde plak haw ik as taalbrûker in ferantwurdlikheid foar myn taal oer.
Taal moat fersteanber bliuwe, fansels. Doch mar gewoan, brocht Ate de Jong nei foarren. Mar ik soe útsjen mei it sentiment fan 'doch mar gewoan'. Want dat is yn de saak dêr't wy it no oer hawwe in ferrifeljend advys. Yn in minderheidstaal lykas it Frysk is 'gewoan dwaan' net it risseltaat fan in 'gewoan' maatskiplik proses dêr't taalgewoanten yn ta stân komme. Yn in minderheidstaal lykas it Frysk is sprake fan ieuwenlange ûnderdrukking, en om it dêrút fuortkommend analfabetisme dan te ferklearjen ta noarm is neat oars as meihelpe oan it musealisearjen fan in hiel rike taal en in hiel rike literatuer. En dat wolle de measte minsken ek net.
Dat: wat is 'gewoan'? Altyd skriuwe sa't je prate? As elkenien skriuwe moat krekt sa't er praat, dan komt it net goed mei it skreaune Frysk. Ik begjin mar wer oer de minderheidstaal: yn sa'n taal tsjinnet it skreaune wurk as foarbyld, as reservoir fan taaleigen, as it ramt dêr't de sprektaal yn funksjonearret of as de grûn dêr't er út opwaakst, noch mear as dat soks ek al it gefal is yn in mearderheidstaal lykas it Hollânsk (dy funksje is dêr ek oan te wizen).
Sprek- en skriuwtaal binne yn it Frysk lang net itselde en wa't se út ûnbegryp lykskeakelje wol, helpt de taal nei de kloaten. Media litte sokke beswieren gauris mar al te graach fan har ôfglydzje, har taak leit altyd earne oars as by taalbehâld. Lêzers, harkers en sjuggers lûke, nijs, amusemint en ynformaasje bringe, jild fertsjinje. It sil allegear wol, mar media binne ek taalbrûkers en moatte har rekkenskip jaan fan de wize sa't se mei har taal omgean.
Kear de pest dy't gebeure hjit.

Abonneren op:
Posts (Atom)