woensdag 15 april 2020

In aai oer de bol of in skop ûnder de kont?

Ensafh-sjef en literêr feteraan Piter Boersma hat yn de twadde papieren ensafh fan dit jier in nijsgjirrich ‘redaksjoneel’ skreaun wêryn’t er in tal opmerkingen makket oer de stân fan saken yn de Fryske literatuer. ‘It ûntbrekt de Fryske literatuer op it stuit oan oanwaaks en nije skriuwers dy’t har oppenearje binne meast âlderen’, wol er hawwe. ‘(..) de jongerein lit it ôfwitte (..) jonge oanwaaks is der minder as earder en dat is foaral sa om’t it ûntbrekt oan jonge trochsetters’. 

‘Der bart fan alles. Mar tagelyk is der te min sprake fan in útgean fan eigen krêft, is der sprake fan ferwettering, wurde de skouders fierste min mei oertsjûging ûnder de Fryske literatuer set.’ 

Wiist de sprekker ek oarsaken oan? Ja, hy neamt de oanlûkingskrêft fan de dominante Nederlânske taal (dy’t tanksij ús ûnderwiissysteem makliker skriftlik yn ’e macht te krijen is – mar dat neamt er dan wer net) en it twatalich publisearjen. Hy set fraachtekens achter it provinsjale en ynstitúsjonele belied: ‘Kin men stelle dat de Fryske literatuer wat hat oan bygelyks inisjativen as Explore the North en Ljouwert City of Literature (..)?’ It stiet der net letterlik, mar hy tinkt fan net. Boersma slút ôf mei in apokalyptyske útsmiter: 

‘Wat ûntbrekt is de ambysje, de ynspanning en ek de finansjele ynjeksje om foar mear ynterne krêft yn de Fryske literatuer, it Frysk literêre libben te soargjen en de mooglikheden foar de Fryske literatuer te fergrutsjen. It liket earder dat der krêften dwaande binne om de Fryske literatuer fersûpe te litten.’ 

Wat dy ‘krêften’ oanbelanget, dat wit ik net. Mar de útsmiter slacht de spiker op ’e kop. Wat dy ûntbrekkende ambysje en dy ûntbrekkende ynspanning oanbelanget, mei Boersma dêrby ek nei syn eigen blêd sjen, dat as in skipke sûnder seil mar wat omdangelet op de literêre see. It grutste manko fan ensafh is syn populisme en syn folslein ûntbrekken fan in kritysk perspektyf. By ensafh hearsket it anything goes en krijt elkenien syn fiif minuten yn ’e sinne, syn aai oer de bol, syn finest hour

De redaksje fynt it grif net aardich dat ik dit skriuw. Mar ferlykje de bydragen ris mei de ynhouten en de krityske ynstek fan dat oare literêre blêd, Fers2 fan Friduwih Riemersma. Dat oars as ensafh net in sint subsydzje ferbaarnt, mar ynhâldlik benammen op it mêd fan de poëzij en de literêre krityk sûnt 2015 fier útstekt boppe alles – en ik sis dat mei net in spoar fan oerdriuwen – wat Fryslân earder sjoen hat oan literêre blêden. (Dochs is de namme fan de haadredakteur net te finen yn it rychje skriuwersbiografyen op sirkwy -hoe kin dat?)

Kwaliteit – in grut tekoart deroan – is de belangrykste faktor yn it delgean fan de Fryske literatuer dy’t net neamd wurdt. Literêre kwaliteit bewurkmasterje is in konstant gefjocht: mei skriuwers, mei jo mei-redaksjeleden, mei te min tiid, mei de Fryske beweging, mei de polityk en syn ivige befoardielen fan it populisme en it ‘maklike plaatsje’. Mar by ensafh kin alles. Dêr is gjin gefjocht. Dêr binne wy allegear ‘foar it Frysk’ en allegear sympatyk oan ’e gong. Dêr ûntstiet dus neat fan werklike wearde. Of te min. 

Wêrom bin ik oait út ein set mei Frysk dichtsjen? Om’t de Spiegel van de Friese poëzie my sjen litten hie watfoar geweldige gedichten guon Fryske dichters skreaun hienen. Wêrom binne de kritiken fan Anne Wadman, Lolle Nauta, Trinus Riemersma, Tjitte Piebenga en al dy oaren út de sechstiger jierren noch altyd fan belang en in genot om te lêzen? Om’t dy lju net meidobberen op ’e stream, net bûgden foar de grutte kliber, mar helder foar eagen hienen hoe’t it oars en better moast en neat en nimmen sparren om it safier te krijen – ek al hawwe ek sy harren mislearringen kend en harren nederlagen akseptearje moatten. Ja, Paulus Akkerman waard no ienris mear lêzen. Wa’t syn eigentiidske ferskiningen binne, mei men sels ynfolje. 

De Fryske skriuwerij is hjoeddedei yn de hobbyfase bedarre. Guon lju fiskje, oaren dogge oan talige ekspresje. Driuw? Needsaak? Wanhope? Wolnee. Minsken mei werklik skriuwtalint, echte skriuwers en dichters, lju dy’t op papier wat te sizzen hawwe, wêrom soenen dy tsjintwurdich Frysk skriuwe, as se dat al kinne soenen? Om’t se yn fjoer en flamme reitsje fan Rixt-baas Syds Wiersma syn tútsjes, Dichter fan Fryslân Nyk de Vries syn kuchjes of acht gedichtjes fan de soan fan de haadredakteur yn ensafh 12-2 (2020)?

Boersma wiist terjuchte op in te min oan ‘ambysje’ en ‘ynspanning’, mar hy is dêr sels mei debet oan. Syn kollumskriuwer Riemersma hat er yn 2014 fuortjeid en ferfongen troch noflike ferhaaltsjefertellers. Dat is mar ien foarbyld. Ensafh hat in wearzge fan literêre en politike krityk en konfrontaasje en wol it spul graach breed hâlde. Dat mei fansels. En as de redaksje it dêr mei iens bliuwt, sil dat wol net feroarje. Mar klei dan net oer te min ambysje en ynspanning. 

As it fjild der sa hinne leit, wat soe dan in ‘finansjele ynjeksje (..) foar mear krêft yn de Fryske literatuer’ úthelje? In dûbeltsjûke kritykleaze ensafh? Noch mear ynstitúsjonele ûnsin yn de Moanne? De Fryske skriuwerij moat sa gau mooglik sa fier mooglik fuortflechtsje fan de hobbyfase. Dat is in needsaaklike foarwearde foar it fuortbestean derfan as nijsgjirrige literêre aktiviteit. It is lykwols gjin foldwaande foarwearde: yn it ûnderwiis sil der hiel gau hiel wat feroarje moatte, wol aansen überhaupt noch immen Frysk skriuwe kinne

In inisjatyf dat mooglik in bytsje tsjingas jaan kinne soe, is in ynternasjonaal literatuerfestival yn Fryslân. Dêr wurdt op it stuit oer neitocht. Serieus oer neitocht. As der finansjele ynjeksjes noadich binne, dan foar dát inisjatyf. Ek kin folle mear ynset wurde op masterclasses en kursussen. As blêden as ensafh en de Moanne dan tagelyk net langer alles mar ôfprintsje wat se oanbean krije - ja, dan soe soks fertuten dwaan kinne. 

Ferfang de beweger mei syn aai oer de bol troch de kritikus mei syn skop ûnder de kont.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten