zondag 8 april 2012
zaterdag 7 april 2012
KOLLUM (34): En hy pakte har beet, en se skodde mei har dikke reet
De Moanne hat in priisfraach útskreaun. Skriuwers wurde oproppen om “yn helder Frysk in goede eroatyske sêne of ferhaal te skriuwen, ûnder it motto: ‘De leafde bedreaun’. Tûzen wurden, mar it kin ek mei folle minder ta.”
Foar 1 juny ynstjoere nei demoanne@afuk.nl, it mei ek anonym, en it moaiste ferhaal wurdt ôfprinte yn it hite simmernûmer fan de Moanne. Skriuwt Moanne-redakteur Karen Bies yn it jongste nûmer fan it tydskrift.
Bies siet ek yn de sjuery fan de Rink van der Velde-priis ferline jier, dy’t wûn waard troch Ferdinand de Jong. Hy krige de priis nettsjinsteande de “yntime sênes” yn de priiswinnende roman It dak fan de wrâld. Neffens it sjueryrapport like de skriuwer mei dy sênes “ferlegen te wêzen, want de dialogen dêr binne de knoffelige kant it neist”. Mar Bies wit ek net hoe’t it al moat, seit se no, al jout se al in pear foarbylden fan skriuwers dy’t it wól goed dogge mei dy seks.
“Riek Landman liet har heldinnen sopjend troch it gea gean.”
Dat kaam dan miskien om’t it bûten krekt eaze hie?
Dy’t nei eigen sizzen neat sizze kin oer seks yn ’e literatuer, moat him neffens my oer it ûnderwerp dan ek mar stilhâlde. Dy’t yn ’e sjuery sit en mient dat er yn in rapport mei oppen en innen en oanen komme moat, dy soe dochs op syn minst winken jaan kinne oan de skriuwer yn kwestje hoe’t de sjuery it graach oars sjoen hie. Lekker maklik, nochal ja.
Dan no de priisfraach. Ik wit net hoe’t it op jim oerkomt, mar skriuwers oproppe om ferhalen yn te stjoeren, en der dan by sette dat mar ien ferhaal ôfprinte wurde sil… Sjoch bygelyks hjir hoe't it ek oars kin. Se tinke dêr by de Moanne seker dat it sa’n godfergetten grutte eare is om yn it blêd te stean, dat elk wol meidwaan wol, ek al ferdwynt dus 99,99999 persint fan de bydragen aansen yn it rûne argyf. No, ik tocht fan net. Wêrom gjin boekje meitsje fan de ynstjoerings? Sa’n oprop op dizze wize tsjûget net fan in protte respekt foar skriuwers. Ek hjir jildt: lekker maklik, nochal ja.
En om’t noch de RvdV-sjuery noch de redaksje fan de Moanne paadwizers jout dy’t skriuwers feilich troch de ivich sjongende moerassen fan de knoffelseks hinne helpe, hjir dochs mar wat goerie om op papier in stevige hite punt te setten.
Seks en leafde, dat wurdt fansels neat. Lit soks mar yn de eigen sliepkeamer gewurde. Nee, seks en lust. Oars komt it net klear. Lust is ôf te lêzen oan beskate lichamelike skaaimerken, mar it geheim derfan sit yn ‘e holle. Dy’t bûten de holle om skriuwe wol, kin better dalik ophâlde – allinnich gewrimel fan swittende liven smyt út noch yn gjin spannende tekst op. Sykje yn ‘e holle nei de dynamyk fan de ôfhinklikens: de gefoelstemperatuer fan lust hat dêr mei te krijen. En as lêste: kies ûnferwachte spilers, dekors en dito hannelingen.
De Tataarske konduktrise skullfucke op in húske yn de stampfolle yntercity tusken Moskva en Smolensk. Sokssawat.
Kinst it ek gewoan simpel hâlde. In brechje yn de Fryske greiden. Ut de evergreen ‘De boeretrien’ fan de Stampers: “En hy pakte har beet, en se skodde mei har dikke reet.”

vrijdag 6 april 2012
Nominearre foar de Fedde Schurerpriis 2012!
Myn esseebondel út 2008, Identiteit & kowesturten. Essays oer Fryske literatuer is nominearre foar de Fedde Schurerpriis 2012. De shortlist mei fiif debuten is hjir te finen. Dêr kin ek stimd wurde (earst efkes registrearje!) foar de Fedde Schurer Publykspriis 2012.
Unnoadich te sizzen dat it literatuerbedriuw hjir yn Huize de Feartfisk der hast feralterearre fan is. Ik leau ek dat de Fryske literatuer in protte ferlet hat fan mear essays en goede, langere kritiken. Mar it is in sterk fjild fan dielnimmers, dat sjoch mar efkes. Stimme kin noch oant 10 oktober.
Sjoch hjir foar in resinsje troch Harmen Wind fan de essaybondel en hjir foar Michaël Zeeman dy't ek de blomlêzing Het goud op de weg besprekt.

donderdag 5 april 2012
Abonneren op:
Posts (Atom)