Op it Finansjeel oersjoch 2022 fan It Skriuwersboun stean op syn minst twa yn it each rinnende posten. Dy hawwe beide te krijen mei bestjoerskosten:
Bestjoerskosten 755,15
Frijwilligersfergoeding bestjoersleden 7200,35
Dat makket opteld hast 8000,- euro as fergoeding foar de kosten en de ynset fan fiif bestjoersleden, omrekkene rûchwei 1500,- euro it lid.
Wat docht in bestjoerslid fan It Skriuwerboun allegear wol net, dat sa’n heech bedrach útlutsen wurdt om syn skea te fergoedzjen? Pear kear yn ’t jier fergaderje. Kofjekonsumpsje. Stikje cake. Wat tillefoantsjes hjir en dêr. Laptop oan en út sette. Nei de foarsitter harkje. Benammen dat lêste kin yndie ynspannend wêze.
Oer de ynset fan de bestjoersleden gjin kwea wurd fansels – mar as myn opgroeien yn in typyske (doarps)bestjoershúshâlding my net foar ’t lapke hâldt, dan hat ús heit – 25 jier foarsitter keatsklup, 25 jier siktaris en foarsitter iisklup, safolle jier foarsitter kaart- en biljertklup – yn alle jierren dat er foar ferieningen warber wie as bestjoerslid noait in (1) sint ‘frijwilligersfergoeding’ krige.
No seit soks net dat in oar dan ek alles mar fergees dwaan moat. Mar tusken neat en 1500,- euro sitte in nije breedbyldtelevyzje, in trochstreekse apk en in folslein fersoarge wike yn in Gryks hotel oan see. Alle jierren.
En wêrom is der dan gjin 'frijwilligersfergoeding' beskikber foar leden fan subkommisjes fan It Skriuwersboun?
Enfin, It Skriuwersboun hat 19 april syn jiergearkomste en dêr sille de leden hjir wol wat fan fine. Of net. Mar no begripe wy ek wêrom’t neffens it bestjoer de strukturele subsydzje dy’t de provinsje foar It Skriuwerboun oerhat, foars omheech moat. ‘Us eigen strukturele subsydzje ferheegje (fan 4 nei 10 tûzend [sic] euro jiers) is no net mooglik. Wol kin der nei alle gedachtemn [sic] in tydlike foarsjenning komme foar ’23 en ’24’, meldt it bestjoer yn syn Jierferslach 2022.
Mei oare wurden: sa’n 75 prosint fan de takomstige strukturele subsydzje, is it plan, sil opgean oan bestjoerskosten en -fergoedingen. En in boekhâlder moat leafst gjin feestjes bedjerre, dat dy riante fergoedingen binne ferline jier al ferliend, ek al wie de om frege subsydzjeferheging ‘no net mooglik’ en ek al wie der gjin ‘tydlike foarsjenning’ foarhannen.
Fierder, sa docht bliken út bekendmakkingen, sil it bestjoer fan It Skriuwersboun trochsette mei in sinleas plan (de namme ‘It Skriuwersboun’ feroarje yn ‘It Skriuwersbûn’) en in rampsillich plan (lit in kommisje seis ‘tagonklike’ boeken jiers útkieze foar ekstra promoasje en jou de skriuwers fan dy boeken elk 5000,- euro feestjild).
Oer ien en oar haw ik hjir en hjir al skreaun, dat ik lit it hjir mar by. Ik winskje de leden in soad wiisheid ta op 19 april.
.