dinsdag 14 januari 2014

Moarn yn it Friesch Dagblad: Lwd2018, meitsje ús gek

Moarn wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, oer de mediale stilte, de diskusjelijte, de ideeëleechte om Lwd2018 hinne:

"It jubeljier 2013 hat by de rûs krantestikken en soundbites brocht dêr’t út bliken die dat Ljouwert in boppeslach dien hie. Mar no komt it oan op it oersetten fan goede bedoelingen en ideeën yn werklike inisjativen. Hoe tefoarren te kommen dat Lwd2018 aansen net folle mear is as in grut eveneminteburo? Hoe de saak sá yn kalk en semint te krijen dat werklik maatskiplike effekten berikt wurde? 

Fansels, it nije jier is noch jong. De krystbeam is noch mar kwalik ta de doar út, de oaljekoeken binne skjin op, de bubbels op ’e resepsjes wiene tige, en fan de goede foarnimmens is de earste glâns noch net ôf. It jier 2014 is út ein set. It jier nei de útferkiezing. Lwd2018, meitsje ús gek."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten