zaterdag 9 februari 2013

In feilige haven?

Moai nijs juster: wat oerbleaun is fan de Friesland Bank, hat de Leeuwarder Courant en het Dagblad van het Noorden kocht. De LC, juster op Facebook:

"LEEUWARDEN - De koop van NDC Mediagroep, uitgever van Leeuwarder Courant en Dagblad van het Noorden, is gesloten. Het bedrijf komt definitief in handen van een noordelijk consortium van twee ideële stichtingen, aangevuld door ING Corporate Investments. Op 16 januari was het principe-akkoord gesloten, maar sindsdien is nog intensief overleg gevoerd. ,,Ik ben ontzettend blij dat we de noordelijke kranten in een veilige haven hebben kunnen loodsen'', zegt Jorrit Volkers zaterdag in de LC. Hij voerde namens FB Oranjewoud en JM de afgelopen maanden de onderhandelingen."

De hamfraach is fansels oft dy ‘feilige haven’ kloppet cq. oft bliken dwaan sil dat it kloppet. NDC Mediagroep en syn keapers/ynfestearders kieze foar in takomst as selsstannich bedriuw, bûten de grutte konserns, as 'lytse spiler'. As de sterk delgeande trend wat de oplages oanbelanget trochset – en neat wiist derop dat soks net it gefal wêze sil de kommende jierren – en as it bedriuw der oan de oare kant net yn slagget nije produkten cq. nije media yn ‘e merk te setten, ja, dan is it mar útstel fan eksekúsje. NDC mediagroep sil it allinnich rêde kinne as se werklik regionale kranten meitsje wolle, nije blêdformules ûntwikkelje kinne (bygelyks in krante foar senioaren) en nije media súksesfol meitsje kinne (op ynternet, mar ek op radio en tillevyzje). En soks moat dan allegear mei minder minsken as der no yn tsjinst binne.

Sjoch ek: ‘Fryske suvel rêdt noardlike kranten?’, seedyksterfeartfisk, 23 maaie 2012

Geen opmerkingen:

Een reactie posten