maandag 17 september 2012

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Beweging sûnder sifers

Yn de kultuerbylage fan woansdei, Friesch Dagblad, fansels wer in Skroeier. Diskear oer de 'Lytse Beweging' dy't him oan de linkerside fan de Fryske Beweging ôftekenet ûnder de ideologyske lieding fan sjoernalist en publisist Kerst Huisman en, sûnt koart, skriuwer Willem Schoorstra:

"Opfallend is it ûntbrekken fan sifers yn ferhalen oer selsbestjoer. Ik woe foarsichtich freegje oft it ek mooglik is dat Fryslân profitearre hat, en noch altyd in soel wyntsje yn ’e rêch fielt, fan de Nederlânske jildmasines yn it westen fan it lân. En hoe’t it dan moat as dat ynfús ferstoppe rekket. Of moat it sifermjittich heil inkeld komme fan in ynterfryske cq. Grinslanner gasbel?"

Geen opmerkingen:

Een reactie posten