dinsdag 29 mei 2012

Moarn yn it Friesch Dagblad: Frysk ûnderwiis mei ferdrach

Woansdei yn it Friesch Dagblad wer in Skroeier, diskear mei de konklúzje dat Nederlân op it stik fan it Frysk ûnderwiis de minskerjochten skeint.

"Thús hiene wy tusken de middei gauris in Frysksinnige ûnderwizer út it doarp te iten. Oan tafel liet ik dan wolris in wurd falle as ‘sleutel’ en dan sei Jan de Haan ‘kaai’. ‘Gean dochs fytsen mei dyn kaai’, tocht ik as puber. Dat ferbetterjen fûn ik mar neat en it Frysk koe my ek it measte net skele. No, dik tritich jier letter, sjoch ik der in slach oars tsjin oan. En haw ik ek soargen, lykas ús kostgonger fan doe, oer de taal.

Tink jo ris yn, it fak Nederlâns op de basisskoalle wurdt beheind ta in oerke yn ’e wike. En dat iene oerke moat jûn wurde troch ûnderwizers út Ingelân. Want hjir te uzes wol net ien mear ûnderwizer wurde. Soe it goed komme? Ik tink it net."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten