dinsdag 1 mei 2012

K-dei, Vondelpark

Utpakke
Jild telle!

5 opmerkingen:

  1. It bysûndere fan de boppeste foto is, dat dy yn it lytse formaat moaier is as de orizjiniele. By de lytse foto sjochsto sa'n intrigerend oranje-read plakje, tusken "ondefinieerbare schaduw'. It krijt dêrmei in abstractie dy't nijsgjirrich makket. Datselde fynst'yn de grutte net werom. Mar dizze beskôging is alhiel persoanlik fansels...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Hoi Ids, thanx. Eins hat de foto trije eigenskippen: abstraksje, tsjinstelling en anekdoate. De abstraksje sit yn de fertikale opbou út trije flakken, wêrby't it swart boppe-yn weromkomt as 'eilân' yn it ljochte part. De tsjinstelling sit yn it swart-griis fersus it oranje huodsje dat noch in kear sa oranje wurdt troch de sinne, mar ek yn de rûne foarm fan it huodsje - dat kontrastearret mei de horizontale linen yn de foto. In tsjinstelling sjoch ik ek tusken dyselde strakke linen en de rûningen fan de lytse fioele. En de anekdoate is dan gewoan it jonkje dat syn fioele út de koffer krijt op Keninginnedei, as tarieding op syn optreden.
    Ast de foto yn grutter formaat besjochst, ferliest er miskien yn earste opslach wat fan syn abstraksje, mar bygelyks de fioele falt dan mear op.
    Aardich kompositoarysk detail (fyn ik sels) is it skaad fan tûken links op de foto en it stikje rots/stien rjochts underyn.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. De foto wurdt hieltyd moaier mei ús beskôgings. De foto "jild telle" nimme wy dan ek mar efkes mei.. Dizze foto hat de emoasje fan 'oandwaanlikens'. Boppedat makket dy ek wol nijsgjirrich, lykas wannear asto in skilderij wat (mear) yn detail besjochtst. Sa kinsto dy foto ek neier besjen en dyn tinzen der op loslitte. Sadwaande krijt de/in foto betsjutting, dêr't jo fan genietsje kinne...

      Verwijderen
    2. Ja, dy foto is mear yn de kategory 'leuk foar mysels'. Moai is it ûnoanpaste lange hier fan beide, dêr't de sinne yn ploft. En it omtinken fan beide hearen foar wat der yn dy huodsjes sit... :-)

      Verwijderen
  3. Ek in abstrakte aardichheid: it wat skean steande fjouwerkant, foarme troch de net hielendal horizontale skieding fan skaad en ljocht en it net hielendal fertikale stik stien ûnderyn. It gehiel fansels fongen yn it strang rjochthoekige fan it fotoramt. No sa.

    BeantwoordenVerwijderen