zondag 3 november 2019
vrijdag 1 november 2019
De Brykfryske Mienskip. Lêzing hâlden foar de Jongfryske Mienskip, Oerterp, 1 novimber 2019
De Brykfryske Mienskip
Bestjoer, dames en hearen, tank foar de útnoeging oan my om hjir te kommen en wat te sizzen oer de 'Brykfryske Mienskip', sa wie de suggestje dy't my oan 'e hân dien waard troch bestjoerslid Wolter Jetten.
It moast foaral 'in kritysk lûd' wêze, wie it boadskip. Dat, as guon fan jim aansen reade pompeblêden op 'e snút krije fan lilkens en argewaasje, of my útmeitsje wolle foar in 'smoarch Hollânsk dweilstik' of in geheim agint fan de AIVD - is my ek al ris bard -, tink dêr efkes oan. Myn skuld is it net, ik set hjir fraachtekens op oanfraach. Mar ik mien wol wat ik sis, al sil it der neffens guon wol wat sljucht en rjucht út komme.
Miskien moat ik earst wat oer mysels fertelle. Ik bin in Frysktalich sjoernalist en einredakteur by it Frysk Deiblêd, dichter, skriuwer en literatuerûndersiker by de Fryske Akademy. Dêrút folget al dalik dat de Fryske taal, net as in museumstik mar as alle dagen te brûken ark, foar my myn wurk en myn libben is.
It twadde ding dat ik yn dit fermidden dalik bekenne moat, is dat ik âlderwetsk links wie, bin, en bliuw. Dat ik Domela Nieuwenhuis de grutste fan de njoggentjinde, en Joop den Uyl de grutste Nederlânske politikus fan de tweintichste ieu achtsje, beynfloedet myn blik op fan alles en noch wat. Net elkenien hoecht it mei myn politike kleur iens te wêzen, mar ús mem silliger sil wol glimkje.
Wêrom in 'brykfryske' mienskip? Lit my ris, om wat natuerlikwei by myn ûnderwerp te kommen, út ein sette mei in blik op de ynternetside fan de Jongfryske Mienskip. Dy sjucht der prachtich út en yn it algemien binne de digitale presintaasjes modern, oantreklik en faak profesjoneel foarmjûn. Mar op de iepeningsside treffe my wol dalik trije ynhâldlike boadskippen, dy't de muoite wurdich binne om earst efkes te sinjalearjen.
It earste is it ûntbrekken fan de Fryske flagge. Ik sjuch fjouwer flaggen dy't ik net ken, al leau 'k dat ien dêrfan de saneamde en net sa hiel lang lyn ûntwurpen 'ynterfryske flagge' is, mar ik kin mis wêze.
De promininsje fan dy flagge is grif om de ferbûnens dy't de Mienskip fielt mei de ûnderskate noch besteande Fryske taalfarianten pratende befolking bûten Fryslân oan te jaan. Mar, mei alle respekt, 'das war einmal' - der is net folle mear oer om jin mei ferbûn te fielen ommers. Fryskpraters bûten Fryslân binne óf emigranten, of se wenje yn trije doarpkes yn 'e buert fan Oldenburg, of se hâlde ta yn in pear âldereinhuzen yn Ostfriesland, of se hokje noch gear mei in stik as tsientûzen die-hards yn in úthoeke by de Dútsk-Deenske grins.
Bêst, tink ik. Mar hat de Jongfryske Mienskip neat driuwenders en belangrikers te dwaan as de jierlikse pelgrimsreis nei de Upstalbeam en it oanwizen fan allerhanne wetenswaardichheden oer de skiednis fan in oait, hiel lang lyn Frysk bûtenlân? Wêr is, mei oare wurden, de Fryske flagge bleaun?
Twadde ding dat opfoel: de Jongfryske Mienskip is oprjuchte troch Douwe Kalma. Stiet dêr. Yn it ramt fan de altyd ferliedlike heldeferearing is it taskriuwen fan dy oprjuchting oan ien persoan in boppeslach, mar yn werklikheid wienen der yn novimber 1915 in pear mear oprjuchters yn it Oranjehotel yn Ljouwert. Rintsje Sybesma bygelyks. Pieter Sipma. Net de minsten.
Tredde ding: de dichtrigel. 'Aldfaers erf wy weitsje oer dy'. Dy rigel komt as ik my net fersin út it bekende liet 'It Heitelân' fan Jan Linses van der Burg:
Dêr't dij 't âlde folk biwarre,
Trou tsjin stoarm en twinglandij;
Scille wy as Friezen swarre:
Aldfaers erf, wy weitsje oer dy!
De tekst komt út 1900 en is skreaun nei in foarbyld fan de joadsk-zionistysk-kommunistyske Snitser Sam de Wolff, dy't hope hie dat syn tekst it nije Nederlânske folksliet wurde soe. 'O Canada, we stand on guard for thee', sjonge de Kanadezen yn har folksliet, dat datearret fan tweintich jier earder. Noch altyd is 'It Heitelân' ien fan de meast draaide Frysktalige nûmers op kremaasjes yn Fryslân.
Ik nim no efkes in gothic rûte: fia dy kremaasjes kom ik op de ûndergong fan it heitelân as we know it. Wat docht no de Brykfryske Mienskip anno 2019 foar nuttichs om dy ûndergong te kearen en oer it âldfaars erf te weitsjen?
Dat liket nijsgjirrich om út te finen. Ik stap dêrta oer nei de Facebook-side fan de Mienskip, om te sjen hoe't men tinkt it publyk te berikken. Myn each wurdt dalik lutsen troch in bloedmoaie healneakene boerefaam en de fûlreade lippen fan wrâldmodel Doutzen Kroes. Ha! tink ik, de hearlikheden fan it Fryske folts sille hjir riinsk foar it fuotljocht brocht wurde.
Mar dat falt ôf. Want ik lês fierder foaral bydragen oer hoe't Brabânske boeren it Fryske folksliet mei-âlje, oer kening Finn, Beowulf, de Slach by Warns, 'the origins of the Frisian freedom', 'das historische Ostfriesland', Noarske goaden, de Deenske keninginne, Helgolân - nim my net kwea ôf, Hilgelân - Wij Vikingen yn it Frysk Museum, en dat allegear ôfwiksele mei melodieuze muzyk fan etno-metalbands as Baldrs Draumar en Jitizer.
En dan bin ik noch mar tebek gien oant ein augustus. Earlik is earlik, in pear kear komt ek de Fryske taal nei foarren. Mar dat mei suver gjin namme hawwe. Dan moatte jo de eagen wol hiel goed iepen ha, oars sjugge je it net en binne je der al foarby.
Ik sis it mar sljucht en rjucht: wat ik tsjinkom is allegear hiel folle midsieuwen, hiel folle wy oait Friezen fan it Swin oant Moermansk, en in hiel soad byinoar fantasearre romantysk nasjonalisme ferpakt yn moaie plaatsjes en pakkende teksten. Mar mei relatyf mar in hiel lyts bytsje each foar de Realiteit.
No kin de Jongfryske Mienskip der foar kieze om in soartemint histoaryske re-enactment feriening mei Frysk karakter te bliuwen. Gewoan in gesellige boarreltafelklup, bearenburch, droege woarst, dúmkes, Deensk bier en wat kwartette mei de sân seelannen en har lânsflaggen. En dan is der mei de koerts fan hjoed fansels neat mis.
Ik tink lykwols dat soks sûnde sûnde en skande skande wêze soe. It âldfaers erf hat gjin boarreltafelklup, mar weitsers noadich. Noch altyd, nee, mear as ea. Mar - en dat is myn punt - miskien nét it soarte fan weitsers dat jim blikens sosjale media foaral wêze wolle.
'Fryslân vs. de Rânestêd', dat boadskip wurdt bygelyks ek útdroegen. It is de moderne oersetting fan it bekende anty-Hollân sentimint. De realiteit is lykwols dat fierrewei de measte Friezen, sis mar 99 persint, har sawol Fries as Nederlanner fiele. Dy dûbele identiteit wurdt yn 'e rûnte dêr't ik no foar praat meast oan kant skood, mar dêr wurdt de saak net oars fan. De ynbring fan Friezen yn de Nederlânske polityk en skiednis is net lyts. It Fryske Nederlannerskip giet werom op de gloarjejierren fan de Republyk, mar ek doe al wie Amsterdam de motor en de ûnmisbere skeakel yn 'e fertsjinst.
Myn punt is: in al te swier oanset wy-sy tinken wurket net, en sterker noch, ûnderwrot datjinge wat wy graach wolle yn it ûnderwiisbelied, in bettere posysje foar de Fryske taal. Krekt dêrop, op dy taal, moat de Fryske beweging de minsken oansprekke, wol dy beweging himsels lang om let net oerstallich en betsjuttingsleas meitsje.
De boaiem ûnder it Frysk fielen hat foar gewoane minsken lykas wy binne, altyd west de Fryske taal. Net op it foarste plak it plattelân, dat hawwe se earne oars ek. Net op it foarste plak de histoaryske helden, dy hawwe se earne oars ek. Ek net it deaslaan fan Hollanners mei in roastich swurd of in ein hout út in âlde hikke. Dat is, hoe befredigjend dy praktyk ek west hawwe mei, krekt wat te lang lyn.
Nee: dy boaiem ûnder it Frysk fielen is op it foarste plak, op it twadde plak en op it lêste plak de Fryske taal.
Dy taal is spitigernôch in krimpend fenomeen: dy ferdwynt en ferdialektisearret bytsje by bytsje, troch globalisearring, massamedia, migraasje, desynteresse, ekonomyske ûntbetsjuttenens, mar ek, en foaral, en dat kin noait genôch beklamme wurde, troch bewust belied. Troch it gebrek oan goed en ferplicht ûnderwiis yn dy taal, in grutte flater yn ús demokrasy dy't ferankere sit yn skealike wet- en regeljouwing, net allinnich fan de Nederlânske nasjonale mar likegoed fan de Fryske provinsjale oerheid.
De polityk yn Fryslân hat op dat stik de lêste desennia mar al te dúdlik in koerts keazen. Dy makket fan it Frysk in aardichheidsje, dêr't, no toe dan mar, in healoerke yn 'e wike mei hinne giet. Dy komt mei leardoelen om 'e hoeke dy't neat om 'e hakken hawwe. Dy etnisearret it ûnderwiis en skeint de minskerjuchten troch mear ûntheffingen te ferlienen oan skoallen yn gebieten dêr't minder Frysk praat wurdt as earne oars.
Mar dy paait ús wol mei kitsj en folkloare. Dy set mei opljochtsjende koweletters it wurd 'Wolkom' del yn de greide lâns de súdlike yngong fan Ljouwert, dat is sa aardich foar de toeristen. Mar dy skrapt tagelyk sûnder euvelmoed suver alle Frysk fan betsjutting út it Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018-programma.
Nee, de provinsjale polityk wol ús leaver gidse troch it moaie - ha, ha - Fryske lânskip. En as it oer helden gean moat, leaver Grutte Pier as Piter Jelles. Leaver 'de Fryske frijheid', sis mar regionaal adelik eigenbelang fan seis-, sânhûndert jier lyn bewierrikje, as Frysk- en Hollânsktalige bern yn Fryslân ferplichtsje, goeiegodskes, om fatsoenlik Frysk te learen.
Ik haw yn Sis Tsiis yn it begjin tegearre mei Friduwih Riemersma besocht om in oare stratezjy yn de striid foar Frysk ûnderwiis te krijen. Dat is it útstel om ûnderwiis yn de eigen taal tenei suver te besjen as in minskerjucht of bernerjucht, hoe't je it mar neame wolle. En om út dy posysje wei krityk te leverjen op it oerheidsbelied, sawol út De Haach as út Ljouwert wei.
Koartsein: wy wolle graach dat Frysktalige bern goed ûnderwiis krije yn de eigen taal, net om nasjonale aspiraasjes foar in Frysk 'folk' te befoarderjen, of om de neitins fan Grutte Pier te earjen, mar om't bern - en oeral op 'e wrâld is dat sa - better leare yn har eigen taal. En dus op achterstân set wurde as se twongen wurde om te learen yn in oare taal.
Mar o heden, dat wie mis. Nei ien súksesfolle en histoaryske manifestaasje waarden de spanningen SisTsiis al tefolle. De rjuchterflank wol dat ûnderwiis nammentlik leafst besjen as in folksrjucht en nimt net de konkrete perspektiven en rjuchten fan it yndividu as útgongspunt, mar de net besteande neden fan in imazjinêr folk.
Nasjonalisten misbrûke yn myn eagen de striid foar it ûnderwiis as in ynstrumint yn har striid foar hiel wat oars, neam it ûnôfhinklikens, autonomy of simpelwei Hollân-bashing. Risseltaat: nergens komt in bliksem fan telâne, net fan dat Frysk ûnderwiis, en ek net fan SisTsiis.
Mei de Fryske politike earm stevich mar net al te talich op it plúsj, en mei de Jongfryske fleugel foaral op syk nei nostalgy, sjucht it der foar wat perspektiven op better taalûnderwiis oanbelanget dêrom net hiel bêst út. Sa sille úteinlik ek - tink ik - begripen as 'Fryslân', 'Frysk' en 'Friezen' en de eigen provinsjale organisaasje oait in kear yn 'e knipe komme.
Is der ferset? Protest? Lilkens? Oeral ride se tsjintwurdich de trekkers foar út de boereskuorren. Stikstofbelied, fersmoarge grûn-belied, Swarte Pyt, en wat sille wy noch allegear belibje. Mar mei krij 'm beet hûndert trekkers it Provinsjehûs en/of de Twadde Keamer blokkearje yn it ramt fan aksjes foar it Frysk ûnderwiis? Dat is der net by. Mei twahûndert man en frou nei in skoallemienskip om't dy neat of fierstente min oan it Frysk docht, ek net.
Hie myn taal mar trekkers. Hie myn taal mar sprekkers dy't der wat om joegen.
Om it safier te krijen, sil der wurk ferset wurde moatte. Dat wurk hjit, ik sis it efkes amtlik, sadat it Provinsjehûs der ek wat fan meikrijt, yn geef Frysk: it kreëarjen fan draachflak. Wat docht de Fryske beweging yn it algemien, en de Jongfryske Mienskip yn it bysûnder, oan it kreëarjen fan draachflak foar it Frysk en Frysk ûnderwiis? Wat men oan de iene kant mient op te bouwen mei reklame foar trijetalige skoallen, brekt men dat oan de oare kant net like hurd wer ôf?
Foarbyld ien. De Ried fan de Fryske Beweging hat in nijswebside, ItNijs.frl. Ik tink dat dat in goed inisjatyf is, dêr't folle mear jild hinne kinne soe, en dat it wurdich is om fierder út te bouwen en te profesjonalisearjen. Mar dat yn syn publyksbelied bystjoering noadich hat. De lêzers- en reageardersrûnten wienen, oan de reaksjes ôf te lêzen, oant net sa lang lyn foaral te finen ûnder in espeltsje Fryske nasjonaaltinkers dy't it har libbenstaak achtsje om foar de islam, moslims en bûtenlanners te warskôgjen. Hielendal it PVV en FvD-resept, mar net dalik gaadlik, yn myn eagen, foar brede neifolging.
Wat mist, is belutsenens fan in bredere groep minsken, mei mear ferskaat, en ek fan lju mei in hegere oplieding. Wat mist, is in besykjen om middengroepen te berikken ynstee fan ôf te stjitten. It idee fan de Afûk foar Fryske opskriften yn supermerken hat dat wol yn him, ik lies dat dat idee al earder yn Jongfryske rûnte oppere wie. Mar no begjint it fansels krekt: hoe sille provinsje en gemeenten in grut oantal supermerken sa fier krije?
Foarbyld twa. Ik tink dat ek de Jongfryske Mienskip bytiden dwaande is om it bytsje draachflak dat der noch is, fierder ôf te brekken ynstee fan op te bouwen. Sa't ik earder sei, fierrewei de measte Friezen sjugge har Frysk-wêzen net yn in skerpe tsjinstelling mei har Nederlânsk-wêzen. Sjuch my dêr net op oan, it is sa. Stratezjyen dy't wól in tsjinstelling en sels in fijânskip tusken de twa 'identiteiten' suggerearje, slute mei oare wurden in hieleboel minsken út en sprekke inkeld de lytse groep lju oan dy't al sa tinkt.
Sokke stratezjyen fan eksklusyf-Fryske identiteitskonstruksje dogge neat om de grutte kliber oer de streek te heljen, neat om har tinken oer Frysk ûnderwiis te beynfloedzjen, neat om de minsken de wearde en de skjintme fan har eigen taal beseffe te litten. Neat om mear draachflak foar en yn it ûnderwiisbelied te krijen. Se meitsje inkeld mar dat in boel Friezen har omdraaie en har noch fierder ôfkeare fan har eigen memmetaal.
Alles wat dat feroarsaket, neam ik 'brykfrysk'.
Wat ik, en dit oan 'e ein, de Jongfryske Mienskip ferwyt is in tefolle oan romantyk, nostalgy en Fryslân boppe ropperij, en in te min oan maatskiplike relevânsje. Bûtenlânske reiskes nei histoaryske plakken, ynterfryske flaggen, heldeferearing, Vikingen, dat allegear is grif tige gesellich en groepsbinend, mar it is ek in bytsje selsbedroch en spielerei. It liket wol o sa Frysksinnich, mar is it dat wol?
It is net ûnskealik. It spilet dy lju yn 'e kaart, dy't de striid foar it Frysk leafst nét stride, en dy't o sa bliid binne as Fryske aktivisten harsels en har eigen saak mar wer ris trivialisearje en bûten spul sette.
Aldfaars erf, dêr wol de Mienskip oer weitsje. It stiet op syn ynternetside. Lit ik der in ein oan breidzje mei in strofe út in gedicht fan sa'n âldfaar. Wat skreau Waling Dykstra oan 'e ein fan syn lange libben?
Altyd mar onbidich roppe:
,,Fryslân boppe! Fryslân boppe!"
'k Freegje, docht dat lûd gegei
Foar ús taalbelang wat mei?
Ik tankje jim foar jim oandacht en ik winskje inkeld mar ús taal in bettere takomst ta as aansen noch de fiertaal te wêzen yn in pear âldereinhuzen, earne ta pún ferfallend op de keale, iensume flakte fan in ik-lul-mar-wat dialekt.
En ik hoopje ek dat de Jongfryske Mienskip der nochris oer neitinkt, hoe't er it bêste helpe kin.
-----------------------------------
Noat: It wie in noflike jûn, dêr yn Oerterp, en de útnoeging fan it bestjoer om lid te wurden haw ik oannaam.

dinsdag 29 oktober 2019
Slauerhoff, 'Ferfal'
Ferfal
Suver alle fûgels fleagen,
Leech stiet it fjild, der swimt gjin fisk mear yn ’e sleat.
Ik haw neat mear foar eagen
Om myn tinzen ôf te lieden fan ’e dead.
De sinne sinkt wei yn ’e West,
Yn damp; ’k fiel alle dagen de waarmte mind’rjen.
Mar in pear sweltsjes bouwe noch in nêst.
Bliuwe dy trou en mei my oerwint’rjen?
In skerpe wyn waait út ’e East;
Wei binn’ de nachtegalen.
Mar is de trou fan swellen dy’t oars ivich dwale
Gjin treast?
Ik kom nei-oan, sy fleane net op,
Sy bliuwe, binne twongen:
Sy binne kerte, amperoan de strop
Fan ’e fûgeler ûntsprongen.
Yn myn hûs oan ’t keale fjild, yn it blêdleaze wâld,
Oan de beferzen sleat,
Yn dizze omkriten wurd ik sjendereagen âld.
Myn neiste buorman is de dead.
Gedichten meitsje ik net mear.
Ik doch oars net as help de swellen yn har striid.
Myn sykte is fierhinne en nimt gjin goede kear,
Mar miskien helje sy noch de maitiid.
(Po Tsju I)
Verval
Bijna alle vogels zijn gevlogen,
Leeg staan de velden, er zwemt geen vis meer in de sloot.
Ik heb niets meer voor ogen
Om mijn gedachten af te leiden van de dood.
De zon zinkt weg in ’t West,
In mist; ’k voel iedere dag de warmte minderen.
Maar een paar zwaluwen bouwen nog een nest.
Blijven zij trouw en met mij overwinteren?
Een scherpe wind waait uit het Oost;
Weg zijn de nachtegalen.
Maar is de trouw der zwaluwen die anders eeuwig dwalen
Geen troost?
Ik kom nabij, zij vliegen niet op,
Zij blijven, noodgedwongen:
Gekortwiekt zijn ze, nauwelijks de strop
Van de vogelaar ontsprongen.
In mijn koud huis aan ’t kale veld, in het ontloofde woud,
Aan de bevroren sloot,
In deze omgeving word ik zienderogen oud.
Mijn naaste buurman is de dood.
Gedichten maak ik niet meer.
Ik doe niets dan de zwaluwen voedsel brengen.
Mijn ziekte is vergevorderd en neemt geen goede keer,
Maar misschien halen zij nog de lente.
(Po Tsju I)
.

vrijdag 11 oktober 2019
zondag 6 oktober 2019
Et Ysvermaak van Wullem en Tryn
wyze: Kaatje kom aan!
Tryn op 'e baan! Blyf der niet staan!
't Mot ommes nou op in reedrijen gaan!
Ouwen bij 't vuur en et jongfolk an 't rijen,
Dan kin men winters wel maitydsfleur krije.
Tryn op 'e baan! Blyf der niet staan!
Wullem, wees wys! Ik op it ys?
'k Won ommes nooit niet op reden en prys!
'k Kin der niet teugen; ik raak uut 'e lyken;
Steek ik van wal of dan mot ik bezwyke.
Wullem wees wys! Ik op it ys?
'k Stelde mij bloot voor en hoopen gegnys.
Tryn op 'e baan! Blyf der niet staan!
Kom maar; mij denkt et zel heel wel goed gaan.
Knypt dij de reed, ik verbyn dij de touwen;
Kiste niet staan bly', dan ze 'k dij wel houwe.
Tryn op 'e baan! Blyf der niet staan!
Ja man! ik zien 't al, et zel maar an gaan.
.
Net-katalogisearre hânskrift yn it Waling Dykstra-argyf by Tresoar, ien A4, op de oare kant 'De oue griep', datearre novimber 1839.

vrijdag 27 september 2019
In spotliet op Wopke de Jong
Waar of nu weer gesprek van gaat/ hoezee
In huis en herberg en op straat / hoezee
't Is van dien boozen lastertong
Van dien pedanten gek de Jong
hoezee / hoezee / hoezee
Hij zond een boekje in het land / gewis
Beschimpt daarin de leeraarstand / die kwant
Hij heeft zich dapper uitgesloofd
Maar zonde daalt nu op zijn hoofd
Op 't hoofd van dezen gek
Hij is een rare vreemde snaak / een snaak
Hij maakt soms wonderbaar gekwaak / gekwaak
Hij is zoo zot, zoo mal, zoo wild
Wat doet die kerel op het Bildt?
Wat doet die kerel daar?
Hij blaast zich als een kikvorsch op/ wrok wrok
En zet een dikken hoogen krop / een krop
Maar 't zalig uurtje nadert al
Dat hij van hoogmoed barsten zal.
Ja barsten barsten zal
Vaak zegt hij tot zijn maats: a'-vous a'-vous
Dan zuipt hij zich en stomme roes / van raak
Ter kermis is hij altijd zat
En vol van het Schiedammer nat.
Ja van 't Schiedammer nat
Dit zelfde lot trof ook zijn vrouw / zijn vrouw
Zijn dierbre, hem zoo bijster trouw / zeer trouw
Zijn Jantje, 't schoonste beeld op aard
Een krans van mooije bloemen waard.
hoezee hoezee hoezee
Maar die ellendigen schavuit / schavuit
Bracht zoo een schandlijk schotschrift uit / schavuit
Geef daarvoor die verwaanden kwast
Wat rottingolie op zijn bast.
Maar daarmee is 't niet uit
Komt laat ons hem eens hifkjen gaan / laat ons
Hij kan niet op zijn benen staan / pak aan
Komt mannen, geeft hem van de taart
En smijt hem in de Zuidervaart
Hoezee de Jong hoezee
.
Dit spotliet op de Sint Jabuurster skriuwer en skoalmaster Wopke de Jong waard yn 1840 ferspraat troch 'dûmny's jonges' yn Sint Anne. Waling Dykstra sitearre derút yn syn opstel oer De Jong yn Sljucht en Rjucht (1900); in T. Zuiderbaan út Amsterdam stjoerde him doe dizze folsleine tekst, mei as titel 'Dominé's hifkje' en as wize-oantsjutting: 'Wie in januari geboren is'. Hânskrift mei notysje fan Waling Dykstra: 'Ik wist wel dat Wopke de Jong een sterke jeneverdrinker was, maar meende daarvan geen melding te moeten maken in mijn opstel over hem, geplaatst in Slj. en Rj. 1900. W.D.'

zaterdag 21 september 2019
Wa, o wa wie Tryntje Walings?
In genealogyske 'cold case' op it Bilt
Ien fan de âldere, net oploste kwestjes ûnder Fryske genealogen, mei faaks ek in foar de Fryske literatuer nijsgjirrige diminsje, treft men oan op syk nei it foarteam fan Waling Dykstra. Everardus Rollema wiisde dêr yn 2005 noch op. 'Destijds hebben de bekende friese genealogen: de heren R.S. Roorda, Hessel Bierma, Douwe van der Meer en S.van Gelder zich met dit thema bezig gehouden.'1 Ta klearichheid is it noch net komd. Der mist nammentlik yn 'e bewarre bleaune dokuminten in oer-oer-oerbeppe. En lit dat no krekt de oer-oer-oerbeppe wêze dy't de foarnamme 'Waling' yn it foarteam fan Waling Dykstra brocht hat. De, tajûn, miskien wat esotearysk oandwaande fraach is hjir no: wa wie dy Tryntje Walings? Wat moat men mei in foarfaar dy't op papier net bestiet?
Har bestean kinne wy inkeld basearje op in ôflieding út de praktyk fan it ferneamen troch de bern dy't Waling Dykstra syn oer-oer-oerpake (yn manlike line) hie. Dy oer-oer-oerpake wie Yde Lieuwes (1653, Sint Anne - f. 1728, Froubuorren). De kânsrykste hypotese is dat syn frou in dochter wie fan in Waling en in Antje (Pieters). Waling Buwes (1638-f. 1666) en Antie Pieters, beide út Sint Jabik en menist, komme dêr ûnder de dokumintearre echtpearen út it midden fan de 17e ieu yn Sint Jabik it earst foar yn 'e beneaming. Dat soe it foarteam fan Waling Dykstra in brêge jaan nei de frijsinnige 17e-ieuske menisten yn Sint Jabik, en tagelyk oansluting by it boerefolk dat op genealogie.online allegear mei weromwurkjende krêft en deftich klinkend 'Wassenaar' neamd wurdt.
Mar der is krekt op dit punt wat opfallends oan 'e hân. Dat betreft de administraasje fan de Ned. Herf. gemeente fan Sint Jabik, dêr't yn dy tiid ek houliken fan menisten ynskreaun wurde moasten. Neffens in trou-akte fan de gemeente is in Waling Buwes op 21-1-1655 troud mei in Antie Pieters;2 neffens in oare akte is in Waling Barthouts op 1 july 1666 troud mei deselde Antie Pieters.3 Giet it hjir om twa ferskillende minsken? Dat hoecht net per se. Wy witte ommers dat Buwes, Buwis, Bouwes, Bouw, Beer(t)s en Bartel(s)(e) nammen binne dy't yn befolkingsregisters en hypoteekakten yn de 17e ieu wol trochinoar hinne brûkt waarden foar deselde persoanen. Ek yn dit gefal is dat sa. Waling Buwes is deselde as Waling Barthouts. Mar wêrom is dan in twadde houlik registrearre nei syn dea?
*
Douwe Zwart melde yn de Bildtse Post yn 2005: 'Antie Pijtters was slechts een jaar getrouwd geweest met Waling Buwesz. In 1666 trouwde ze opnieuw, nu met Waling Barthoutsz. Dit huwelijk bleef kinderloos'.4 Lykwols kin Waling Buwes net al yn 1656 nei ien jier houlik stoarn wêze, sa't wy dalik sjen sille. Hy hat net ien, mar alve jier troud west. Hjir kin in flater by it ferwurkjen fan de jiertallen op de trou-aktes sels of yn it register yn it spul wêze: 1655 is maklik te fersliten foar 1666 en in 6 foar in 5 of oarsom. Ek de dei- en moannenotaasje jout de mooglikheid fan fersin of lettere feroaring: fan 1-1 nei 21-7 (in 2 byskriuwe en fan in 1 in 7 meitsje). Is hjir in trouregistraasje neimakke of oanpast, sadat it liket as hawwe der twa Walingen mei deselde frou troud west?
Fan Waling Buwes of Barthouts út it slachte Wassenaar witte wy spitigernôch net folle. Hy wie boer op lân oan de Nijebiltdyk fan de hannelsfamylje Ket, oarspronklik út Harns. Yn 1661 is er kurator - 'curator ad actum divisionis vaderlijke goederen' - oer de bern fan Maertie Buwes (sa. 1636-1671), ien fan syn susters. Yn 1662 komt er foar as 'doopsgezind'.5 Suster Maertie hie troud west mei Job Cornelis en trout op 4 juny 1665 opnij, no mei Gerrit Rommerts fan Sint Jabik.6 Sy stiet dan notearre as 'Maartie Buis', 'weduwe van Job Cornelis'.
As op 1 july fan it jier dêrnei har muoike Antie Pieters 'opnij' troud, diskear mei in Waling Barthouts, is yn de registraasje byskreaun: 'Zij is de weduwe van Waling Buis'. Dat Waling Buwes/Buis yndie foar 1 maaie 1666 stoarn is, wurdt befêstige troch in hypoteekakte fan dy datum dêr't syn frou syn widdo neamd wurdt.7 De skriuwpraktyk hat as effekt dat de âlde patronimen Buwes en/of Buis en/of Bartel(d)(e)s ferdwine en plakmeitsje foar it ek fierder yn de famylje wol hantearre 'Barthouts'.
Oer in âldere broer fan Waling Buwes/Barthouts is ek ûndúdlikheid. De stambeam Jellema meldt by Cornelis Barthouts Wassenaar it bertejier 1636, gjin jier fan ferstjerren, en heakket ta: 'Onzeker, jong overleden?'8 Mar Cornelis wie wol de erfsoan fan Barthout Cornelis Wassenaar en Tryncke Walingsdr. Soe dy samar weirekke wêze? Yn werklikheid troude er al op syn 22e, op 8 augustus 1658 mei Daniël ('Danjeltie') Heris. Hy wenne letter yn Stiens. Yn 1672 is dizze Claes Buwes, ynstee fan syn dan ferstoarne broer Waling Buwes, kurator oer de bern fan harren suster Maartie en Job Cornelis.9 As syn widdo Daniël yn 1682 opnij trout mei de weinmakker fan Sint Jabik, wurdt se 'weduwe van Claas Bouws' neamd. Dat om oan te jaan hoe fariabel de patronimen ynskreaun wurde koenen. Claes wie, lykas syn broer en syn heit, menist.
Dêrmei is it probleem fan de fermiste Tryntje Walings fansels noch net ta klearichheid brocht. Lykas sein, wurdt fan bern fan Waling en Antie gjin melding makke yn de berteregisters. Nei Litsehimmel op it genealogy-foarum fan Tresoar der yn 2008 (wer) op wiisde, is it lang stil bleaun om it houlik fan Waling en Antie hinne.10 Oant fan 't jier op de website fan Erfgoed Fundaasje dit útstel ferskynde: se soenen dochs twa bern hân hawwe.11 In Pyter Walings Buis en in (hypotetyske) Trijntje Walings. In berte-akte is der fan beide net; it giet dus om taskriuwingen op basis fan namme-oerienkomst. Dan moat men sjen hoe wierskynlik it ien en oar is, ek sjoen oare faktoaren.
De earste namme komt út in trou-akte út 1680. In Pyter Walings Buis trout mei in Antie Ariens, mei byskreaun: 'Beiden v. St. Jp. en beiden dienstboden bij Sijbe Andries'. Fan P.W.B. bestiet gjin bertebewiis. It ûngebrûklike neamen fan in twadde patronym falt hjir ek op. Dêrneist liket it ûnoannimlik dat de erfsoan út de meniste-elite fan Sint Jabik 'dienstbode' wurde soe.
De Trijntje Walings dy't oanwiisd wurdt - it tilde yn dy tiid yn Sint Jabik op fan de namsgenoates, wat it neiplúzjen bemuoilikt - bringt ús ek net fierder. Sy wie troud mei Johannes Bauckes, smid oan de Aldebiltdyuk en soan fan Baucke Feddes en Wapke Rommerts. Sy is stoarn foar 1704. Ek fan har bestiet gjin bertebewiis. Wol wurde bern fan in Johannes en in Trijntje neamd: Waling, Tet, Wapke. Tet past as namme neffens de ferneamingstradysje net by pake Waling Buwes of beppe Antie Pieters. De kurator oer de bern nei de dea fan beide âlden is in Kuik en gjin famylje fan Waling Buwes of Antje Pieters. It liket der op dat hjir mistaast is.
*
Oan de oare, Froubuurster kant fan it ferhaal is Yde Lieuwes dus de kaaifiguer. Hy, de fan stambeammen bekende herfoarme oer-oer-oerpake fan Waling Dykstra, wie nei syn houlik mei in ferûnderstelde Tryntje Walings, om 1680 hinne, boer wurden oan de Hamerenweg tusken Froubuorren en Bitgum. Dêr hie er sels lân, mar ek wie er pachter fan de Steaten fan Fryslân. Hy wie lidmaat fan de Ned. Herf. gemeente yn Froubuorren, dêr't syn âldste bern Lieuwe Ydes letter tsjerkfâd wurde soe.
Dy Lieuwe is fan 1681; syn heit wie doe 28 jier, syn mem sil ek om dy roai sitten hawwe. Dat smyt foar ús hypotetyske Tryntje Walings in bertejier fan 1653 op, mei in marzje fan in pear jier. Sy sil net lang nei it houlik fan Waling en Antie yn 1655 berne wêze. Mooglik wie se de twadde dochter, net neamd nei de mem fan de mem, in Jannichie, mar nei de mem fan de heit, ek in Tryn Walings. It foarteam fan dy Tryncke Walingsdr. (sa. 1614-n.1645) giet werom op guon fan de earst bekende meniste-learaars op it Bilt, Waling Walings en Arjen Simons. Sy wie berne yn Froubuorren.
Men kin jin yntinke dat Yde Lieuwes syn houlik mei in meniste út Sint Jabik oer de tonge gien is. Hoewol't sok tsjerklik grinsferkear ek wer net sa ûngewoan wie dat it op in skandaal útdraaie moast. It is ek net ûnmooglik dat Tryntje Walings by har houlik al gjin meniste mear wie. En dat har mem Antie Pieters dat ek net mear publyklik wêze woe by har dubieuze 'twadde houlik' yn 1666. Wissichheid oer it lidmaat wêzen fan minsken is der hjir faak net; de âldste bewarre lidmatelist fan menisten op it Bilt datearret krekt fan 1695, doe't de gemeente Sint Anne/Aldsyl lid waard van de Friese Doopsgezinde Sociëteit.12 Foaral rikere boeren op it Bilt wienen menist, it meast te finen yn Sint Jabik, Sint Anne en oan de Aldebiltdyk. De hannelsbelangen dy't de lânbou meibrocht, rûnen net altyd neffens religieuze skiedslinen. Ien fan de soannen fan Yde Lieuwes en Trijntje Walings, Andries, treffe wy yn alle gefallen oan as moolner yn Sint Jabik.13 Letter nimt soan Piter, dan moolner op 'e Ryp, it plak fan syn broer yn.
De menisten fan Sint Jabik hienen yn it earst fan de santjinde ieu gjin tsjerke yn eigen doarp; de gemeente Hendrik Klaas wie ien mei dy 'aen de dyck', fan Aldsyl. Kuiken ûnderstelt dat it yn Sint Jabik en Aldsyl meast gie om saneamde Waterlanders, in frijsinnige rjuchting ûnder de menisten, en neamt 'sociniaanse sympathieën op het Bildt'.14 As kontrast hie Sint Anne in folle strangere, ortodokse Jan-Jakobs-gemeente, mei menisten dy't tige op de eigen groep rjuchte wienen.
De Waterlanners knopen makliker saaklike betrekkingen oan mei oarsleauwigen en akseptearren ek wol funksjes yn it iepenbier bestjoer, mar har frijtinkerij beskerme har net tsjin assimilaasje yn oare leauwensgroepen. Al yn de earste helte fan de 17e ieu naam it tal lidmaten fan de Herf. gemeente yn Sint Jabik neffens Romein syn bekende nammelist fan predikanten (ûnder de populêre dûmny Willem Folkerts) ta fan 40 oant 200. Foaral yn de 18e ieu hawwe de menisten op it Bilt in protte terrein ferlern, safolle wol dat yn 1806 de oerbleaune fusygemeente Sint Anne-Aldsyl opheven waard. Krekt yn 1872 kaam der wer in meniste-gemeente, offisjeel in feriening.
It 17e-ieuske houlik tusken de herfoarme boeresoan Yde Lieuwes út Froubuorren en de doopsgesinde boeredochter út Sint Jabik sprong letterlik oer de ortodoksy hinne en jout in foarbyld fan assimilaasje fan Biltse menisten. De oergong nei de griffermearde tsjerke hoegde oars net by alle menisten te betsjutten dat sy ek it measte meniste gedachteguod farwol seinen. 'Undergrûns' koe dat meinaam wurde, as bygelyks saaklike of karriêrebelangen om (skynbere) assimilaasje fregen. Dat wol, tusken twa heaken, net sizze dat Waling Dykstra fan dizze famyljeskiednis yn syn tiid noch wat meikrigen hat. Orale oerlevering oer famyljetradysjes giet meastal net fierder tebek as twa, heechút trije generaasjes. Oan de oare kant kin it ferlies út de famylje wei fan in relatyf grutte pleats en buorkerij yn in boerefermidden lang bewarre bliuwe.
*
Noch in lêste dinkje. Nei de dea fan Yde Lieuwes is de pleats oan de Hamerenweg yn eigendom fan syn soan Lieuwe, dy't ek as keapman yn 'e boeken stiet. De twadde soan Waling Ydes, Waling Dykstra syn oer-oerpake, moat mei troch tadwaan fan ferervingskwestjes en in rjuchtssaak15 ta mei in lytsere pleats yn de saneamde 'Kapershoek' oan de Monnikebiltdyk, boppe Alde Leie, administratyf hearrend by Aldsyl. 'De Bildtse historie van de familie Dijkstra begint met pachter Waling IJdes, hier in Kapershoek', skreau Zwart. Dat is dan fansels bûten Yde Lieuwes en Tryntje Walings rekkene - alwer ferdwûn it earme sloof yn de mist fan de skiednis.
En noch hieltyd kin de offisjeel ûnbekende frou fan Yde Lieuwes net mei wissens oanwiisd wurde. Mar in oplossingsrjuchting foar in bysûnder, administratyf mystearje yn de 17e-ieuske trouregisters fan de Herf. gemeente fan Sint Jabik hoopje ik hjir yn 't koart al oantsjut te hawwen.
Noaten
1 Everardus Rollema, 'Wie was de eerste vrouw van Yde Lieuwes X N.N. circa 1679?', ForumTresoar: https://forumtresoar.nl/viewtopic.php?t=2169. Krigen 21 septimber 2019.
2 Troureg. Herf. gemeente Sint Jacobiparochie, arg.nr. 28, Tresoar; ynv.nr. 123, aktenr. 1843. Byskreaun: 'Hij is woonachtig bij zijn vader'.
3 Trouregister Herf. gem. Sint Jabik, arg.nr. 28, Tresoar; ynv.nr. 123, aktenr. 1828.
4 Douwe Zwart, 'Bildtse plaatsen. Nr. 16 - teugenover Ouwedyk 890', de Bildtse Post (20 april 2005). Sitearre út: http://www.erfgoed-fundaasje.nl/bildtse-plaatsen-deur-douwe-zwart/bildtse-plaatsen-nr-16-teugenover-ouwedyk-890/ . Krigen 21 septimber 2019.
5 Autorisatieboeken, arg.nr. 13-07, Nedergerecht Het Bildt, Tresoar; ynv.nr. 26, aktenr. 751.
6 Troureg. Herf. gemeente Sint Jacobiparochie, arg.nr. 28, Tresoar; ynv.nr. 123, aktenr. 333. Hy is wierskynlik gjin menist; in bern en in bernsbern fan in Gerrit Rommerts wurde yn 1677 en 1680 doopt yn Ned. herf. gemeente fan Sint Anne.
7 Zwart, 'Bildtse plaatsen'.
8 https://www.genealogieonline.nl/stamboom-jellema/I151417.php. Krigen 21 septimber 2019.
9 Autorisatieboeken, arg.nr. 13-07, Nedergerecht Het Bildt, Tresoar; ynv.nr. 27, aktenr. 54.
10 https://forumtresoar.nl/viewtopic.php?t=2169. Krigen 21 septimber 2019.
11http://www.erfgoed-fundaasje.nl/bild-parenteel/parenteel-symon-lenearts/. Krigen 21 septimber 2019.
12 Der wienen doe noch mar 118 leden. Kees Kuiken, 'Harlinger en Bildtse doopsgezinden', De Vrije Fries 83 (2003) 27.
13 Autorisatieboeken, arg.nr. 13-07, Nedergerecht Het Bildt, Tresoar; ynv.nr. 27, aktenr. 345.
14 Kuiken, 'Doopsgezinden', 25.
15 Sjuch noat 1.

Abonneren op:
Posts (Atom)