zaterdag 23 december 2017

De sosjale Sytstra, of de skriuwer as ideology-fernijer

Yn in fraachpetear yn 1941 yn it Algemeen Dagblad mei Reinder Brolsma, dy’t dan krekt de troch de besetter ynstelde Harmen Sytstra-priis krigen hat, yntrodusearret skriuwer en sjoernalist Ed Hoornik koart ek de nammejouwer fan de priis. Harmen Sytstra ‘was een groot strijder voor de erkenning van de verwantschap van de Friesche en Germaansche taal’.[1] Oft dy karakteristyk no fan Hoornik sels kaam of fan de lykskeakele redaksjelieding: de NSB-fisy op Sytstra sei dat er in ‘voorlooper der volksche beweging’ wie, wêrmei’t sokssawat as in regionalist, nasjonalist en rassist bedoeld waard.[2]
Ik kom derop troch de parallel mei de wize sa’t de betsjutting fan Sytstra yn de Fryske skriftekennisse en de Fryske beweging meastal sjoen wurdt: as taalstrider, wekker, ropper, moanner, koartsein, as Frysk nasjonalist, al of net yn Germaansk of pan-Frysk ferbân.[3] Wurden te koart komme Kalma, Wumkes, Piebenga, Folkertsma, fóar de oarloch, en folle net genôch yn harren spoar nei de oarloch, om Sytstra inkeld te priizgjen om syn Frysk-nasjonale fiersichten. Net ien drukt op de bel om te freegjen: ja mar, wat hat dat mei literatuerstúdzje te krijen?
            Dr. K. Fokkema bygelyks. Dy hâldt yn 1949 syn ynaugurele rede as bûtengewoan heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde oan de VU oer it Fryske taalbesef en stiet dan stil by de grutte fernijende betsjutting fan ûnder mear Sytstra. ‘Met Sytstra begint de Friese beweging in haar organisatorische vorm’, fettet de krante gear.[4]
            Op de folkshegeskoalle op Allardseach spruts yn 1946 Sjoerd van der Schaaf oer ‘decentralisatie’. De krante: ‘Het is de romantiek geweest, die een herleving van het Fries nationaal besef heeft gebracht. (..) deden Harmen Sytstra en Teade [sic] Dykstra hun klaroenstoten horen, teneinde het oud en voortreffelijk volk van de Friezen wakker te doen schrikken.’[5] En deselde, yn Het Parool, 1962: ‘De voornaamste taak, die hij zich heeft gesteld is, wekker van het volksbewustzijn te zijn.’[6]
            Oan yn Nederlânsk Ynje ta: ‘Harmen Sytstra (..) zette zijn volk aan het lezen. Hij droomde van een verbond van alle Friezen op de eilanden, die in Duitsland en die in Nederlands staatkundig verband.’[7] 
            Men kin stroffelje oer sokke sitaten oant de dei fan hjoed woe ik sizze, mar dat soe net wier wêze. Nei it jier 2000 jout it digitaal syksysteem Delpher nammentlik hielendal gjin ‘hits’ mear foar ‘Harmen Sytstra’, yn gjin inkelde krante yn Nederlân. De nasjonale ‘wekker’ is definityf rêst, sa liket it. En wat moat in literêr ynteressearre lêzer ek mei al dy grutskens op komôf en bertegrûn? It is saak om gau de iensidige en slim ferâldere kanon fan de Fryske literatuer achter ús te litten, it wurk fan Sytstra út it eksklusive discours fan it Fryske nasjonalisme te nimmen en it ris te lêzen as in oeuvre mei mear as ien tema. Sytstra mei syn Fryske dreamen dreamd hawwe, syn wurk is op it foarste plak in estetyske, etyske en polityk-sosjale reaksje op de werklikheid. It is foar in grut part ‘folksskriuwerij’, dat wol sizze, tagonklike, krityske literatuer, kommunisearre foar lêzers út subalterne en deprivearre maatskiplike groepen dy’t belang hawwe by wolfeartsgroei, demokratisearring en edukaasje.
            Hiel efkes like ek Douwe Kalma dy aventuerliker kant út te wollen, yn syn lêzing fan 1939 oer Sytstra syn ferhâlding ta it sosjale fraachstik (‘soasiale frage’).[8] Mar Kalma komt spitigernôch net fierder as it oanwizen fan besibbens mei it eardere federalistysk en liberaal tinken fan Daam Fockema en Rinse Posthumus, inkeld sjoen as foarwearde foar it barren dêr’t it him eins om giet, de berte fan de Frysk-nasjonale Idee by Sytstra. ‘Noch oer Sytstra, noch oer Douwe Kalma syn “soasiale” opfettings wurdt men (..) folle wizer’, skreau Freark Dam oer dy lêzing.[9] Dûmny Jaap Kalma hat ‘mythefoarming’ om Sytstra hinne opmurken.[10] De romantyske myte-Sytstra hat it yn kaart bringen fan oare as Frysk-nasjonale motiven yn it wurk fierhinne ûnmooglik makke, sa liket it. As it Literêr-Histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy Sytstra en syn konfrater Tiede Dykstra betinke wol, yn Sytstra syn hûndertste stjerjier 1962, ên ris wat oars sjen litte wol as uteringen fan ‘Frysk-wêzen’ en Frysk-nasjonaal fielen, dan giet it oer it ‘moralisme’ yn it wurk,[11] of oer, by Dykstra, it  mearkesammeljen.
De nasjonale obsesje wegeret net allinnich himsels yn ’e kiif te setten. Hy leit ek as snie en iis oer aspekten fan Fryske literatuer dy’t er ferberget, lykas literêre technyk, yntertekstualiteit, oraliteit, mar ek religiositeit en non-nasjonaal engaazjemint. Snieromjen is dêrom noadich – en miskien sil soks fan Sytstra in noch yndrukwekkender figuer meitsje as er al is, mar dan wol as dichter en skriuwer yn it ramt fan syn tiid, net as in achterút projektearre, glêdstrutsen foarrinner fan in nasjonaal-politike beweging.  

Ynfloeden

Sytstra is 24 jier as syn earsteling, Tsien tuwsen uwt de lottery oaf Jouke Rommerts scriften, in posityf ûnthaal krijt.[12] Hy is gjin dokter, gjin ûnderwizer, gjin notaris, gjin boer; hy hat neat urven en is net troud. Hy, in arbeiderssoan en weesbern, is bakkersfeint yn Seisbierrum; earder hat er feint west yn Arum (sa. 1830-1835, by syn omke Vellinga), yn Achlum (1835-1837, by Hofstra ) en yn Winaam (1838-1840, by Hoitsma) oant er yn de simmer fan 1840 yn Seisbierrum bedarre by bakker De Vries.[13] As syn literêre debút ferskynt, is er nei it wurk oan ’t learen foar it fjirde graads ûnderwizersfoech.
            Sosjaal moat it fan fierwei komme. Fan heitekant is syn laach yn ’e earste desennia fan de ieu slim yn ’e bedelte rekke. Syn pake Harmen Sytses Sytstra is by syn trouwen yn 1780  ‘boerenknecht te Erkens’, in buertskipke boppe Frjentsjer,[14] en yn 1814 sels ‘boer te Lollum’, mar yn 1820 is er wer ‘arbeider’, dan yn Achlum. By syn dea wurdt er ûnderhâlden troch de tsjerke fan Lollum. Syn soannen Sytse, Tjalling en Jan hawwe alle trije ek in marzjinaal bestean, de earste twa as boere-arbeider yn Achlum, Mullum en Winaam, de lêste as ‘pelmolenaarsknecht’ yn Arum, letter komelker yn Wjelsryp. Tjalling siet by syn dea ek yn ’e tsjerklike steun. It kaam der blykber net sa op oan hoe’t se yn ’e boeken kamen te stean: yn akten komt men famyljeleden ûnder ûnderskate nammen tsjin, lykas Zystra, Systra, Zijlstra en Sytstra. De lêste foarm stiet op de trou-akte fan syn heit, reden wêrom’t Harmen yn 1852, as er sels boasket, syn namme Zijlstra offisjeel feroarje lit yn Sytstra.
As bern wie er in ienling en siet er altyd mar te lêzen, wol Colmjon hawwe.[15] Ynfloeden op syn geastlike ûntjouwing sille, behalve út boeken, op it foarste plak kaam wêze fan syn opfieders: beppe Antsje Hyltjes Stallinga (-1836),[16] syn omke Klaas Jakobs Vellinga (1801-1859) en syn skoalmaster yn Achlum Ulrik Harmens Donia (1803-1876). Hy wenne fan 1818 ôf, doe’t syn mem foar de twadde kear troude, by syn beppe, oant dy om 1830 hinne ferhuze nei Hitzum en hy by syn omke yn Arum yn ’e hûs kaam. De twadde man fan syn beppe – Sytstra syn mem hie har earste man as heit – hie in oerpakesizzer west fan ‘Klaas Kunst’, de Achlumer boer Klaas Gerrits Wieringa (1673-1741), ien dy’t wat mear leard hie as sljochtwei en oer wa’t mannich tsjoendersferhaal bewarre bleaun is. Syn beppe moat him de sterke stikken ferteld hawwe dy’t er letter yn Iduna optekene hat. Se binne foar in grut part basearre op de yn folksboeken popularisearre Faust-leginde út de sechstjinde ieu, sa’t Sytse Jan van der Molen sjen litten hat.[17] Faust wie doe noch foaral in bedriging foar de kristlike moraal. Klaas Kunst wenne op deselde pleats boppe Achlum (op Jislumbuorren, tusken Achlum en Mullum) as Sytstra syn beppe (en hy sels).[18]
Omke Klaas Vellinga, by wa’t Sytstra dêrnei oant 1835 wennet, komt út Barradiel. Yn myn stik oer de Pitersbierrumer dichter Wynsen Faber haw ik wiisd op de patriottyske achtergrûn fan de Achlumer skoalmaster Donia syn famylje fan memmekant.[19] Ek Vellinga, berne yn Minnertsgea, is út in miljeu mei in patriottysk ferline; syn heit wie de master timmerman fan it doarp. Oan ’e ein fan ’e achttjinde ieu wenne yn Minnertsgea in suster fan de patriottyske foaroanman Coert Lambertus van Beyma; yn 1795 wie dêr yn ’e wide krite it folk optrommele ynklusyf njoggentich jongfammen om in frijheidsbeam te plantsjen.[20] Sa is der leauwe yn magy, tsjoenderij, duvels en boppenatuerlike ferskynsels yn de biografy fan de jonge Sytstra te werkennen, mar miskien ek ferljochting, rasjonalisme en demokratysk stribjen.
In twadde rûnte dy’t syn útwurking op Sytstra hân hawwe sil, it mei wêze yn positive of negative sin, wurdt foarme troch de geastlike liedslju yn de doarpen dêr’t er as jonge en jongfeint tahâldt. As men nei dy dûmnys sjocht, falt op it foarste plak Jacob Tiedes Dijkstra (1790-1843) op. Dat wie in omke fan de lettere Selskip-oprjochter en Sytstra syn literêre bûnsmaat Tiede Roelofs Dykstra; hy stie yn Arum oan tsjerke fan 1827-1839. De famylje hie ûnderskate pleatsen yn Fryslân, ûnder mear ien yn Seisbierrum. De heit fan dûmny Dijkstra, en de pake fan de Fryske skriuwer, wie Tiede Klazes Dijkstra (1752-1832) út Ferwert, dy’t begûn wie as pelmûnder yn Snakkerbuorren boppe Ljouwert en in kaptaal garre yn ’e patriottetiid. Arum hie ek in pelmûne. Dêr wurke ein tweintiger en begjin tritiger jierren in omke fan Harmen Sytstra, Jan, as ‘knecht’. Yn ’e tún fan de pastory fan dûmny Jacob Tiedes stie in skaalmodel pelmûne foar bern, dy’t by syn emeritaat yn 1839 ferhuze nei syn kollega yn Achlum, Hellema.[21]
Dûmny Hendrik Hellema (1803-1884) stie oan tsjerke yn Achlum fan 1826 oant 1878. Syn soan Doeke, in arts, jout yn syn autobiografy net bjustere heech op fan de Achlumer skoalmaster Donia, dy’t him (en ek Harmen Sytstra, mar dat meldt er net) lesjûn hie:

Meester Donia, mijn vaders naaste buurman, tevens koster, kloklijder, floreenontvanger, enz. was een goed mensch doch alles behalve een ontwikkeld onderwijzer, zelfs als dorpsschoolmeester was hij laag bij den grond en deed ook geen moeite om zich verder te bekwamen, want hij had handen vol werk, en de school was meer bij zaak. Ook was hij een gezellig man, kon goed zingen, zodat hij later een zang gezelschap organiseerde.[22]

Master Donia sil gjin freon west hawwe fan de Achlumer predikant. Dûmny Dijkstra fan Arum hearde wol ta de ‘intieme vrienden’ van Hellema,[23] dy’t in soan wie fan de Wirdumer boer – earder ûnderwizer – en lid fan it Friesch Genootschap Doeke Wiegers Hellema (1766-1856), de skriuwer fan Kroniek van een Friese boer, in troch Hendrik Algra bewurke en publisearre deiboek.[24] Hellema sr. niigde nei de ortodoksy, neffens de tsjerkehistoarikus W. van der Zwaag, mar hy en syn soan bleaune yn ’e betsjinning fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerke.[25]
            Doe’t Sytstra yn 1838 yn Winaam yn tsjinst kaam by bakker Arjen Jacobus Hoitsma, stie dêr dûmny Reinder Matthijs Cloppenburgh (1769-1860) op ’e kânsel (1792-1842). Cloppenburgh fielde wol foar Fryske literatuer; hy stiet yn 1821 teminsten by de yntekeners op de nije útjefte fan Gysbert Japicx syn Frysce Rymlerye. Fia syn wiif Geertrui Elisabeth de Vries[26] wie er besibbe oan dûmny Wouter de Vries silliger fan Seisbierrum, dy’t wer mei in dochter fan de Easterbierrumer dûmny Philippus Joha (in broer fan de bekendere predikant en patriot Thomas Philippus Joha, dy’t yn Winaam oan tsjerke stien hie) troud wie. Foar syn soan Wouter kocht Cloppenburgh de grutte boupleats Nijehûs boppe Winaam.
Men komt yn de ferlieding en lês Sytstra syn earste ‘Regine-fers’, ‘In dei yn de neisimmer’ (1841),[27] mei yn ’e achterholle in dochter fan dizze Wouter Cloppenburgh. Sara Regina Wouters Cloppenburgh wurdt yn Winaam berne op 1 april 1829; yn 1841 is se dus 12 jier. Har namme, har leeftiid en har komôf meitsje it net ûnmooglik. ‘Sara Regina’ hiene ek de foarnammen west fan it wiif fan Philippus Joha. Sytstra, dy’t op tal fan plakken yn syn Tsien tuwsen blyk jout fan mear as sljochtweihinne religieuze belangstelling, kin it fers skreaun hawwe as reaksje op de learingen fan de plattelânsdûmnys dy’t er heard hie. Under it gedicht leit wat fan it nij, modernistysk tinken fan de teolooch Johannes Henricus Scholten (1811-1885), nei foarren brocht yn dy syn ynaugurele rede oan it Athenaeum yn Frjentsjer op 17 septimber 1840. Wat opfalt oan ‘In dei yn de neisimmer’ is ûnder mear dat de sprekker yn it fers him neidruklik rjochtet, ek sjoen alle ferlytswurdsjes dy’t er brûkt, tsjin in famke. Dêrby is it in fers mei in dúdlik religieus-didaktysk tema; de natuer en it himelsk bestel tsinje as byld fan God.
Ferwei binne wy hjir dreaun fan it bibelske supranaturalisme dat ék yn Sytstra syn debút oan te treffen is, bygelyks yn it ferhaal oer Siis Homp syn aventueren.[28] Dat tsjut derop dat Siis Homp der earder wie as Regine, en dat Sytstra syn religieuze tinkbylden om 1840 hinne feroaren en op ôfstân kamen te stean fan wenstich teologysk tinken. Sjoen it feit dat Sytstra yn maart 1843 frege waard om yn Winaam de sike skoalmaster te ferfangen, sil it de meast liberale boeren yn ’e omkriten net yn ’e wei west hawwe.

Konflikt

De tritiger en fjirtiger jierren wiene yn Fryslân foar in protte minsken in earmoedige tiid. Der wie in protte sosjale ellinde, en sykte ek ûnder fee en gewaaks.[29] In soad boeren hiene it min en in protte doarpen dus ek. Dêrby wie de sosjale status fan doarpsûnderwizers like leech as harren ynkommen. Se krigen it meastepart út de tsjerkeponge, en de troch tsjinstuiten troffen boeren yn de tsjerkerieden wiene sunich.
It ynkommen fan in Winamer skoalmaster wie yn 1825 220,- gûne út de tsjerkebeurs en 80,- gûne fan de gritenij, plus skoalpenningen en in wente.[30] Om 1820 hinne wiene der sa’n 25 bern op skoalle, om 1843 hinne sa’n 60. Sytstra, dy’t yn 1840 nei Seisbierrum ferhuze wie en dêr foar ûnderwizer leard hie, naam yn Winaam waar oant febrewaris 1844. Ut de oprop fan de gritenij yn ’e krante foar in nije haadûnderwizer blykt dat de fergoeding yn mear as tweintich jier net feroare wie, wylst it tal learlingen wol op syn minst ferdûbele.[31] Dêrby woe de gritenij ek noch hawwe dat er fan syn salaris – hy krige in haadmasterstraktemint – in part ôfstean soe oan de widdofrou fan master Tjitse Johannes van der Meulen, Antje Rienks van der Meulen-Atsma.[32] Dizze mem mei fjouwer bern noch yn ’e hûs is troch Brouwer en Kalma beskreaun as in ‘losse’ frou, mei wa’t Sytstra in ferhâlding hân hawwe soe.[33]
Oan de skoalmaster-dichter sels soe yn syn Winamer en Seisbierrumer tiid ‘in stekje los’ sitten hawwe. Gauris soe er nei Harns tôge wêze om te pretsjen; foar’t er ûnderwizer waard, hat er der serieus oer tocht om matroas te wurden. As skoalmaster soe er yn Winaam ‘wyld op boeken’ west hawwe, op kosten fan de gritenijkas. Yn noch gjin jier tiid, wurdt sein, makke er sa’n 250,- gûne oan skulden troch yn syn rol fan doarpsûntfanger belêstingjild wol op te heljen mar net ôf te dragen. Earder haw ik opmurken dat Brouwer en Kalma hjir gjin boarnen jouwe; Kalma ferwiist yn in by Tresoar te finen notysjeboekje nei Colmjon, dy’t der lykwols neat oer publisearre hat.[34] Wis is wol dat Van der Meulen syn administraasje – ek as belêstingûntfanger fan it doarp, mei men tinke – lang net op oarder hie; Sytstra hat der nei eigen sizzen in pear moanne klauwen oan hân om de sifers by te helpen.
            Nei de dea fan har man (29 april 1843) is Antje Atsma mei har bern (Trijntje, Elizabeth, Hein en Rienk van der Meulen) ôfset nei Harns. Dêr stiet se yn ’e hjerst fan 1843 efkes notearre as ‘winkeliersche’.[35] Dat witte wy inkeld mar om’t him doe yn har libben in twadde drama ôfspile, sa koart nei it ferlies fan har man. Har soan Johannes, 19 jier âld, wie matroas op it kofskip Wemelina Kranenborg, dat op 23 oktober wrakslein waard by Skylge. Hy en noch fjouwer oaren ferdronken. In kranteberjocht:

Het kofschip Wemelina Kranenborg, kapt. K.K. Kiers, den 22 dezer van hier [Harns] uitgezeild en geladen met dakpannen, is tusschen Maandag en Dinsdag nacht nabij het eiland Terschelling vergaan; twee man der equipage benevens de loods hebben zich op eene in de nabijheid aanwezig zijnde loodsboot begeven, en hierdoor hun leven gered, terwijl vijf, waaronder de kapitein, welke het schip toen nog niet wilden verlaten, eene prooi der golven zijn geworden, nadat zij getracht hadden hun leven in eene boot, welke echter omgeslagen is, te redden.[36]

Dat Antje Atsma yn in heal jier tiid man en soan ferlieze moast, makket dat Sytstra syn hâlden en dragen ek yn in oar ljocht besjoen wurde kin. Kin it wêze – Brouwer en Kalma neame it drama net – dat er belêstingjild brûkt hat om de ûngelokkige Antje te stypjen? Bygelyks om har te helpen in winkeltsje yn te rjochtsjen? Miende hy dat se dêr rjocht op hie? Tocht er, dat er sels fierstente min fertsjinne en naam er dêrom it frij om mei de sinten te dwaan wat him goed achte? Of hat Antje it jild fan Sytstra stellen – har hookstrookse fertrek nei Amsterdam soe dêr op wize kinne? Dêr is net mear achter te kommen, mar wêr’t it om giet is dat der likegoed sosjaal en kritysk hanneljen yn it spul west hawwe kin – presys it tsjinoerstelde fan de ‘ûnmaatskiplikheid’ dy’t Brouwer en Kalma suggerearje.
Fan Antje Atsma fine wy yn Harns fierder gjin spoar: net ynskreaun, gjin lidmaat fan tsjerke wurden, neat. Pas yn 1850 dûkt se yn de Fryske argiven wer op, as in broer komt te ferstjerren. Yn de memory fan súksesje wurdt fermeld dat se ‘te Amsterdam’ wennet, ‘op de Nieuwezijds Achterburgwal’.[37] Trije jier letter komt men har noch ien kear tsjin, as se mei oaren in hûs en in hektsjalk yn Ljouwert ferkeapet; se hâldt dan ta yn Londen.[38]
Yn it konflikt dat Sytstra hie mei de gritenij Barradiel hat Jaap Kalma it perspektyf fan it bestjoer sjen litten. Der liket lykwols genôch reden te wêzen om by dy ‘offisjele’ lêzing kanttekeningen te setten. Ek hjir – lykas it gefal is yn de ‘Brief út de moannebergen’ yn Iduna (1845)[39] – botst, yn myn lêzing, ‘it rjochtfeardichheidsgefoel fan dyjing dy’t leger yn de amtlike hiërargy pleatst is, dúdlik mei de klassebewuste mores en dito moraal fan in semy-adelike bestjoerslaach dy’t syn eigen finânsjele foarrjochten bewekket’, sa’t ik skreaun haw.[40] Noasjes oer Sytstra syn ‘ûnmaatskiplikens’ en ‘stekje los’ en ‘ferkearde ynfloeden’ binne boustiennen fan in romantysk stereotype: it klisjee fan de wrâldfrjemde, ûnpraktyske idealist – in byld dat kreëarre is om sawol in tragyske strider te ‘meitsjen’ as syn sosjale, post-patriottyske engaazjemint ûnder de tafel te wurkjen en in regionale bestjoerselite út ’e wyn te hâlden.[41]

Krityk

Freark Dam hat skreaun dat foar Sytstra syn Frysk Utopia ‘sosiale en maetskiplike rjochtfeardichheit in conditio sine qua non’ wie.[42] Lykas by Douwe Kalma komme by him de sosjaal-kritysk aspekten fan it wurk dus yn tsjinst fan in nasjonalisearjend ramt te stean, as needsaaklike foarwearden foar wat polityks grutters en belangrikers, te witten de ûntjouwing fan de Frysk-nasjonale idee yn ’e literatuer. Dam ta foarbyld tsjinnet benammen Sytstra syn ‘Wurd oan ús lânslju’ út it revolúsjejier 1848 en dan eins inkeld it anty-adelike sentimint dêryn. De adel wurdt troch Sytstra ôfskildere as folksfijân, as ‘mestlingen’ dy’t libje fan it wat it folk har – net frijwillich – taskikt. It binne útsûgers dy’t de folksienheid yn it paad stean. Mar syn krityk betreft behalve adel en egoïstyske lânhearen ek guon Fryske boeren:

Wolle wy in grutte stap foarút dwaan? – Lit it wurk fan d’ arbeider nei behearren leanne wurde. Earmoed is in kanker der folken. Hja, dy’t de wurkman yn syn fertsjinst begnibbelje, dy’t de earme yn ’t lean foar syn bedriuwichheid bekrommelje, hawwe ’t trochfretten fan dy kanker foar in grut part op har gewisse. De boer, dy’t it earste goede jier dat er treft, syn oerbuorke jild oan bugelchais, oan moaie wein en rydhynders bestelt, dy’t mei al wat er hat op ’e dyk komt, dêr pronket mei wiif en bern tsjin de klippen oan, en dêrtroch oan alle iggen en einen te koart komt as der goed oan ’t lân dien wurde moat, en dan syn arbeiders ûnthâlde wol wat er sels ferdocht, sok ien is in earsten woartel fan ’t kwea.[43]

De earmen – ‘altyd fertrape en efter de doar skood’ – moatte wat fertsjinje kinne, skriuwt Sytstra, oars meitsje se harsels rjochter. In jier earder hie Fryslân yn ûnderskate stêden beruorringen hân; de ûnderklasse hie domwei honger. En yn itselde jier dat yn Ingelân it Kommunistysk Manifest[44]fan Karl Marx en Friedrich Engels ferskynt, dat it yndustryproletariaat ta de revolúsje oanfjurje wol, skriuwt Sytstra, wilens skoalmaster yn Burgum:

Ienkear sille de earmen, as der net yn foarsjoen wurdt, noch de grutste keppel wurde en dan mei geweld wraak nimme foar it ûnrjocht dat se ferduorje moatte.[45]

Allinnich sosjale solidariteit tusken de standen sil dat tefoarren komme kinne. Sosjaal engaazjemint leit yn dy tiid net inkeld ûnder it Frysk-nasjonale krewearjen fan de ‘romantyk’, sa’t faak opmurken is, mar likegoed ûnder dat wat letter de ‘folksskriuwerij’ neamd is. De sosjale krityk op it te min oan solidariteit fan machthawwers, adel en boeren mei de legere stannen, dy’t Sytstra yn Iduna sa faak útoefenet,[46] is suver deselde as dy’t Waling Dykstra letter hearre litte sil. Ek Dykstra draacht út dat de besitters in maatskiplike ferantwurdlikheid hawwe foar de net-besitters oer. Ek hy sil de ‘pronksucht’ fan rike boeren op ’e hakke nimme. Ek hy sjocht it Frysk, en it besef in Fries te wêzen, as medisyn tsjin tanimmende maatskiplike ferdieldheid, útbuiting, egoïsme en eigenwaan.
            Mar men treft by Sytstra ek genôch teksten oan mei sosjale en kulturele krityk sûnder dat dalik ek ‘Fryske’ noasjes yn it spul brocht wurde. Ik neam út de twadde jiergong fan Iduna (1846) it teltsje ‘Freerk Willem I en syn hofgyk’,[47] mei itselde boadskip as letter Waling Dykstra syn Winterjounenocht-petear fan Linseboer mei de lânheare: dy’t de treppen skjinmeitsje wol, moat fan boppen begjinne.[48] Ek yn edysje 1846, bringt it Regine-fers ‘De maityd op it fjild’ in fierdere, no rûnút anty-tsjerklike radikalisearring fan in panteïsme dat him yn 1841 mei ‘In dei yn de neisimmer’ al oankundige :

Drôf droant it brommende bombam der klok
Rûnom út moassige tuorren;
’t Tsjerkfolk rint streamend by heapen en drok
Kâltsjend oer ’t waar nei de buorren,
Peazget yn drûldod nei tsjerke dan ta,
’t Dom en neitinsleas geloof wol dat ha;
d’ Oanlaits fan ’t Godswurk benimt men jin sa
en skoatt’let jin ôf tusken muorren,[49]

Sa fier gie sels Waling Dykstra, yn ’e regel dé stroffelstien foar ortodokse letterkundige skiedskriuwers, net. Sytstra bringt yn Iduna yn de earste jierren folle mear kontroversjeels yn ’e eagen fan konservatyf Fryslân. Oer it begekjen fan adelsbloed, it fers ‘De foaradelike skroaren’.[50] Yn it ferhaal ‘Hotse Sjoukes’[51] lit in ûnôfhinklik tinkend, rintenierjend âld boer him neat mear fertelle troch dûmny of skoalmaster. De ‘grutte hansen’ yn ’e maatskippij, sa hâldt er har foar, prate koal, hâlde jin altyd foar ’t soaltsje, ‘as se har eigen bûse mar folje kinne’. En oer it ferdjerlike materialisme, it fers ‘De heechste winsk’.[52] Fierder kinne yn deselde kategory yn Iduna oantemei 1848 neamd wurde, út jiergong 1847 ‘Gjin tule mear’,[53] ‘De stikel’,[54] ‘Wat koste ’t measte?’[55] en út jiergong 1848, neist it ‘Wurd oan ús lânslju’, ‘Hoppe’[56] en ‘In bytsje rûchkalt oer minskene goed en kwea’.[57]
Fansels, sa’t Van der Schaaf opmerkt, kin it wurk fan Sytstra net jilde as oprop ta revolúsje, it soarte fan lûd dat krekt yn de dagen fan Domela Nieuwenhuis en Troelstra heard wurdt. Fansels is sines in ‘sosiael patriottisme’;[58] yn it midden fan de njoggentjinde ieu wiene der no ienris gjin oare politike ideologyen om ûnderskate folksgroepen ta maatskiplike ferantwurdlikens te bringen as it folkstinken. Myn punt is dat Sytstra syn ‘patriottisme’ yn de Fryske skriftekennisse suver folslein it sicht op syn sosjale engaazjemint, ynset foar de mindere man en foar demokrasy en rjochtsgelykheid, en op syn foarlûkers- en foarhoederol dêryn, weinommen hat.
It wapen by útstek foar sosjale krityk yn literatuer is ‘tule’: spot en satire. Sytstra sil der fan ‘offisjele’ side nei alle gedachten wol kommentaar op hân hawwe. ‘Gjin tule mear’, belooft er begjin 1847: ‘’k Sil mar swiete rymkes meitsje, / Dy’t in oarmans sear net reitsje (..).’ Mar lêst men it gedicht, dan leaut men him al gau net. It is dochs wer ien grutte oanklacht:

’k Wit wol hoe’t de dingen geane,
Hoe’t de grutte lju besteane:
   Komt m’ in striebree har tenei,
   Gau is men út ’e gratie wei;
Want by har en elk Minister,
Gratie, freonen, rju min is ’t der;
   Hawwe s’ oan jins praat gjin nocht,
   ’t Stjonkt dan, dat it sawat docht.[59]

Mar inselde foarnimmen om him tenei wat te bedimjen hie er seis jier earder ek al utere yn Tsien tuwsen, yn it fers ‘De koalferkeaper’:

            Licht haw ik wol tefolle sein,
               ’t Giet sa wol mear mei my,
            Ik nim, as ik oan ’t praten kom,
               Faak wat tefolle frij.
            Ik sis der dêrom neat mear fan,
            Elts hannelt nei syn eigen sin;
            Sa lang as ik it skikke kin,
                        Ferkeapj’ ik bêste koal.[60]

Sa docht de mooglikheid him foar dat net syn ‘ûnmaatskiplikens’ syn karriêre as ûnderwizer (de earste jierren) yn it paad stien hat, en ek net syn Frysksinnichheid, mar wol syn politike en sosjale krityk. Hy wie ommers de skriuwer dy’t sosjale ûnderdrukking bleatlei, freontsjespolityk fan it establishment oanfoel, egoïsme fan de besittende klasse oer de hekel helle, machtsmisbrûk en selsferriking fan amtners ûnthulde, skynhillichheid fan geastlike liedslju sinjalearre, harren dogma’s begekke. Earder haw ik dizze kant fan syn skriuwerij ynterpretearre as in Fryske Vormärz, de krityske geast dy’t him yn Europa oeral oppenearret yn ’e oanrin nei de boargerlike revolúsje fan 1848.[61] De progressyfste geasten fan syn tiid – Telting, Behrns – koene him folgje en joegen him stipe,[62] mar de kliber op ’e doarpen sil der skande fan sprutsen hawwe.

Untdekkingsreizgers

Foar de Fryske literatuerstúdzje is dy kant fan Sytstra syn oeuvre – lykas syn biografy – ek twahûndert jier nei syn berte foar in grut part noch in ûnlân dat wachtet op ûntdekkingsreizgers dy’t sykje nei antwurden. Is der ferbân tusken sosjale krityk yn Fryslân yn ’e perioade 1780-1800 en posysjes yn de earste jierren fan Iduna? Hoe ferhâlde stânpunten oer earmoede en wat letter pas de ‘sosjale kwesty’ hjitte sil ta wat de liberale Provinciale Friesche Courant en de konservative Leeuwarder Courant nei foarren komme litte? Wat wie de resepsje fan it sosjaal engaazjemint yn Iduna? Hawwe folkstalige literatueren yn oare minderheidstalige gebieten yn Europa yn it midden fan de njoggentjinde ieu inselde sosjaal-liberaal karakter, mei likefolle omtinken foar fierder stim- en rjochteleaze maatskiplike groepen? En as dat sa is, hat de kanonisearring yn dy literatueren ek sokke teksten ûnderwurdearrre yn ferliking mei naasjefoarmjende ympulsen en inisjativen?
            Goffe Jensma syn syn Het rode tasje van Salverda hat Sytstra en ek it Frysk Selskip beskreaun as middelers yn it Frysk-wêzen tusken de lytsboargerlike stân en it earmoediger folk.[63] It liket der lykwols op dat de ‘aristokraat’ net it iennichste of belangrykste mikpunt fan Sytstra wie. Ut de hjir oanhelle gedichten blykt it mikpunt te wêzen de minske dy’t syn evenminske yn ’e kjeld stean lit, inkeld út is op eigen gewin en gjin sosjaal ethos hat. De minske dy’t it maatskiplik kwea net sjocht as reden foar help en ferbettering, mar as eigen skuld, en lit in oar him der mar mei rêde. Dy minske is ûnder de aristokrasy te finen likegoed as ûnder de boeren of it gemiene folk.
Alsa wurdt it ‘sinkend kultuerguod’[64] fan in benammen oan Joast Halbertsma ûntliende Fryske ideology, rjochte op taal, skiednis en folkskarakter, troch Sytstra oernommen mar tagelyk feroare. ‘Dy ideology [fan Halbertsma] wiist tebek. Opfallend dat de polityk en de demokrasy dêryn ûntbrekt’, sei Bertus Mulder yn 1998 by de útrikking fan de Joast Halbertsma-priis oan Jensma.[65] Sytstra syn krityske poëzij en proaza konstruearje lykwols in demokratysk sosjaal ethos[66] as grûnslach foar it âldere ‘ien folk, ien bân’ idee. De propagearre solidariteit tusken hegerein, middenklasse, lytsboargerij en folk is op himsels in bern fan romantyske en, yn minderheidskulturen gauris definsive, mienskipsdriuw, mar no wurde ek aktyf sosjaal boargerskip, emansipaasje, maatskippijferoaring en kritysk religieus tinken propagearre yn kombinaasje mei ‘Fryskens’. Sytstra syn model-boarger is de post-Halbertsmaiaanske Fries: in frij- en Frysksinnige, radikale sosjaal-liberaal mei sawol federalistyske as moralistyske en messianistyske trekjes. En net folle respekt foar sintralisearre gesach.
Foar Jensma is it wurk fan Sytstra in symptoom fan ‘een zeker “volksaardig” provincialisme’, nei’t de Fryske post-Halbertsma-kultuer de ferbining mei ‘internationale ontwikkelingen’ opjûn hie yn de machtswiksel tusken de (opkommende) lytse en (fertrekkende) hegere boargerij yn it midden fan de ieu:Vanuit Fries perspectief heeft zich hier een paradoxale ontwikkeling voltrokken. De modernisering van de samenleving in economisch-technologische zin leidde tot verschraling in sociaal-cultureel opzicht’.[67] Fryske kultuer waard, ‘zonder dat ze inhoudelijk veel veranderde (..) streekcultuur’.[68] Nei myn smaak linet dat perspektyf tefolle op sosjologysk-migratware feroaringen as it fertrek, nei 1830, fan adel en hegere boargerij nei ‘Hollân’, en te min op de tekstuele relaasje tusken Fryske literatuer en maatskiplike ferskynsels lykas earmoede, religy, machtsferhâldingen, publike moraal, ensafierderhinne. Men soe mei likefolle rjocht sizze kinne dat Fryske kultuer mei Harmen Sytstra behalve foar dreamerij no ek plak ynromje moat foar realisme – en is dat yn it midden fan de njoggentjinde ieu gjin ynternasjonale ûntjouwing?
En wat Douwe Kalma oanbelanget, is syn Sytstra dan wat oars as de literêre held yn in boargerlik-konservative machtsgreep, rjochte tsjin demokratysk sosjaal ethos as gearbinend elemint fan Frysk-nasjonaal tinken? De Sytstra fan Sweedske goadinnes en Ostfriesische sêgen, stamferbannen en foarhoedes en âlde gloarje, dy hat it net oer it tekoart, de need, de skiedslinen fan it werklike libben en it hjir, it hjoed. Sytstra is foar Kalma net in skriuwer fan teksten fol werklike, net optochte konflikten, mar in fassinearjend selsbyld, sjoen yn de spegel fan in oare tiid. Hoe’t Kalma him ek teskoar set tsjin de emansipearjende ‘folksskriuwerij’ fan Waling Dykstra-en-dy, syn eigen nasjonale held is dêr de heit fan.

* 




[1] Ed Hoornik, ‘Met R. Brolsma aan tafel’, Algemeen Handelsblad (11 oktober 1941).
[2] ‘Harmen Sytstra, voorlooper der volksche beweging’, Het Nationale Dagblad: voor het Nederlandsche volk (21 juny 1940).
[3] Like Kalma yn 1939 yn syn lêzing ‘Harmen Sytstra en de soasiale kwesty’ in oare ynstek kieze te sillen, dan wie er dat in jier letter gau fergetten. ‘Woord tot de Friezen (Wird oan de Friezen). Een opmerkelijk vlugschrift van dr. D. Kalma’, Het Nationale Dagblad: voor het Nederlandsche volk (20 septimber 1940): ‘En nu nog een enkel woord over de vraag, die zich als vanzelf opdoet na lezing van dit geschrift, waartoe werd deze brochure samengesteld? De geest is door en door Germaansch, gerust kan men zeggen nationaal-socialistisch. En dan denken we aan de vorige studie van dr. Kalma over Harmen Sytstra waaruit zoo sterk een liberale gezindheid sprak. Is Kalma zoo snel van inzicht veranderd?’
[4] ‘”Alleen als Friezen hebben wij betekenis voor het Nederlandse volksleven”’, De Heerenveensche Koerier (1 oktober 1949).
[5] ‘De Staat en zijn delen’, De Heerenveensche Koerier (4 novimber 1946).
[6] Sjoerd van der Schaaf, ‘Sytsta stierf een eeuw geleden’, Het Parool (31 maart 1962).
[7] ‘Notities uit Nederland’, Algemeen Indisch Dagblad de Preangerbode (26 novimber 1951).
[8] Douwe Kalma, Harmen Sytstra en de soasiale frage. Lêzing for de jiergearkomste 1939 fen de Fryske Akademy (Van Gorcum, Assen 1939).
[9] Freark Dam, ‘Fansiden, mar wol oan’e goede kant. Harmen Sytstra en it jier 1848’, De Vrije Fries 53 (1973), s. 54.
[10] Jan Piebenga, ‘Nije Fryske boeken’, Leeuwarder Courant (22 jannewaris 1947).
[11] Lêzing fan G. van der Woude. ‘Sytstra en Dykstra yn it Coulonhûs betocht’, Leeuwarder Courant (19 april 1962).
[12] Op 24 septimber 1841 besprekt ‘O.’ yn de Leeuwarder Courant it debút fan Harmen Sytstra (1817-1862), dan noch skriuwend ûnder de namme fan Harmen Zijlstra, Tsien tuwsen uwt de lottery, oaf Jouke Rommerts scriften (Ypma, Frjentsjer 1841). Dy samling fan alles wat – koartswyl, ferhalen, gedichten, in ‘verscheidenheid van zaken’ – wie dat jier ferskynd by Ypma yn Frjentsjer. De resinsint, hoewol’t er inkeld mar de hanneling fan in pear ferhalen sinjalearret, is ûnder de yndruk. De foardracht is libben, de skildering fan ‘der landlieden leven- en denkwijze is karakteristiek’ en ‘[h]et geheel kan naast de Lapekoer eene waardige plaats in onze Friesche Letterkunde bekleeden’. Fan de ferteller Jouke wurd sein dat er in earlik minske is mei in heldere holle ‘en ongekunstelden smaak’. De poëzij priizget er yn it bysûnder: de gedichten hawwe ‘veele verdiensten’ en binne wat de fersebou oanbelanget ‘naauwkeuriger’ as wat de Halbertsma’s brochten.
[13] Sjoch Abe de Vries, ‘De stjerrekaart fan Harmen Sytstra’, Fers2 1-10 (10 maaie 2015); Abe de Vries, ‘Om de seine fan de skiene goadinne. Tema’s en motiven yn de earste jiergong fan Iduna’, Fers2 1-17 (3 oktober 2015).
[14] Biografyske gegevens sûnder noat út: www.allefriezen.nl.
[15] Gerben Piters Colmjon, “Harmen Sytstra,” yn Forjit my net! Rym en ûnrym. Trettsiende boek (Apeldoorn: N.A. Hingst, 1883), s. 49-94.
[16] G.A. Wumkes, Bodders yn de Fryske striid (A.J. Osinga, Boalsert 1926), s. 344, neamt har ‘Antje Klazes’. Ek meldt er, like abusivelik, dat Sytstra ‘as jonge fen toalf jier, nei beppe dea’ by syn omke kaam te wenjen. Antje Hyltjes Stallinga (dy’t net stoar yn 1829 mar pas yn 1836) wie troud mei (1) Jacob Rients Wierda; krije yn 1794 Tjitske Jacobs, de lettere mem fan Harmen Sytstra; en mei (2) Gerrit Klazes Wieringa (1750-1818).
[17] Sytse Jan van der Molen, ‘Doctor Faust en Friesland 2’, Leeuwarder Courant, 8 desimber 1950.
[18] Meidieling fan R.S. Roarda yn: ‘Genealogysk Wurkforbân fan Fryske Akademy kaam gear’, Leeuwarder Courant, 24 desimber 1957. 
[19] Abe de Vries, ‘Folksskriuwerij en lokale elites yn de Lytse Bouhoeke. It dichterskip fan Wynsen Skeltes Faber (1830-1918)’, Fers2 3-20 (10 desimber 2017).
[20] Website: http://www.warrink.net/diversen/nauta/sikkema.htm. Krigen: 16 desimber 2017. ‘In 1795 was het zover dat de patriotten de macht kregen, op 17 februari 1795 werd dat in Minnertsgea feestelijk en uitbundig gevierd. Nadat op 16 februari op de grietenij_rechtkamer te Oosterbierum de oude regeringsleden waren afgezet, kwam op 17 februari het vrijcorps te Minnertsga in de wapenen op het plein van de state van ‘burger’ Bartele Douma van Sixma, op het eind van de Tilledyk.
Daar stonden toen ook zo’n negentig meisjes klaar, gekleed in het wit met nationale driekleurige linten om. Verschillende steden en dorpen hadden al een zgn. vrijheidsboom geplant en Minnertsgea wou niet achter blijven. Daarom lag ook hier de vrijheidsboom klaar om geplant te worden.
Zestien sterke jonge kerels namen de boom tussen zich in en marcheerden in een grote stoet richting dorp. Voorop een detachement gewapende burgers, gevolgd door verscheidene muzikanten met trom, violen en fluiten, daar achter de negentig jonge dames twee aan twee. Een tweede detachement gewapende burgers sloot de stoet.’
[21] Margreet Nauta, Het leven en werken van Doeke Hellema Hz. (manuskript; Utrecht, 2016), s. 12: ‘Toen later Do Dijkstra emeritus werd en met der woon naar Leeuwarden vertrok, kreeg ik met mijne broertjes en zusjes de pelmolen. Deze stond in den tuin van de oude pastorie van Arum, en werd dus naar onze pastorie vervoerd, na uitelkander te zijn genomen. Een volkomen pelmolen met toebehooren, doch in ’t klein, die plaats vond bij ’t begin van de laan, dus tegen de pastorie aan. Twee kinderen konden er in zitten, na de deur gesloten te hebben. – De molen-roeden waren omstreeks 8 voet lang.’ Webside: https://historischcentrumleeuwarden.nl/images/DORPEN/Wirdum/Hellema/Doeke-H-Hellema-autobiografie.pdf. Krigen 16 desimber 2017.
[22] Ib., s. 9. En ek, s. 12: ‘Op mijn 10e verjaardag kreeg ik van mijn vader een Latijnsche spraakkunst, en begon ik Latijn te leeren, mijn vader was mijn leermeester niet alleen in Latijn, doch ook van alles, waarin meester
Donia te kort schoot.’
[23] Ib., s. 11.
[24] Doeke Wiegers Hellema, Kroniek van een Friese boer. De aantekeningen (1821-1856) van Doeke Wijgers Hellema te Wirdum (Fr.) bewerkt door H. Algra (Wever, Franeker 1978).
[25] W. van der Zwaag, ‘Een Friese boer als kerkhistoricus. Uit het dagboek van Doeke Wygers Hellema 1’, Reformatorisch Dagblad (24 novimber 1979). Hellema skriuwt oer in besite oan syn soan yn Achlum yn 1835:
‘Domeni hadde het zeer druk met zijn hof, hij had toen ik wegging rede 280 korven appels en peeren ingezameld, verzonden en verkogt, wel 20 korven zaten nog aan de boomen. Hij rekende de zomervruchten welken hij afzond en verkogte naar aftrek der onkosten op 50 cents en de winterappels op een gulden; behalven eigen behoeften maakte hij dus een aanzienlijke som uit zijn hof, een geschikte arbeider was met de “verkooping belast”.’
[26] ‘Geertrui Elisabeth de Vries huisvr. van ds. R.M. Cloppenburg v.d.m. te Wynaldum werd 14 dec. 1809 verlost van een zoon en overleed den 22 zij werd begr den 27 met het kind in den arm dat dien morgen ook overleden was.’ Boarne: Verzameling Hessel de Walle, archiefnummer 0001, Inscripties en grafschriften - Hessel de Walle, aktenummer 6809.
[27] Harmen Zijlstra, ‘In dei yn de neisimmer’, yn: ib., Tsien tuwsen, s. 234-258. ‘Regine’ wurdt wol sjoen as in namme foar Sytstra syn muze; de ‘Regine-gedichten’ besteane fierder út ‘It famke’, ‘De maitiid op it fjild’, ‘Hjerstjoun’ en ‘Langst nei Regine’, alle fjouwer opnommen yn de blomlêzing Harmen Sytstra, Striid en dream fen Harmen Sytstra: In karlêzing ùt syn proaza en fersen, red. Douwe Kalma (Dokkum: Kamminga, 1948); en ‘Leafde’ (Iduna 1847, s. 176).
[28] Harmen Zijlstra, ‘Uws reis nei Akkerwâlde’, yn: ib., Tsien tuwsen, s. 93-151.
[29] Sjoch J.J. Spahr van der Hoek, ‘Ekonomy yn ’t ûnlân’, De Vrije Fries 53 (1973), s. 33-41.
[30] Fryske Akademy, ‘De schoolmeesters van Barradeel in de loop der tijden’. Webside:
[31] Leeuwarder Courant (10 oktober 1843): ‘De voordeelen verbonden aan dezen post, en aan de daarmede vereenigde betrekkingen van Koster en Organist bij de Hervormde Gemeente, en van oppassen van het Uurwerk in den Kerktoren enz. bestaan in: het genot van vrije Woning en Tuin, een jaarlijks Tractement van f 220 uit de Kerkebeurs; en eene provisionele Toelage van f 80 uit de Grietenijkas; alsmede de Schoolpenningen van ongeveer 50 Leerlingen, die elk 30 Cents in het vierendeels jaars betalen, en indien zij leeren Rekenen nog 30 Cents boven dien. En voorts eenige Emolumenten van minder belang.’
[32] Abe de Vries, ‘De stjerrekaart’.
[33] Jelle H. Brouwer en Jacob J. Kalma, Winst út forlies. Briefwiksel tusken T.R. Dykstra, J. van Loon en H.S. Sytstra út ’e jierren 1841-1847 (Ljouwert, Miedema 1962), s. 19.
[34] Abe de Vries, ‘De stjerrekaart’.
[35] Memories van successie, kantoor Harlingen. Filmnr. 118. Tresoar, inventarisnummer 7014, aktenummer 027.
[36] Groninger Courant, 3-11-1843.
[37] Memories van successie, Leeuwarden. Filmnr. 194; Register IV: 2837. Tresoar, inventarisnummer 11072, aktenummer 792.
[38] Minuut-akten 1853. Notaris: Age Theodorus Haagsma. Kantoor: Leeuwarden III. Repertoire: 077079, Provisionele en finale toewijzing. Bijbehorende aktenummers: 00025.
[39] Abe de Vries, ‘Skiene goadinne’.
[40] Ibidem.
[41] De iennichste dy’t serieus besiket om Sytstra net alhiel sosjaal ûnskealik te meitsjen is Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske biweging (De Tille, Ljouwert 1977), s. 79: ‘De lûden dy't Sytstra hjir hearre lit rinne fjirtich jier foarút op de maetskiplike krityk en de biedwurden yn Oebele Stellingwerf syn ‘Friesch Volksblad’, mar likegoed ek op P.J. Troelstra syn fers: ‘In nije tiid’ dat anno 1889 noch sa'n opskuor joech.’
[42] Dam (1973), s. 55.
[43] Harmen Sytstra, ‘Wird oan s. 75-76.
[44]  Karl Marx en Friedrich Engels, Manifest der kommunistischen Partei (Workers’ Educational Association, Londen 1848).
[45] Ib., s. 76-77.
[46] It soe te fier gean en jou hjir in folsleine list fan fynplakken. Ik tel allinnich al yn de earste jiergong fan Iduna fyftjin teksten mei sosjale krityk: ‘Diu scydnis fon Goliath en David’ (oerset fers, s. 4-5), ‘Heachhertichheit’ (oerset proaza, s. 7-10), ‘Ryk, earm’ (fers, s. 12-14), ‘Biten end brokken (aforismen, s. 15-16), ‘Nynkmuoi end hir poeske’ (fers, s. 17-21), ‘Da twa mensken ynnath apelond’ (fers, s. 27-29), ‘Brief út da apelond’ (proaza, s. 52-55), ‘Jeremiade’ (fers, s. 56), ‘Bistraffe únmeideelsomheid’ (fers, s. 58-59), ‘Wierheid’ (aforisme, s. 70), ‘Diu woldied’ (oerset fers, s. 128), ‘Scoalemasters ere-titels’ (proaza, s. 129-130), ‘Brief út da moaneberchtme’ (proaza, s. 136-140), ‘Fiskeal-suchte’ (proaza, s. 151-153) en ‘Sterke drank’ (fers, 178-179). Sjoch Abe de Vries, ‘Skiene goadinne’.
[47] Iduna 2 (1846), s. 19-20.
[48] Waling Dykstra, ‘Dy’t de treppen skjinmeitsje wol, moat fan boppen begjinne. Petear fan Linseboer mei syn lânheare’, yn: Waling Dykstra en Tjibbe Gearts van der Meulen, Frîske Winterjounenocht. Rîm en onrîm (Cuperus, Boalsert 861).
[49] Iduna 2 (1846), s. 65-69.
[50] Ib., s. 74-76.
[51] Ib., s. 86-101.
[52] Ib., s. 103-105.
[53] Iduna 3 (1847), s. 24-27.
[54] Ib., s. 95-96.
[55] Ib., s. 135-138.
[56] Iduna 4 (1848), s. 113-114.
[57] Ib., s. 171-176.
[58] Van der Schaaf (1977), s. 79.
[59] Iduna 3 (1847), s. 26-27.
[60] Zijlstra (1841), s. 214-215.
[61] De Vries, ‘Skiene goadinne’.
[62] Sjoch Philippus Breuker, Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 (Wijdemeer, Leeuwarden 2014), s. 222, noaten 34 en 35.
[63] Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda. Burgerlijk bewustzijn en Friese identiteit in de negentiende eeuw (Fryske Akademy, Ljouwert/Leeuwarden 1998), s. 163.
[64] Goffe Jensma, ‘Fryske identiteit: in útfining fan de 19e ieu’, Trotwaer 33 (2001), s. 23.
[65] Bertus Mulder, ‘De woartels fan de Fryske identiteit. Fragen en kanttekeningen by in polemysk boek’, Trotwaer 33 (2001), s. 20.
[66] Mei ‘sosjaal ethos’ wurdt hjir bedoeld in ‘maatschappelijke gezindheid’ dy’t ferbân hâldt mei sosjale, ekonomyske en politike struktueren. In sosjaal ethos dat heart by in stannemaatskippij feroaret yn de fjirtiger en fyftiger jierren fan de njoggentjinde ieu yn in ethos dat heart by in demokratisearjende maatskippij mei syn klam op wearden as frijheid en gelykheid. Kfm. Harry Willemsen en Peter de Wind, red., Woordenboek filosofie (Garant, Antwerpen/Apeldoorn 2015), s. 185.
[67] Jensma (1998), s. 194.
[68] Ib., s. 173.

zaterdag 21 oktober 2017

Provinsje moat sels de boer op mei de saak fan it Frysk ûnderwiis

De provinsje stipet it Frysk ûnderwiis foaral burokratysk, mei jild foar nije lesmetoaden. Foar de foarming fan draachflak, it berikken fan de ‘hearts and minds’ fan de minsken, is der gjin plan. No’t it ûntheffingen reint, kin dat echt net mear. 

Abe de Vries 


Yn 1980, doe’t yn it midden fan dat jier it Frysk in ferplicht fak waard op de basisskoallen, wie dêr net folle oer te rêden yn ’e krante. Slach de Leeuwarder Courant der mar op nei: in stik as fjouwer, fiif berjochten, meast koart, in pear ynstjoerde stikjes. Of de ynfiering wie net hiel kontroversjeel, of de redaksje fan de LC kearde alle negative reaksjes op – mar ik tink it earste. It wie de tiid fan de studinteprotesten tsjin de plannen fan minister Pais mei it wittenskiplik ûnderwiis (twafasestruktuer). Yn Fryslân kaam it earste nûmer fan it progressive, twatalige wykblêd De Nije út. De tiid liket, sa’t it no op jin oerkomt, in stik freonliker foar it Frysk as tsjintwurdich. Of it koe de minsken doe ek al neat skele, dat kin ek.  

It ministearje fan Underwiis organisearre sels, yn ’e mande mei de Sintrale Kommisje Frysk, in feestjûn ‘yn in sawat oant it lêste plak besette’ Ljouwerter Harmonie, om de ynfiering fan Frysk as ‘gewoan’ fak op skoalle te fieren. Dat wie op 10 novimber. Studinten fan de kristlike pedagogyske akademy De Him yn Snits en skoalbern fan de kristlike legere skoalle yn Easterein fierden ûnder lieding fan Hindrik van der Meer dy syn sjongspul Dit is oare taal op. Steatssiktaris Ad Hermes fan Underwiis en Wittenskippen naam mooglike beswieren fan Frysktaligen sels yn syn taspraak noch mar wer ris wei. ,,Het is bewezen", sei er, ,,dat beheersing van de eigen milieutaal in woord en geschrift een gunstige invloed uitoefent op de onderwijsprestaties in het algemeen, maar beslist ook voor het aanleren en begrijpen van de Nederlandse taal in het bijzonder". En mr. dr. Klaas de Vries, doe krekt foarsitter-ôf fan de Provinsjale Underwiisried, wiisde nochris op de wjerstân yn de iere Fryske beweging tsjin Frysk ûnderwiis: 

‘Hy helle in brief út 1910 oan fan it SDAP-Keamerlid Piter Jelles Troelstra oan it haadbestjoer fan it Ald Selskip. Troelstra woe, sa die út dat brief bliken, in petear oer mooglike ryksstipe foar it Frysk dêr’t hy graach yn de Twadde Keamer foar pleitsje woe. Mar it haadbestjoer fan it Ald Selskip woe dat net lije, soks soe allinne mar in wegering útlokje kinne en de saak fan it Frysk mear kwea as goed dwaan, om’t de measten yn Nederlân ommers neat fan it Frysk hawwe moasten… ,,Der is sûnt gâns feroare”, moast de hear De Vries fêststelle.’ 

Werom by fóar 1980

Hoe is de situaasje no, 37 jier letter? De Wet op it primêr ûnderwiis en de Wet op it fuortset ûnderwiis binne yn 2014 sadanich feroare dat sokssawat as algemien ferplichtsjend Frysk ûnderwiis de facto net mear bestiet. De mooglikheid ta ûntheffing fan de plicht ta ûnderwiis, dy’t yn 1980 ek al bestie, wurdt tsjintwurdich sa rom gebrûk fan makke dat der yn alle gefallen fan lês- en skriuwûnderwiis yn it Frysk op basisskoallen net hiel folle mear oerbliuwt. As dy ûntheffingen foar it meastepart net reparearre wurde nei fjouwer jier – sa’t de provinsje útstelt mar dêr’t er gjin plan foar hat en gjin garânsjes foar jaan kin – is it Frysk ûnderwiis eins wer werom by de sitewaasje fan fóar 1980. 

De wetswizigingen fan 2014 moasten it risseltaat fan it Frysk ûnderwiis better mjitber meitsje troch it te keppeljen oan ûnderskate, yn nivo oprinnende kearndoelen (fan positive hâlding foar de taal oer, fia de taal ek prate kinne, en de taal ek lêze kinne, nei de taal ek skriuwe kinne). De provinsje Fryslân krige it foech om dy kearndoelen fêst te stellen, wêrby’t ‘overleg’ foarskreaun waard ‘met het Friese (..) onderwijs’ en wêrby’t de goedkarring troch de minister fan de útstelde kearndoelen boppedat ferbûn waard oan twa neiere bepalingen: ‘het bestaan van voldoende draagvlak in het Friese (..) onderwijs voor de voorgelegde kerndoelen Friese taal’, en ‘dat de kerndoelen Friese taal niet meer inspanningen van het Friese (..) onderwijs vergen dan het aandeel van het onderwijs in de Friese taal binnen het totaal aan onderwijsactiviteiten rechtvaardigt’ (Wpû, 9-7-a/b; Wfû 11e-3-a/b). 

Wat dalik opfalt oan de wetsformulearringen is har ûnbepaaldheid. De minister ‘kan’ syn goedkarring jaan of net jaan; der stiet net: sil syn goedkarring jaan of net jaan. En wat wurdt bedoeld mei ‘overleg met het Friese (..) onderwijs’? Wa en wat hearre ta dat ‘onderwijs’: sektororganisaasjes, skoalkoepels, skoaldirekteuren, dosinten, âlden, bern? Dêr seit de wet neat oer. Wat wurdt hjir bedoeld mei ‘draagvlak’, by wa of wat, en wannear is der ‘voldoende’ draachflak? Hoe moat soks fêststeld wurde? Dêr wurdt neat oer sein. Like ûnbepaald is de betingst oer hoefolle ‘inspanningen’ tastien wurde foar it leare litten neffens de kearndoelen, ôfmetten oan in ‘totaal aan onderwijsactiviteiten’. 

De Feriening Frysk Underwiis (FFU) hat sokke en oare fûnemintele beswieren tsjin de oanbelangjende wetsteksten ûnderskate kearen sinjalearre en alternativen yn it omtinken brocht, lykwols sûnder dat dêr nei harke is. Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe yn reaksje op boppesteand wetlik ramt ynklusyf syn fage omskriuwingen, de bepaling oer draachflak yn it ûnderwiis yndachtich, de wet tige beheind ynterpretearre en bal folslein by de skoalkoepels lein. As soe de saak fan it Frysk ûnderwiis net folle breder wêze en ek folle bredere maatskiplike belangen reitsje. 

Risseltaat: alle skoallen freegje oant ein dit jier in folsleine of parsjele ûntheffing oan foar Frysk ûnderwiis. DS beskôgje it as in ‘nulmjitting’. Ut de oanfragen ûntstiet in byld fan de (deplorabele) tastân yn it Frysk ûnderwiis en dan kinne, sa is it tinken, yn oerlis plannen opsteld wurde om te soargjen dat skoallen har ferbetterje, dat wol sizze, nei ferrin fan tiid mear kearndoelen yn har Frysk ûnderwiis opnimme. Garânsjes binne der lykwols net en fan in provinsjaal plan om skoallen te helpen of te stjoeren is twa jier nei it yngean fan it belied noch hieltyd gjin spoar. ‘Gedeputeerde Sietske Poepjes kiest er niet voor om verbetering van bovenaf af te dwingen’ (Friesch Dagblad, 30 septimber 2017) is it provinsjaal boadskip. 

De provinsjale beliedsregel fan 2015 makket in rûzing fan de posysje fan it Frysk yn de regio dêr’t de skoalle stiet ta in kritearium by de ûntheffingeferliening. Yn gebieten dêr’t relatyf minder Frysk praat wurdt, wurde oan skoallen mear ûntheffingen fan leardoelen ferliend. Dêr krije de bern dus gjin Frysk of wurdt har minder feardichheden bybrocht. Sa’t de boargeraksjegroep Sis Tsiis úthâldt, is dat net inkeld yn striid mei de al yn 1980 wetlik fêstleine algemiene ferplichting ta Frysk ûnderwiis, mar ek mei de minskerjochten. Bern wurdt ommers op arbitrêre (geografyske) grûnen ûnderwiis yn har memmetaal oanbean of krekt ûntkeard. 

Besinning

Foar DS soe dy krityk oanlieding wêze kinne foar in bredere besinning op de provinsjale útwurking fan de wetlike mooglikheden en beheiningen op it mêd fan Frysk ûnderwiis. In begjin dêrfan soe lizze kinne yn de werkenning dat sawol ûnder de nasjonale ûnderwiiswetten as it ûnderwiisbelied fan DS tsjintwurdich definsive, statyske noasjes lizze oer draachflak. Der wurdt suver a priori fan útgien dat der net genôch draachflak is yn it Fryske ûnderwiisfjild foar in gelikense behanneling fan it Nederlânsk en it Frysk. En it kolleezje fiert ek gjin breder, aktyf draachflakfoarmjend belied yn ’e maatskippij, sa’t dat wól it gefal is as it giet om bygelyks ekonomysk belied of de provinsjale promoasje fan duorsumens, partisipaasje, ferbining, toerisme, 2018, ensafierderhinne. 

DS besteegje, as it om Frysk ûnderwiis giet, dat hânwurk leaver út. Der wurdt healslachtich wat finansjele stipe jûn oan maatskiplike organisaasjes of groepen om sokssawat as in breder maatskiplik draachflak ta stân te bringen – op ’e nij sûnder in idee fan wat dêrby meitelt en hoe’t soks dan te mjitten wêze soe. Mar maatskiplike draachflakfoarming sil syn wjerslach ek hawwe op draachflak yn it ûnderwiis, dêr’t de wetten om freegje. It ûnderwiisfjild is ommers part fan de maatskippij. Dat, wêrom docht de provinsje dêr neat of mar in hiel lyts bytsje oan? 

Dêr’t ûntheffing earder regel as útsûndering is, konkreet útsjocht op ferbettering ûntbrekt, en draachflak gjin basis mar foarwearde is, mei men sizze dat de wet ûntkend of ûnderwrot wurdt. En dat wylst yn de preambule fan in oare wet, de Wet gebrûk Fryske taal, ek út 2014, de Kening nota bene seit dat ‘het wenselijk is (..) de gelijke rechten van de Nederlandse taal en de Friese taal binnen de provincie Fryslân te waarborgen’. Leit yn dy winsklikheid net in morele en sels juridyske oanfitering foar it provinsjebestjoer, om syn taalbelied te grûnfêstjen op it prinsipe fan lykweardichheid, mar ek om in breder draachflakfoarmjend belied yn te setten as it om Frysk ûnderwiis giet? 

No’t yn 2018 it ‘groeimodel’ yn it Frysk ûnderwiis los sil, is it foar de provinsje heech tiid om sjen te litten dat Fryslân net tefreden is mei moaie wurden en in lege dop. Ynstee fan de kreaasje fan maatskiplik draachflak foar goed Frysk ûnderwiis foar elkenien yn Fryslân inkeld oer te litten oan wat Frysksinnige organisaasjes en ynstituten, dy’t tanksij de algemiene diglosse problematyk uteraard swak en ûnbestindich binne en bleatstean oan marzjinalisearring, moat de provinsjale oerheid yn Fryslân sels fan koerts en stratezjy feroarje. Ynstee fan syn ûnderwiisbelied safolle mooglik bûten de publisiteit en politike diskusjes te hâlden, dêr’t yn 2015 (blykber) foar keazen is, moat de provinsje de boer op mei it promoatsjen fan Frysk ûnderwiis. 

Hoe lang kin dat noch?

No dûke DS en de koalysjepartijen CDA, FNP, VVD en SP foar dat perspektyf noch wei, mar hoe lang kin dat noch? Men negearret de romte yn de wetsteksten mei eangstige, beheinde ynterpretaasjes, skermesearret mei ynhâldsleaze omskriuwingen fan ‘draachflak’, hâldt Provinsjale Steaten bûten de measte beslútfoarming en lit it ear hingje nei ynspeksjefreezjende skoalkoepelbestjoeren, dy’t as ûndernimmers op de ûnderwiismerk konkurrearje moatte en dêr foar it Frysk mar in hiel beheinde rol sjogge, om’t se gjin oanlieding hawwe om te mienen dat se dêr mei skoare kinne sille. It risseltaat is in bang-burokratysk, sels pervers ûnderwiisbelied dat tsjin alle didaktyske idealen yn gjin kennis by de bern bringt mar se der krekt fan weihâldt. Belied dat skea docht oan it Frysk en repressyf útpakt foar de Frysktalige minderheid yn Nederlân. 

As DS dat byld weinimme wolle, soe it begjinne kinne om fan de dakken te roppen net allinnich hoe’n geweldige taal it Frysk is, mar foaral hoe belangryk it is om dy taal sawol mûnling as skriftlik te behearskjen. As dat foar dizze DS in brêge te fier is, dan kinne Provinsjale Steaten besprekber meitsje dat bern makliker leare yn har eigen taal, gjin probleem hawwe mei it learen fan mear talen tagelyk, dat wy in maatskiplike ferantwurdlikheid hawwe foar Frysktaligen en it Frysk oer, dat soks mei minskerjochten en it promoatsjen fan kulturele diversiteit te krijen hat. Ek kin men dêr gewoan de hjir earder sitearre speech fan CDA-steatssiktaris en ûnderwiiskundige Ad Hermes (1978-1982) oernimme. (En dy’t 450 miljoen oerhat foar in stik asfalt fan earne nei nearne, kin jild net brûke as argumint om neat te dwaan.) 

Tagelyk kin in proses fan wetswiziging yn gong set wurde. De Nederlânske ûnderwiiswetten foldogge dúdlik net op it punt fan kearndoelen foar Frysk ûnderwiis en de foarwearden dêroan. Se hawwe it tydlike, sitewasjonele en kommersjele belang fan it profesjonele ûnderwiisfjild op it each, nét dat fan de minsken en de bern. Dy’t ommers neffens alle kritearia fan beskaving én ûnderskate ynternasjonale, mei troch Nederlân ûnderskreaune ferdraggen rjocht hawwe op goed ûnderwiis yn har eigen taal. Mei yn it regear it CDA, de partij dy’t yn Fryslân sa heech rint mei it Frysk folksliet en dêr ek de ûnderwiisportefeuille hat, moat in nije koerts yn sawol Ljouwert as De Haach ta de mooglikheden hearre.

.

maandag 16 oktober 2017

Berjocht fan de lytse dwerse yncrowd nei oanlieding fan de Gysbert-útrikking 2017

Hjoed yn it Friesch Dagblad in ferslachje troch Jaap Krol fan de Gysbert-útrikking. Neffens deputearre fan Kultuer Sietske Poepjes (CDA) is ,,it byld fan de Fryske sêne (..) ek ien fan in lytse, bekfjochtsjende yncrowd en dat hellet dy misje [fan de keunst] wolris ûnderút". 

Wa of wat soe Poepjes op it each hawwe mei sokke literatuerbefoarderjende útlittingen? De minsken dy't literatuer skriuwe, en oer literatuer skriuwe, der les yn jouwe, dermei optrede en der lêzingen oer hâlde? Mar dy't ek wolris opinystikken oer Poepjes har belied skriuwe (hoe doarre dy omkoalen dat), of better sein, gebrek oan belied, of better sein: foar de literatuer desastreus belied? 

Stikken dêr't Poepjes dan steefêst gjin antwurd op jout, om't se sa graach mei de bek fol tosken op 'e foto komt. Poepjes wol reklame, kitsj en folkloare - gjin literatuer. It is dat de advyskommisje Eppie oanwiisde, oars wie op oanstean fan de mem fan alle spektakels de priis nei Jos Thie gien. 

Efkes earder yn dyselde krante stie ek al te lêzen cq. wie te dedusearjen hoe't Poepjes tinkt oer Fryske literatuer. Brief fol nijs fan Poepjes, de krante fettet gear: ,,De provincie Fryslân wil dat specifieke eisen kunnen worden gesteld aan docenten voor het lesgeven in en over de Friese taal." 

Lit dat no efkes besinke. Yn jin delgean. Lesgeven in en over de Friese taal, dat is sûnt 1980 wetlik ferplichte yn Fryslân. Mar elkenien wit dat Fryskpraters mar in lytse, bekfjochtsjende yncrowd binne. Dat dy dosinten en dat foech, dêr komt it net sa op oan. Is Poepjes fansels ek fan betinken, mar ja, dat ferrekte Dingtiid en dat ferrekte SisTsiis. Dus: ,,Het provinciebestuur wil hierover in overleg gaan met het rijk en met de Onderwijsinspectie." Itselde oerlis dus dat al 37 jier duorret. 

As Poepjes út-oerlein en út-taartiten is, dan hoecht it net mear mei dy dosinten, want dan is der net ien mear dy't Frysk skriuwe kin of wol. Oan dy doelstelling wurdt hurd wurke troch Poepjes, mei har ûntheffingen foar jan en alleman. Dat groepke bekfjochters, dy yncrowd, oanfolle troch de gewoane man dy't ek koarje moat fan de provinsjale taaltaart, is noch fierstente grut.  

En hoe foel it sjueryrapport diskear út? 

De advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2017 hat yn syn ferslach in protte omtinken foar bysaken en relatyf mar in bytsje foar de nominearre bondels en de bondel, Fallend ljocht fan Eppie Dam, dêr’t de priis op foel. It giet dan bygelyks oer de fraach oft der wol nominearre wurde moat by de GJ-priis: 

,,Prizen fan oerheden en stichtingen dy’t skriuwers en oare keunstners earje wolle, dogge dat by ús witten net mei nominaasjes. De fraach liket dan ek te wêzen oft de Gysbert Japicxpriis foaral in priis is dy’t út namme fan mienskip en oerheid wurk en skriuwers earet, of mear in marketing- en promoasjeynstrumint is. Dy fraach moat de provinsjale oerheid beantwurdzje.” 

Mar de kommisje beantwurdet dy fraach feitlik al. Yndie is de GJ-priis ,,foaral in priis dy’t út namme fan mienskip en oerheid wurk en skriuwers earet”. En yndie is de priis nét ,,in marketing- en promoasjeynstrumint”. Pats, Poepjes krijt in tik oer de noas. Mar goed, it moat ek net te mâl mei de krityk, jo binne by einsluten mar gewoan in advyskommisje. De deputearre hat it ommers ek wol hiel muoilik mei dy ,,lytse dwerse yncrowd fan eigensinnige dichters dy’t altyd wol wat fine om tsjin te wêzen”. 

Sjoch, sa kinne jo as kommisjelid yn ’e takomst teminsten nochris mei goed fetsoen oanskilje op ’e Twabaksmerk. It binne de dichters sels, is dizze kommisje fan betinken, dy’t ferantwurdlik binne foar ,,it byld dat ûntstiet”, dat nét it byld is ,,fan in bloeiende literatuer mei dichtwurk dat it lêzen mear as wurdich is”. 

Ik wist net dat de advyskommisje ek ferstân hie fan bylden dy’t ûntstean en hoe’t se ûntstean en wêr’t se dan hinnefleane en ik wist ek net dat de kommisje dêr ûndersyk nei dien hie en hoe dan en wêr’t se har op basearje. Ik wit wol dat it de core business fan in GJ-advyskommisje is om de literêre kwaliteiten fan yn alle gefallen de priiswinnende bondel te beljochtsjen. Dat bart dan ek yn it rapport. Yn pak ‘m beet hûndert wurden. Krekt sa'n bytsje wurden, oars, as de GJ-advyskommisje reservearret foar it beljochtsjen fan de oare nominearre wurken. Sinjalemintsjes binne it dy’t de kommisje ús jout. 

Dat is yn myn eagen spitich en dat moat de folgjende kear oars, as ik myn sin sis. Mar ja, ik bin dan ek ien dy’t altyd wol wat fynt om tsjin te wêzen. 

Of, oars formulearre, om fóar te wêzen?

Likegoed wol ik ta myn ferdigening oanfiere dat it sjueryrapport 2005 fan de GJ-kommisje – doe besteande út Klaas van der Hoek, Jitske Kingma en Michaël Zeeman – 4,5 kantsjes A4 bestege oan de ynhâld fan In waarm wek altyd. Unnoadich te sizzen dat oer Fallend ljocht absolút net minder skreaun wurde kinnen hie. Lit my no ris sa eigensinnich en dwers wêze, of foarút, sa belutsen en posityf, en dêrfoar pleitsje dat yn ’e takomst sjuerys wat mear op it aljemint bringe oer it priiswinnende wurk en wat minder har bêst dogge om politike paadsjes te rinnen en deputearren te geriven.

It rapport fan de advyskommisje is hjir te lêzen: http://www.sirkwy.frl/images/literere_prizen/dokuminten/advyskommisje_gysbert_japicxpriis_rapport_2017.pdf

vrijdag 1 september 2017

Tip foar de Afûk: freegje Eeltsje Hettinga ris foar in sjuery

Dat sjuerys fan Fryske literêre prizen en wedstriden net yn mearderheid bestean kinne út minsken dy’t gjin ûnderfining hawwe mei Fryske literatuer, itsij as skriuwer of dichter, itsij as kritikus en essayïst, moat de Afûk dúdlik makke wurde. Wat wol it gefal? Foar de Dichter fan Fryslân-wedstryd hat de Afûk advisearre om toanielspylster en teatermakster Tamara Schoppert, Nederlânsktalich dichter Obe Alkema en Nederlânsktalich dichter Peter van Lier te freegjen en de provinsje is dêryn meigien. Dy trije binne dus de sjueryleden fan de Dichter fan Fryslân-wedstryd. 

My tinkt dat soks ûnakseptabel is. Net allinnich dat de Afûk ek in útjouwerij is, dy’t dus nét de earst oanwiisde ynstânsje is om sjueryleden foar literêre prizen en wedstriden te freegjen, dat sljochtsje ik no mar efkes oer, al stiet it as in peal boppe wetter. Belangriker noch: net ien fan dy trije, fierder fansels hiel kundige minsken op har eigen terrein, hat in bewiisde affiniteit mei, kennis fan en bestjoer oer it fjild fan de Fryske literatuer en poëzij. Dat wol net sizze dat se dy kwaliteiten net hawwe kinne soene; it wol al sizze dat dizze minsken yn har libben faaks in protte by de serieuze ein hân hawwe, mar Fryske literatuer heart dêr yn alle gefallen net by.

Soe it sa wêze dat der yn Fryslân gjin kundige minsken mei in bewiisde kennis fan Fryske literatuer en bestjoer oer keunst omstapten, dan wie sa’n kar noch wat. Mar dat is fansels net sa. Dêrmei wurdt dus de yndruk wekt dat der mei opset sin foar ‘bûtensteanders’ keazen is. Mar dat witte wy ek wer net, want de Afûk ferantwurdet neat. Wis is wol dat ik – as Frysk dichter en skriuwer – my net serieus nommen fiel, en belangriker noch, ik fiel it sa oan dat de hiele Fryske literatuer by de noas nommen wurdt mei de kar foar dizze trije sjueryleden. Is it net suver as hat de provinsje in koloniaal bestjoer oer syn ‘eigen’ literatuer oansteld? Wurdt dêr net yn feite mei sein: bêste Frysktalige keunstners, jimme binne sa’n eksoatysk folkje, dat in grutte mûle hat mar net wit wat goed en minder goed is, dat wy hawwe mar help fan bûten ynroppen om ien fan jim ynboarlingen op it hynder te hisen? 

By de belangrykste prizen yn de Nederlânske literatuer – de P.C. Hooftpriis en de Prijs der Nederlandse Letteren – is der gjin tinken oan dat der ‘minsken fan bûten’ yn sa’n sjuery set wurde. Dat binne allegear spesjalisten, Nederlânsktalige auteurs of literatuerwittenskippers dy’t al hiel wat oer Nederlânske literatuer publisearre hawwe. 

P.C. Hooftprijs 2017 (Bas Heijne): Jacqueline Bel, literatuerwittenskipper oan de VU; Kees ’t Hart, Nederlânsktalich auteur, Kristien Hemmerechts, Nederlânsktalich auteur, David van Reybrouck, Nederlânsktalich auteur, Dirk van Weelden, Nederlânsktalich auteur. 

P.C. Hooftprijs 2016 (Astrid Roemer): Karin Amatmoekrim, Nederlânsktalich auteur, Sander Bax, literatuerwittenskipper yn Tilboarch, Toef Jaeger, redakteur NRC Handelsblad, Edzard Mik, Nederlânsktalich auteur, Pauline Slot, Nederlânsktalich auteur. 

Prijs der Nederlandse Letteren 2015 (Remco Campert): Bert Bultinck, adjunkt-haadredakteur De Standaard; Kris Humbeeck (foarsitter), gewoan heechlearaar Moderne Nederlandse literatuur & Algemene literatuurwetenschap Universiteit Antwerpen; Irina Michajlova, heechlearaar Neerlandistyk Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburg, literêr oersettter; Alida Neslo, teatermakker; Aleid Truijens, Nederlânsktalich auteur, kollumnist, biograaf (F.B. Hotz, Hella S. Haasse); Maria Vlaar, literêr sjoernalist, resinsint, redakteur; Theo Witte, fakdidaktikus Nederlânsk, Rijksuniversiteit Groningen, haadredakteur ‘Lezen voor de Lijst’. 

Dat, leave meiwurkers fan de Afûk, soene jim tenei elke neokoloniale oanstriid ferpresse kinne, en gewoan Eppie Dam freegje bygelyks, of Goffe Jensma, of Henk Wolf, of Eeltsje Hettinga, of neam se mar op. 

No ja, goed, dêr sitte in pear by, dy publisearje by de Afûk, noch in reden om de Afûk gjin sjueryleden sykje te litten... 

Mar yn prinsipe is der (gelokkich noch) gjin ein oan de nammen dy’t foar de hân lein hiene en oanwiisd wiene. Dan hoege wy fan de tsjinpartij tenei net wer yn ’e pinne te klimmen om in deputearre mei in nederich asjebleaft te freegjen om rjocht te dwaan oan de Fryske Literatuer en de ear oan in groep fan 24 Frysktalige dichters te jaan. Tankewol.


.