Hoe mannich skepsel
lit him hjir bewûnderje
en freget driuwend
om attinsje
in nonsjelant gebeart
dat moaie fuotten tilt
mar nim je mear notysje
fan de show
wer sedich yn ‘e rok ferdwynt –
wylst har in pear
pikante knibbels
de strakke nijlonhoas
misdiedich oer de kop
dat jin it bloed
nei boppen foezelt
en ’t rakkertsreau
der even oars fan wurdt
oft har bretaal bedoelen
him ferryf’le fielt
mar op itselde stuit
flitst har ûndogensk wêzen
jin sa faai temjitte
út it chique foudraal
dat men fan skrik
in bline taast docht
nei jins deugdsumheden
en hiel de strjitte dûzelt
foar in amerij.
(Yn: Sonde 20-5 (1975), s. 22)
zaterdag 6 mei 2017
donderdag 4 mei 2017
Durk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873), 'Earste tsjerkhôfsnacht'
It deiwurk rêst. De lêste skimer
Is oan de fiere kym ferstoarn,
En, stjerren om him hinne spriedend,
Tsjucht ’t grize swurk syn nachtkleed oan.
It iene ljocht ferdwynt by ’t oare;
’t Wurdt alles swijen yn ’t rûnom;
Wat libbet sinkt natoer yn d’ earmen
En oan har boarst yn sêfte slomm’.
Op ’t deahôf leit in nije grêfstee,
Ticht oan de hege tsjerketoer;
De jûnswyn strykt de swarte kluten
En ’t sulv’ren moann’ljocht glydt der oer.
Sa yn der mids der griene seadden
En bûten ’t swiere tsjerkeskaad,
Skynt wol dat grêf sa aaklik drôvich
In plak op ’t Fryske deadeklaad.
Doch hjitte triennen seach it streamen
Fan ’t wurge hert, dat bûnzjend sloech,
Doe’t der temoarn in heit syn libben,
Syn iennichst bern oan d’ ierde joech;
Doe’t al syn rykdom op dizze ierde
Foar jimmer oan syn each ûntsonk,
En ek gjin striel de nacht ferheld’re
Wêryn’t noch freugde foar him blonk.
No is ’t der stil. – Men heart gjin kleien,
Men sjocht gjin stomme smerte mear.
Dy lêste wente ûntfong de deade
En joech oan ’t stof syn ein’dom wer.
De himel strielt út tûz’nen eagen
Oer ’t rêstich hôf syn stille pracht
En glimket swiet op ’t stee der deade; –
It is syn earste tsjerkhôfsnacht.
As ’t wrâldetol des Iv’gen namme
Oan ’t mjitleas tek des himels skriuwt,
En d’ ierde, djip mei stilte oerdutsen,
Yn ’t sêfte ljocht der stjerren driuwt –
Dan, seit men, is ’t heechtiid foar de geasten;
En joech se ’t grêf in broer opnij,
Dan moat de freugd noch grutter wêze
Troch hiel der deaden maatskippij.
Soe dêrom no har wolkom klinke? –
Hark! ’t oerwurk rattel’t yn de toer;
De deasnik der fergongene oere
Droant rôljend de grêven oer.
It beamte skoddet mei syn twigen,
En sprekt – as wie ’t yn geastetaal –
Fan heger wente; en yn syn blêden
Sjongt fûl en swiet in nachtegaal.
Ja, ’t is dyn wolkom, jonge deade!
Dyn wolkom op it deadehôf
It wachtwurd is ’t fan better libben;
De rop fan d’ ivichheid oan ’t stof.
Biste yn dyn trouwe mem har earmen
Op ’t fredich bêd te rêsten leid, –
In heite-each wekket oer dyn slommer
Op ’t rispfjild der ûnstjerlikheid.
Sliep rêstich dêr! – En moast net kleie
Dat no dyn grêf al roppen het:
Och, ’t libben jout sa’n bytsje rêst, en
As ’t herte stil stiet lijt it net. –
Sa rêstleas wrot, mei iz’ren kloeren,
De wrâld yn ’t fielend minsklik moed…
No bist foar wrâld en lijen feilich…
O, by de deaden sliept it goed!
En – ’t libben is in diel der reize
Dy’t giet nei ’t miene heitelân;
De dea jout, as wy ’t ein berikke,
Ta d’ oerstap freonlik ús de hân. –
Licht rint, troch altyd better wrâlden,
Nei altyd blider gea de tocht.
Is ’t dan net lokkich, as fan ’t mind’re
In diel der reis wer is folbrocht?
Nee, klei net, dat dyn libbensblomke
Stoar, dy’t him pas ûntsletten hie;
De dea dy ’t waarme hert ferstive,
Foar’t noch dy kâlde winter ’t die. –
Want sillich, dy’t yn libbens maitiid
Mei romme boart te rêst him joech, –
Waans each foar ’t lêst dizze ierde oanskôge,
Doe’t d’ ierde neat as blommen droech!
Wêrst biste? Ja, sa mannich herte,
Dat dêrop ’t antwurd witte woe;
Sa mannich, dy’t de takomst frege
Hoe’t it wol dêr jinsen wêze soe?
De takomst swiget op sa’n frage…
Mûlk dat se ’t oan de dea ûntfalt,
En yn ûnstjerlike earen lústert
Wat se oan it stjerlik ear ûnthâldt.
Oftst lokkich biste? - Minsk’, hat twivel
Dyn herte ta sa’n frage brocht,
Wat sil ’t fan ’t libben dan wol leare,
As ’t noch net minsklik fiele mocht.
Sizze! as oer ’t wol of ’t wee jins bruorren
Do ’t ivich oardiel sprekke soest,
Bleau dan foar har de lokspoarte sletten,
Asto de doar ûntslute koest?...
O! rin do fierder, iere deade,
Op ’t paad nei ’t lokkich heitelân.
Wêrst wêze meist, en watst dêr biste,
Rinst jimmer oan dyn Heite hân. –
Of sliepst mûlk, no’tst foar tiid en ierde,
Foar freon en migen bist ferstoarn, –
God sil op tiid syn Englen stjoere,
En, as se roppe, dan is ’t moarn.
(Ut: Swanneblommen, 1853)

donderdag 27 april 2017
Durk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873), 'De stjerren'
As jûns de sinne yn ’t westen sinkt,
Wylst se ôfskied nimt fan d’ ierde;
As ’t blomke treurich ’t haadke bûcht
Dêr’t it krekt noch fleurich tierde;
De kym in grutte fjoersee is,
Mei poarp’ren en gouden weagen,
En ferven, as, in wûnderpracht,
Gjin eagen skiener seagen;
Dan dûkt, yn ’t east, de skym’ring op.
Des deiljochts deaferkunder,
Spriedt se oan it swurk har mantel út,
En dekt de wrâld der ûnder.
En griis en grizer wurdt de loft,
By ’t dôvjen fan har lúster;
En flau en flauwer wurdt it skaad,
En raant ynien mei ’t tsjuster.
It tankliet fan ’t hielal ferstomt;
Gjin skepsel lit him hearre;
Gjin lûd ferheft de namme Gods,
Of ’t sjongt Him priis en eare.
Mar ’t each omheech, dêr’t ’t Albestjoer
De wrâlden hâldt yn wêzen,
Dêr jout de stille nacht har lof
Yn fleurich skrift te lêzen.
Dêr stroait se, mei ûnsichtb’re hân,
In see fan fonken hinne,
En jout der gloed en tint’ling oan,
Of ’t diamanten binne.
Har glâns, sa sêft as ’t mylde ljocht,
Fan freonlike Eng’len-eagen,
Strielt streamen út fan hearlikheid,
Ter eare Gods, des hegen.
O stjerren, taal, dêr yn de nacht,
Sûnt de earste sliep der sinne
Har lofspraak skriuwt oan ’t firmament,
Troch tûz’nen ieuwen hinne, –
De skepping bringt Aldfader tank,
Mei miljoenen tongen.
Mar skiener, as op jimme toan,
Waard nea gjin liet Him songen.
It tsjûg’t, mei wûnd’re gloed en krêft,
Yn wurden, stom mar hearlik,
Fan dingen, dy’t gjin minske wit,
Uneinich, ûnferklearlik;
Fan machten, yn noch grutter macht
En heech bewâld besletten;
Fan wiisdom, sa’t gjin wiisdom sprekt
Yn minskelike wetten.
En driicht it libben; bringt it leed
En wûnen oan en smerte,
Dan jout dat liet wer moed en treast
Yn ’t eangstich minskeherte.
In wink dan op dat ivich fjild
Fol grutske pracht en lúster,
En ’t libben is wer skien en goed,
De takomst minder tsjuster.
Do fredich ryk fan strieljend ljocht,
Hoe sjochst sa myld omlegens?
Hoe lûkst dat each sa machtich oan,
En fierst de geast omhegens?
Wat is ’t, dat jin mei sêft geweld
Unttsjocht oan ’t ierdske wêzen,
Om yn dyn heil’ge wûnderspraak,
Mei fjurrich each te lêzen?
Is d’ ierde him te lyts, – te leech?
En is ’t yn heger kringen,
Dat hy ferklearing sykje moat
Fan noch ferhoalen dingen?
Of jeit ûnsinn’ge witnissucht
Wer yn ferbeane sfearen,
Dêr’t sels der englen grut ferstân
Noch nedich hat te learen?
Rûn soms, yn tsjuster foarbestean,
Oer d’ iene of oare sinne
Syn paad, want driuwt de langstme net oan,
Nei d’ âlde wenpleats hinne?
Stie iens as bern syn widze dêr?
Mocht hy dêr freonskip fine?
Liet âlderweelde der yn syn siel
Har himelstrielen skine?
Giet mûlk syn wei troch ’t deaderyk
Nei ’n better wrâld dêr boppe?
En binne ’t syn deaden, dy’t him dêr
Mei geastesstimmen roppe?
Wie ’t dat, wat, by in frjemde gloed
Sa faak him heger fierde
En weitreau út syn leger went,
Fier, fier fan stof en ierde?...
Tebek, do geast? Do kringst omdôch
Yn ’t riedselwurk des Hegen;
’t Ferline seit, de takomst jout
Gjin antwurd op dyn freegjen.
Al mjitst de stjerrefjilden út,
En kenst en neamst by namme
Har sinnen, – fierder bringst it net;
Dêr wurdt dyn macht beskamme.
Wol fielst noch moed en krêft genôch,
Om heger op te klimmen;
Wol spriedst de brede wjukken út,
Om wider flecht te nimmen;
Mar ’t stof ferlamm’t dyn stoere flecht,
En twingt, mei iz’ren bannen,
Dy yn dyn einichheid terêch
Op ierde, yn ierdske bannen.
Dêr is dyn pleats, en ’t fjild is rom,
Om witnis op te garjen;
Trochskôgje ’t frij, – by eltse trêd
Is mear noch te ferklearjen.
’t Hielal ferberget dyn begryp
Gjin ink’le fan syn wetten;
Mar tusken ’t hjir en ’t dêr bliuwt noch
’t Geheim ferbûn dy sletten.
Ast ienris frij, fan stjerlikheid
Noch macht fan ’t stof wjerhâlden,
De molkwei lâns, oer stjerren rinst,
Yn ’t ivich ryk der wrâlden,
Dan, as – yn al syn einleasheid
Ien ink’le, grutte krite –
’t Hielal gjin grins mear foar dy hat,
Silst mear, silst alles witte.
(Ut: Swanneblommen, 1855)

maandag 24 april 2017
Durk Bouma Nieuwenhuis (1814-1873), 'Mimerje'
Hark! hear de stoarm troch ’t loftrom rûzjen!
Hark hoe’t er skuort yn ’t jeiend swurk!
Hy skoot op wolken heger wolken
En fitert se oan ’t fernielingswurk.
Syn amme triuwt de see derhinne,
En weagen, lyk as ’t bergen binne,
Oerstreame ’t oars sa feilich strân;
Se ploffe swier tsjin daam en diken;
Ferdylging gjalpt, oer tal fan liken,
Op ’t siedend paad. God helpe ’t lân!
Do stoarm! wêrom sa wyld ûnrêstich,
As briekst út stielen bannen frij?
Wêrta dat woest oanhâldend buld’rjen,
As woest nei d’ opperhearskippij?
Wat die dy ’t minske, datst syn herte
Tepriemje moatst mei eangstme en smerte,
By ’t driigjen fan ’t ôfgryslik ûnk?...
Moatst jimmer it grêf dan djipper dolle,
Wêryn’t sa mannich en sa folle
As offer fan dyn wyldens sonk?
En sjochst de triennen, dy’t der rinne
Ut ’t each fan wees en widdo net,
Noch hearst de suchten fan waans libben
Dyn wredens ’t ealste ûntnommen het?... –
O, hurd bist, as it rotsich stiente,
Wêrop des seemans bloedich biente
Teplett’ret en fergiet yn ’t sân;
En kâld bliuwst as de woeste weagen
It herte-bern, foar mem har eagen,
As lyk terêch smyt op it strân.
Noch blaas! mar asto, sêd fan wurgens,
Fan ’t woeden einlings komst ta rêst,
En neat as ûnk en wee oanskôgest,
Wêrmei’tst dyn paad oerdutsen hest,
Fiel, tenei, dan dyn liende krêften! –
Ast ek gjin ink’le smert fersêftsje en
Gjin krimpend herte treast jaan woest;
Stoe dochs by heger macht besletten,
Datst, yn ’t folfieren fan har wetten,
Tsjin wille en tank sels, sein’gje soest.
En dêrom blaas! Al tsjuchste, in spoeksel,
De fjilden yn, de seeën oer,
Dyn wrede macht is net dyn eigen;
Mar boade bist fan ’t wrâldbestjoer.
Mei noch gjin striel op ’t ierdryk skine, –
Mei ’t each gjin freonlik ljochtpunt fine
Oan ’t swart-oerdutsen loftrom, – dochs
Sil wer dy wolk’ne sluier brekke,
En d’ Almacht fan omhegens sprekke,
Yn ’t stjerrestrieljen: ,,’t Is genôch!”
Ek ’t libben hat syn ûnwaarsfleagen. –
Faak stekt dy needstoarm it haad omheech,
En giet d’ yn glâns ferriisde sinne
Yn ’t treurich nevelklaad omleech. –
Ut swarte wolken sprekt de tonger;
Yn ’t wâld ferstomt de lêste sjonger,
En ’t paad wurdt iensum, stil en near;
’t Foarútsjoch kin gjin each trochkringe;
’t Ferline kin gjin bystân bringe,
En nearne is útkomst, nearne mear.
’t Wurdt tsjuster dan yn ’t minskeherte;
En, mei de lêste freugdestriel,
Skynt ek dat sêfte ljocht te dôvjen
Der hope, libbens better diel;
En, wylst syn krêft en lok ferkwine,
Lit ’t stjerte omheech syn rykdom skine
Mei d’ ieuwenâlde stille pracht;
Seach ’t ek it hiele minskdom lijend,
’t Bleau like rêstich, like swijend,
As sûnt syn earste skeppingsnacht.
Dan is him it libben swier – en aaklik
Wat oars him hillich wie en djoer,
En wanhoop jout him moed, te freegjen
Nei ’t plan fan ’t ivich wrâldbestjoer:
Wêrom hjir it libbenspaad sa tsjuster,
As ’t boppe strielt fan ljocht en lúster,
Fan wille en rêst, fan frede en lok?
Kin ’t himeltek fan freugde blinke
Wylst skepsels Gods yn need fersinke
En ’t libben tôgje as wie ’t in flok?
Is d’ ierde dan fan God ferlitten?
Binn’ minskebern Syn bern net mear?
Is lijen ’t diel fan ’t wrâldske wêzen
En ’t ûnk allinnich op d’ ierdbal hear?
Wurdt jimmer ierdske hope brutsen?...
Wêrom sa fier dan ôfstân trutsen
Dy’t âlderdom oan jeugd ferbynt?
En waard oan ’t lok gjin wykpleats litten,
Wêrom net earder ’t grêf ûntsletten,
Dêr’t ’t wurge herte in rêstplak fynt?
Wêrom?... Wat fregest yn dyn blinens,
O minske! Freegje allike goed
Wêrom ast yn Noardpoals toarre kriten
Gjin blommen fynst of Kearkrings-gloed:
Wêrom, as jûns it deiljocht sinkt,
Gjin oare dei oan ’e eastkyn blinkt
En ’t swarte skaad der nacht ferdriuwt;
Wêrom de winter ’t sinn’fjoer dôvet,
En fjild en wâld har skiente rôvet,
Wêrom’t ’t net altyd simmer bliuwt?...
Fergees, yn Gods bewâld te kringen;
Dyn stimme stjert yn ’t mjitleas rom;
As iennichst antwurd op dyn freegjen
Jout d’ echo ’t freegjen dy werom. –
Dochs toande ek ’t libben dy syn wetten, –
Waard it wyt der takomst dy ûntsletten,
En d’ ivichheid dy iepen lein. –
Soest net wer Serafs ,,wûnder!” sprekke,
Ferbjust’re, ’t oansicht dy bedekke, –
Do, skepsel der fergonklikheid?
Bûge ûnder ’t libben! – Soan fan d’ ierde,
Waard noch dy ’t stof ta wente jûn;
Wat letter folget, silst fernimme,
Hast earst, oer ’t grêf, de takomst fûn. –
Hjir bist oan ’t libben plichten skuldich;
Hjir ropt dy d’ ierde, om, geduldich,
Foar eare en rjocht dyn bêst te dwaan;
Hjir is dyn pleats oan wierheids side;
Hjir moatst foar ’t wol des minskdoms stride;
Folmeitsing al dyn krêften jaan.
En rint dan net dyn paad oer blommen,
(Dyn himelheite wol ’t faak sa:)
Doch liedt dat paad nei dyn bestimming,
En fiert dy ’t fredich tsjerkhôf ta.
En fielleas bist foar ûnk en smerte,
Ast dêr dyn waarm en klopjend herte
Foar libbens tsjinspoed sletten hast. –
Al mocht gjin striel dyn paad beskine,
Dêr silst alteast ferlichting fine, –
Ferlichting yn der grêven rêst.
Fan ’t tsjerkhôf wist de wei nei boppe. –
Sweefst der fan stjer op stjerren oer,
Wylst wrâlden oan dyn fuotten driuwe
En sinnen glânzje yn sinnefjoer, –
Dan silst fan heger wiisdom leare, –
Wat hjir dyn stjerlik ear net hearre,
Dyn lyts ferstân net witte mocht. –
Wêrom des Iv’gen hân allinne
Troch stof en ûnfolkomnis hinne
Dyn geast de himel neier brocht.
Oan dêrta swij – en jou oan d’ ierde
Wat d’ ierde fan dy freegje mei;
Wês nuttich boarger, nuttich minske,
Oant op dyn lêste libbensdei.
Nei d’ ôfrin earst fan ’t ierdske wêzen,
Is foar dyn klearder each te lêzen
Wat wachtet yn de wide romt’. –
Noch minske, hast dyn plak omlegens;
Iens Engel, is dyn pleats omhegens;
Wês trou as minske; - d’ Engel komt.
(Ut: Swanneblommen, 1854)

maandag 17 april 2017
Jan Jelles Hof, 'Wat men om of voor het Friesch doet'
In Engeland doet men de menschen, die gewoonlijk een andere taal dan de Engelsche spreken, zulks invullen op het biljet voor de volkstelling.
,,Doet men dit ten onzent ook voor het Friesch?” vraagt de Nieuwe Ct. quasi-naïef.
Wel neen, waarde Nieuwe Ct.!
In het Hollandsch sprekende deel van Nederland, dat toevallig het grootste en meest belangrijke is, doet men gewoonlijk, alsof er door beschaafde menschen geen Friesch gesproken wordt, laat staan, dat men een Friesche literatuur zou erkennen. Wat weet een doorsnee-Hollander van ’t Friesch, van de oude taal, die de zijne voor de helft gevormd heeft, - erger: wat wíl hij er van weten? Hij geniet van ’t hakkel-rijm, waarmee pas aan de H.B.S. ontsnapte, in geestelijk opzicht ,,yet mar just mei de beide einen ta de broek út” zijnde jongelieden de 1001 letterkundige tijdschriften vullen, die er in zijn land verschijnen en… verdwijnen. En hij stotterleest Fransch, Duitsch en Engelsch. Maar dat er ergens in zijn landje iets goeds geschreven zou worden in ’n taal, een heusche taal, die géén Hollandsch is, - och kom! Dat gelooft hij bij traditie niet. Nederland is Holland, ook in taal, van den hoofdschedel tot den voetzool, d.i. van Delfzijl tot Maastricht.
Nederlandsche hoofdbladen vertellen hunnen lezers iets van den taalstrijd der Polen; van ’t Noorsch, dat zich tegenover ’t in Noorwegen officieel in gebruik zijnde Deensch laat gelden; van de Welsche literatuur in Wales, van het Tsjechisch, dat zich staande houdt tegenover de propaganda der Al-Duitschers, en bovenal, ja bijna elken dag, van der Vlamingen geworstel.
Maar over onze Friesche taalbeweging zwijgen ze gewoonlijk, of ze nemen de zaak als ’n onschuldig verzetje, dat ,,menschen uit de provincie”, - ja, ja, ,,iemand uit de provincie”, zoo heet je tegenwoordig ook al in Nederland, als je ’n stap of wat buiten ’n erg groote stad woont, inplaats van daarbinnen! – nu eenmaal moeten hebben, bij wijze van doode musch, en omdat je, als provinciaal, niet zoo van het leven kunt profiteeren als ’n kleinhollandsch grootstedeling, zelfs niet als ’n gelukkig gesternte je uit je achterhoek toch naar een dier brandpunten van Nederlandsche – neen, alsjeblieft Hollandsche! – beschaving geleid heeft. Want dan voel je je daar als een kat in een vreemd pakhuis! Zoo staat in Holland de massa tegenover het Friesch.
En daarvan komt het dat ook de overheden het en bagatelle nemen. Waartoe zou het dienen, te weten, hoeveel menschen er Friesch spreken?
(s. n. [J.J. Hof], Nieuwsblad van Friesland, 28 jannewaris 1911)

dinsdag 11 april 2017
Waling Dykstra, 'Friezen, wachtsje jimme foar provinsjalisme!'
Sûnt
ús Fryske iisbrekkers, de bruorren Halbertsma, nij libben yn ’t beoefenjen en
lêzen fan de Fryske taal brocht hawwe, is der yn ús letterwrâld folle ta stân
komd dêr’t fantefoaren gjin tinken oan wie. De ûnferjitlike Harmen Sytstra, nou
koartby, nei ús ynsjen, fierste gau ferstoarn, wie de earste dy’t it ûndernaam
om in Frysk tydskrift (Iduna) út te
jaan, wat er oan syn dead ta folhâlden hat, en dat fêst ûnder ’t bewâld fan ’t Selskip
Foar Fryske tael- en Skriftekennisse wol yn stân hâlden wurde sil.
Foar
in grut tritich jier al begûn it Frysk Genoatskip foar skied-, âldheid- en
taalkunde in Frysk Jierboekjen út to
jaan, mar doe wienen der noch net sa’n bulte lju dy’t Fryske boekjes kochten,
dat as dat Jierboekjen net djoer ferkocht waard dan koe ’t net bestean,— en dat
koe ’t lykwol net, it moast mei in jier mannich wer ophâlde omdat it net genôch
kocht waard. Letter is men dochs der wer mei begûn om Fryske Jierboekjes út to
jaan, en yn de tiid dy’t tusken beiden ferrûn, wie ’t Frysk lêzen al safolle
hiemer wurden, dat der nou al sûnt ferskate jierren twa sokke boekjes nêst
elkoar bestean, de Byekoer en de Swanneblommen.
Selskippen
yn ’t belang fan de Fryske taal waarden der fan tiid ta tiid oprjochte. Bûten ’t
Selskip foar Fryske taal- en skriftekennisse, dat syn haadbestjoer te Ljouwert
en hjir en dêr yn Fryslân syn kriten hat, bestiet der noch op ’t Hearrenfean it
Selskip Sljucht en Rjucht; te Ferwerd in Selskip ûnder deselde namme, en te
Damwâlde it Selskip Gysbert Japiks. Sels to Kommersyl in Grinzerlân bestiet in reciteercollegie, wêrfan’t de leden har bysûnder
útlizze op it learen fan de Fryske taal en it foardragen fan Fryske stikken; in
ding dêr’t in hele bulte reciteercollegie’s
en rederijkerskamers yn Fryslân wol
in foarbyld oan nimme mochten. Al dy dingen arbeidzje der ta mei om de Fryske
taal yn eare en de Fryske sin libben te hâlden, en ’t lêzen fan Fryske skriften
fuort te sterkjen. Troch de feriende wurking fan dit ien en oar binne de Fryske
skriuwers nou yn steat om har wurk sûnder skea yn ’t ljocht te jaan.
Nou
waard der ek sa nou en dan wol ris opikkere, oft wy net in Fryske krante hawwe
kinne soene. In krante heel en al yn ’t Frysk bestiet der oan hjoed de dei ta
net; mar yn ’t begjin fan Sellemoanne 1862 waard der troch Fryslân in Proefnûmer ferspraat fan in blêd dat de
namme draacht fan Friesche Courant.
Yn ’t Berigt, wêrmei’t dat Proefnûmer begjint, stiet ûnder oaren
ek: ‘Het blad zal in waarheid eene Friesche
Courant, gedeeltelijk geschreven in de Friesche
taal, voor het Friesche volk zijn.
Het zal Friesche belangen bespreken, Friesche zeden en gebruiken eerbiedigen;
Friesche letterkunde bevorderen’. –
Dat doel is tige. Dy krante hat ek by de Friezen in bulte yngong fûn en is nou
al moai op ’e gleed. Alle wiken fine wy dêr ien of mear stikjes yn dy’t yn ’t
Frysk skreaun binne; oer it goede en tsjoede fan dy stikjes yn ’t algemien wol
ik my nou net útlitte, mar yn dat Proefnûmer
stiet in ding dêr’t ik dochs in wurd oer sizze moat. Ik kom dêr al wat let mei
oan, mar de tiid liet it my hast net earder ta.
It
stikje dat ik mien is titele: ‘In gebed foar de Fryske reedriders’. – Dêryn
freegje de reedriders oan Tsialf, de útfiner fan ’t reedriden, sa’t der sein
wurdt, oft er har nou alheel oan ’t lot oerlitte sil. – Hja sitte danich yn ’t
sipelsop omdat in boeresoan út Drinte, by de hurdriderij te Snits op ’e 22e
jannewaris 1862, de priis wûn hat tsjin 127 Friezen. Dêr wurde yn dat gebed oer
dy Drint in hele bulte smeulske wurden sein, en Tsialf wurdt dêr oansprutsen
krekt as er de Friezen danich ferûngelike hat.
Tsialf
komt yn de âlde noardske goadeleare foar as de boade fan Thor, en foar dy
betsjinning wie er tige berekkene omdat er danige rêd oer wei komme koe. Professor
Lulofs neamt him earne ‘de oud-Noordsche godheid, aan wie de Scandinavische
fabelkunde de uitvinding van het schaatsrijden toeschrijft’. Ik ha dat oars
nearne fûn. Wol fûn ik oanroerd fan Uller: ‘dy’t wennet yn Ydali, dêr’t alles
flikkert as diamant, fan farsk-fallene snie, dy’t de God is fan jagers en
reedriders, dy’t, rêd as de wyn, it skruten wyldguod efterfolget, of op
iiskristal behagelik der hinne swaait’. Hat Tsialf al in god west, dan fêst net
ien fan de heechste rang.
Mar
wat wy fan de âldnoarske goadeleare witte, is fierwei foar ’t grutste part
ôfkomstich út de Edda, in samling fan
âlddichterlike sangen en sagen, dêr’t it bedriuw en ’t lot fan de Skandinavyske
goaden en goadinnen yn besongen wurde, - dy’t byinoar brocht binne fan in Iislânsk
pryster, dy’t stoarn is yn 1133. As nou de Iislânske mytology by ús heidenske
foarâlden hjir yn Fryslân ek bekend wie en as hja al dy Skandinavyske goaden en
goadinnen kend en fereare hawwe, dat is in ding dat men wol foar wierskynlik
hâlde kin, mar wy kinne ’t net bewize.
Lykwols,
wy wolle ’t mar ris oannimme, dat Tsialf by de âlde Friezen eard is as de god
fan de reedriders; mar dan freegje ik op myn bar: wie dat âlde heidenske
Fryslân oars neat as it lytse plakje dat nou Fryslân hjit? Soe it tsjintwurdige
Grinzerlân en Drinte dêr ek net by heard ha? – En al wie dat sa net, dan soe ’t
doch noch wier bliuwe, as de Iislânske Tsialf in god wie foar de Friezen, dan
wie er ’t stellich ek foar de Drinten. En dêrom hat er, tinkt my, de Friezen
neat gjin ûnrjocht dien, as er nou foar ienkear in Drint de priis winne litten
hat, wylst oars altyd de Friezen der mei ôfgeane.
Wy
libje yn in ieu fan foarútgong; dêrom liket it al wat frjemd, dat de skriuwer
fan dat ‘Gebed’ sa fier nei ’t âlde tebek wol, dat er nou de Fryske reedriders
har need kleie lit oan Tsialf, in persoan út de oerâlde heidenske tiid, dy’t
fierwei de measte Friezen fêst net ienris by namme kenne, of ’t moast wêze út
de advertenties dy’t der jier op jier yn de krante komme fan de Hearrenfeanster
IJsclub, dy’t de namme fan Tsialf
oannomd hat. Mar as de skriuwer it iene wol dan moat er it oare; dan moat er ek
Grinzerlanners en Drinten beskôgje en earje as ús bruorren, mei ús fan ien lape
tornd, lykas Halbertsma earne seit; en docht er dat, dan hat er him der net oan
te steuren dat in Drint to Snits de priis wûn hat.
Wêr’t
ik eigentlik op út wol is dit, dat sokke stikken as dat ‘Gebed’ meiwurkje om in
ûnedele geast fan provinsjalisme by de Friezen oan te kweekjen. En dêr moat it
dochs net hinne! al hoe’t wy ús bêst dogge om de Fryske taal yn wearde te
hâlden en, tsjinoer de tanimmende sucht foar ’t frjemde, de Fryske tigens te
bewarjen. Priizje wy echt Fryske ienfâld en rûne seden, dan sille wy ’t ommers
moai fine as wy in Hollanner of Geldersman moetsje dy’t ek sokke deugden besit.
‘De Friezen binne op ’t iis de baas’, dat wurd hat oan dizze tiid ta noch in
wier wurd west; mar as der nou in Drint komt dy’t fan 127 Friezen wint, en as
er soms út Grinzerlân ek riders delsetten komme dy’t net swak byspylje, wolnou,
lit ús dêryn it bewiis sjen dat dy lju ek noch fan âld Frysk laach binne.
Undeugden
en dwaasheden bespotlik te meitsjen, dat kin de goede seden befoarderje; mar te
skimpen op lichemsskeel, krekt as immen ’t oan him sels hat om fiks en feardich
te wêzen, dat is ûndogenske jongeswurk: de skriuwer fan ’t ‘Gebed’ sil my dat,
hoopje ’k, wol tastimme.
Alderwetske
deugden dy’t wy by de Drinten opmerke, oan ferhollânske Friezen ta neifolging
oan te prizen, dat hoecht ús net te min te wêzen; mar te smeulen op de heide en
bjirkebeammen fan Drinte, krekt as wy ús fette klaaigrûnen sels makke hawwe,
dat is – provinsjalisme.
(De Fryske Húsfreon 1862, s. 58-63; omstavere)
maandag 9 januari 2017
Frysk ûnderwiis - it antwurd op de fragen
Op 5 desimber frege de FNP-Steatefraksje oan Deputearre Steaten ûnder mear om ynformearre te wurden ,,oer de konkrete (smart) doelen, aksjes, tiidpaad en effekten fan it Taalplan Frysk”. En ek om oan te jaan ,,hoefolle skoallen aanst nei dizze operaasje de kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk ferbetterje moatte, en hoe’t soks dan dien wurdt”.
Yn it parseberjocht joech de fraksje oan wat er mei de fragen foarhie en wat it doel fan it Taalplan Frysk wêze moast. ,,Doel is dat learlingen úteinlik oantoanber better Frysk leare. It giet net om in ûntheffing foar de skoalle, mar om in plan dat de bern yn Fryslân it ûnderwiis krije dêr’t se rjocht op hawwe.”
De antwurden kamen op 21 desimber, in dei foar de súksesfolle manifestaasje yn Ljouwert fan de boargeraksjegroep Sis Tsiis foar better Frysk ûnderwiis. Ik ha yn de kranten gjin delslach dêrfan sjoen en de FNP-Steatefraksje der ek net mear oer heard. Wiene dy antwurden dan ôfdwaande en wie der gjin reden om troch te freegjen?
Respektivelik nee en ja. Deputearre Steaten witte domwei net cq. litte mei opset sin iepen oft skoallen dy’t ûntheffingen hawwwe wolle foar Fryske leardoelen – sa’n 60 persint fan alle skoallen yn Fryslân! – nei fjouwer jier dy ûntheffingen net op ‘e nij oanfreegje sille. Deputearre Steaten witte ek net cq. litte mei opset sin iepen hoe’t sokke skoallen harren Frysk ûnderwiis sadanich ferbetterje sille dat de ûntheffingen skrast wurde kinne. Deputearre Steaten skriuwe:
,,By de ûntheffingsferliening wurdt útgien fan in groeimodel: de skoalle krijt troch de tydlike ûntheffing de kâns om stapke foar stapke it Frysk te ferbetterjen sadat by in folgjend mjitmomint idealiter minder ûntheffing nedich is. Ek biedt it Taalplan Frysk de kâns om de skoalle stipe op maat te bieden, ôfhinklik fan wêr’t sy it measte ferlet fan hawwe: neiskoalling, lesmetoaden en/of ûnderwiisbegelieding.”
Ergo: it Taalplan ,,giet út fan”, ,,biedt de kâns”, sadat ,,idealiter”. Dat is alles. It bliuwt mei oare wurden by hoopjen. Provinsje-amtner Tjerk Bottema sei it op 3 desimber al yn it FD: ,,We hopen dat veel scholen hun doelen dan naar boven hebben bijgesteld.” En, stiet yn itselde artikel: ,,Wel hoopt de provincie de scholen (..) ertoe te bewegen meer te doen voor het vak.” De provinsje hat gjin ferbetterplan, oars as wat Willem Bosma fan de LC op 20 desimber skreau: ,,De provincie hoopt en verwacht dat basisscholen zich in vier jaar opwerken en dan zonder of met een minder zware ontheffing willen doorgaan. Ze krijgen een hogere rijksbijdrage naarmate zij meer kerndoelen in hun plan opnemen.”
Nuver genôch is fan in ,,hogere rijksbijdrage” as stjoerend beliedsynstrumint yn de beantwurding fan de FNP-fragen gjin sprake. Skoallen yn Fryslân krije in x-bedrach per learling om Frysk te jaan, dat is de bedoelde ryksbydrage. Skoallen kinne dêrmei bygelyks learmiddels oanskaffe, of kursussen foar learkrêften betelje. Mar dy skoallen dy’t no ûntheffingen hawwe wolle, tinke blykber dat it krijen fan dy ûntheffingen winskliker is as it opstriken fan de ryksbydrage – oars hiene se ommers gjin ûntheffingen oanfrege.
It skermesearjen mei hegere ryksbydragen om skoallen ta better Frysk ûnderwiis te ferlieden sil dus yn it geunstichste gefal in bytsje mear as neat opsmite – hawwe Deputearre Steaten it dêrom net neamd yn har beantwurding? Mear as de helte fan de skoallen krijt ûntheffing en der is gjin plan om dy skoallen te begelieden en te stypjen op wei nei goed Frysk op skoalle - in doel dat foar Deputearre Steaten blykber net de muoite fan in ynspanningsferplichting wurdich is.
Ynstee fan skoallen te helpen dy't achterbliuwe, wurde se de fakto oan har lot oerlitten - en de bern binne de dupe. Wat tinkt de ûnderwiisynspeksje hjirfan? Dy hat yn 2010 de brut deroan jûn: om’t ryk en provinsje der sa’n binde fan makke hawwe, ynspektearret dy net mear as it om Frysk ûnderwiis giet. In bjusterbaarlik feit dat nei foarren komt út de beantwurding fan de fragen troch Deputearre Steaten is dat Deputearre Steaten ek gjin idee hawwe oft de ûnderwiisynspeksje wol meiwurkje wol oan it Taalplan Frysk.
Fraach fan de FNP: ,,Graach wolle wy ek witte hokker ôfspraken der yn dit ramt no mei de ûnderwiisynspeksje makke binne of wurde. Kinne jo ús dêroer ynformearje?” Antwurd fan Deputearre Steaten: de ynspeksje wol wol wer in nij rapport útbringe (nei it lêste fan 2010) en ,,dat is mooglik as alle skoallen in Taalplan Frysk opsteld hawwe, dus fan 2018 ôf”. Om koart te kriemen, der binne hielendal gjin ôfspraken. Taalplankoördinator Albert Walsweer (LC, 20 desimber): ,,Oft de groei der wier yn komt, sil ek fan de ûnderwiisynspeksje ôfhingje. Dy wurket noch oan syn beoardielingsramt.”
Alwer wat dat net foarkomt yn de beantwurding fan de FNP-fragen. De ûnderwiisynspeksje moat blykber noch besjen oft se aansen wól wat beoardielje kin. Want binne de leardoelen dêr’t de skoallen har wól oan ferplichtsje, wol sadanich formulearre dat in ynspeksje der wat mei kin? Dat falt te betwifeljen yn it gefal fan it fak Frysk. Dy leardoelen binne ommers noch dizeniger as mist yn 'e Greidhoeke – wat prate, lêze en skriuwe kinne, en dat dan mei ûnderskate nivo’s, foar net- en al-Frysktalige bern. Oan te nimmen falt dat de ynspeksje dêr inkeld mar wat mei kin as er mei de hân oer it hert strykt en dan yn godsnamme mar wat produsearret dat op in ynspeksjerapport liket. Mar dat, as it om in fak as Nederlânsk gie, as in monstrum besjoen wurde soe yn ûnderwiislân.
Wêrom dan al dy nivo’s, wêrom dan sokke dizenige leardoelen? Dat is simpel: oars wolle ús Hollânsktalige meiboargers, dy’t ommers in stik minder meartalich binne as ús Fryske, hielendal neat fan Frysk ûnderwiis witte. ,,Waarom moeten mijn kinderen Fries leren?” De draachflak-gedachte.
Deputearre Steaten skriuwe it noch mar in kear eksplisyt yn de beantwurding fan de fragen: ,,Mei it Taalplan Frysk wurdt boppedat de didaktyske plicht fan skoallen om te differinsjearjen op learlingnivo oan de oarder steld.” Net-Frysktalige bern hoege dêrom minder leardoelen foar de kiezzen te krijen as Frysktalige. By alle oare fakken op skoalle soe elkenien de neamde ,,didaktyske plicht om te differinsjearjen op learlingnivo” belachelik fine en de deastek foar alle klassikaal skoalûnderwiis. Mar hee, dit is Fryslân.
Hjir kin men fragen stelle sûnder ein – de antwurden bliuwe poater.

Abonneren op:
Posts (Atom)