vrijdag 4 oktober 2013
Evert van Dijk: 'Een regionale krant ontleent zijn bestaansrecht aan eigen nieuws'
In grut ynterview yn NRC Handelsblad mei de nije haadredakteur fan sawol Leeuwarder Courant, Dagblad van het Noorden as Friesch Dagblad: Evert van Dijk.
Evert ken ik noch út de tiid dat ik as ferslachjouwer by Persbureau Tammeling yn Grins wurke (1996-1999) en hy by it, doe noch, Nieuwsblad van het Noorden. Sjoernalist Alfred Meester en yours truly ha it it Nieuwsblad doe knap lestich makke. Van Dijk stiet no boppe de trije titelhaadredakteuren Hans Snijder (LC), Pieter Sijpersma (DvhN) en Lútsen Kooistra (FD). Sitaat:
Van Dijk – oorringetje, blauw overhemd en sluik blond haar - werkt ruim twintig jaar bij de NDC en is tien jaar adjunct-hoofdredacteur van het Dagblad van het Noorden. Zijn de drie titelhoofdredacteuren geen stromannen? “We vormen één hoofdredactie. De titelhoofdredacteuren moeten zorgen dat de regionale identiteit overeind blijft. Regionaal nieuws krijgt meer nadruk. Mogelijk krijgt de LC twee edities voor noord en zuid-Friesland. Een regionale krant ontleent zijn bestaansrecht aan eigen nieuws.” (Karin de Mik, ‘Hoofdredacteur Evert van Dijk: “We moeten dingen uitproberen”’, NRC Handelsblad, 3 oktober 2013)
Graach bring ik myn stik oer de LC fan desimber 2008 yn it omtinken. Dat gie oer de needsaak foar in regionale krante om him te konsintrearjen op it eigen, regionale nijs. Neffens Rimmer Mulder, doe haadredakteur fan de LC, hie ik it helendal mis en neffens Wio Joustra, doe adjunkt, wie ik in “ferrieder”.
Hoe dan ek, Evert: set ‘m op!

woensdag 2 oktober 2013
Tresoarteleportear-app foar skriuwers
De Moanne fan it Fryske Boek is in drokke moanne. Elke dei wat te rêden, oeral wat te dwaan. Kriskrosse troch de provinsje. Deawurch wurde je der fan.
Gelokkich hâldt Tresoar in aginda by. Dêr stiet te lêzen dat de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2013 op 12 oktober is yn de Martinitsjerke fan Boalsert. Ynrin: 13.45 oere.
Kommende út, sis, Drachten wei moatte jo dan om 13.00 oere wol op’en paad. As je in auto hawwe. En dy’t mei it iepenbier ferfier fan, sis, Drachten nei Boalsert wol, kin better in wat rommere marzje oanhâlde. Om tolven hinne op ‘e bus, sa sawat.
Hoesa út Drachten wei?
Ja, de aginda fan Tresoar meldt dat EK op 12 oktober de jierlikse ôfslutende boekemerk fan de Moanne fan it Fryske Boek hâlden wurdt. Yn Drachten dus, op it Frânske pleintsje. Fan 11.00 oant 17.00 oere.
Skriuwers dy’t dêrby wêze wolle, om’t se graach harren boeken oan de man bringe, en dy’t ek by de GJ-útrikking wêze wolle, om’t se graach in kollega ear bewize, dy hawwe op dy dei in probleem. Se binne dûbelboekt!
In oerke Drachten, mear sit der net yn.
Tresoar wol ús takom jier better troch de ûnmooglike drokte yn de Moanne fan it Fryske Boek hinnne loadse. Dêrom wurdt it tradisjonele Fryske boekewikegeskink oanfolle mei in soart mobile tillefoan, mar dan oars.
In gadget, net ornearre foar de keapers fan in Frysk boek, mar foar de skriuwers fan in Frysk boek.
Elk dy’t oait in Frysk boek skreaun hat, of dat ûnbegripelikerwiis noch fan doel is om te dwaan, sil dan, foarôfgeand oan de Moanne fan it Fryske Boek, en rekkenjend mei in ferstjoertiid fan trije dagen, behalve in skriuwerskalinder en in súksesaginda ek in startrekteleportearmasyntsje tastjoerd krije.
Dat wol sizze, as dy Moanne dan noch bestiet.
De bedoeling is dat it in app wurdt.

dinsdag 1 oktober 2013
Abonneren op:
Posts (Atom)