maandag 9 september 2013

Buffalo Springfield - Retrospective: The Best Of (Full Album, 1969)

The Byrds - Sweetheart Of The Rodeo (Full Album, 1968)

John Gorka - The Water Is Wide

Woansdei yn it Friesch Dagblad: In protte Europa, in bytsje Fryslân

It bidbook – sis mar it programma dêr’t Ljouwert de titel Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 mei binnensleept hat – is in yndrukwekkende balansear-act wurden. Nei tariedend wurk fan in ‘Kreative Koöperaasje’ oan july 2012 ta, dêr’t ik ek by belutsen wie, is it in lytsere groep bidbookskriuwers slagge om in plan hannen en fuotten te jaan dat de nasjonale en ynternasjonale sjuery oertsjûge hat. Al lêzende rint in twatal saken yn it each.

Op it foarste plak de titel fan it bidbook: ‘Iepen Mienskip’. It lokaal-Fryske mienskipsidee wurdt oan de iene kant keppele oan Europa: it kin ferbûn wurde mei it oeral yn Europa by minsken libjende gefoel dat se by in ‘community’, in mienskip hearre. Dat gefoel wurdt – terjochte – as posityf beskôge en Lwd2018 brûkt it as basis foar allerhanne grinsoerstiigjende keunst- en boargerinisjativen dy’t ‘communities’ meiïnoar ferbine sille. Dêrom ek is de slogan fan Lwd2018: ‘Criss-Crossing Communities’.

Oan de oare kant: der soe ek in tsjuster aspekt sitte oan it Fryske mienskipsgefoel. “Friezen hawwe de neiging om eksterne input mei in skalk each te besjen,” seit it bidbook, “de neiging om fêst te hâlden oan in statyske definysje fan harren kultuer en lânskip”. Lwd2018 wol Ljouwert en Fryslân dus befrije út dat tsjuster wei: der moat hjir in transformaasje op gong komme fan mienskip nei “iepen mienskip”.

Opfallend hoe’t Lwd2018 hjir yn feite in rânestêdlik, urbaan probleem – diskriminaasje troch de mearderheid, isolemint fan minderheden – adoptearre hat, om de net-Fryske sjuery te oertsjûgjen fan it Europeeske belang fan syn programma. Want yn werklikheid is it Fryske mienskipsidee, en yn it ferlingde dêrfan de Fryske kultuer, fansels sa iepen as mar kin.

It twadde dat opfalt is de grutte ynternasjonale ynbring yn de optocht oan projekten dy’t foarbykomt en dy’t brocht binne ûnder de kopkes ‘Nature & Culture’, ‘City & Countryside’ en ‘Community & Diversity’. Mei noch twa lytsere programma’s dêrby: ‘Lab Lwd’ en ‘Royal Friesians’. Dy sterke Europeeske ynbring en aginda hat wol fan gefolgen dat der minder romte is foar Fryske organisaasjes en benammen keunstners. Slauerhoff kom ik tsjin, Escher, Alma Tadema, Mata Hari – mar gjin Douwe Kiestra of Douwe Tamminga, gjin Ids Wiersma of Ids Willemsma.

De fraach dy’t sadwaande by my hingjen bliuwt, is oft dy Fryske nacht net wat mear (en faaks better) Ferljochte wurde kinne soe mei Frysk-kulturele lampkes.


*

zondag 8 september 2013

Fakânsje, Laaksum

The Clash - The Magnificent Seven

Literatuerkrityk: reuzen de bek bine

Gulliver’s Travels is in ferneamd boek út 1726 fan de Ierske skriuwer Jonathan Swift (1667-1745). It byld dat de measte minsken it skerpst bybleaun wêze sil, is dat fan de ‘reus’ Gulliver dy’t oanspielt op it eilân Liliput. Hy falt yn sliep op it strân en wurdt mei tûzen triedden fêstbûn troch de Liliputters, dy't bang foar him binne.

Tsjêbbe Hettinga sliept ek. Noch mar krekt. En postúm, nota bene yn it ramt fan de promoasje om de Gysbert Japicxpriis 2013 hinne, wurdt it fenomenale dichtwurk fan dizze reus no yn de boeien slein troch de Liliputters. Mei de skriuwer út ’e wei en syn oeuvre kompleet doarden Josse de Haan en Klaas van der Hoek it wol oan en meitsje no mar ris gehak fan de dichtbondel Equinox.

Bombastysk, retoarysk, ûnecht, ôfsliten, falsk, sa seaget it stompkrityske knyft fan De Haan.

Forsearre konstruksjes, surplus oan adjektiven, al te betochte nijfoarmingen, wrongen syntaksis, twangmjittige lettergrepetellerij, gelegenheidswurk, sa filearret Van der Hoek.

Fansels: it is priissjitten as jo je roppen fiele om pipere oardielen te jaan sûnder de dêrmei korrespondearjende plicht yn acht te nimmen om se te ûnderbouwen. Like slim is it feit dat de redaksjes fan de twa tydskriften dy’t de ‘skôgingen’ fan De Haan en Van der Hoek publisearre hawwe – respektivelik ensafh en de Moanne – har nét roppen field hawwe om oardiel en ûnderbouwing meiïnoar yn it lykwicht te bringen. Of, as se dat wol besocht hawwe, wat net heel wierskynlik is, dy eksersysje net trochset hawwe mei in logyske wegering ta publikaasje.

Josse de Haan (1941) is benammen in skriuwer fan (eksperiminteel) proaza; syn dichtbondels hawwe dêrmei ferlike folle minder omtinken lutsen. Klaas van der Hoek (1960) is mediaevist en konservator; yn in griis ferline wie er in blaumoandei redakteur fan Trotwaer. Ek siet er mei Michaël Zeeman en Jitske Kingma yn de sjuery dy’t my yn 2005 de Gysbert Japicxpriis taskikte, wêrfoar tank. Beide mannen witte dus it ien en oar fan literatuer en literatuerkrityk. Namste ferbjusterjender is harren wurkwize yn dizzen.

“Us kommentaar is in persoanlik kommentaar,” ferdigenet De Haan himsels en Van der Hoek yn in reaksje op de Feartfisk (6 septimber). “Leau fan my dat wy objektyf beskreaun hawwe wat we lêzen hawwe. Dêr kin op reagearre wurde.”

Jawis. Allinnich, dat reagearjen, dat docht net ien. Wêrom net? Ik jou in tal redenen. Op it foarste plak: de heale Fryske literatuer is redaksjelid fan ensafh, en dat betsjut qualitate qua dat se in sprekferbod hawwe. Twads: in stik as fiif oaren binne redaksjelid fan de Moanne; ek dêr fielt nimmen him roppen om ris literatuerkritysk nei de literatuerkrityk en de literatuerpromoasje te sjen.

Treds: sawat elke Fryskskriuwer hat bannen mei Tresoar, de opdrachtjouwer fan de stikken yn kwesty, en mei beide tydskriften. Oe, dan kin krityk gefoelich lizze. Fjouwer: der binne ek dichters dy’t altyd oergeunstich kennis nommen hawwe fan alle lof dy’t der troch de jierren hinne west hat foar it dichtwurk fan Tsjêbbe Hettinga, wylst der foar dat fan harsels folle minder omtinken wie. Binne sokken net stikem in bytsje bliid dat oaren no út har namme revanche nimme? En fiif: dan is der yn it Fryske noch de ivige grutte mearderheid dy’t altyd en oeral omflústeret dat wy foaral net ‘swartsjen’ moatte, mar bliid wêze moatte mei elke útskiten letter Frysk.

Neffens Josse de Haan is Tsjêbbe Hettinga “hillich ferklearre” en wolle guon net sjen “dat krityk op syn fersen mooglik is”. De Haan lykwols hat dy mooglikheid wol sjoen: “Bombastyske retoryk is oan te wizen, it ferskil tusken falsk en echt kinne jo oantoane (klisjees of autentyk taalgebrûk).”

Ik persoanlik tink – om my ek mar efkes ‘persoanlik’ te uterjen – dat krityk wol mooglik is, mar dat De Haan en Van der Hoek foar it uterjen dêrfan net it goede plak en net it goede ynstrumintarium brûkt hawwe. Wat dat plak oanbelanget, de kombinaasjestikken dy’t se skreaun hawwe. Earst in aai oer de bol, dan in snútslach, en hup, de folgjende fan de sân foar de Gysbert nominearre bondels is oan bar. Dêr draaie harren sân-yn-ien skôginkjes nammentlik op út. Literêre krityk as format, op de wize fan ‘Holland got talent’. Van der Hoek ekskusearret him yn ’t foar al, en dat siert him, mar it risseltaat bliuwt itselde.

Dan it ynstrumentarium. Bombastysk, retoarysk, ûnecht, ôfsliten, falsk, dat is it ridskip fan Josse de Haan. Opfallend: de earste twa eigenskipswurden wurde ek graach brûkt troch ensafh-baas Piter Boersma en syn sidekick Piter Yedema yn literatuerkritiken, en ek dizze twa hearskippen lizze har fokabulêr leaver net út. Blykber is it in generaasjeding. Blykber wie it yn de jierren sechstich en santich wol okee om jin te beheinen ta deadwaners. Mar hjoeddedei, hie ik hope, kin dat net mear.

Graach lês ik de earste ferhanneling oer de wearde fan de kritearia ‘ûnecht’ en ‘falsk’ foar de literatuerkrityk. Of oer, for that matter, oare DeHaanske kritearia as ‘apart’ en ‘konservatyf’. Wat ‘bombastysk’ en ‘retoarysk’ oanbelanget, dat binne lege kontênerbegripen dy’t pas betsjutting krije as se beselskippe wurde fan definysje, útlis, foarbylden en kontekst - it simpelwei opleppeljen fan wat wurden út de gedichten sa't De Haan docht is net genôch. Ast om mear fregest, jout de boppeneamde generaasje net thús.

Nee, dan docht Klaas van der Hoek it better. Hy brûkt in akseptearre ynstrumentarium, mar tinkt blykber ek dat er dichtwurk ûnder de grûn skoffelje mei en moat sûnder definysje, útlis, foarbylden en kontekst. Hy hat ommers al sorry sein foar it feit dat er in dubieuze rol spylje wol yn de ‘marmotterace’ fan sân nominearre bondels.

It kin net tefoarren komme dat er raar út ’e bocht fljocht as er in kear by wize fan útsûndering in titel fan in gedicht falle lit. Oangeande myn  fers ‘Roas fan myn hert’ freget er him spotsk ôf oft dat in serieus bedoeld gedicht wie; hy fynt it “drakerich”. Dat mei fansels, mar as jo by god net witte wêr’t it fers op basearre is, wêr’t it nei ferwiist, hoe’t it yninoar stekt, tsja.

Tsjêbbe Hettinga syn bondel – it jildt foar alle nominearre bondels - is fierstente goed om skea op te rinnen fan dizze kwasy-krityske twa- en aansen fjouwermans (de jûn yn de Bres komt noch) ‘rat-race’. Gelokkich mar. Mar wat al skea oprint, is de literatuerkrityk. Ik wit wol dat net altyd elk oardiel, elke wearde-takenning, elke ynterpretaasje breed útmetten wurde kin. Dat kin yn krantestikjes ek net. Mar as de romte der net is, sil de kritikus him ynhâlde moatte. Hy sil dan nei oare formulearringen en faaks in oare beneiering sykje moatte om oan syn opdracht – it skriuwen oer oarmans dichtwurk – te foldwaan.

Sa net, dan wurdt it in spultsje fan Liliputters dy’t reuzen wol even de bek bine sille.



*