zondag 26 juli 2026

Kin de Fryske literatuer himsels opnij útfine?

 


I

De earste televyzje. De earste roltrep. De earste raket mei floeibere brânje. De oprjochting fan de VPRO. De tl-lampe en triedleaze telefoan waarden útfûn. De earste HEMA iepene de doarren. Mei de Ofslútdyk waard úteinset. En Nederlân fierde de wegebelêsting yn. Allegear hûndert jier lyn, yn 1926. En hûndert jier lyn bloeide net inkeld de mondiale en nasjonale útfynkeunst; ek yn de Fryske literatuer tilde it op fan nijs.

Yn 1926 ferskynde It Heechhôf fan Reinder Brolsma by útjouwer Brandenburgh & Co. yn Snits. Dat wie de earste echte ‘boereroman’. It jubeljier fan Simke Kloosterman kaam út by Broerren Hoitsema yn Grins, ien fan de earste echte histoaryske romans. Bodders yn de Fryske striid, in baanbrekkende samling literatuerhistoaryske opstellen fan Geart Aeilco Wumkes, seach by A.J.Osinga yn Boalsert it ljocht. It binne titels dy’t noch altyd ta de Fryske kanon hearre.

Deselde Wumkes organisearre as bibliotekaris fan de Provinsjale Biblioteek yn Ljouwert in grutte en suksesfolle tentoanstelling fan Fryske literatuer. ‘Het Friesch begint stroom en aanzien te verkrijgen’, skreau er sels yn het Leeuwarder Nieuwsblad. ‘Zelfs de groote pers in Holland verbreidde den roep.’ Begjin dat jier kaam der ek in nij en opfallend Frysk literêr tydskrift, de Holder, ûnder redaksje fan Jelle Brouwer en Rintsje Piter Sybesma.

In folk stiif fol lytsens

Sa ferskynt 1926 yn retrospekt dus suver as in literêr jubeljier. Mar der wiene ek soargen. Oer de Fryske literatuer bestean altyd soargen. Oer it ‘Fryske folk’ ek, want de literêre noed leit fansels oan de Friezen sels. Dat folk lêst te min Frysk. En neffens de nasjonalisten: it fielt te min foar syn ‘eigenheid’, it doart net Frysk te wêzen.

‘Wy hawwe it te krijen mei in folk’, skreau de lettere kultuerredakteur fan dizze krante Eeltsje Boates Folkertsma, ‘dat stiif fol lytsens, maklikens, healens, smoutens, slûgens sit; in folk dat wiis is mei syn sûn ferstân, mar drûch boargerlik fan fielen, dat stiif fan sin mar swak fan wollen is; in folk, dêr’t grutte krêft yn slommet, mar dat bang is fan him sels en foar him sels. (..) It is in maklik folk, lit ús it ûnmak regearje. It is in folk swier te rissen, lit ús it opdriuwe ta de fiere sprong.’

Dat ‘opdriuwen’ en dy ‘fiere sprong’ liken yndie noadich. Op in ledegearkomste yn it Oranjehotel yn Ljouwert yn 1926 wiisde foarsitter Sytse Cuperus fan it Frysk Selskip op it ôfnimmend ledetal; ‘hy hope, dat elk syn bêst dwaan soe, om it oars te krijen’. Sa’n 1000 leden wiene oerbleaun, fan de 1450 twa jier earder en de 1713 yn 1919.

It tal Fryske ferieningen oansletten by it Selskip (‘kriten’) fermindere yn ’e earste helte fan ’e jierren tweintich danich. De krite fan Wurdum ferdwûn yn 1920, dy fan De Sweach, De Jouwer en Raerderhim yn 1921, dy fan Aldeboarn yn 1922, dy fan Balk en de Dokkumer Wâlden yn 1923.

Ferpyldering

Dy delgong yn ledetal fan it Frysk Selskip hie ûnderskate oarsaken, bygelyks de tanimmende konkurrinsje fan oare selskippen dy’t yn it ferpyldere ynterbellum nei foarren kamen. Nei it Kristlik Frysk Selskip (1908) wiene ek noch de Jongfryske Mienskip (1915) en it Roomsk Frysk Bûn (1917) ûntstien. Letter folgen noch it Grifformeard Frysk Selskip (1930) en de Kristlike Fryske Mienskip op Frijsinnige Grûnslach (1937).

In sosjalistysk selskip hat der noait west, al like it Sosjaal-Demokratysk Frysk Ferbân (1928) efkes op in oanset dêrta. Sosjalisten fielden gauris in spanning tusken ynternasjonale idealen en lokale loyaliteiten. De tradisjonele Fryske skiedskriuwing wiist by dat alles faak op it ‘behâldende’ karakter fan it Frysk Selskip, dat fêsthold oan syn út de njoggentjinde iuw stamjende liberalisme en net meigean koe mei it evangeelje fan it Kristlik Frysk Selskip, noch mei it útsprutsen nasjonalisme fan de Jongfryske Mienskip.

Minder faak wurdt as ferklearring wiisd op de ekonomysk minne sitewaasje fan in protte Friezen yn de jierren tweintich. De leanen yn ’e lânbou daalden dramatysk troch meganisaasje en it ynstoarten fan prizen foar agraryske produkten. De sitewaasje stabilisearre om 1930 hinne wol, mar krekt yn it midden fan de jierren tritich kaam der werklike ferbettering. Krekt doe krigen de minsken wer wat mear jild om hannen en dus ek mear omtinken foar kultuer. De earste Fryske ynstitúsjes ferskynden op it toaniel, de ûnderwiisynstelling Afûk (1928) en de ûndersyksynstelling Fryske Akademy (1938).

Opnij útfine

Hoe stiet de Fryske literatuer der no foar, hûndert jier letter, yn 2026? Wat is te ferlykjen mei de tiid fan doe, wat net? Hoe sit it mei de needsaak fan ‘opdriuwe’ en in ‘fiere sprong’? Watfoar inisjativen wurde ûntwikkele om it lêzen fan Fryske literatuer te befoarderjen? Wêr op dat paad treffe wy falkûlen, wêr stean hinderpeallen, wêr hâlde har kânsen beskûl?

Yn twa koarte bydragen mei ik de kommende wiken besykje om oer dy kwestjes wat bestekliks en miskien ek wat niteljends nei foarren te bringen. In reade tried sil de fraach wêze oft – en hoe’t – Fryske literatuer, as marzjinale en jimmer fierder marzjinalisearjende keunstfoarm, himsels opnij útfine kin yn benearjende – of just befrijende? – tiden fan ûntlêzing, ferpoadiumisearing, fertiktokking, ferhollânsking en feringelsking. Stay tuned!

 

II

Hûndert jier lyn, yn ’e simmer en hjerst fan 1926, bekrêftige de provinsjale oerheid syn belutsenens by de Fryske kultuer mei in opfallende en suksesfolle tentoanstelling fan Fryske literatuer. Earder hie de provinsje sokke ûndernimmens ek wolris stipe, bygelyks troch by te dragen oan de Grutte Histoaryske Tentoanstelling yn Ljouwert yn 1877. Doe hie it Frysk Selskip de literêre leie.

In provinsjale ynstelling dy’t op eigen manneboet in nasjonaal bedoelde eksposysje fan literatuer gearstalt, dat wie wat nijs. ‘Men schrijft ons uit Leeuwarden’, berjochte no it Amsterdamske Algemeen Handelsblad op side 9: ‘De gansche Friesche literatuur, muziek en taalwetenschap verzameld en gerubriceerd tot een overzichtelijk geheel, kan men dezer dagen zien in een der zalen van de Provinciale Friesche Bibliotheek te Leeuwarden.’

Gearstaller wie de provinsjaal bibliotekaris, Geart Aeilco Wumkes, grut kenner fan de Fryske skriuwerij. Literatuer luts gjin massa’s minsken, mar op de tentoanstelling yn de Kânselarij hiene fan juny oant oktober dochs mar moai in lytse 1000 minsken west, koe Wumkes berjochtsje yn it Leeuwarder Nieuwsblad fan 23 oktober. Net hiel folle, mar it soartlik gewicht fan de besikers wie heech. Ynternasjonale taalgelearden hiene belangstelling toand. ‘En hoe opgetogen waren Mr. P.J. Troelstra, Rixt, Simke Kloosterman en A.M. Wijbenga! ’t Was mij een genot deze en zoovele andere figuren uit onze Frieschen strijd te mogen rondleiden.’

Beurzeprogramma

Hinkstapsprong nei hjoed, july 2026. Direkteur Arjen Dijkstra fan Tresoar – dat ûnder mear de funksje fan provinsjale bibleteek ferfollet – hat krekt in grut, al earder oankundige beurzeprogramma yn gearwurking mei it Letterenfonds lansearre. In lyts tal begjinnende, leafst jongere auteurs krijt in protte jild plus redaksjonele begelieding om in langere proazatekst te skriuwen, it leafst in roman yn in sjenre dat foaral de jongerein oansprekt. Flústere wurdt oer cosy crime, romantasy en dark academy.

Der komt grif in pitch, der is in ‘ûnôfhinklike’ sjuery of kommisje, ynklusyf boekferkeaper by Van der Velde (minym plankje Frysk). Wat de kâns fergrutsje moat dat dit ‘grootscheeps project’ in ‘slinger’ jaan sil oan de Fryske literatuer, oftewol ‘een nieuwe golf’ op gong bringe sil fan ‘aanstormende schrijvers’ dy’t in ‘breder, jonger publiek’ berikke. Ik sitearje út de Leeuwarder Courant. De ambysje is helder. It doel is in nije Fryske bestseller.

Wêrby’t it net hielendal helder is hoe’t de literatuer hjirmei krekt tsjinne wurdt. Tresoar hat gelyk om yn te setten op nije skriuwers yn it Frysk, dat sil net ien yn ’e wei wêze. Mear twivel sil der ûnder literatuerleafhawwers bestean oer it eksplisite boekferkeapersdoel fan it ûndernimmen. It forsearje wollen fan in merk, dêr’t gjin merk is, dat hat sa op it each net it measte mei keunst te krijen. Mei idealen. Mei it libben.

Modern antwurd

Is de Fryske striid fan Wumkes krompen ta de pageturner fan Dijkstra? It is in no-nonsense, modern antwurd op in al iuwenâlde ûnwinsklike sitewaasje – te min lêzers. Dat de nije Tresoar-regeling tonnen kostje mei, jout yntusken skerp oan hoe dominant yn hûndert jier tiid it ynstitúsjoneel bewegen wurden is yn it Fryske literêre fjild.

Nei 1926 is de feriening as oerhearskjende organisaasjefoarm fan Fryske literatuer fierder weisliten, yn reek opgien, ôfskaft, leechrûn, opheft. Dy ferieningen (‘selskippen’) hiene tydskriften, dêr waard literatuer net inkeld makke, der waard ek oer skreaun, der waard oer hottefile. Binnen ferieningen bestiet direkte(re) demokrasy, dat wie yn dy blêden te merkbiten.

Binnen ynstituten is dêr gjin sprake fan. Tresoar ûntlient syn legitimiteit, behalve oan syn groeiende en nijsgjirrige ynternetpresintaasje fan skôgingen en biografyen, it organisearjen fan lêzingen oer literatuer, it útnûgjen fan skriuwers en it stypjen fan alderhande inisjativen, oan syn nauwe bannen mei de oerheid. Dêrom moat it ek ynleverje oan kultureel kaptaal: it is noait hiel helder hoe en wêrom en op oanstean fan wa besluten ta stân komme. En oare net.

De fraachkant

As de Fryske literatuer himsels foar de safolste kear opnij útfine sil, dan is bygelyks ek omtinken noadich foar fraachkant fan de pageturner. It giet dan net om de produksje fan boeken, mar om de ferkeap fan in produkt foarút te helpen. Oan de fraachkant is folle mear mis as oan ’e produksjekant.

Afûk-dochter Boeken fan Fryslân betinkt kwa boekpromoasje al tiden neat nijs; útjouwers hearre soms samar in healjier neat fan de klup dy’t fan de provinsje de Fryske boekpromoasje staljaan moat. En de lytse sutelaksjes, sa neam ik se mar, fan Ferdinand de Jong, dêr hat de driuwende krêft resintelik sels de stekker út lutsen.

Wol Tresoar no dus ek de provinsjale boekpromoasjetaak oanfetsje? It bestsellerprogramma krijt  yn alle gefallen in eigen rige útjeften, de ‘Gielegou rige’. En ik ha it idee dat de Skriuwersfakskoalle (ek stipe troch, ûnder mear, Tresoar) graach de begelieding fan it skriuwproses op him nimme wolle soe. Boekwurken kinne je tsjintwurdich – dat koe yn 1926 net – al gau copyshoppe litte. Mar is dat dan it bêst mooglike antwurd op de bêst mooglike analyse fan it probleem? Mear boekjes?

It poadium

De jongere doelgroep flechtet mei wille it poadium op, dêr’t it boek net bestiet. Mar de skreaune tekst wol, hoe komt spoken word oars ta stân? Literatuer kin tenei ék ûntstean yn it digitale skimergebiet tusken tekst, lûd en byld. It komt boppedat fia in ferskaat of netwurk fan media nei de konsumint ta. Sosjale media meitsje de konsumint noch krekt net ta dielnimmer. En clips rule. Dêr sil de Gielegou-rige wol by oanslute wolle.

Klinkt okee, mar knypt de sinjalearre ferskowing fan feriening nei subsidiearre én subsidiearjend semy-oerheidsynstitút no net namste hurder? In literatuer ûnderweis fan folk nei steat komt foar nuvere fragen te stean. Wat is wannear literatuer, wa prate mei, watfoar belangen spylje in rol? Wa sille bygelyks de nije tentoanstelling fan Fryske literatuer, dy’t Tresoar yn it hûndertste jier nei Wumkes sines ek fan doel is om ta stân te bringen, úttinke, staljaan en motivearje?

Hoe preskriptyf en tagelyk ‘breed’ sil de nije kanon yninoar stekke? En wêrom wurdt it Skriuwersbûn net by de gearstalling belutsen?

 

III

‘Ek al giet it minder mei it lêzen; mei de ferkeap fan it Fryske boek giet it bêst’, sa begûn op Omrop Fryslân noch gjin twa jier lyn in nijsberjocht. ‘Berneboeken, mar ek romans foar folwoeksenen dogge it goed yn de Fryske Boekewike en by sutelaksjes.’

It kin hurd oars. Dit foarjier foel it suteljen troch Boeken fan Fryslân stil: de praktyske organisator hold der ynienen mei op. Nei de reden moatte wy riede. Oare útjouwers as de Afûk wurde by dy stichting net belutsen. Oerlis of diskusje oer propagandakampanjes foar it Fryske boek bestiet amper.

Frije fal

Fansels giet it nét goed mei de ferkeap fan it Fryske boek. Ien blik op de jonge histoarje seit genôch. Nei it skrassen troch de provinsje fan de Grutte Sutelaksje yn 2009 en de frije fal fan de Friese Pers Boekerij nei 2011 binne de ferkeapsifers struktureel drastysk keldere. Net langer waarden alle jierren sa’n 90 doarpen berikt mei it boeksuteljen, dat gie werom nei sa’n 20. Net langer koe it publyk in skala oan boeken bestelle fia bonnen by advertinsjes yn de Leeuwarder Courant.

Je hoegden gjin glêzen bol te hawwen om it resultaat foarsizze te kinnen. De ferkeap fan romans fan fan fêstige skriuwers sakke fan 1000 of 2000 nei 300 oant 500 stiks; dichtbondels fan 200 nei ûnder de 100. Omsetten út Fryske titels krompen mei 50 prosint of mear. Untlêzing, digitalisearring, sosjale media hawwe dêrby meispile, mar net in tekoart oan goede skriuwers of goede boeken. De slimste boasdwaner, planút sein, wie in kombinaasje fan waanwize neoliberale moades op it Provinsjehûs, ekspânsjedriuw op kosten fan oaren by de Afûk, en winstmaksimalisaasjesucht yn it lanlike útjouwerijwêzen, post-kredytkrisis.

‘De Holder’

Hoe soe de Fryske literatuer anno 2026 himsels en ek syn publyk opnij (út)fine kinne? Hûndert jier lyn wie it ek tiid foar wat nijs. Yn 1926 ferskynde it earste nûmer fan De Holder, in literêr tydskrift dat it mar fjouwer jiergongen folhâlde soe, mar dat likegoed in belangrike ympuls joech oan Fryske literatuer, nei’t Douwe Kalma yn 1922 út syn eigen Frisia stapt wie.

Skriuwers fan ferskillend komôf wurken yn de periodyk gear; Geart Aeilco Wumkes út it Kristlik Frysk Selskip, Jongfrysk dichter Rintsje Piter Sybesma, de sosjalisten Jelle Brouwer en Sybe Douwes de Jong. It tinne moanneskrift hie in Frysk-nasjonale sinjatuer mar dêrby ek in skerp each foar moderne keunst. It nûge út ta ferkenning en diskusje. Under mear Bert Looper en ûnderskreaune hawwe in publikaasje oer De Holder yn tarieding by útjouwerij DeRyp.

Hjoed-de-dei sil in nij tydskrift net de remeedzje wêze; yn ensafh en De Moanne publisearret in weareld oan skriuwers en dichters, en beide blêden binne presint op it wrâldwiid reach. De produksje fan beststellers foar de jeugd? Miskien, mar de bêste groeikânsen foar it Fryske boek lizze earder by tritigers en fjirtigers. Mikke op jong en seksy jout wol mear mooglikheid foar kombinaasjes mei sosjale media, mar krekt de jongerein stiet it fierst ôf fan it boek – stiet de útkeazen doelgroep sadwaande net garant foar in mislearring?

Literatuerpromoasje

Yn ’e tuskentiid hoecht de Provinsje net te wachtsjen mei it serieuzer nimmen fan Fryske literatuerpromoasje. Opfallende oanwêzichheid fan skriuwers en boektitels yn de media, en yn it deistich libben fan minsken, is sine qua non foar in lytse kultuertaal dy’t ambiearret om bestean te bliuwen. Dy presintaasje kin net beheind bliuwe ta it spoken word op it poadium of de fideo op YouTube. Dy sil ek wer, en rommer as foarhinne en hjoed-de-dei it gefal is, yn kranten en by de Omrop plak krije moatte.

By dat allegear sil tagelyk mear romte en stipe komme moatte foar inisjativen ‘fan ûnderop’. In foarbyld is de esseepriis fan It Skriuwersbûn, de skriuwersferiening; in oar foarbyld is it besykjen om gear te wurkjen yn literatuerûndersyk. In earste byienkomst luts okkerdeis sa’n 15 belangstellende skriuwers, wittenskippers en leafhawwers. Besocht sil wurde om te kommen ta in ûndersyksaginda. In literatuer sûnder refleksje op himsels kin net bestean bliuwe; dy wurdt proai fan de waan fan ’e dei en feroaret yn lektuer. Of kabaret.

Te moai om fuort

Sille wy oait wer in Reinder Brolsma, wer in Rink van der Velde, wer in Hylke Speerstra krije? Nee, dêr is de tiid langer net neffens. De ‘folksskriuwer’, trochkrûpt yn memmetaal en Fryske folkloare, mar ek yn de aktualiteit fan syn eigen krite en de wrâld om him hinne, dat type hat west. Nije skriuwers sykje om nij fokabulêr, nije ferskiningsfoarmen, nije fermiddens en nije media. Se sille minder lêzers lûke, mar faak mear sjoggers en (ta)harkers. Soene se net likegoed har heilsum wurk dwaan kinne yn de ongoing story fan de Fryske literatuer?

Mar om sokke nije skriuwers yn grutter tallen as 1 ynstitúsjoneel opkweekje te wollen, en dan ek noch de sljochtweihinne lêzer, de literatuerleafhawwer én it ûnderwiis waarm te krijen foar dy auteurs út de oranzjery, dat is my nochal wat. Dêr is mear foar noadich, ek mear politike stipe, as wat it subsydzjebelied fan de Provinsje hjoed-de-dei sjen lit. Mear as pryskes fan 500 euro foar skriuwerij oer ynstitúsjoneel oanwiisde tema’s.

It probleem fan it Fryske skriuwen en lêzen stekt folle djipper. Noadich is reparaasje, reorganisaasje en útbou fan it hiele Fryske literêre fjild. Yn 1926 besleat in lyts groepke skriuwers dat it oars en better moast, en se setten har oan De Holder. Sa maklik binne wy der net. Us ambysje moat heger rikke: wy moatte sjen dat wy de Fryske literatuer-as-kultuersektor op ’e brêge fan de monteur krije. It ding krijt hinderlike kueren, en is tagelyk te moai om fuort. Oant safier dit apk’tsje.

 

Dit essee ferskynde yn trije dielen yn it Friesch Dagblad fan 9, 16 en 23 july 2026

Geen opmerkingen:

Een reactie posten