Trump wist as gjin oar ‘de angst voor een veranderende wereld te exploiteren’ (Trouw). ‘Trumps christenen verliezen hun geloofwaardigheid’ (Trouw). Alle learlingen binne foar Harris, ‘dat krijg je op een gymnasium’ (Volkskrant). Trump krijt ‘veel ruimte om tegenstanders te vervolgen’ (NRC). ‘De wereld moet zich schrap zetten na Trumps overwinning’ (NRC).
Ik tocht, de sjoernalistyk moat heechnedich by himsels te
riede gean nei Trumps oerwinning. De demonisearring fan Trump rûn yn de
Nederlânske ‘kwaliteitskranten’ alle spuigatten út. De man mei dan in idioat
wêze, Biden wie senyl, dat wêrom dy iensidichheid? Newsflash: de baas
bliuwt toch de uniparty, de deep state, it militêr-yndustrieel
kompleks, it oaljemonopoaljekaptaal, watfoar antydemokratyske klup jo politike
kleur ek mar oansprekt. Tsjinstanners ferfolgje, die Biden dat net? Mei Trump?
Nee, de wrâld hie him skrap sette moatten as Harris wûn hie. Dan hie de oarloch
yn Oekrayne, dy’t no wierskynlik takom jier wol klear wêze sil, noch fiif jier
duorre. Mei itselde resultaat, in Oekraynske kapitulaasje, mar mei folle mear
deaden.
De makke fan it journaille yn A’dam is dat de demokrasy
inkeld wint as hár man of frou wint. De makke fan it journaille yn A’dam is dat
se mear as de helte fan de Amerikaanske befolking delsette as lytse bern, domme
oksessen of gefaarlike nepperts. De makke fan it journaille yn A’dam is dat se
deselde misjonêre sindingsdriuw hawwe dêr’t de U.S. of A. de wrâld al in hiele
lange tiid mei kolonisearret. Us sjoernalisten binne allegear lytse
Amerikaantsjes wurden. Sûnder Washington witte se har gjin ried. Sûnder
Demokraten yn it Wite Hûs fergiet de wrâld. Sjochris hoe't oeral op Facebook it
Frijheidsbyld de hannen foar de eagen slacht. Like me, like me please!
Tiid om oan Europa te tinken. Europa, dat himsels hast om
hals en kiel brocht hat troch Bidens oarlochsklyk kritykleas te folgjen.
Europa, dat suver gjin frije parse mear hat, no’t alles en elkenien wend is om
de parseberjochten fan Washington te fersliten foar de Wierheid en alle oare
teksten út te meitsjen foar fake news. Europa, dat de Amerikaanske
sjitkeunsten, of shitkeunsten, ferslyt foar in rjochtfeardige krústocht út
namme fan freedom en democracy. Europa, dat de eastlike helte fan
syn kontinint op Amerikaansk befel nei de Sinezen jeid hat. Europa, dat syn
autofabriken opofferet oan griene yllúzjes en syn arbeiders op it skavot set
mei it boadskip dat se net mear smoke, drinke, neuke en, hielendal net bêst,
autoride meie. Europa, dat krekt as Uncle Sam sa graach oarlochjes útlokket op
oarmans grûn, it ek dien hat yn Oekrayne, en it dwaan wol yn Moldavië en
Georgië.
Woe, moat ik sizze. Want mei Trump oan it roer is dat
foarby. Wat de man binnenslâns allegear útfret, dêr rêde de Amerikaantsjes har
mar mei. It is dêr by einsluten the greatest democracy on earth, is ’t
net sa? Nee, dat is net sa. Mar it binne har eigen miljardêrtsjes dy't
politikus boartsje of politisy finansiere, dat wat soene wy dy liberale korrupte
autoritêre autokraten oan ’e oare kant fan de dobbe bybringe moatte? Ja, dat se
Israël by 't ear krije moatte, foar't der gjin Palestyn mear oer is. Want dat
sil Trump lykas Biden en Harris ek wol net út himsels begripe (meie).
Europa, Europa, Europa. Ynklusyf Ruslân, graach.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten