zaterdag 3 december 2016

It Frysk op skoalle - de praktyk

As it om de praktyk fan it Frysk op basisskoallen giet, is de trystens mei gjin pinne te beskriuwen. Ik fetsje gear wat ik hear út it fjild. Earst wie der Studio F, in metoade Frysk op fjouwer nivo’s. Om’t wy yn Fryslân in protte lytse skoallen hawwe, wurkje de measte learkrêften yn kombinaasjegroepen. Dat betsjutte foar in kombinaasjegroep dus lesjaan mei Studio F op acht nivo’s. Net te dwaan, sizze sels dy ûnderwiisminsken dy’t hert foar it Frysk hawwe.

En wat moatte sokke learkrêften dan? Sels mar wat oanrommelje, mei de bêste bedoelingen. Sels wat lesboekjes byinoar skarrelje. De bern yn godsnamme dan mar wat wurdrychjes oanleare: dagen, moannen, kleuren, bisten.

Nei njoggen jier mei in net-funksjonearjend Studio F hawwe de Afûk en Cedin lêstlyn in nije metoade yntrodusearre: Spoar 8. Fan fjouwer nivo’s giet it no nei twa nivo’s. Dus foar in kombinaasjegroep betsjut dat noch altyd lesjaan op fjouwer nivo’s. Likegoed: net te dwaan.

Fierder binne de staveringslessen no ferwurke yn in, jawol, game: de Meunstertún fan Grendel Games. Bern moatte harsels mei it spultsje de Fryske stavering oanleare, dus sûnder útlis, ynstruksje, foardwaan-neidwaan fan juf of master. Yn it begjin fûnen de bern, neffens sizzen, soks wol aardich en spannend, mar no’t it nije derôf is, bliuwe inkeld de echte gamers yn ‘e besnijing – de oaren binne al lang ôfheakke.

De lessen fan Spoar 8 bestean út twa digitale lessen mei de learkrêft en dêrnei moatte de bern de learstof selsstannich ferwurkje yn in ‘tram’ of ‘trein’ opdracht. Leuk betocht, mar sûnder te rekkenjen mei it hiele lesprogramma op skoalle. ‘Organisearje in moadesjo’, ‘meitsje in presintaasje foar de groep’, ‘hâld in ynterview’. Opdrachten dy’t samar mear as twa oeren yn ’e wike nimme. Tiid dy’t der net is.

Want wat wurdt der allegear wol net op it buordsje fan de learkrêft skood? Skoallen moatte mear tiid besteegje oan de kreative fakken, mear dramatise en musise foarming jaan, bern seksuele foarljochting jaan, bern programmearjen leare en feilich ynternetten, klearstome foar de hieltyd feroarjende maatskippij (21st Century Skills), bern ‘weerbaar’ meitsje (anty-pestprogramma’s folgje), bern ‘kanjertraining’ jaan om se sosjaal sterker te meitsjen, bern fan groep 1 ôf de Ingelske taal leare, en folle net genôch, en gjin ein.

Dat moat dan ek noch allegear yn en mei itselde oantal oeren dien wurde, wylst dy ûnderwiistiid al foar it grutste part folle wurdt mei de fakken rekkenjen, lêzen en Nederlânsk. Fan de tiid dy’t dêr foar stiet mei fan de ynspeksje neat ôfhelle wurde. It slachtoffer is it Frysk. It fak Frysk moat der ‘noch eefkes’ by. En faak komt it fak yn ’e knoei. ‘Dan slaan we dat deze week maar een keer over.’

Us learkrêften rinne tsjin harren grinzen oan, tinke jo net? Mar de bûtenwrâld en ek de Fryske lesûntwikkelders hawwe gjin idee hoe’t it der op de wurkflier oan ta giet en ûnder watfoar druk learkrêften wurkje moatte. Der wurdt in skynwrâld skepen fan leardoelen en mjitmominten dy’t neat mei de praktyk te krijen hat – of dy’t de praktyk oan it each ûntlûke moat?

Guon skoallen soene graach alle wiken in Fryske middei hawwe wolle. Gewoan alle lessen yn it Frysk jaan op dy middei. En dan ek lesjaan yn ’e Fryske taal. Op ien nivo, mei-inoar en leafst klassikaal. Mar dat meie jo al hielendal net mear sizze: klassikaal is hjoeddedei not done.

Koartsein: Fryslân hat opnij in metoade, stipe mei in soad jild fan de Provinsje, dêr’t it Frysk ûnderwiis en dus de Fryske bern fierstente min mei opsjitte. Is it bêste medisyn no it ferlienen fan ûntheffingen foar guon leardoelen, sa’t de provinsje docht yn syn ‘Taalplan Frysk’?

Of is der stipe noadich foar de Frysk-swakke skoallen, mear tiid, mear jild, mear learkrêften mei foech, en fansels hearre dêr ek goede, yn de praktyk woartele en bewiisde lesmetoaden by?

Geen opmerkingen:

Een reactie posten