dinsdag 15 oktober 2013

Moarn yn it Friesch Dagblad: Renêssânse foar it suteljen

De Skroeier fan woansdei yn it Friesch Dagblad giet fansels oer de skriuwersaksje om it suteljen werom te krijen. Op 9 novimber sil der op inisjatyf fan Hilda Talsma, Ferdinand de Jong, Martsje de Jong en Jacob Stelwagen sutele wurde mei Fryske boeken yn de doarpen Bitgum en Bitgummole. Op de âlderwetske wize, mei frijwilligers en kroaden. En wat komt dêrnei?

"By de provinsje en de ynstitúsjes sil it achter guon earen no wol efkes jûkje. De provinsje hat ommers gjin hân útstutsen om it suteljen te rêden doe’t de Stichting It Fryske Boek organisatoarysk yn de bedelte rekke en it ek hieltyd dreger fûn om frijwilligers foar it suteljen byinoar te regeljen. Tresoar, dat it personiel fan It Fryske Boek oerkrige, wie en is net fan doel om de doar-oan-doar ferkeap foar syn rekken te nimmen. Dat, hoe sil der op it sinjaal fan de skriuwers reagearre wurde?

As de sutelskriuwers wat duorsumers dwaan wolle as ris in kear twa doarpen yn, dan leit der no in kâns. In kâns om it suteljen foarm te jaan bûten de wenstige kanalen om. Rjochtsje as sutelskriuwers en – sympatisanten in stichting op, dêr’t je mei fierder kinne. Sa’n stichting soe subsydzje fan de provinsje krije kinne, mar ek fan bedriuwen en partikulieren. En fansels de stipe fan Tresoar en de Stichting Boeken fan Fryslân by it realisearjen fan fierdergeande plannen foar takom jier en de jierren dêrnei."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten