maandag 8 juli 2013

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Wat biede wy oan?

Woansdei fansels wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad. Freed fertrekke bussen fol Friezen nei Amsterdam om it definitive Bidbook oan te bieden dat Ljouwert de titel 'Kulturele Haadstêd fan Europa 2018' besoargje moat. Waard in brede rûnte fan minsken noch by it earste Bidbook belutsen, it twadde is de frucht fan wurk fan in selekt groepke. Alle begryp, mar:

"Dochs fielt it wat nuver dat de befolking fan Ljouwert en Fryslân no ál frege wurdt om mei te gean nei Amsterdam, wylst der bûten de rûnte fan plannemakkers net ien is dy’t wit wêr’t Bidbook Twa no yn ferskilt fan Bidbook Ien. Hokker plannen fan Ien komme ek foar yn Twa, en hokker binne sneuvele? Mei oare wurden, as ik meigean, wat wurdt der dan mei út myn namme oanbean? Ik kin it antwurd op dy fraach net fine, net op de site fan Lwd 2018 en ek net op de Facebookside fan Lwd 2018."

Geen opmerkingen:

Een reactie posten