maandag 6 mei 2013

De standertwurdlist is in ramp foar it Frysk

Leafst twa inisjativen is de Fryske Akademy de Fryske taalbrûkers mei oer it mad kommen. Neffens it earste moat de stavering feroare wurde fan guon wurden, benammen dy mei in –û of in –oe lûd. It twadde hâldt it opstellen fan in ‘standertwurdlist’ foar it Frysk yn. Net samar in grien boekje, dat ynventarisearret, mar in list dy’t standertwurden oanwiist en it brûken derfan foar (semi-)amtners ferplichtet. Dat allegear op kosten fan ús taalrykdom.

Anne Dykstra, leksikograaf by de Fryske Akademy, hat tongersdei yn dizze krante ien en oar ferdútst en ferdigene. Ik fyn dat er belangrike saken oer de holle sjocht, it liket wol as wurdt it ûnderwiis-ideaal te fier trochdreaun. Dat sil skea dwaan oan de taal, sa’t dy yn syn hiele hear en fear noch libbet by in protte minsken. No driget it ynkoartsjen, it wurdt in kwestje fan keal skeare en yn de lesboekjewaskmasine stopje, om it Frysk dêrnei netsjes bysette te kinnen op it plankje ‘Echte Talen’. Mar op dat stuit sil der al net folle libben(s) mear yn sitte.

Neffens dy ideology moat in ‘echte taal’ foar syn stavering heldere regels hawwe sûnder histoarysk ûntstiene útsûnderingen. Regels dy’t dúdlik binne foar de ‘nijlearders’: bern, mar ek ymmigranten út oare talen wei. Dat ‘âlde’ taalbrûkers it Frysk skriuwen blykber leard hawwe sûnder dy heldere regels, it is in wûnder. It is har ek slagge en werken útsûnderingen. Mar it ferfrjemdzjen fan in grut part fan de befolking fan de wurdbylden dy’t mei de leafde foar de taal útmeitsje, wurdt sjoen as ‘collateral damage’, dan seit men spitich, it is net oars.

It is in taaltinken dêr’t wy sûnder kinne. De ‘logyske’ ôflieding fan staveringsregels (is in wurd ôflaat fan it Aldfrysk, en yn de nije regel: wat is de Hollânske oersetting fan in wurd?) is net wat in taalbrûker dwaande hâldt waans salaris net betelle wurdt troch Akademy of Afûk. Gewoane Fryske taalbrûkers wolle witte hoe’t in wurd stavere wurde moat, net wêrom’t it sa stavere wurde moat. Jou my de regel en de útsûnderingen, mear ha ik net noadich.

Wêrom dan dochs wer nije regels? Giet it inkeld mar om opdrachten foar de ynstituten, wurk, mear papier, revisy fan boekwurken, koartsein, moat it jild de goede kant út rôlje? Foar it oare makket it de yndruk fan regelsucht en boekhâlderij. Hat in lytse, kwetsbere taal as it Frysk ferlet fan nóch mear stroffelstiennen? En hat de boarger in idee wat dit allegear kostje sil oan, bygelyks, nije lesboekjes?

Der wurdt ek sein dat wy in standertwurdlist noadich hawwe, in list dy’t net allinnich oanjout hoe’t in wurd stavere wurde moat, mar ek hokfoar wurd Standertfrysk is. As soene wurdboeken dy stavering net jaan. Der is bygelyks in Wurdboek Fryske Taal (26 dielen, online) en in Frysk Hânwurdboek (twa dielen). Dêr kin wol in grien boekje by, de subsydzje-ekonomy fan it Frysk is sljocht op soks. It Nederlânsk hat der ek ien, nee, it hat twa fan sokke skriuwgidskes, der is ek noch in ‘wyt boekje’. Mar dat allegear makket noch gjin ferplichtsjende standertwurdlist.

Standertwurden? In foarbyld: ‘romte’ is goed Frysk foar ‘ruimte’. Mar ‘rûmte’ (yn ’e Wâlden) is dat ek. Ien fan beiden moat aansen it fjild romje. It liket my goed dat der oer de konsekwinsjes breder oerlis komt as allinnich oan de Fryske Akademy. It oanwizen en ferplicht brûken fan standertwurden bedriget ommers in grut part fan ús taal. Goed, geef en libben taaleigen wurdt de skriuwtaal út- en de yllegaliteit yndrukt. Minsken wurdt in unifoarme wize fan uterjen oplein. Soene Hollânsktaligen har ek fertelle litte dat se tenei ‘woei’ brûke moatte ynstee fan ‘waaide’?

Underwiis-ideologen kinne de taal net foarskriuwe. Noch de Fryske Akademy noch de oerheid hat dêr it foech ta. De Fryske taal is in libbene praktyk, dy’t fan ús allegear is. Provinsjale Steaten is knollen foar sitroenen ferkocht. In Steatelid kin mar ien ding dwaan: de sinleaze en skealike staveringswiziging weromdraaie en it haadstik fan de standertwurdlist sa gau mooglik ôfslute.


Abe de Vries is dichter en winner fan de Gysbert Japicxpriis.

(Boarne: Friesch Dagblad, 6 maaie 2013)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten