vrijdag 25 januari 2013

Fjouwer kandidaten foar Gysbert Japicxpriis 2013

Earejuster hat Tresoar de groslist fan bondels dy’t yn ’e beneaming komme foar de Gysbert Japicxpriis 2013 op sirkwy.nl set. As dy list ien ding sjen lit, dan is it dat der noch altyd in macht oan poëzij yn it Frysk ferskynt: hast 50 bondels wurde neamd, publisearre yn 2009, 2010, 2011 en 2012.

En neist it bekroanen fan ien bondel bestiet fansels ek de mooglikheid dat it oeuvre fan in dichter bekroand wurdt.

It moat mar dalik sein: foarsizze wa’t de priis yn ûntfangst nimme sil is net ienfâldich. As nei de poëzij op himsels sjoen wurdt, soe ik persoanlik de nammen neame fan Eppie Dam en Eeltsje Hettinga. Mar miskien is it noch net ien opfallen: sûnt 1986 (Tiny Mulder) hat gjin frou de priis mear krigen. Dat betsjut dat Albertina Soepboer en Baukje Wytsma – fan wa’t benammen de earste har wurk meunsterje kin tsjin dat fan Hettinga en Dam – likegoed kâns hawwe.

Wytsma har poëzij is miskien minder ferrassend, mar har konsistinte oeuvre omfiemet wilens al njoggen bondels. De gearstalling fan de sjuery dit jier – Jetske Bilker, Goffe Jensma en Jantsje Post – liket net dalik yn it neidiel fan Soepboer en Wytsma.

Dam, Hettinga, Soepboer en Wytsma dus. Mei as ‘outsider’ Jacobus Smink, dy’t mei Sondelfal in prachtige bondel ôflevere. Sjoch dêr myn spekulaasjes. Foar wat se wurdich binne.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten