zondag 15 mei 2011

Zaanse Aanmoedigingsprijs Cultuur 2011 foar Tim

Tim krige hjoed foar syn fioelspul de Zaanse Aanmoedigingsprijs Cultuur 2011 fan de gemeente Zaanstad.

De priis, dy't jierliks oan twa persoanen útrikt wurdt, is ornearre foar bysûndere prestaasjes "op het gebied van media, vormgeving, beeldende kunst, podiumkunst, muziek- of zangkunst (of iets heel anders)"; yn dit gefal neffens de regeling oan "een persoon, die cultureel actief is en veelbelovend wordt geacht voor wat betreft toekomstige uitingen en verrichtingen op cultureel gebied".

Tim krige út hannen fan de wethâlder fan kultuer in cheque fan 1.250,- euro en in grut bosk blommen. Op it iepenloftpoadium yn it sintrum fan Wormerveer spile er mei elektryske fersterking de earste twa dielen fan in sonatine fan Schubert, mei pianobegelieding fan Bart Roberti.


www.flickr.com/photos/abedevries

Geen opmerkingen:

Een reactie posten