woensdag 25 mei 2011

Resinsint Friesch Dagblad


Fan takom wike ôf sil ik resinsjes fan Frysktalige poëzijbondels en (ek Nederlânstalige) algemien-essayïstyske publikaasjes leverje oan it prachtich fernijde, op tabloidformaat ferskinende Friesch Dagblad dêr't elkenien mei hert foar kultuer yn Fryslân dus sa gau mooglik in abonnemint op nimme moat. Myn earste stik sil gean oer De fascinatie voor Slauerhoff (red. Philippus Breuker, Jan Gulmans, Hylkje de Jong), in útjefte fan it Obe Postma Selskip.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten