dinsdag 14 november 2023

Kulturele apartheid yn Fryslân


Wy libje yn in provinsje dêr’t apartheid hearsket. Kulturele apartheid. Frysktalige en Nederlânsktalige skriuwers en dichters libje yn twa wrâlden. En the powers that be dogge der sa’t liket werklik alles oan om dat sa te hâlden.

As der yn ús lytse hoekje fan ‘e wrâld literêre barrens organisearre wurde, giet it steefêst om barrens foar – yn grutte, grutte mearheid - Nederlânsktalige keunstners. Is dy sitewaasje net in streekrjochte oanfluiting foar wat de te uzes oeral en altyd sa riinsk útsutele meartalichheidspretinsjes oanbelanget?

In skoftsje lyn ha ik hjir yn it Frysk Deiblêd alris wat oer sein: oer it oanboazjend tal literêre festivals dêr’t amper in Frysktalige dichter of skriuwer op de list te bekennen is, meastentiids op in ferdwaalde sprekwurdlike ekskústruus nei.

Ik neamde doe as foarbylden de literêre barrens fan ‘t jier yn Harns, Ljouwert, Dokkum en Slappeterp. Ik tel dêr hjir noch by op de aktiviteiten fan Explore the North, stipe troch Leeuwarden UNESCO City of Non-Frisian Literature. Op de meidoggerslisten fan it spoken word ding Hoge Woorden I, II, III en IV kom ik inkeld Gabriëlle Terpstra as Frysktalich wurdkeunstner tsjin. Mar oft sy wat yn it Frysk of yn it Nederlânsk dien hat, dat wit ik net. En dan hiene we ek noch in iensume Tsead Bruinja op Skiermûntseach, foar wa’t itselde jildt.

Ferskaat – diversiteit – wurde je mei om de earen slein. Foar alle achterstelde minderheden wurdt oeral en altyd ekstra omtinken frege. En terjochte. Mar nuver genôch dus net foar Frysktalige kultuer. Foar Frysktalige skriuwers en dichters is der net ien – niet 1 – festival. Neat, nothing, nichts.

De oanset dy’t ik in pear jier lyn jûn ha om te kommen ta in ynternasjonaal literatuerfestival yn it bysûnder foar lytse talen yn Harns en Frjentsjer is op neat útrûn – wierskynlik fanwege ûndergrûns wjerakseljen fan ús UNESCO-klupke, dêr’t se al soer seagen doe’t ik it idee in kear mei harren beprate. In jier as twa lyn dûkte as fuortsetting ynienen ‘Herberch Frisia’ op, mar ek dêr ha wy neat mear fan heard.

Likegoed: dat wiene ideeën foar in ynternasjonaal barren – oer in festival foar inkeld Frysktalige skriuwers en dichters praat net ien.

Hoe moatte wy soks tsjutte? Wolle dy Frysktalige keunstners neat? Dogge se neat, ha se neat te melden?

Fansels wol. De ferklearring is dat subsydzjefangende organisaasjes en grutte boekhannels – de earst oanwiisde inisjatyfnimmers – by harren boekhâlders de hannen net opinoar krije foar plannen mei mear Frysk. Dus ek net foar in wat mear evenredige Frysktalige fertsjintwurdiging op besteande festivals. Dat soe ommers besikers kostje kinne. Want al dy Nederlânsktalige kulturele fijnpriuwers, dy’t gewoanlik de mûle fol hawwe fan ‘diversiteit’, dy wolle ús net ferstean. Frysk, oeeeeh, wat zegt zij? Dêr sil de oast sitte. Soks liedt ta minder besyk, minder ynkomsten, minder sukses.

Mar. Binne dy subsydzjefangende organisaasjes – Arcadia, City of Literature, Explore the North, om mar trije fan de grutste jildopstrikers te neamen – net mei op ierde om besteande kulturele apartheid mei finansjele stipe fan de oerheid te ûnderwrotten? En is it net in taak fan ryk en provinsje, dy’t it measte jild jouwe, om derop ta te sjen dat soks yndie bart? Meartaligens? Diversiteit? Ja, mienskip, dêr’t ik sa’n wurd om sis?

Noch in oar foarbyld fan kulturele apartheid yn Fryslân, diskear bedreaun troch in klup dy’t by útstek op kulturele apartheid tsjin heart te wêzen. It tsjingean fan kulturele apartheid betsjut op it foarste plak it stypjen fan de ûnderlizzende kulturele partij, yn ús gefal: de Fryske literatuer. Mar wat docht de Afûk? Dy freget oates en toates in Nederlânsktalige skriuwer om in Nederlânsktalich boekewikegeskink te skriuwen. Of dy jout gewoan it oersette Nederlânske geskink kado.

Diskear wie it Anita Terpstra (gjin famylje, wol ik leauwe) fan wa’t in boek oerset waard. 2018: Griet op de Beeck; 2019: Jan Siebelink; 2020: Annejet van der Zijl; 2022: Hanna Bervoets. Yn de fiif jier dy’t achter ús lizze hawwe Willem Schoorstra (2019), Hilda Talsma (2021) en Ferdinand de Jong (2022) de iennichste Fryske skriuwers west dy’t fan de Afûk opdracht krigen om in Frysktalich boekewikegeskink te skriuwen.

Frysktalige keunstners moatte har plak witte? Underoan? Neffens Afûk-útjouwer Ernst Bruinsma binne se eins net goed genôch om it boekewikegeskink skriuwe te kinnen. Hat er in kear sein.

Miskien meie se ris wat fan in oar oersette. En as se dat dan dogge, wurde se net neamd yn it kolofon (wat Martsje de Jong fan ’t jier oerkaam). En yn alle publisiteit om it boekewikegeskink hinne wurdt har namme net neamd (wat Martsje de Jong fan ’t jier oerkaam).

Kin It Skriuwersboun net in kear, nederich, stutsen yn ’e sneinske jas en mei de pet yn ’e hân, nei ús freonen by provinsje en Afûk stappe, en biddelje dêr om in bytsje, al wie it mar in ytsepytsy mear stipe tsjin de him ûntjaande kulturele apartheid yn Fryslân?

woensdag 8 november 2023

Friduwih Riemersma - Praatsje foar Bloedprikke

By de presintaasje fan Bloedprikke en Do, lêste rebel! / Jij, laatste rebel!, boekhannel Van der Velde, Snits, 7 novimber 2023



It is ornaris better om net oer poëzy te praten, as jo it út de wei gean kinne. ‘Is dizze poëzy net gewoan prachtich’, is in oardiel dêr’t jo net fier mei komme op ’e dyk. Want net elkenien ûnderfynt keunst op deselde manier. Priizgjen fan poëzy ûnderstelt in konsensus. Yn jo kulturele mienskip en jo mediabûl binne jo it allegearre iens dat poëzy om te gûlen wêze moat. Mar dat is net altyd en oeral sa. Foar Plato wie in gefoelsreaksje op poëzy eat fan in legere oarder. It gie om it berop op it ferstân. 

Ek wurdt poëzy te uzes sjoen as in wedstriid. Fryslân ken mear prizen as (literêre, berops-) dichters. Is Abe syn poëzy better as oare poëzy? Faaks al, mar dêr giet it net om. Wedstriden stelle smaak foar as objektyf hifkjen, en kommersjele belangen as in feest fan suverheid. Mar de list fan winners lit de bekrompenheid fan de prestiizjenetwurken sjen. It binne wite, kristlike, net-jonge, Frysk-nasjonalistyske manlju. In hiele lytse sjuery achtet tafallich it wurk fan ien fan har it moaist. Dy krijt dan in bats jild en syn útjouwer ferkeapet in pear bondels mear. 

Wa kiest wa foar hokker priis, giet net oer poëzy. Al hielendal net as dy poëzy part is fan in lytse literatuer. Lyts literêr wurk is skreaun yn ’e taal fan de kulturele en politike minderheid, of fan in lytse taalmienskip. De kwestsje is: moat dy lytsheid net altyd oerwûn wurde? Of moat de lytsheid just fuortholpen en oerdreaun, om sa de literêre mienskip oanien te snuorjen? Wy prate dan oer polityk, net oer keunst. 

Ek sosjale media binne dreech. It TikTok-fers, de nijste evolúsje fan poëzy, makket ús gefoel en tinkbylden ta ferhannelber guod. It set ús ynlikheid en idealen om yn in wedstriid. Mar ôfsjoen dêrfan, in bondel dy’t it ynternet oer giet, lit ús ús yntime relaasjes publisearje en feroaret ús foarkarren en emoasjes yn iepenbiere hannelingen. Is it gjin wûnder dat wy dichters de grins út it each ferlieze tusken soarch drage foar dejingen fan wa’t wy hâlde en ússels promoatsje foar putsjes en hânklappen en útspraken dwaan oer wearde en wierheid? 

Dus praat ik leaver net oer poëzy. Ynstee derfan praat ik oer in konkreet fers, sa’t it op papier stiet. Krekter sein oer trije fersen. Earst it fers ‘Sinneblom yn ’t fjild’, dat giet oer de libbenssyklus fan in sinneblom. De sprekker yn it fers sjocht de sinneblom krekt stean as it al hjerst is. ‘[I]k woe dat ik dy kend hie doe’tst ... mei in pink in jong moskje oanhelje koest,’ seit er. De sprekker wol werom nei de maityd fan it libben. 

Dat is dûbeld ûnmooglik. Werom yn ’e tiid kin net. Mar likemin kinne jo in sinneblom ‘kennen leare’ yn in beskate groeifaze. Ik hie noch sinneblompitten, sa’n fergees pûdsje fan Albert Heijn, út 2021. Dy hiene grif al wat fan har krêft ferlern. Krektsagoed, ik siedde se yn maaie en ein juny wiene se al trije meter heech. Se skeaten mar troch. De syklus giet fierste hurd om te befiemjen hoe’t in faze is. Mar de sprekker jout ta: it fers is nei in foto fan de sinneblom. Hy hat de tiid stilset. 

Allyksa is in bloedproef net it echte bloed, mar in momintopname. Bloedprippe is in wittenskiplik ûndersyk fan in bloedmeunster, meastal foar de diagnoaze fan in sykte, bygelyks as der klachten binne, of om alkohol of doping op te spoaren. Bloedprippen is foar de diagnoaze út. Wy witte noch net wat der te rêden is, wy binne bang. Wy sitte yn noed oer ús freonen en famylje. De symptomen fernimme wy wol. Troch de bondel hinne binne dy: folsleine malêze. 

Fryslân is de pasjint. ‘[O]an ’e lânkant fan myn dyk ... tjirget Harns him út ûnder de nije wethâlder.’ ‘[B]oeren, weinen, bisten ferdwine ûnder 880.000 kúp seesân delkypt fan hegerhân en 180.000 ton asfalt der oerhinne stoart.’ ‘It wetter achter de dyk is like leech as [ús] taal. In smoarde sprake, dy’t ûnnoflik weistoar.’ Dizze rousangen geane eins oer bloedferlies. Bloed stiet foar libbenskrêft of deagewoan: krêft. 

Wat wol de sprekker yn it fers te witten komme mei syn momintopname? Wat wol er útfine mei it stilsetten fan ’e tiid, troch in ôfbeakene proefke út de oerfloed fan feiten te nimmen? Hy sjocht dat de boer de sinneblom net rispe hat. In hânfol siedden, wat moatte jo dermei. Dat se lieten him stean. ‘As lêste ... bliuwsto no op ’t let-oktoberfjild oer.’ Sadat, giet de sprekker fierder, no it hiele lân [de blom] syn lûd bewarje kin as in striidsinjaal. Hy sitearret hjir rigels fan de dichter Achmatova foar de dichter Majakovski. Sinneblom = held = dichter. 

Ek it fers ‘Yn ’e sweef’ hat it motyf fan it giet sa hurd foarby. De sweefmûne set alles yn beweging yn de ‘mainframe’, de sintrale kompjûter: de wolken, de plommen ‘glydzjend, springend’, de reiden ‘no bûgend mei de westewyn mei’. De westewyn is neffens de dichter Shelley de weinmenner dy’t de blêden ferfiere sil nei har lêste thús – it grêf. Dit binne fersen fan delgong en tebekskriljen foar de dagen dy’t komme. 

Mar opnij set de sprekker de tiid stil. ‘Dan wachtsje twa op bleate fuotten in tel yn ’t bermgers’. It spantsje tinkt oan lokkich wurden, ‘miskien yn Amearika.’ Mar yn dizze fersen rint it net goed ôf. Utnaaie nei Amearika of net, sy wit al, ‘yl ûnder hakken fêstplakt oan de asfaltbrobbels fan ’e dei … ûnwaar ûnderweis, dat it noait opnij itselde wurdt.’ Nea itselde as doe’t wy jong wiene. Wy fjochtsje noch wat in efterhoedegefjocht. 

Yn ‘De Stiennen Man’ is ‘myn fers’ in folksbeweging dy’t ‘[j]out … dêr’t ferlet fan is’. It fers besiket ‘en slach de maskers ôf fan de mânsken.’ It masker is in nijsgjirrige metafoar. Letter–like taal lit faak gjin byld nei op ús netflues. Wy kinne net oars as metafoaren brûke om ús wrâld te begripen. Wy ferwize nei in ûnbekend ding troch in deistich ding te neamen. Mar nei de covidpandemy ferwiist masker net langer nei in beskate rol spyljen, mar nei manipulaasje. Se gûchelje ús in rêd foar de eagen. Dat wêr is al it folk fan ’e folksopstân? No, ‘lêzers dy’t net mei har stean’ dy lêze it fers net mear. ‘Sa sil ek de Vrieske dichter allinne oerbliuwe.’ Dy ropt noch wat yn ’e woastenij.

Syn fersen ha ús kear op kear de symptomen úttsjut: de groanyske pine, de swakte. Net ien harket. No gean wy in nije faze yn. Dat is de faze fan de bloedproef, dy’t objektyf de tastân sjen lit. Dêr kin gjinien om hinne.



zondag 5 november 2023

Jolle Demmers - Over oorlog, verlamming en lijnen van verantwoordelijkheid

 


Lezing 29 oktober voor Kerk en Vrede, The Hague Peace Projects en Stop Wapenhandel

Prof. dr. Jolle Demmers, Universiteit Utrecht


Necropolitiek

Ik weet niet wat ik moet zeggen.

Ik herken me in deze tijd van geweld in de woorden van de dichter JC van Schagen.

WIT

ik wil maar liever weinig zeggen

ik wil maar liever enkele kale woorden zeggen

wat arme kale stenen, dat is mijn verhaal

mooie woorden denken alleen maar aan zichzelf, ze weten

van dienen niet

(…)

eigenlijk wil ik liever met u zwijgen

En als ik dan toch iets wil zeggen, dan is het weer zoveel. Teveel, waarschijnlijk voor een half uur.

Ik weet niet hoe het u afgaat, maar ik merk vaak pas wat ik écht vind -- aan de wijze waarop ik plots getroffen wordt, door een uitspraak, of een beeld, een stuk uit een film.

In de film Ludwig, van Visconti, komt een generaal rapport uitbrengen vanaf het slagveld bij de koning van Beieren. “We hebben ons overgegeven”, zo meldt hij, “Het was anders een bloedbad geworden”.

Hoe anders is het vandaag.

We leven in een zwarte tijd,  een tijd gedomineerd door een politiek van de dood, ofwel een necro-politiek. Een politiek die de dood omarmt als noodzakelijke en onvermijdelijke oplossing. Dat is een strategie van kerkhoven, zou Kant zeggen.

Hoewel het begrijpelijk is dat degenen die in een levensbedreigende situatie verkeren de dood als middel willen inzetten, of hun leven willen opofferen, zoals nu in Oekraine en in Palestina-Israël, voor de partijen die verder af staan, is (zelf)beheersing en bemiddeling een noodzaak. Een taak, een opdracht.

Waarom gebeurt dat niet? Waarom is er zo’n sterke neiging bij politieke leiders in het westen om meteen partij te kiezen? Zich te vereenzelvigen met het uitverkoren slachtoffer? Bijna zelf de rol van het slachtoffer op te eisen?

En daarbij ook meteen het tegengeweld te steunen? Ook nu weer in Israël. Het schreeuwerige “schouder aan schouder”, het “recht op zelfverdediging”, het “recht op geweld en vergelding”, en de bijkans onbeperkte stroom geld en wapens vanuit de VS.

Behalve de paus en de VN secretaris-generaal spreekt er in het westen niemand over vrede.

De eigen stellingname

De beelden die de afgelopen weken onze huiskamers binnenkwamen zijn ondragelijk en verlammend. Het is begrijpelijk dat we diepgeraakt, woedend zijn, ons persoonlijk geprovoceerd voelen. Geweld vraagt om morele duiding en begrenzing. We vallen daarbij als samenlevingen ook nu weer routineus terug in een dualisme  van wij/zij,  goed/fout, gelijk/ongelijk. En iedereen moet mee in het oorlogsverhaal. We moeten allemaal wat vinden. Of we worden neergezet als naïef, laf, verrader, of gildehoeder van het kwaad. Maar ondanks deze emoties is het zaak niet te vervallen in klassieke oorlogstaal en de heroïek van opoffering en afstraffing.

Het is dan ook de eerste taak van een vredesbeweging om krachtig te ageren tegen dit soort simplificaties. Want ze belemmeren een analyse van het conflict, en daarmee de kans op een oplossing.

Een focus op de-escalatie is de enige uitweg uit deze dynamiek van geweld, deze politiek van de dood. En nee, veel invloed hebben we niet: en al helemaal niet op het Poetin regime of de Netanyahu regering. Vooralsnog kunnen we alleen de eigen rol bijsturen. Het is dan ook de eigen rol van Nederland/de EU/het ‘westen’ waar ik telkens mee begin. Een kritische blik op de eigen stellingname, dat is de enige  concrete weg vooruit. Maar ook een ongemakkelijk geluid in oorlogstijd. Telkens weer.

Wat er nu in Israël/Palestina gebeurt, zal ook verder in de wereld rondvreten. Verschillen in politieke overtuiging, religieuze verbintenissen, en identificatie met historische collectieve trauma’s kunnen ook in Nederland breuklijnen worden waarlangs onze samenleving verhard, waardoor mensen zich van elkaar afkeren, elkaar bestrijden. Maar daar zijn wij zelf bij, het is aan ons om dat te voorkomen. Daar ik kom ik nog op terug.

Anekdotes van hoop

Ik wil u vanmiddag een drietal denkkaders voorleggen. Maar graag begin ik met een paar anekdotes van hoop. Want die zijn er ook.

Allereerst, constateer ik de meerstemmigheid in het publieke debat over de Israël/Palestina oorlog, veel meer dan in de Oekraine oorlog zie ik verschillende standpunten, die redelijk evenwichtig worden verwoord in de media.

Daarnaast wil ik graag noemen dat er op dit moment op verschillende plaatsen in het land demonstraties worden gehouden. In Amsterdam komen vrouwen samen, van allerlei achtergronden en overtuigingen om samen te pleiten voor vrede. Als onderdeel van de Women Waging Peace beweging.

Op dinsdag (24 oktober) werd in Den Haag een rechtszaak gehouden. Elf burgers uit de stad Hawija hebben een rechtszaak aangespannen tegen de Nederlandse staat. Ze doen dit vanwege het leed dat hen en hun families is aangedaan tijdens de luchtaanval van twee Nederlandse F-16s op een industriegebied in het midden van de stad Hawija, in het noorden van Irak, in de nacht van 2 op 3 juni 2015. Lange tijd is de betrokkenheid van Nederland bij dit ‘precisie bombardement’, en ook het grote aantal burgerdoden dat daarbij viel, verhuld voor het publiek. Maar na goede onderzoeksjournalistiek en een uitgebreid onderzoek ter plaatse waarin wij met een team van Universiteit Utrecht, PAX en Al Ghad zes jaar na de bombardementen het burgerleed in kaart brachten, is de zaak nu in het volle licht gekomen. Wij schreven er het rapport After the strike over. Hierin vertellen we het verhaal van hoe twee bommen, gedropt door Nederlandse F-16s als onderdeel van de anti-ISIS coalitie op een munitiefabriek in Hawija, vanwege secundaire explosies enorm veel burgerleed veroorzaakten. We vertellen niet alleen het verhaal van de 85 doden die we hebben kunnen vaststellen, maar vooral van het leed van degene die overleefden, in een door ISIS ingenomen stad, met moeizame toegang tot medische hulp, afgesneden van de buitenwereld. Nu moest dus deze week de Nederlandse staat verantwoording afleggen, voor drie onafhankelijke rechters in Den Haag, tegenover deze 11 burgers, die werden bijgestaan door Nederlands beste mensenrechtenadvocaten Liesbeth Zegveld. Er is naar ze geluisterd, een hele lange dag vol verschrikkelijke details lang. Dat stemt mij hoopvol over de democratische rechtstaat. De uitspraak is op 17 januari 2024.

Mijn laatste anekdote van hoop is het kleine handgebaar van de oude Israëlische vrouw, die  als gijzelaar deze week door Hamas werd overgedragen aan het Israëlische leger. U kent het vast. Vlak voordat de vrouw haar vrijheid tegemoet stapt draait ze zich nog even om, en zoekt naar de hand van de gemaskerde Hamasstrijder die haar uitgeleide doet. In een korte onhandige high-five zien we even een moment van interpersoonlijk contact, van humaniteit, tussen deze twee mensen. Zelfs in deze extreme setting. Misschien projecteer ik er teveel op, maar het trof mij.

Drie kaders: recht, moraliteit, en macht

Met welke ogen, met welke denkkaders kijken we nu naar al dit geweld? En levert dat inzichten op voor hoe de vredesbeweging zich kan opstellen? Ik zie drie kaders.

Het recht

Het recht is het meest voordehand liggend kader om goed en fout mee te vangen. En ja, we kunnen constateren, ook nu weer, dat het internationaal humanitair recht met voeten wordt getreden. Wat er in Gaza en de Palestijnse bezette gebieden gebeurt voldoet aan definities van oorlogsmisdaden en misdaden tegen de menselijkheid. Dat wordt nu ook zo benoemd door mensenrechtenspecialisten en wetenschappers. De inzet van terreur door Hamas en de gijzeling van burgers voldoet daar ook aan. En het is van groot belang dat dit wordt geconstateerd. Maar het is ook al een oud lied. Het intentioneel opsluiten, neerschieten en bombarderen van burgers en het verkrijgen van territorium doormiddel van  oorlog is onrechtmatig. En toch kennen we allemaal de kaarten: waarop we zien hoe de in de realiteit Palestina vanaf 1967 langzaam maar stelselmatig wordt weggevreten van de landkaart.

Vrijdag (27 oktober) was er een stemming in de Algemene vergadering van de Verenigde Naties over de oproep tot een humanitair staakt-het-vuren tussen Israël en Hamas. De resolutie, voorgesteld door Jordanië, eist daarnaast dat alle partijen zich aan het internationale humanitaire recht houden. Israël en Hamas moeten alle nodige hulp ongehinderd toegang geven tot de Gazastrook. Bovendien wordt opgeroepen tot de onmiddellijke en onvoorwaardelijke vrijlating van alle burgers die als gijzelaar gevangen worden gehouden. De resolutie is aangenomen met 120 stemmen voor en 14 tegen, waaronder Israël en de Verenigde Staten. Nederland onthield zich van stemming, net als 44 andere landen. Israël is verontwaardigd en noemt de uitslag van de stemming "een schande", omdat het land naar eigen zeggen bezig is met zelfverdediging. Ondertussen woedt de asymmetrische oorlog in alle hevigheid. Iedere dag loopt het dodental verder op.

De Moraliteit

Maar als het recht niet functioneert, wat dan? Kunnen we ons dan beter beroepen op de moraliteit? De discussie die hieruit voortkomt roept een ander soort vragen op. Wie heeft er gelijk? Wie was er eerst? Wie lijdt het meest? Wie wordt er het meest bedreigd? En: is dit tegengeweld het juiste middel, waarom wordt er niet onderhandeld? Veel van deze discussies worden gekleurd door welke schaal, en welke tijdsperiode bij het verhaal worden betrokken. Veel hangt af van de vraag “wanneer is het geweld begonnen”? Voor sommigen is dat misschien 7 oktober met de gruwelijk aanval van Hamas, maar voor vele anderen is dit een koloniale bezettingsoorlog die al minstens 75 jaar aan de gang is. En zo ook voor Rusland-Oekraine: is de oorlog begonnen op 24 februari 2022, of al eerder tijdens de annexatie van de Krim in 2014, het geweld in de Donbas, of ligt de kiem al in de afspraken en beloften van na de Koude Oorlog? Het antwoord over moraliteit hangt ook sterk af van welke schaal men kiest: over welk conflict men praat. Een oorlog is immers altijd gelaagd: het is een cluster van conflicten, die door elkaar heen spelen en elkaar vaak versterken.

Dit zijn allemaal belangrijke pogingen het geweld te kaderen en te duiden, maar voor een oplossing is er -in mijn ogen- een andere vraag van belang.

Macht

Wie heeft de politieke macht en middelen om dit geweld te stoppen (of moedwillig te prolongeren)? Of in wat moeilijkere woorden: wat zijn de politieke en materiele infrastructuren die dit geweld kunnen indammen, of juist mogelijk maken? Voor het beantwoorden van die vraag moeten we verder uitzoomen dan Israël/ Palestina of Ukraine/Rusland en naar de grotere geopolitieke breuklijnen kijken. De wereld is op drift. De geopolitieke machtsverhoudingen verschuiven. Ik denk dat als het gaat om gevolgschade het deze grotere breuklijn is die in veel specifieke oorlogen doorspeelt. En voorlopig zal blijven doorspelen.

We zien het in Oekraine en nu weer in relatie tot Israël: de VS, met Europa in het kielzog, zet in op steun voor escalatie, militarisering en wapenleveranties. Voorlopig trekt er niemand aan de rem.

In plaats van het geweld te ontleden en te zoeken naar oorzaken en oplossingen, stelt de westerse politiek de huidige oorlogen voor als epische strijd tussen goed en kwaad. Hamas is ISIS en Poetin de duivel in het Kremlin. Net als in de ‘mondiale oorlog tegen het terrorisme’ is deze positie niet-onderhandelbaar: inboeten is onmogelijk als je tegen tirannen en terroristen vecht. Context, verdieping, nieuwsgierigheid naar de drijfveren van de vijand, ontbreken. Het Westerse recept is de harde lijn van escalatie: maximale sancties (zonder voorwaarden), militarisering en wapenleveranties. Een exit strategie ontbreekt. Veel is onzeker. Wel is het duidelijk dat militaire opschaling uitmondt in een toename van (burger)doden en destructie. En in het geval van Oekraine/Rusland een kans op nucleaire escalatie. Rusland heeft afgelopen woensdag (25 oktober) ballistische raketten afgevuurd tijdens een militaire oefening waarbij werd nagespeeld hoe de Russische strijdkrachten met een ‘massale nucleaire klap’ terugslaan na een kernaanval.

Hoe moeten we dit begrijpen? De Westerse escalatie-reflex is onderdeel van de unipolaire geopolitieke orde van na de Koude Oorlog – die zich machtig waant, maar zich ook bedreigd voelt. Het toont de hoogmoed, maar ook het provincialisme van de macht. Dertig jaar lang kon het Westen, met de VS als hegemon, haar wil opleggen aan de wereld. Dit gebeurde volgens het recept van neoliberaal militarisme: de inzet van militaire middelen om toegang tot markten en natuurlijke rijkdommen veilig te stellen, vaak onder de vlag van vrijheid en democratie. De VS heeft meer dan 800 militaire bases buiten haar grondgebied waarvan uit het (vaak in coalitieverband) snel kan ingrijpen als Amerikaanse nationale belangen worden bedreigd. De onzinnige oorlog in Afghanistan en de invasie van Irak konden straffeloos worden uitgevoerd en bleven zonder politieke gevolgen. Het veelvuldig gebruik van killer-drones in Jemen, Somalië, en Pakistan met duizenden burgerdoden, en de ‘precisiebombardementen’ --waaronder Hawija-- op Libië, Irak en Syrië waren nauwelijks nieuwswaardig. Brown University rekende dit jaar uit de Global War on Terror wereldwijd tot 4,5 miljoen burgerdoden heeft geleid. En dat is een conservatieve inschatting.  

In haar confrontatie met Rusland stuit het Westerse blok nu op weerstand. Niet langer de weerstand van opstandelingen en hun terreurmiddelen, of afvallige, voormalige bevriende dictators, maar van een getergde nucleaire grootmacht. Dit is een tegenstander van een andere orde. Bovendien een macht die verder opschuift richting China in de nieuwe multipolaire wereldorde. Het is noodzaak dit onder ogen te zien. Militaire escalatie is niet langer vrijblijvend. Wat we hier zien is dat oorlog niet uitsluitend gaat over strijd en vernietiging. Oorlog is ook een (altijd onzekere) herschikking van macht en orde. Nieuwe allianties ontstaan en oude verbrokkelen. De contouren van hoe de oorlog in Oekraine een kentering van de monetaire, economische en geopolitieke orde inluidt tekent zich af. In toenemende mate keren machtige landen zoals Brazilië en India en maar ook veel regeringen in Afrika en Latijns Amerika  zich openlijk af van de westerse militaire koers.

De stemming van de VN van afgelopen vrijdag illustreert dat wederom. Het is onwaarschijnlijk dat de VS haar plek als hegemoon zonder slag of stoot zal afstaan, en ik verwacht dan ook een verdere militarisering van de wereldpolitiek. Maar voorbij dit zwarte scenario liggen er wel degelijk kansen: waarbij kan worden ingezet op conflictdiplomatie, en een nieuwe multipolaire vredes-architectuur. Uiteindelijk zal het westen zich moeten leren verhouden tot de rest van de wereld op een nieuwe manier, en een multipolaire wereld leren aanvaarden. Door de hand uit te steken, in plaats van haar wil op te leggen. De vredesbeweging kan hierin het voortouw nemen door in te zetten op sterke wereldwijde transnationale vredesnetwerken. We moeten onszelf opnieuw leren verbeelden als daadwerkelijk post-koloniaal. Voorbij het hippe modewoord.

Kortom, we zullen “systeemgevoelig” moeten worden, stelde Merlijn Twaalfhoven zo treffend in het Parool. Want dit is, zo stelt hij, precies de tragiek van de huidige situatie. Al deze weerzinwekkende razernij heeft een oorzaak. Onder het spectaculaire geweld dat nu explodeert op onze schermen liggen politieke en materiele infrastructuren die ongelijkheid faciliteren, en machinaties van onderdrukking en kolonisatie. Dit is een vorm van geweld die traag, tergend en onzichtbaar voortwoedt. We zien het niet. Maar we maken er wel onderdeel van uit. Door de manier waarop we consumeren, onze stem uit brengen, ons veilig wanen, wegkijken.

Degenen die deze systemen in stand houden en daarmee de druk laten oplopen, zijn dus ook medeverantwoordelijk voor de ramp, uitbarsting of ineenstorting die hiervan het gevolg is. Dat is een uitdaging voor ons allemaal, te zien van welke systemen wij deel uitmaken.

Ik dwaal graag nog even af, maar een verhaal dat me sterk trof, toen ik vorige week de film Stray Dog van Kurosawa uit 1949 zag, die speelt in het Japan van net na de Tweede Wereldoorlog – de nucleaire oorlog.  

De jonge agent Murakami is nog maar net in dienst bij de politie in Tokio als op een hete namiddag zijn dienstwapen (een Colt 1), uit zijn jaszak wordt gestolen op een volgepropte lijnbus. In paniek achtervolgt hij de dief door de verlaten straten van een buitenwijk, maar verliest de man uiteindelijk uit het oog. Wanneer hij verneemt dat zijn wapen is gebruikt bij de beroving van een jonge vrouw, besluit Murakami op zoek te gaan naar zijn Colt. Wat volgt is een koortsachtige zoektocht naar zijn wapen door het ranzige nachtleven van Tokio en de grauwe achterbuurten en illegale marktplaatsen van de stad, vol kruimeldieven, wapensjacheraars, en pooiers. Murakami voelt zich bijna obsessief en persoonlijk verantwoordelijk voor het leed dat elk van de zeven kogels in zijn wapen zou kunnen veroorzaken, en doet er alles voor het terug te vinden.

Uiteraard gebruikt Kurosawa hier de kunst der overdrijving. Maar de bijna waanzinnige identificatie van zijn hoofdpersoon met het leed dat zijn wapen in verkeerde handen zou kunnen uitrichten, trof mij als een contrast met de wereld van vandaag.

Mind the unitary trap

Als afsluiting wil ik nog teruggaan naar hoe wij zelf, hier in Nederland, de vrede kunnen proberen te bewaren. Het is een bevinding uit het veld van conflictstudies: wat Rogers Brubaker (2004) de ‘unitary trap’ noemt. De valstrik van het eenheidsdenken. Een eenvoudige maar belangrijk les.

Ondanks dat we al snel spreken over ‘Oekraïners’ versus ‘Russen’, maar ook ‘Tamils’ tegen ‘Singhalezen’ of ‘Shia’ tegen ‘Sunni’ zijn het niet groepen of gemeenschappen, maar verschillende soorten organisaties die de hoofdrolspelers zijn in gewelddadige conflicten (staatsregimes, paramilitaire organisaties, bendes). Meestal is de relatie tussen organisaties in conflict en de groepen die zij beweren te vertegenwoordigen complex en ambigu. Toch zien we de gelijkstelling van organisatie en groep veelvuldig terug in de manier waarop mensen praten over oorlog en conflict. En de manier waarop ze het geweld rechtvaardigen. Ook nu weer.

Daarnaast is het 'groepsgevoel' van partijen in conflict nooit constant. Mensen kunnen zich oppervlakkig associëren met een groep, maar soms ook via intense vormen van interactie en organisatie zich sterk verbonden voelen. We moeten de relatie tussen deze graduaties van verbondenheid  problematiseren. Vaak vindt het 'cementeren' van identiteit en groepsgevoel plaats tijdens het verloop van een gewelddadig conflict. Een hoge mate van groepsgevoel is het gevolg en niet de oorzaak van gewelddadige conflicten.

Ook nu is dat onderscheid van belang, in de manier waarop wij spreken over oorlog. Het is nodig het onderscheid te maken tussen Hamas en de burgerbevolking in Gaza en de Palestijnse gebieden. De Israëlische staat, het leger, en de regering van Netanyahu, en de Israëlische burgerbevolking. Tussen individuen en gemeenschappen die zich buiten Israël identificeren als Joods, en de reeks organisaties die beweren hen te vertegenwoordigen. Net zo goed als dat wij als burgers van Nederland niet gelijk kunnen worden gesteld met de woorden van Premier Rutte, en de Nederlandse onthouding in de Algemene Vergadering van de VN.

Dit is precies het moment waarop het simplisme van de oorlogstaal haar meest dwingende gezicht laat zien. Er valt niet aan te ontsnappen: we zijn allemaal ons eigen studieobject geworden. Maar daarmee ook in staat een uitweg te vinden uit de necropolitiek.

Met woorden over wijsheid van Spinoza sluit ik af:

De vrije mens denkt over niets minder dan over de dood

Zijn wijsheid is niet een denken over de dood, maar over het leven.

zondag 1 oktober 2023

Moaie ferhaaltsjes en histoaryske mominten. En poëzij


Stean jo my ta dat ik weromkom op in bondel dy’t ik earder yn it Friesch Daglad (‘De bus werom nei Surhústerfean’, 25 july) besprutsen ha: Ien tel de ierde stil, fan Arjan Hut. Soks sil op dit plak gjin gewoante wurde, byleaven net. Mar as der, sûnder twivel ûnbewust, in staaltsje oarlochspropaganda ferkocht wurdt yn de Fryske skriftekennisse, dan is it, tocht ik, wol belangryk om dy sitewaasje wat yngeander te besjen en nei te tinken oer in manier fan dermei om te gean.

De foarskiednis. Hut set boppe in fers: ‘Go fuck yourself, Russian warship’ en skriuwt ûnder mear dizze strofe:

 

            Hâld dizze takomst beet: ivich sinneljocht

            op in middei oan in selsbetochte see. De bern

            ferdigenje har eilân yn de tiid mei plestik swurden.

            Datst se laitsjen hearst: ‘Go fuck yourself, Russian warship!’

 

Efkes earder yn itselde fers waard Baudet (mar net by namme neamd) oer de hikel helle as ‘Putin-slikker’. My gie it allegear krekt wat te maklik, dit stipefreegjen mei byleverjen fan wenstige boeman. Mei ‘de bern’ yn de hjirboppe sitearre strofe ‘bedoelde ik “Zelensky”’, seit de ein fan it fers ek noch. Hut hat it grif sels net yn ’e gaten hân, mar mei dat ‘Go fuck yourself, Russian warship’ glidet er út oer de bananeskyl fan de oarlochspropaganda.

De net hiel poëtyske slachsin boppe syn fers waard op 24 febrewaris ferline jier de wrâld yn brocht troch in Oekraïenske krante, dy’t op ynternet in radio-opname publisearre fan in kontakt tusken in groep fan saneamd 13 Oekraïenske militêren op it lytse Snake Island yn de Swarte See en in Russysk marineskip. De meidieling soe harren stoere reaksje west hawwe op it befel om harren oer te jaan. De dikke finger tsjin de Russen gie as fjouwerjend fjoer troch de westerske mediawrâld, dalik de oare dei.

Want Zelensky himsels sei it: de moedige Oekraïenske soldaten wiene omkaam by Russyske besjittingen. Hy soe se postúm ûnderskiede mei de titel Held fan Oekraïne. Yn Washington joech de Oekraïenske ambassadeur in parsekonferinsje. Alle ferdigeners fan Snake Island, se sei it har baas nei, wiene sneuvele yn in fjoergefjocht mei in Russysk marineskip, nei’t se wegere hiene en stek de wite flagge út.

Suver alle media yn West-Europa en Noard-Amearika leauden it ien op ien. Helden dy’t foar de dea kieze, út leafde foar de nasjonale saak: dit wie in Grykse trageedzje. De autentisiteit fan de radio-opname wie befêstige, sa waard mei opmerklike sjoernalistike krektens skreaun, troch it Oekraïenske ministearje fan Ynlânske Saken (CNN, 25 febrewaris) en in ‘Ukrainian official’ (The Washington Post, 25 febrewaris).

Gjin wûnder, miskien, dat ek dichter Hut it ferhaal ien op ien leaude doe’t in tal Rixt-dichters yn maart ferline jier in jûn hold tsjin Poetin. Minder moai, sjoen de publikaasje yn de bondel fan it fers dat er doe skreau, is dat er it noch hieltyd leaut. Yn myn resinsje fan Ien tel de ierde stil woe ik ûnder mear blike litte dat it gedicht op dat punt inkeld mar de publike opiny neipraat, wat beswierlik jilde kin as poëtysk te wurdearjen literêr engaazjemint. Hut heakket, neist klisjees as ivich sinneljocht, in selsbetochte see en laitsjende bern, yn boppesteande strofe gjin eigen ynfalshoeke ta oan gongbere ûnderstellingen. Sterker noch, hy befêstiget se.

Sok neipraten wurdt noch in kear sa slim as bliken docht dat de gongbere ûnderstellingen hielendal net doge. Sadat wat as poëzij bedoeld is, krimpt ta in mispleatste hertstocht dy’t syn selsútroppen moreel gelyk ûnderwrot.

Mar ek de poëzijresinsinte fan de Leeuwarder Courant, Albertina Soepboer, joech lêstlyn blyk, yn har resinsje fan Hut syn bondel (‘Bidde sûnder god’, 29 septimber), dat se it heldhaftich barren op Snake Island as in ‘histoarysk momint’ serieus nimt. De feiten lykwols wize in oare kant út. Ik tink dat it earder saak is en hâld it fenomeen en de rol fan oarlochspropaganda tsjin it ljocht. Undersykje foarstellingen yn de mediale wrâld dy’t útlânsk of eigen publyk by in oarloch belûke moatte, op oanstean en stjoerd fan stridende partijen en sympatisanten mei belangen dy’t har net goed ferhâlde mei respekt foar wierheid en betrouberheid.

Oer ûnder mear it ‘Fuck you’ ferhaal skreau nota bene de pro-Oekraïenske New York Times al op 3 maart ferline jier, dus noch gjin wike nei de happening: ‘Experts say stories like the Ghost of Kyiv and Snake Island, both of questionable veracity, are propaganda or morale boosters, or perhaps both.’ It Oekraïensk kontingint op Snake Island bestie, in foarbyld, net út 13 mar út 82 man. Net ien fan harren, oar foarbyld, is om it libben kaam. Letter binne se, lêste foarbyld, frijlitten. In oerke googelje, en wat oerbliuwt is in petearke, faaks út in geheime Kyivske studio. Wa sil ’t sizze, as leagens sa maklik rûnpompt wurde kinne, as mearkes sa gau it mombakkes fan nijs opdrukt krije?

Yn Kyiv dogge se mear oan soks as yn Moskou, en mei grut sukses. Bono hat Zelensky mei Saint Patrick ferlike. Sietske Poepjes hat in Churchill fan him makke. In ‘griene’ Dútske minister hat hiel demokratysk te witten dien dat se Oekraïne stypjen bliuwe sil, oft it Dútske folk it dêr no mei iens is of net. It hiele Kanadeeske parlemint joech okkerdeis oan twa kear ta in steande ovaasje oan in 98-jierrige Oekraïenske Waffen-SS’er.

Oarlochspropaganda, lykas elke ideology, lit minsken de nuverste dingen dwaan. It freget om show, tawijing, earbewiis, bekentenis, in publike life-style. Mar dichters, sa tink ik der oer, binne net ien tel op ierde om achter de mannichte oan, of om harsels foar it karke fan dizze of jinge te spannen. Miskien kinne se it pathos fan ’e werklikheid better ûnderfreegje ynstee fan it te ûnderstypjen – hielendal als it giet om oarloch en frede. Of om ‘histoaryske mominten’.

donderdag 28 september 2023

De delgong fan de i-Moanne



Tongersdei 28 septimber. Ik rin nei wat der op de webside fan de Moanne te rêden is. Yn de fan lofts nei rjochts rinnende banner boppe oan de side kom ik tsjin:

* In parseberjocht fan de provinsje dat Sytze de Haas út Warkum de Lytse Gysbert krijt. * In resinsje fan de Fryske oersetting, út 2016, fan Bomans syn Erik of it lyts ynsekteboek. * In Nederlânske tekst fan Huub Mous oer de ferbylding fan it Fryske lânskip. * In koart stikje reklame foar de podcast fan ‘Anita en Ritsko’. * In koart stikje reklame foar de kursus Poëzij lêze mei Arjan Hut.

En yn it hert fan de side, fan boppe nei ûnder:

* In parseberjocht fan de provinsje dat Jetske Bilker de Gysbert Japicxpriis takend krigen hat. * In earder al yn de papieren Moanne ferskynde oersetting, troch Arjan Hut, fan in gedicht fan Carolina Pihelgas. * In In memoriam troch Arjan Hut foar Aggie van der Meer. * In oankundiging fan in jûn fan de Pauper-dichters. * It kolofon fan De Moanne 22-04. * In parseberjocht oer de poëzijposterwedstriid organisearre troch de Dichter fan Fryslân. * In blogstikje fan Arjan Hut oer de film Barbie. * In oankundiging fan in podcastôflevering yn de rige Gabriëlle & Arjan bedoele it net ferkeard. * In parseberjocht oer in literêr festival yn Dokkum. * In stikje frustraasje fan Arjan Hut oer in brosjuere mei gedichten. * Alwer in oankundiging fan in podcastôflevering yn de rige Gabriëlle & Arjan bedoele it net ferkeard. * In parseberjocht oer in poëzijtableau op it tsjerkhôf fan Huzum….

En sa fierder, en gjin ein.

No bin ik it efkes kwyt. Is de Moanne langer net in ‘algemien-kultureel opinyblêd’, sa't er himsels affisjearret? En ‘in breed en kreatyf poadium foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten’? Lit de Moanne langer net ‘sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media’? 

Ja, wol de Moanne eins wol dwaan wat er belooft: ‘net stjoerd troch de fraach fan in bepaalde groep fan minsken’ ‘yn alle ûnôfhinklikens it brede kulturele libben yn Fryslân registrearje, befreegje, analysearje en fan kommentaar foarsjen’?

De Moanne op ynternet is it ekwivalint fan in VVV-folder: dit is wat foar jo, seit de site, dit meie jo net misse, dêr moatte jo hinne. Miskien is it blêd op papier wol in écht blêd, dat wit ik net, want ik ha gjin abonnemint. Mar wy libje yn in tiid fan digital first, sa’t oeral trochkrongen is mar blykber net op de Bûterhoeke. Yn dy hoeke rint de webside fan de Moanne net foarop, mar wurdt de site, nettsjinsteande alle koartklinkende kattebeltsjes oer hippe blogs ensafierderhinne, beskôge en behannele as it ôffierputsje fan it papieren tydskrift.

Wêr binne de ‘spraakmakende’ fraachpetearen mei keunstners? Wêr de skôgingen oer aktuele literatuer? Wer de dichters mei har nijste kreäasjes? Wêr is de krityk, it kultuerpolitike debat? Wêr binne de ferrassende fiersichten, de ferbjusterjende details? Wêr is it ûnderhâld fan it literêre ferline?

En dan ha ik it noch net iens oer de ûneinige stream subsydzjesinten dy’t dizze VVV-folder oereinhâldt. Tiid foar besinning troch de 7-koppige redaksje? Of tiid foar in oare redaksje?



.