zondag 20 maart 2022

Nije feroardering, nije regleminten, nije problemen



De Provinsje Fryslân rikt in hieleboel prizen út, dêr is de ein fan wei. Te witten de Gysbert Japicxpriis (literatuer), Obe Postmapriis (oersettingen), Lytse Obepriis (oersette jeugdliteratuer), Bernlefpriis (muzyk), Pyt van der Zeepriis (toaniel), Joast Halbertsmapriis (wittenskip), Gerrit Bennerpriis (byldzjende keunst), Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer, Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing en Design, Anita Andriesenpriis (romtlike oardering) en, sûnt ferline jier, de Els Veder-Smitpriis (emansipaasje fan froulju). En dan beneamt de Provinsje Fryslân sa út en troch ek noch in Dichter fan Fryslân.

Om dat hiele periodike programma yn goede banen te lieden, binne feroarderingen en regleminten noadich. Better sein, binne nije feroarderingen en regleminten noadich, want de âlde stamje óf noch út de tiid fan de Fabeltjeskrant óf binne domwei net oanwêzich. Deputearre Sietske Poepjes hat dêr wurk fan makke. Goed nijs is dat de nije stikken yn konsept ree binne en as we speak troch Deputearre Steaten bepraat wurde. De bedoeling is om der yn maaie in stimpel op te setten. Minder goed nijs is dat de nije stikken net foldwaande antwurd jouwe op de problematyk dy’t de resinte provinsjale priisútrikkerij en beneamerij bleatlein hat, benammen wat de GysbertJapicxpriis en de Dichter fan Fryslân oanbelanget.

It nije ‘Reglemint provinciale prijzen en benoeming 2022’ stelt dat de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis troch de provinsje beneamd wurdt op foardracht fan ‘Tresoar, de Fryske Akademy en een vertegenwoordiger van het literaire veld’. Dy lêste is nij en wurdt streekrjocht oanwiisd troch de provinsje: ‘De vertegenwoordiger van het literaire veld wordt benoemd door Gedeputeerde Staten. Gedeputeerde Staten stellen regels vast voor hoe deze benoeming tot stand komt.’

Op dizze wize wol de deputearre it literêre fjild in plak jaan neist Tresoar en de Fryske Akademy. It is lykwols ûndúdlik wat hjir krekt bedoeld wurdt mei ‘het literaire veld’. Want dêr hearre Tresoar en de FA ek ta; it literatuersosjologyske begryp omfettet ommers alles en elkenien dy’t him mei literatuer dwaande hâldt. Sadwaande is it net helder wat de raison d’être is fan dy ‘vertegenwoordiger’: wat heakket er ta?

Ek is net helder wat dy fertsjintwurdiger krekt is: in ynstitút, in feriening, in stichting, in yndividu? Nuver is ek dat foar dy beneaming noch apart regels fêststeld wurde moatte. Feroaret dy ferstjintwurdiger nei elke priissyklus of wurdt de funksje permanint tawiisd? Om sokke en oare saken helder te krijen wurdt dochs dit reglemint yn it libben roppen?

Koos Tiemersma en ik sei de gek hawwe de deputearre yn jannewaris útsteld om de advyskommisje tenei foardrage te litten troch in brede advysried fan in tweintichtal saakkundige lju út alle hoeken en gatten fan taal en provinsje. Dat as radikale yngreep om ynstitúsjonele ‘stjoering’ fan it prizeproses safolle mooglik tsjin te gean en foar te kommen. Fansels is ús patriottysk idee net oernaam. Feto fan it kartelIt moat net té fris wurde yn Fryslân. Skreau Anne Feddema dat net earne?

Posityf is lykwols dat it nije reglemint de advyskommisjes ferplichtet om har foardracht systematysk te ferantwurdzjen oan de hân fan beoardielingskritearia. Neamd wurde ‘concept en idee’, ‘schrijfstijl’, ‘literaire kwaliteit’ en ‘samenhang tussen de voorgaande criteria’ foar in los wurk, en ‘kwaliteit van de werken’, ‘ontwikkeling van de dichter/schrijver’, ‘impact van de werken’ en ‘diversiteit van de werken’ foar in oeuvre.

Lêste punt: ek it doel en de beneamingsproseduere fan de Dichter fan Fryslân (DfF) wurde yn de nije stikken fêstlein. De DfF wurdt beneamd ‘ten behoeve van het stimuleren van poëzie in Fryslân voor een periode van twee jaar’, meldt de Verordening. De byhearrende Toelichting (in apart stik) beheint it begryp ‘poëzie in Fryslân’ fierder ta ‘poëzie in het Fries of een Friese streektaal’. It is net helder wêrom’t dy formulearring net yn de Verordening sels opnaam is.

De beneaming fan in DfF giet op foardracht fan in advyskommisje dy’t beneamd wurdt troch de Afûk, meldt it Reglement. Wêrom’t hjir ien (steats)útjouwer alles te fertellen hat en it by de Gysbert Japicxpriis sa belangryk achte ‘literaire veld’ (ynklusyf Tresoar en de Fryske Akademy) ynienen gjín rol mear spylje mei? It giet nota bene om de Dichter fan Fryslân

Ek hjir wurde beoardielingskritearia fêststeld. Yn de foardracht fan in DfF sil de advyskommisje eksplisyt yngean moatte op it wurk fan de kandidaat-DfF op it mêd fan ‘kwaliteit’, ‘eigenzinnigheid en originaliteit’, ‘meertaligheid’, ‘performance’, ‘diversiteit en inclusiviteit’ en ‘affiniteit met de beeldende kunsten of andere kunstvormen’.

Dat lêste rychje beoardielingskritearia, leave lêzers, is nei it wurd ‘originaliteit’ klearebare skealike, poëzy- en keunstfijannige ûnsin anneks regelsucht, dêr’t sa gau mooglik in streek fan it reade potlead trochhinne moat. De Fryske poëzy hat fansels gjin ferlet fan in Afûkpop oan in polityk toutsje, sa't ik fiif jier ferlyn al skreau. Oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten de eare. 

.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten