Ik jou dalik ta, guon miene dat ik in glêzen bol ha. Dat komt sa: guon fan myn foarsizzingen lykje út te kommen. Understeand stik oer de Dichter fan Fryslân – doe oer de proseduere om te kommen ta in kandidaatstelling – stie ein july 2017 yn it Friesch Dagblad. Wilens binne wy hast trije jier fierder. De Dichter fan Fryslan is tsjintwurdich yn tsjinst, sa liket it wol, fan LF2028, sis mar itselde Ljouwerter freonerûntsje fan kommersjele ‘makkers’ as altyd dat de provinsje tsjintwurdich brûkt om de yndruk te fêstigjen dat Fryslân genôch hips oan ‘kultuer’ docht yn ’e oanrin nei it jubeljier op kommendewei. In pop oan in polityk toutsje?
Nyk de Vries is Dichter fan Fryslân nûmer twa, nei Eeltsje Hettinga. Beneamd op it Ljouwerter stedsfestival Explore the North yn 2019. De Vries syn nijste gedicht, ‘Anne en Arie’, is neffens de DfF-site ‘skreaun foar it projekt Fryslân fan Boppen, in inisjatyf fan LF2028/Marten Winters/Sjoerd Bootsma/LC/Omrop Fryslân/’de Friese burgemeesters’ – sis mar, in inisjatyf fan in net te kontrolearjen, net transparant, net iepen en net botte kreatyf klupke kultuerkommersjele incrowd, fergearre om de Grutte Provinsjale Subsdyzjepot hinne:
Fannacht yn in dream
bin ik it strân oprûn
Fannacht einlik in foet
út dat stille tehûs
Fannacht op it strân stie
myn SOS der samar:
Wannear Anne
kinne we wer krûpe?
Twa rigels op dit eilânstrân en twa rigels op dat eilânstrân, drone deroerhinne, foto’s meitsje, en klear is jo bydrage oan LF2028. Nyk de Vries ‘(..) skreau spesjaal foar Fryslân fan Boppen it gedicht (..)’, meldt de Fb-site fan DfF noch mar in kear. Mei in skypefoardracht fan syn tredde, leau ik, gedicht as DfF, ‘Ferkâlden’, hie De Vries doe al ‘it nije online kultuerpoadium fan Leeuwarden-Fryslân 2028’ iepene (boarne: Fb-site DfF). Eardere bydragen fan De Vries as DfF giene oer in cyberoanfal op it MCL yn pre-koroanatiden, en oer Kryst.
Fansels, út it eachweid wei fan it sa breed mooglik fersprieden fan Frysktalige teksten is it meiliften op LF2028 net sa nuver. Mar tagelyk set de DfF him op dy wize ek achter de aginda fan in organisaasje dy’t net op it foarste plak it belang fan de Fryske literatuer foar eagen hat, noch dat fan it ynstitút Dichter fan Fryslân.
Oer dat earste: taalbefoardering is lang net altyd literatuerbefoardering en stiet dêr sels gauris heaks op. Hoe dogge se soks yn it bûtenlân?
Yn it Feriene Keninkryk is Simon Armitage sûnt maaie 2019 de ‘Poet Laureate’. Armitage is in universiteitsprofessor, in ‘professor of poetry’, ûnder mear oan it prestizjeuze Oxford (2015-2019), en hat mear as tweintich dichtbondels skreaun. Syn list fan takende ‘awards and honours’ nimt ek wol in A4 yn beslach. Jawis: ek Armitage hat gedichten skreaun dy’t ‘commissioned’ wienen troch ynstânsjes en organisaasjes, ûnder mear ‘Finishing it’ foar in kankerûndersyksynstitút, en ‘Fugitives’ foar in lânskipsbeskermingsklup. Oer koroana hat er ek al skreaun. It gedicht ‘Lockdown’ is basearre op in ferhaal oer de doarpelingen fan it plakje Eyam, dy’t harsels yn 1665 isolearren tsjin de pest:
And I couldn’t escape the waking dream
of infected fleas
in the warp and weft of soggy cloth
by the tailor’s hearth
in ye olde Eyam.
Then couldn’t un-see
the Boundary Stone,
that cock-eyed dice with its six dark holes,
thimbles brimming with vinegar wine
purging the plagued coins.
Which brought to mind the sorry story
of Emmott Syddall and Rowland Torre,
star-crossed lovers on either side
of the quarantine line
whose wordless courtship spanned the river
till she came no longer.
But slept again,
and dreamt this time
of the exiled yaksha sending word
to his lost wife on a passing cloud,
a cloud that followed an earthly map
of camel trails and cattle tracks,
streams like necklaces,
fan-tailed peacocks, painted elephants,
embroidered bedspreads
of meadows and hedges,
bamboo forests and snow-hatted peaks,
waterfalls, creeks,
the hieroglyphs of wide-winged cranes
and the glistening lotus flower after rain,
the air
hypnotically see-through, rare,
the journey a ponderous one at times, long and slow
but necessarily so.
(The Guardian, 21 maart 2020)
Sjuch, sá’n gedicht yn grutte kranten sette en it lân trochstjoere is literatuerbefoardering. En hoe sit it dan mei it befoarderjen fan de belangen fan it ynstitút Dichter fan Fryslân? Dat ynstitút hat belang by ûnôfhinklikens. It moat net ôfhinklik wêze fan de aginda fan de provinsje, LF2028, Marten Winters of Sjoerd Bootsma. Of fan de konneksjes dy’t Tsead Bruinja hat mei Poetry International, dêr’t de net al te bêste fersen fan De Vries likegoed dalik al publisearre waarden yn in Ingelske oersetting, mei YouTube-filmkes derby en al.
Ik hoopje dat Nyk de Vries aansen gau dúdlik meitsje sil dat hy yndie dy man út de Wâlden is dy’t syn eigen kar makket, syn eigen ûnderwerpen útkiest, syn eigen posysje bepaalt. En dat de provinsje him dêr de middels foar jout, sadat er op eigen manneboet foarút kin. Want as ik dat net mear leauwe kin, doek it ynstitút DfF dan mar wer op.
.
Yn 2017 yn it Friesch Dagblad:
Dichter fan Fryslân: pop oan polityk toutsje?
It publyk mei yn it neijier in wike lang stimme foar de Dichter fan Fryslân. Mar de proseduere en de gearstalling fan de sjuery litte gjin respekt sjen foar datselde publyk, noch foar de Fryske poëzij.
Abe de Vries
Oerisel hie al in provinsjedichter yn 2009. Dat gie op in stuit mis. De deputearre fan Kultuer hie Boudewijn Betzema opdracht jûn om wat oer de Steateferkiezingen te skriuwen, mar dat fers waard ôfkard. ,,Zijn gedicht beantwoordde niet aan onze opdracht en verwachtingen”, sei in wurdfierder fan de provinsje neffens de Stentor. ,,Het was niet wervend en niet gericht op de inwoners van Overijssel. We hebben dit toen bij hem teruggelegd en gevraagd om een wervend gedicht te schrijven, dat heeft hij vervolgens gedaan en dat gedicht hebben we gebruikt.”
Fryslân sil ek in ‘Dichter fan Fryslân’ krije. Yn prinsipe prachtich, fansels. Mar noch foar’t der immen beneamd is giet it al ferkeard. In sjuery besteande út in toanielaktrise en twa Nederlânsktalige dichters, alle trije sûnder oanwiisbere ûnderfining mei it Frysk as literêr-poëtyske taal, selektearret trije gedichten út de ynstjoeringen fan sollisitanten, dêr’t it publyk dan aansen in wike lang op stimme mei. Is it winsklik dat sa’n sjuery net thús is yn de Fryske literatuer yn it algemien en syn poëzij yn it bysûnder? Binne dat de earste minsken dêr’t je oan tinke as je fia sjuery- en publyksstimmerij ta in foardracht komme wolle?
Fansels net. Mar alles hat in reden. Om foar te kommen dat de oansteande Dichter fan Fryslân aansen ek wat publisearje wol dat it provinsjebestjoer net oanstiet of yn ferlegenheid bringt, binne der yn de proseduere feilichheidsmechanismes ynboud. Dy meitsje de kâns lytser dat ‘wy’ achterôf ferhaal helje moatte fanwege in kritysk gedicht.
It earste is de opdrachtformulearring. De Dichter fan Fryslân moat ûnder wurden bringe wêr’t ‘wy’ stil fan wurde en wat ‘ús’ hert bûnzje lit. Ek moat er in ‘poëtysk ambassadeur’ wêze, mar wêrfan krekt – fan de poëzij of fan ‘Fryslân’? – stiet der net by. En de dichter moat ‘op in moderne wize’ ferslach dwaan fan wat der yn ’e provinsje spilet. Wat dat ‘moderne’ krekt is, wit net ien, en hoe’t soks him ferhâldt mei dat ‘wy’ en ‘ús’ trouwens ek net. Risseltaat: by krityske dichters giet it alarm ôf. Dy dogge net mei oan wat blykber in nij soart subnasjonale propaganda wurde moat.
It twadde is it gearstallen fan de sjuery, altyd gefoelich. Nee, dy net, want…. En dy ek net, om’t… Sa is de Afûk útkaam by de sjueryleden Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier. Neffens deputearre Poepjes is harren ‘blik fan bûten’ belangryk. My tinkt dat dizze sjuery domwei striidt mei it opstelde reglemint. Haadstik 2, kêst 5, lid 2 bepaalt: ,,De sjuery bestiet út op syn minst trije en op syn heechst sân leden en bestiet út deskundigen op it mêd fan (Fryske) poëzy, literatuer en kultuer.” Yntrigearjende heakjes, mar wêrom net noch twa oant fjouwer minsken freegje, dy’t wól bewiisd hawwe dat se wat sinnichs oer Fryske poëzij melde kinne? Wêrom moatte Fryske gedichten beoardiele wurde troch represintanten fan in folslein oare taal, literatuer en literêr systeem? En noch wat: hoe is it mooglik dat in útjouwerij (Afûk) sjueryleden foardraacht foar in literêre priis of wedstryd? Telt de skyn net mear?
It tredde mechanisme is de seleksje troch de sjuery fan trije gedichten dêr’t op stimd wurde kin. De gedichten hoege net anonym ynstjoerd te wurden, sadat oerwagingen oer persoanen ynstee fan teksten net út te sluten binne, hielendal mei in sjuery dy’t syn pappenheimers net ken. Boppedat freget de provinsje fan gadingmakkers om in motivearring mei te stjoeren. As dy motivearring de sjuery om ûnbekend bliuwende redenen net oanstiet, komt it net ta in kandidaatstelling. It fjirde is de ûngelikense weaging fan sjuery- en publyksstim. De sjuerystim weaget in kear sa swier. En dy komt ek al ta útdrukking yn ’e seleksje fan de stimmooglikheden. De stimmerij troch it publyk is dus fierhinne foar de bühne. De ynfloed fan de ‘mienskip’, of foarút, de ‘iepen mienskip’, wurdt wol suggerearre – jimme meie stimme! – mar stelt yn ’e praktyk neat foar.
Dat de proseduere oer alle boegen striidt mei de bewearde hoekstiennen fan LF2018 – ik tink oan: fan ûnderop, foar de minsken, sels dwaan, Fryske frijheid – mei wilens dúdlik wêze. In minimale reparaasje fan flaters bestiet nei myn betinken út in bettere opdrachtformulearring en útwreiding fan it tal saakkundige sjueryleden én fan it tal gedichten dêr’t op stimd wurde kin - wêrom mar trije? Belangryk liket my ek it takennen fan mear gewicht oan de publyksstim. Fan de Provinsje mei men easkje dat er Fryske poëzij, dichters en publyk serieus nimt. ‘Dichter fan Fryslân’ moat in earetitel wêze, mar driget al dalik de skimpnamme te wurden fan in pop oan in polityk toutsje.
www.dichterfanfryslan.nl
Abe de Vries is dichter. Yn 2005 waard him de Gysbert Japicxpriis takend foar syn twadde dichtbondel In waarm wek altyd (2004).
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten