vrijdag 18 maart 2022

Kartel en keppelbaaskes ferniele Fryske poëzy



It nijste Gedicht fan de Dichter fan Fryslân al lêzen? Oer de oarloch yn Oekraïne. Sigrid Kingma hat, yn ’e geast, foar in krom wiisheid en in drip ynspiraasje, by beide beppes op besite west. Tink derom, neffens ús Man in Amsterdam, kingmaker Tsead Bruinja, is Kingma in knappe dichter. Gelokkich kinne jo ek lêze. It hjit fan ‘Helden’ en it giet sa:


    Wêr wienen jo yn de oarloch?

    Hoe faak hat se ferteld

    oer de jûntsjes kaarten

    militêren oan de doar

    it lûk ûnder it hea.


    Wêr wienen jo yn de oarloch?

    We laitsje allegear

    sa’n treflike imitaasje fan beppe

    dy’t doe al minder waard

    hilarysk.


    De âlde geast krûpt

    yn de nije tiid

    sy stienen dêr,

    helden sûnder nammen

    makken plak oan tafel foar

    in libbenslang potsje skaak.


    Wêr wienen jo yn de oarloch?

    Oare beppe antwurde

    ‘No, gewoan, thús.’


    Se hienen like âld west

    beide noch famkes

    in ferskil fan fyftich

    bommen westliker


    De fraach komt werom

    net sa maklik as it klonk

    sa grappich net mear

    wêr binne wy yn de oarloch?


Pluspunt: yn it gedicht komme beppes foar. Mear froulju yn de Fryske literatuer, dat is wolkom! Minpunt: it gedicht is in tizeboeltsje. Beppe 1 hie yn ’e oarloch, bedoeld wurdt, de Twadde Wrâldoarloch, ûnderdûkers, beppe 2 wie ek ‘gewoan thús’. Ymplikaasje: wat dogge wy.

Ochearme. It dichtsjende bernsbern mient blykber foar deselde fragen te stean as de beppes doe. De fraach is tink oft wy hjoed-de-dei flechtlingen yn ’e hûs nimme, sa’t beppe 1 ûnderdûkers hie. Ik sil de ferskillen tusken doe en no en dêr en hjir net útlizze. It gedicht is goed bedoeld en dêr giet it om. Krekter sein: dêr giet it inkeld mar om. It stiet yn it Friesch Dagblad. En yn de Leeuwarder Courant. En op Omrop Fryslân. Op de site Dichterfanfryslân.nl. En aanst ek op ItNijs.frl tink.

My skúnden beppe 1 en 2 in oare fraach yn. Hoe binne wy sa fier weisakke mei dy Fryske poëzy, dat sokke anty-poëzy safolle omtinken krijt? Op dy fraach binne ferskillende antwurden mooglik. It earste is: der is gjin sprake fan weisakjen. Ik ha gewoan in djip-hiërargyske poëzy-opfetting dy’t alle dynamyk deaslacht.

Mar it twadde antwurd leit wierskynlik tichter by de wierheid. De wierheid is dat ús Fryske taalgebiet sûnt in jier as wat terrorisearre wurdt troch kultuerkommersjele baaskes dy’t it gjin flikker útmakket wat der skreaun en foardroegen wurdt. As de brûkte taal mar in bytsje op Frysk liket, as de ‘gedichten’ net mear as maksimaal fjouwer, leaver trije, noch better twa wurden de rigel brûke, as it net kartelkritysk is, as it werklik nergens oer giet – mar wol oer alles – en der net in tel oer neitocht is, dán foldocht it.

Efkes wat Bourdieu. It kartel, dat binne de provinsje Fryslân, Tresoar, Afûk, City of Literature, LW2018 oantemei LW2028, MerkFryslân, Arcadia, IepenUpLive, It Skriuwersboun. De lakeien fan it kartel binne De Moanne, ensafh, de Omrop en what have you. De keppelbaaskes fan it kartel, dy’t dei en nacht foar it kartel yn it spier binne, dat binne Piter Boersma, Tsead Bruinja, Ernst Bruinsma, Willem Verf en Syds Wiersma. Literatuer, keunst, is net har ding. Har ding is har imago en har eigen toko. Har core business is it fersjacherjen fan poëzy.

Hoe wurket soks? Sil ik ferdútse oan de hân fan in pear resinte emails dy’t Wiersma as keppelbaas tusken it kartel en de dichtersgroep Rixt omstjoerde.

Op 5 maart: ‘Theun Ram en Hille Faber hawwe ús benadere. Sy wolle takom jier, as it tsien jier lyn is dat Tsjêbbe Hettinga ferstoar, in grut literêr programma opsette. (..) Se wolle graach witte wolle hokker dichters ree binne om by sokke eveneminten op te treden. (..) Wa’t ynteresse hat om mei te dwaan, kin dat maile nei ynfo@rixt.frl. Dan notear ik alle nammen en jou dy oan Theun en Hille troch.’

Op 6 maart: ‘Nei oanlieding fan myn fraach foarige wike oer wat wy as dichters dwaan kinne soene y.f.m. de oarloch yn Oekraïne (..) hawwe Tialda Hoogeveen (einredakteur fan De Moanne en boppedat dielnimmend dichter oan RIXT) en ik de koppen byinoar stutsen. (..) It idee is it folgjende: wy nûgje safolle mooglik dichters en muzikanten út mei de fraach oft se dêr PRO DEO wat bringe wolle: in koart optreden - dichters heechút 5 minuten; muzikanten miskien wat langer. (..) Presintaasje is yn hannen fan Amarins Geveke, haadredakteur fan De Moanne. (..) DOGGE JIMME MEI? DAN GRAACH UTERLIK KOMMENDE TONGERSDEI OPJAAN TROCH IN MAILTSJE TE STJOEREN OAN ynfo@rixt.frl.’

Op 15 maart: ‘ Der komt in nije rige fan Iepen Up Live. Tsien jûnen. Te begjinnen op woansdei 30 maart. Se wolle der alle kearen wer graach in dichter by hawwe en RIXT is frege om in oprop oan dichters te dwaan. In dichter by Iepen Up slút de jûn ôf. Mei in besteand gedicht (oanslutend by it tema fan de jûn) of mei in gedicht skreaun op de jûn sels. It honorarium is €85. Wa't der sin oan hat om in jûn by Iepen Up op te treden, kin dat melde op ynfo@rixt.frl. It giet om de folgjende data: 30/3, 6/4, 13/4, 20/4, 27/4, 11/5, 18/5, 25/5, 1/6, 8/6. Graach efkes oanjaan hokker jûnen ast kinst/wolst.’

En dat is inkeld de rispinge fan maart. De modus operandi is as folget: it kartel wol wat mei poëzy en lit keppelbaas Wiersma de ynfolling regelje, dy’t dêrfoar alle kearen elkenien yn syn selsfoarme knutselgroepke oanskriuwt mei de fraach oft se meidwaan wolle. Wat it kartel wol mei poëzy is lykwols frij beheind. In ôfsluting, wat fersiering op in jûn foar in oar syn neitins, wat Frysk lûd op in jûn foar goede bedoelingen. 

Fansels falt it jo op: IepenUpLive freget net spesifyk nei dy-en-dy dichter. Dêr ha se gjin ferstân fan en gjin tiid en muoite oan bestege. Se wolle net dy-en-dy poëzy – as it mar Frysk is. Dat lêste hat mei subsydzjebetingsten te krijen, mear net. Wiersma bliid, want hy mei himsels wiismeitsje dat er ‘dynamyk’ organisearret. Dichter dy’t it dobbelspultsje wint ek bliid, want dy wurdt ferneamd en krijt boppedat, as it meiwierret, in pear tientsjes yn ’e ponge. Kartel ek bliid, fansels, want dat kin it publyk en de provinsjale jildferskaffer wer efkes foarlige dat it de Fryske poëzy troch de tiid helpt.

Mar dat docht it net. It docht it tsjinoerstelde. It resultaat fan it provinsjale kartel-en-keppelbaaskes-systeem is de dea fan de poëzy en it opmarsjearjen fan poëzak. It resultaat is besmetting fan de Fryske literatuertaal mei it firus fan de neatbetsjuttendheid en de talintleazens. Noch in foarbyld. Oars leauwe jo my net. Syds Wiersma, ‘En bist wekker wurden goed gefoel’, publisearre yn jannewaris 2021:


    wat giet der yn sokke hollen om?

    wêr helje se de ûnbeskoftens wei

    om oarmans guod blyn

    har ta te eigenjen?

    hoe binne se moarns wekker wurden

    mei de knip op ’e bút?

    wat seit it gewisse einliks?

    hingje der gjin spegels by dy lju yn de huzen?

    hoe ferklearrest it psychologysk

    of moatte wy it patologysk besjen


    as sa’n man as Mark R. seit

    dat er wol de baas wie mar net krekt wist

    wat der barde doe’t er derby stie te sjen

    him dêrom net skuldich fiele kin

    mar in pear wiken letter wol om it hurdst ropt

    dat sokke plonderjende relskoppers rosmos binne


    wat giet der yn sa’n holle om?


Dit gedicht referearret oan de koroanajûnsklokrellen fan jannewaris ferline jier en de reaksje fan premier Mark Rutte dêr op, dy’t sels ferantwurdlik wie foar de ‘Toeslagenaffaire’ en dêrom blykber syn snút hâlde moatten hie oer de plonderingen. Krektlyk as by Kingma treft ús, as in ferfelende rook yn ’e noas, de kombinaasje fan 1) goede bedoelingen, 2) min idee, 3) deplorabele útwurking, 4) gjin taalbehanneling, en 5) it promininte morele fingertsje. De tekst is dêrom net mear as oan ’e tiid bûne, falsk klinkende achtergrûnmuzyk fermomd as poëzy. It is, mei oare wurden, poëzak.

Goed, genôch sangere. De flater leit by de ynstellingen. De ynstitúsjes. It kartel. Dat stjoert mei syn anonime troanje mails de wrâld yn wêryn’t frege wurdt om maatskippijkritykleaze ‘gedichten’ fan maks tsien rigels, ûnder mear foar op skythúskespegels. 

Dat beneamt Dichters fan Fryslân dy’t grif goed binne yn fan alles en noch wat, mar dy't sa't elkenien sjen kin leaver mar net dichtsje moatte. 

Dat set keppelbaaskes oan it wurk dy’t poëzy fertocht meitsje en poëzak ferkeapje. En dy't, as immen har dat sljucht en rjucht ferdútst, tsjin har freontsjes begjinne te skriemen oer ‘dynamyk’ en ‘deaslaan’.

Sá, freonen, sakket de Fryske poëzy wei yn ’e sompe fan syn eigen ‘beskermers’. 

Wy, oan de oare kant, ha mar ien útwei. Mar ien kar. De kar fan beppe 1. Ferset tsjin de besetter.

 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten