Foto: Bob de Boer
Lêzing
útsprutsen by de presintaasje fan Folksskriuwer
yn it doarpshûs fan Froubuorren, 20 novimber 2020
*
Wat
makket it út wêr’t in skriuwer weikomt? Of wat er yn syn jonge
jierren meimakket?
Net
folle, sizze guon dy’t oan de teksten fan de skriuwer genôch
hawwe. Mar teksten roppe fragen op, of litte har ûnderfreegje, en
wat as de romans, ferhalen en gedichten fan dy skriuwer ferbân lykje
te hâlden mei wêr’t er weikomt en út watfoar fermidden er
stammet? Dan wurdt ek it útdjipjen fan de biografyske aspekten fan
in skriuwerslibben miskien nijsgjirrich. Soks kin mooglik mear ljocht
smite op har of syn skriuwerij. En miskien ek mei soargje foar in
better of in oar begryp derfan.
No
wol ik yn dizze koarte lêzing wat sizze oer de jeugd, hjir yn dit
doarp, fan de Fryske folksskriuwer Waling Dykstra. Waling, dêr
ferklap ik gjin geheim mei, komt fan Froubuorren, fan it Bilt. Syn
bertehûs, doedestiids in bakkerij, stiet hjir noch altyd oan de nei
him neamde trochgeande dyk. It hûs is yn de tachtiger jierren fan de
tweintichste ieu noch moai opknapt nei in crowdfund-aksje fan de doe
tige aktive, en hjoeddedei noch hieltyd besteande, Waling Dykstra
Stichting.
Earst
efkes de bekende feiten. Waling – ik folgje de goede gewoante om
him by syn foarnamme te neamen, mar ik gean it âldmoadrige
‘Waling-om’ safolle mooglik út ’e wei – wurdt berne yn 1821
as soan fan in bakkerssoan, Gerryt, dy’t sels noch bakker wurde
moat, en mem Antsje Keimpes Koopmans. It pear wennet noch yn it
bakkershûs fan Gerryt syn heit, dat is pake Waling. Trije jier
letter krije Gerryt en Antsje de hier fan in bakkerij yn Spannum. Dêr
ferhúzje se hinne mei twa bern, mar it opfallende is, Waling bliuwt
yn Froubuorren te wenjen by pake Waling en beppe Jantsje.
Hy
groeit dus foar in grut part op – yn de fakânsjes en ek dêrbûten
giet er oars wol ris nei Spannum – sûnder heit en mem, by twa
opfieders dy’t al op jierren binne. De reden dy’t er sels jûn
hat foar syn achterbliuwen yn Froubuorren, is dat syn pake en beppe
sa nammesiik wienen en it bern mei dêrom net misse woenen. Pas op
18-jierrige leeftyd, yn 1840, ferhuzet Waling junior nei syn mem yn
Spannum; syn heit is dan al jierren wei en pake Waling sil oer twa
jier folgje.
Fine
wy sa’n basiselemint yn syn biografy, it wêzen fan in soartemint
fan weesbern, werom yn syn wurk?
It
motyf fan de fûnling, dy’t gjin heit en mem hat, de spot fan de
doarpsbern op it ‘memmeberntsje’ hat Waling ferwurke yn it boek
dat as de earste Fryske roman jilde kin, De sulveren rinkelbel út
1856. It motyf yn dy roman is wol yn ferbân brocht mei wurk
fan de Nederlânske skriuwer Jacob van Lennep en ek mei de algemiene
populêrens fan fûnlingen yn de Nederlânske literatuer fan dy tiid.
Mar hjir kinne wy feilich ûnderstelle dat dêrneist ek in
biografyske diminsje meispilet. Waling referearret dêr sels oan yn
foaropwurden by ûnderskate printingen fan syn roman. Passaazjes yn
de Rinkelbel dy’t op it fûnling-ersatz-Heit motyf berêste,
binne sadwaande te besjen as fiksjonalisearre oantinkens en dêrmei
as in foarm fan autobiografy.
Yn
in belangrike, wiidweidige brief út 1851 oan syn freon Tsjibbe
Gearts van der Meulen hat Waling hiel wat oer syn jeugd sein. Hy hat
himsels tekene as in stille jonge. Hy hâldt fan lêzen en taalt nei
de boeken fan syn pake, ûnder mear wurk fan de Halbertsma’s. Hy
moat ek gauris helpe yn de bakkerij en dan harket er nei de spannende
en humoristyske ferhalen dy’t syn pake him fertelt. Dy gean oer it
doarp, oer de nasjonale en lokale skiednis, oer syn eigen
wederwaardichheden yn de patriottyske tiid, doe’t er koarte tiid yn
Stiens ûnder de wapens west hie. Pake syn ferslach derfan hat in
ûndertoan fan folks ferset tsjin mâlichheden fan de hegerein. It is
suver ien op ien it ferhaal fan de figueren Pabe en Wouter út de
Rinkelbel.
Op
skoalle yn Froubuorren kin Waling net geweldich rekkenje, mar it
skriuwen fan opstellen handiget him poerbêst en tekenje kin er ek
omraken. Syn master Auke Jans van der Wal leit op in goede namme. In
protte freonen hat er net. Hy kin net goed keatse en reedride, hy is
wat in stive hark. Op it doarp tinke guon lju dat er ‘net wiis’
is. Mar de soan fan de dûmny lient him wolris boeken út fan syn
heit en ferkeapet papier en pinnen oan him. Syn earste fersrigels
skriuwt er, seit er sels, al as er noch mar sân jier is. It giet oer
de bidlers dy’t by ’t winter oan ’e doarren komme:
Maar
rijk dat ben ik niet
Dat
is toch mijn verdriet,
Ik
ben niet rijk maar arm
Dat
is toch mijn gekarm
De
Dykstra’s sels binne perfoarst net earm. Waling groeit op yn in
middenstânsmiljeu. In bakker stiet boppe it gemiene folk, is in man
fan oansjen en net sûnder sosjale macht op in lyts doarp as
Froubuorren. In bakker is eigen baas, hat yn alle gefallen in eigen
bedriuw, mei meast in feilige omset. Waling senior koe yn de Frânske
tiid foar ien fan syn soannen in remplacant betelje, dat wie net
neat.
Genealogysk
ûndersyk helpt by de rekonstruksje fan it sosjaal-ekonomyske byld
fan it fermidden. Pake Waling kaam fan de boerepleats dy’t stie yn
de skerpe bocht nei it noarden ta boppe Alde Leie. Syn foarteam
wienen eigenerfde boeren yn de polder súdlik fan Froubuorren,
lidmaten en fâden fan ’e herfoarme tsjerke. It laach troude yn de
santjinde ieu wierskynlik oan mei in laach fan doopsgesinde
Wassenaars fan Sint Jabik.
En
ek de memmekant hat in ferhaal. Oan no ta ûnbekend is dat Waling syn
mem, Antje Keimpes Koopmans, in achtste part yn in mânske
greidpleats tusken Baaium en Húns besiet. Doe’t Waling berne
waard, wie de hiele pleats noch yn hannen fan syn pake, mem, omke en
muoikes. Mar yn de tritiger jierren foel it famyljebesit útinoar
troch skulden by ûnderskate húsgesinnen en miskien ek troch
tsjerklik skeel om de Ofskieding fan 1834 hinne. Flak foar Waling syn
fertrek nei Spannum, yn 1839, ferkocht syn mem har oanpart, sa’t it
liket mei as doel om har âldste dochter oan in bakkerij yn Jorwert
te helpen.
Waling
syn pake fan memmekant, Keimpe Koopmans, wie feedokter yn Sint Anne
en letter yn Bitgum. By myn witten hat er net oer him skreaun. De man
stoar doe’t Waling trije jier wie en hy hat him dus net kend. Mar
likegoed is der ek wat fan him yn it wurk fan de skriuwer werom te
finen. Dat hâldt ferbân mei syn gedicht út 1852 oer de bewenners
fan in pleats mei namme ‘De Stiennen Ulebuorden’.
Sa’n
pleats hat oant yn de Twadde Wrâldoarloch bestien tusken Ljouwert en
Ingelum, deunby wêr’t oait de befaamde Grovestins fan it eale
geslacht mei deselde namme stien hie. It is ien fan de belangrykste
gedichten dy’t er skreaun hat, weromgeand op in Europeesk
folksmotyf dat Harmen Sytstra earder, en folle koarter, in kear
neiferteld hie. Tafal, of wierskynlik net, Waling stammet sels fia
syn pake Koopmans ôf fan minsken dy’t yn de santjinde ieu op de
Grovestins wurken en yn it sok dêrfan boer wurde koenen.
Oar
materiaal dêr’t in byld út oprize kin, binne de earste
hânskriften dy’t fan him bewarre bleaun binne. Dat binne
Nederlânsktalige losse teksten dy’t mooglik op ’e legere skoalle
oerskreaun waarden út in boek, of dy’t er sels letter as teenager
earne wei opfandele hat. Ien fan de opfallendste is de
anekdoate-op-rym út Saandam, dy’t yn dy tiid foaral ferteld waard
yn meniste-fermiddens. It giet oer de Russyske tsaar Peter dy’t in
wize les krijt fan in Saankanter timmerman dy’t foargonger by de
menisten is, en it hjit ‘Een korte preek’:
Czaar
Peter hield van korte preeken,
Hij
was een flink, verstandig man
En
overtuigd, dat men gebreken
Door
praatjes niet verbeetren kan.
In
Holland aan het schepen bouwen,
Vroeg
hij eens een leeraar kort van stof,
Of
die voor hem een preek wou houen,
Wat
korter dan bij hem aan ’t hof.
De
leeraar vouwde ras zijn handen
En
sprak: ,,Denk wel, spreek wel, doe wel.”
,,Ga
mee”, zei Peter, ,,naar mijn landen,
Dat
ik u daar als voorbeeld stel.”
Sokke
frijsinnige teksten, dy’t er yn syn adolesente jierren oerskreaun
hat, litte har net goed ferienigje mei in tige learstellich leauwe.
Dat soe in konklúzje wêze kinne. En de earste hânskriften leare ek
oars noch wat. Yn 1838 en 1839, dus foar syn ferhuzing, skreau er al
sawol Frysk as ek Bilts. Syn earste Biltse stikje is in iisferske út
1839 oer Wullem en Tryn, dat begjint sa:
Tryn
op ’e baan! Blyf der niet staan!
’t
Mot ommes nou op in reedrijen gaan!
Ouwen
bij ’t vuur en et jongfolk an ’t rijen,
Dan
kin men winters wel maitydsfleur krije.
Tryn
op ’e baan! Blyf der niet staan!
Bilts
wie yn Froubuorren syn thústaal, mar pake en de ynwenjende muoikes
liezen graach Frysk en dat waard foar Waling úteinlik syn
belangrykste skriuwtaal. Syn earste Fryske skriuwen, yn 1838, hie in
bysûndere oanlieding. Yn febrewaris fan dat jier hie er nei Harns ta
west, it hie sa fûl ferzen dat dêr merke hâlden waard op see, en
oer dat wûndere barren skreau er in ienfâldich gedicht. Debet
dêroan wie nei eigen sizzen in eardere moeting, yn 1837 of 1838,
tusken syn freon Jacobus Cornelis Hoitsma en de letter bekende Harmen
Sytstra. Dy wie doe noch bakkersfeint yn Winaam yn tsjinst fan in
omke fan Jacobus. Sytstra, dy’t sels al aardich wat skreaun hie dat
net folle letter publisearre wurde soe, makke by Jacobus entûsjasme
los foar it Frysk. En dy stuts syn freon Waling wer oan.
Dizze
Jacobus Cornelis Hoitsma, as jo my in persoanlike noat tastean wolle,
hie in suster dy’t de oerbeppe fan myn pake Abe wie, of wurden is,
hoe sizze je dat. Jacobus hat sels ek skreaun, ûnder mear, yn it
Bilts, Roskam voor schurftige boeren fan 1849. Dat wie ien fan de
earste sosjaal-krityske pamfletten oer de ellinde fan
plattelânsarbeiders yn Fryslân. As jonges lutsen Waling en Jacobus
in protte mei elkoar op en hellen op it doarp ek wol fiten út. Yn de
fjirtiger jierren groeiden se lykwols útinoar om’t Jacobus hieltyd
ortodoksere ideeën krige en Waling, wilens ferhuze nei Spannum, al
gau de oare kant út woe yn syn religieus tinken.
Opgroeie
yn Froubuorren betsjutte dus opgroeie yn in trijetalige omjouwing.
Thús en op strjitte klonk it Bilts, minder faak it Frysk. Thús út
de boeken kaam it Frysk. En op skoalle, yn tsjerke en by offisjele
oangelegenheden moast it yn it Hollânsk. Yn Spannum sil Waling
lykwols telâne komme, net yn in trije- mar yn in twatalige omjouwing
mei in op it each sterkere tsjinstelling tusken Hollânsk en Frysk.
Yn
Spannum foel de talige grins faker gear mei religieuze en sosjale
ferskillen: skriftlik Frysk wie mear wat foar de (lytse) frijsinniger
middenstân, it Hollânsk foar de rike, ortodokse boeren en harren
arbeiders dy’t de taal fan de Steatebibel liezen en ta mjitstêf
namen en har net oansprutsen fielden troch kultureel Frysk en it
dêrby hearrende liberalisme. Dy kleau is fansels yn it hiele
fierdere wurk fan Waling werom te finen.
Mar
dan binne wy dus al net mear yn Froubuorren. Ik lit it hjir earst by.
Ut myn koarte oersjoch blykt, teminsten, dat is myn bedoeling, dat
der yn it gefal fan Waling Dykstra hopen ferbannen oan te wizen binne
tusken komôf en jongesjierren yn Froubuorren en syn lettere
skriuwerswurk. Om it mar ris mei in bekend wurd te sizzen: ‘sense
of place’ docht derta yn de bestudearring fan Fryske
njoggentjinde-ieuske literatuer.
Dat
is in hoopfol perspektyf foar in skriuwersbiograaf, dy’t ommers
mient dat ûnderdielen fan it wurk fan syn ûndersyksobjekt
begrypliker en betsjuttingsfoller makke wurde kinne as er it beskynt
mei syn biografysk ljocht.
Ik
wol ôfslute mei Folksskriuwer, de samling fan tweintich fan
Waling Dykstra syn bêste ferhalen en lêzingen dy’t ik hjir hjoed
yn it ljocht jaan mei. It is de opfolger fan Duvelskeunstner,
mei gedichten fan Waling, dat ferline jier útkaam. Beide boeken
binne ferskynd by útjouwerij DeRyp mei in protte help fan stipers
lykas Tresoar, de Stichting FLMD, de Douwe Kalma Stichting en it
Feitsma Fûns, en mochten útkomme yn in rige fan de Fryske Akademy.
It
moaiste foar my is it idee dat ik no in bytsje meiholpen haw om
Waling de 21e ieu yn te bringen. Dêrby is it my in eare –
en it ûnderstreket ek it algemien-kulturele, talige en literêre
belang dat wy oan Waling Dykstra en syn wurk takenne – dat ik it
earste eksimplaar fan Folksskriuwer oanbiede mei oan de
heechleraar Fryske taal- en letterkunde, prof. dr. Goffe Jensma.
.