dinsdag 29 oktober 2013

Joan Baez - All My Trials

Moarn yn it Friesch Dagblad: Stilte oer it standert-Frysk

De Skroeier yn it Friesch Dagblad fan moarn sinjalearret de stilte dy't der al moannenlang hearsket oer de kontroversjele taalútstellen, fan 't maityd, fan de Fryske Akademy. Yn novimber is der, hear ik, ûnder rezjy fan de Provinsje en in 'neutrale' foarsitter, in gearkomste fan foar- en tsjinstanners fan de plannen.

"By my oan ’e muorre sjocht skoalmaster Gysbert Japicx nei my mei in net te trochgrûnjen blik yn ’e eagen. Wat ik no wer úthelje yn it skreaune Frysk, tinkt er miskien. It soe him tink noch net tafalle en lês de oersetting dêr’t ik mei oan ’e gong bin fan Dan Brown syn ynternasjonale bestseller Ynferno. En hoe soe er ek witte moatte hoe’t syn taal him yn fjouwerhûndert jier ûntjûn hat?

Dan soe er út syn petret stappe moatte, ta de doar útrinne en op strjitte ris in praatsje meitsje mei dizze en jinge. Grutte kâns dat de minsken dy’t er dan oansprekt him sjogge as in nuvere toerist út ferweggystan. Want hoe’t er it ek besiket, ferstean kinne se him net en hy harren net. Telider slein sil er de jûns der wer yn komme, en sûnder in wurd te sizzen wer yn syn petret krûpe. It is ferlern. It wie omdôch."

Protter

Wa kin in takomst út wat oan-
waait besnaffelje? Witte
hoe’t yn ’t bassen fan wyn
en tûken de swipe slacht
oer it orkest fan febrewaris,
of sizze kinne wat winter-
fearren binne – it is net
genôch. Mar fiele datst
bomiis op ’e moanne wiest
en no wer fan wetter bist,
no’t de sinne oan de kear-
kring fan syn himelomgong
snierommet en stúmsk en
bokkich boppe dy nei de
nachtkampen rint, dat
smyt de ljochtplakken op
dy’t it dei-en-nachtferskil
útwiskje sille. En wa kin
strielen heine dy’t troch de
koer falle? Sjen hoe’t skaden
itenstafels ôfromje nei it
miel, krommels sammelje
foar ’t klomjend kroast, slij
nei sjongsied, lykas dy –
it is net genôch. Mar witte
datst in prachtige protter
bleaun bist, datst noait net
skansearre wurde kinst,
tenei dyn bêst dwaan silst
en leau net yn de leagens
fan it liet, mar flean dy frij,
oan’tst op in dei weromfynst
wat ynienen ferdwûn,
in hert dat bruts doe’t it
foel út witten en sizzen wei.


*

maandag 28 oktober 2013

De hynders fan de San Marko!

72

Robert Langdon bleau oan de grûn spikere stean.

De hynders fan de San Marko!

De fjouwer prachtige dieren mei de keninklike hals en it sierlike túch hiene in ûnferwachts oantinken by Langdon oproppen. En dat oantinken befette de ferklearring fan in krúsjaal elemint yn it geheimsinnige gedicht dat op Dantes deademasker skreaun wie.

Langdon hie in kear op de houliksresepsje west fan in ferneamdheid, dy’t holden waard yn de histoaryske Runnymede Farm yn New Hampshire, it thús fan it hynder Dancer’s Image, dat de Kentucky Derby wûn hie. It lange programma hie de gasten ûnder mear traktearre op in útfiering fan de bekende hippyske teatergroep Behind the Mask. It hie in ferbjusterjend spektakel west, mei de ruters yn eachferblynjende Feneesjaanske kostúms, de gesichten ferskûljend achter volto intero-maskers. De foarse, ynswarte Fryske hynders fan de groep wiene de moaiste hynders dy’t Langdon oait sjoen hie. De prachtige, elegante dieren hiene dinderjend troch it lân galoppearre yn in yndrukwekkend fertoan fan spieren as kabels, wielderige fiterlokken en moannen fan mear as in meter dy’t weagjend oer de lange, sierlike hals wapperen.

De skjintme fan de hynders hie sa’n yndruk op Langdon makke dat er se thús op ynternet opsocht hie. Hy lies dêr dat it ras favoryt west hie by midsieuske keningen, dy’t de dieren brûkt hiene as oarlochshynder, en dat it yn de moderne tiid foar útstjerren behoede wie. Hoewol’t er oarspronklik bekend stie as Equus robustus, wie de tsjintwurdige namme fan de Fries in huldeblyk oan syn widze Fryslân, de Nederlânske provinsje dy’t ek de bertestreek wie fan ferneamde minsken as Mata Hari en de briljante grafysk keunstner M.C. Escher.

De krêftige liven fan de iere Fryske hynders blieken de ynspiraasje west te hawwen foar de robúste estetyk fan de hynders fan de San Marko yn Feneesje. Neffens de website wiene de hynders fan de San Marko sa moai dat se ‘de meast stellen keunstwurken yn de skiednis’ wiene.

(..)


[Fragmint fan Dan Brown, Ynferno, haadstik 72. De Fryske oersetting leit 10 desimber yn 'e winkel.]

.

Vladimir Horowitz plays Schumann, Kreisleriana, op. 16